Trotwaer. Jaargang 9(1977)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 50] [p. 50] Eppie Dam Dy moarne foar ús heit heit hwer't ik binijd nei bin: hoe skril rint moarns de wekker ôf noch hieltyd as de deaskreau fan siren of like monotoan en deagewoan as tûzend moarnen't risseljen fan broek boesgroen en strûpst ek hurd de sokken oan of drinkst mei lange sleauwe klokken dyn fjouwer slokken âlde kofje út 'e kanne - nei dy moarne it earste oansjoch is fansels mei pinne net mear op papier to smiten: it griene hok in fjûrklobb' yn 'e nacht en jongfé dat de keatlings spant himsels forhinget yn it halslear fan syn kriten en hoefolle lizze al as gleone loftballonnen ûnder't reade reiden tek harsels om deadens op to spannen - dy moarne fûle flammen skuorre al it hurde fleis to barsten astou dan dryst of dom- dryst - mar dat is in fraech foar letter - mei it herdermês de lêste learen stikkenfikest (keallen wurde baltend wei yn 't skûlliif fan de tsjusternis) oant it dan ynienen balken reint en in hân dyn skouder ta de oarder ropt dy fuortbringt withwersanne - dy moarne slangen kronkelje as slangen yndie healwiizjend trochinoar oer 't hiem om snuorjend dyn hertslach-en-azem foargoed to bikuoljen - dyn forline stoart yn dyn takomst forkomt dan yn liken en reek en op datselde momint stekke hja mids it stillibben fan skonken en bonken in sjekje op as rudimint njoggen brânwachtmannen - dy moarne nea haw ik dy minder frege nea hastou my minder sein nea wer hiene wy genôch oan de stiltme fan jiske allinne heit hwer't ik binijd nei bin ik freegje my noch altyd ôf hoe skrit rint nou noch moarns de wekker ôf Vorige Volgende