| |
| |
| |
Willem Abma
Dichter en bisprek: in ynterpretaesjeforgeliking
Yn it ramt fan it ekstra omtinken dat Trotwaer ek dit jier noch oan poëzij jaen wol, soe in dichter ris in bondel fan himsels bisprekke moatte, sa woe de Trotwaerredaksje ha. Ik soe dat dan mar dwaen moatte mei de bondel ‘de iken fan Dodona’ waerd der ôfpraet. Utsoarte, útsein de proazastikken yn dy bondel. By it bisykjen oan dizze opdracht to foldwaen sille fansels problemen by it ynterpretearjen fan fersen oan 'e oarder komme, seker as men de forskillende ynterpretaesjes dy't jown binne forliket. As men in dichter sels oan it wurd lit oer syn wurk, dan docht men dat net om syn miening to hearren oer al dy aspekten dy't elts oar ek oantoane kin mei kontrolearbere objektiviteit, bg. rymskema's, de fersfuotyndieling fan it metrum, stylfigueren ensfh. De dichter-bisprekker moat binnen it ramt fan syn opdracht ris syn ynterpretaesje jaen. En dan giet it binammen om de bitsjutting fan in fers en de ynterpretaesje dêrfan. Nou kin ik in droege eksegeze jaen fan hoe't ik elts fers bidoeld haw, it liket my nijsgjirriger en doch it forlykjenderwize mei oare bisprekken. It is de bidoeling om dat sa earlik mooglik to dwaen, sûnder flaters fan oaren en mysels goed to praten. Hooplik sil dit artikel net to folle yn 'e neidielen fan it bisykjende stykjen bliuwe.
| |
Utgongspunt en forantwurding.
It is faeks net ûnforstannich en meitsje eksplisyt hwat myn útgongspunt is en de arguminten dy't ik dêr foar haw. Om forskillende reden ûntkom ik dan net oan in hwat polemyske toan.
Myn útgongspunt hat west om net foar in bipaelde min of mear autorisearre methoade to kiezen. As oaren dan ek oandragen komme mei soksoarte methoaden gean ik dêr net op yn. Ik bin der ûngefoelich foar. Ik bin wol gefoelich foar krityk dy't binnen de kontekst en de opset fan dit artikel tsjinstridichheden oanwiist.
Ik haw dit artikel skreaun as ynteressearre leek. Dêr bidoel ik yn dit forbân mei dat ik net pretindearje in literatuer- of taelwittenskipper to wêzen. Dat bin ik net en ik wol dat ek net wêze. As men myn útgongspunt doch in methoade neame wol, my bêst. Ik neam it dan simpel in spontane, persoanlike antimethoade, en dat is gjin wittenskiplike methoade.
Ik fyn dat Trotwaer net tofolle in blêd foar partiëel bijeftige fakidioaten op it
| |
| |
mêd fan literatuer- en taelwittenskip wêze moat, de reedlike ‘taellju’ net to nei sprutsen. Lju dy't troch harren taelstúdzje by steat binne tanksij noch parate stúdzjestof de ynteressearre leek daelk ‘murw’ to slaen mei harren technysk fakjargon. It is krekt as by earste en twaddejiers studinten: hja forabsolutearje de nije ideeën fan streamingen en rjochtingen dêr't hja mei yn oanreitsjen komme. En hwat en hwa't him net ûnderwerpt oan de diktatuer fan in moadieuze rjochting is yn't foar forspijd. De streamingen binne mannich en ‘grienmankich’. Hwa hat gelyk? Der is nei alle wierskyn gjin gelyk mooglik. Binammen de literatuer- en taelwittenskippers sille wol sizze: datstou net biwust in wittenskiplike methoade hantearreste wurdt fan gjinien theoretikus ûnderstreke. Dat is logysk en nammerste better. Hwat is nammers in theoretikus mei autoriteit? Op himsels is it jin biroppen op theoretisi gjin inkeld biwiis fan de hâldberheit fan harren stellings en de krektens fan harren methoaden. Dochs sjogge je dat dit faek bart, sûnder dat de stellings neamd wurde, lit stean de arguminten. De autoriteit en syn namme moatte it dan dwaen.
‘Né, ik wol de autoriteit fan de theoretikus, op dit stuit en op dit mêd, net bisterkje troch mei to dwaen oan de massapsychose dat as der mar genôch binne dy't syn theory oanhingje dy theory wol wier wêze moat. Gjin blyn epigoanisme of discipeldom fan in moadieuze streaming, ek al rûgelje my noch safolle lawines fan it partiëel bijeftige fakidioatisme oer 'e bealch nei dizze wurden.
It liket bytiden langer in hobby en in show om mei pagina's bibliografyën in artikel to bisluten. Men etalearret mar. It komt op my soms oer as gewichtich dwaenderij en as quasi wittenskiplik. It hinget my de strôtte út. Trotwaer is yn't foarste plak in literair tydskrift, en net in slop ôftreksel fan disputen binnen de lytse groep fan doctorandi, M.O.-ers en studinten op it mêd fan ien of oare tael. Al dat gejeuzel oer methoaden is blaeskakerij. Yn't iene boekje stiet dit, yn't oare stiet dat. Hwat hjoed jildt, jildt moarn net mear.
De bline, ûnreedlike oanhinger fan sa'n rjochting neam ik in fakidioat. Hy sil wol úthâlde wolle dat hwa't him net oan de autoriteit fan in theory mei ynternasjonale rop ûnderwerpe wol, him manoevrearret yn de posysje fan de leek en net kompetint is om
a) | yn de redaksje to sitten fan in literair tydskrift |
b) | oer in literatuerwittenskiplik probleem as dat fan de ynterpretaesje ek mar in wurd to sizzen. |
Ik bistriid beide. In literair tydskrift is net útslutend in literatuer- of taelwittenskiplik tydskrift. Dat bydragen fan literatuer- en taelwittenskiplike sinjatuer oan bod komme sil syn funksje hawwe. Mar men moat net dwaen oft dy beide rjochtingen it allinne foar 't sizzen hawwe en sillich meitsjend binne. In foarbyld hjirfan is wer de struktueranalyze fan van Hijum. It is moai dat wy der mei konfronteard binne. Mar op in stuit waerd it wol stom forfelend. Sa ek it artikel fan Trinus Riemersma: ‘de morfology fan it mearke’. (Trotwaer 1976-4). Op sa'n manier forfrjemdet de yn literatuer
| |
| |
ynteressearre leek fan Trotwaer. Somlike ‘die-hards’ sille wol wer sifermateriael sjen wolle as biwizen foar de wierheit fan sa'n biwearing. It is myn persoanlike oertsjûging dat yn prinsipe eltsenien meidwaen moatte kin oan it meipraten en meitinken oer problemen de poëzij oanbilangjend.
Frije kreativiteit is ien bitingst foar it ûntstean fan poëzij. Strang ynkaderjen fan poëzij, as it ienkear ûntstien is, troch in diktatoriale discipline, forfrjemdet de poëzij fan syn oarsprong en mooglik ek fan har lêzers. It is trouwens ek elitair om sa oer poëzijproblemen to skriuwen en to praten dat inkeld ‘lju fan it fak’ it folgje kinne. Of men moat soks dwaen yn in spesialistysk fakblêd. Sa'n fakblêd sil net de pretinsje hawwe in literair tydskrift to wêzen. In biwuste kar foar de lekeposysje dus en dêrmei anneks de kar foar in wurkhypothese ynsté fan in stelling, de kar foar in útgongspunt ynsté fan in min ofto mear autorisearre methoade. As bliken dwaen soe dat ik de sa forspijde (auto)biografyske methoade ôf en ta hantearre ha, dan is dat nolens volens. Al is it foar my in fraech oft in skriuwer dy't sels syn wurk ynterpretearret oars kin as syn útgongspunten relatearje oan it biografyske. Alles hwat er skriuwt is per definysje persoan-boun. Foar de kwaliteit kan de ynterpretaesje hat foar my it jin fêstlizzen op in bipaelde erkende methoade, of it birop op de autoriteit fan de theoretikus, net mear foardielen per definysje as it jin net hâlden oan dy bipaelde methoade en autoriteit. It lêzen fan wurk fan C. Maatje, C.F.P. Stutterheim, J.J.A. Mooy, T.A. van Dijk, en E. Lämmert hat my net sadanich oertsjûgje kind dat ik gjin frede haw mei it foar kar nimmen fan de lekeposysje.
Ik stel my foar dit artikel fierder to fordielen yn fjouwer parten:
A) | Algemiene opmerkingen oer it wurd ynterpretaesje |
B) | It selsbisprek: myn ynterpretaesje fan ‘de iken fan Dodona’. |
C) | Oare kritiken. |
D) | In pear opmerkingen ta bislút. |
| |
A) Algemiene opmerkingen oer it wurd ynterpretaesje
Sjoen myn útgongspunt en de argumintaesje dêrfan leit it yn 'e reden dat ik my net op mear birop as de foar elts tagonklike wurdboekforklearrings. Hwat wurdt der bidoeld mei de wurden ‘ynterpretaesje’ en ‘ynterpretearjen’? Koenen-Endepols seit der dit fan: ‘vertolking, verklaring, uitlegging; interpretatie van een artikel der wet: vaststelling van de betekenis met het oog op de toepassing; interpreteren, vertolken, uitleggen.’
M.o.w.: yn eigen wurden werjaen hwat oan bitsjutting fêststeld is.
Van Dale wykt hjir net fan ôf, better: hast net: ‘interpretatie, verklarende of toepassende uitlegging, interpreteren, 1. uitleggen, verklaren naar de innerlijke bedoeling. 2. vertolken: de wijze waarop hij deze muziek interpreteert. (ûnderstreking is fan my).
‘Verklaren naar de innerlijke bedoeling’, is in wichtige presisearring fan de
| |
| |
útliz fan Koenen-Endepols. Van Dale makket hjir dúdlik en eksplisyt dat it de ynterpretearder gean moat om de bidoeling en bitsjutting fan it fers. Hy mei net sels tafoegje bûten de tekst fan it fers om en ‘hineinynterpretearje’, lit stean dat fordigenje. Der wurdt forklearre nei't de ynderlike bidoeling fan it fers is. It fers is autoritair en autonoom! Dizze lêste rigel sil wol fragen oproppe, en dêrom in lyts útstapke foar't ik de tried fan de wurdboekforklearrings forfetsje.
It fers is autoritair en autonoom. It is autoritair omt it autonoom is. De dichter hat in tige eigensoartige relaesje ta syn fers. Myn wurkhypothese is dat foar de dichter dy't syn fers lêst, mei tanksij dy eigensoartige relaesje, dit fers kwantitatyf minder autonoom is as foar de sljochtwei lêzer dy't it fers dat er lêst net skreaun hat.
Biwiis marris dat dit wier is, kin men sizze.
Biwiis marris dat dit net wier is, kin ik sizze.
Yn 'e ûnbiwiisberheit fan beide leit ek myn rjochtfeardiging fan it hantearjen fan in wurkhypothese.
De dichter is (moreel) like ûndergeskikt oan de tekst fan it fers as eltse oare lêzer. Ek foar him is de tekst fan it fers autonoom. Dêr mei gjin misforstân oer bistean! Mei kwantitatyf minder autonoom’, bidoel ik dan ek dat de dichter tanksij syn eigensoartige relaesje ta it fers folsleiner ynterpretearje kin as de trochsneed lêzer. Om it hiel simpel skematysk to sizzen: stel der binne 10 ynterpretaesjes mooglik fan de tekst fan in kwatryn. Gemiddeld sil de lêzer der seis à sawn úthelje, de skriuwer fan dy tekst acht à njoggen. Ek de ynterpretaesjes fan de skriuwer binne gemiddeld net folslein, mar se forskille graduëel yn positive rjochting fan dy fan de sljochtwei en trochsneed lêzer. Net prinsipiëel yn dy sin dat de lêzer neat wyt, de dichter alles. Ik siz ommers perfoarst net dat de lêzer net ynterpretearje kin. Dat sizze soe it hiele literaire bidriuw ta in farce meitsje. Ik slút ek net út dat de lêzer soms folsleiner ynterpretearret as de skriuwer, of like folslein. Ik haw it oer in gemiddelde en in trochstrings. De aensens to brûken term ‘bûtenstekstuëel’ wol dan ek net suggerearje dat de skriuwer by syn ynterpretaesje fan de tekst fan in fers bûten-dy-tekst-faktoaren ynslûpe litte mei.
| |
Mar, hwat is in tekst?
Dat is hjir in kearnfraech tocht ik. Hwant as it giet om de kondysjonearring fan it fers, dan wyt de dichter mear as de lêzer. Dat kin net oars. It jin as dichter biwust meitsje kinnen fan dy kondysjonearring foarmet dan ek in wichtich kenniselemint binnen de eigensoartichheit fan de relaesje dy't de dichter ta it fers hat. It hat fan dwaen mei it wêzen fan it fers en de bitingsten foar it ûntstean fan it fers. De kondysjonearring fan it fers fynt delslach en echo yn de tekst fan it fers. Dat kin doch noait oars? Nou kin dat echo fan de kondysjonearring sa djip yn 'e tekst lizze, dat it, hoewol bihearrend ta it tekspotinsjeel, wol hast ûnwerkenber wurdt foar de lêzer. It sit net yn in marge fan 'e tekst fan it fers, it sit yn 'e djipte fan it fers.
| |
| |
Biheart hwat sa djip en ûnwerkenber biwuolle sit yn it fers, foar de lêzer, noch ta de tekst, is it noch tekstuëel to neamen? Suver formeel wol tinklik. Krekt omt hjirre it spesifike fan 'e relaesje fan 'e skriuwer swier waecht en de link nei syn yntinsjes oangeande it fers to lizzen is, soe men op dit wintelpunt fan tekstuëel en bûtentekstuëel beide termen brûke kinne. Ik brûk de term bûtentekstuëel.
Balansearjend op dit wintelpunt fan tekstuëel en bûtentekstuëel, kin de dichter him de kondysjonearring fan de tekst fan it fers biwust meitsje. En dat makket dat hy syn fersen korrekter ynterpretearje kin as de lêzer dy't yn syn posysje fan lêzer net oer dy ynformaesje biskikke kin. (Hjir is dus it ‘folsleiner’ (kwantitatyf) oergien yn in ‘korrekter’ (kwalitatyf). Ik jow ta dat de term bûtentekstuëel bitizing jowt yn safier't se suggerearret dat de tekst net autonoom is foar de dichter. Nochris, hy moat stean foar hwat der stiet. En net lef forskûl boartsje wolle.
Om nou de tried fan de wurdboekforklearrings wer op to nimmen: Bidoeling (van Dale) en bitsjutting (Koenen-Endepols) binne elkoarrens komplemint hjirre. It krekt fêststellen fan de bitsjutting sil ôfhingje fan in krekt diagnostisearjen fan de ‘ynderlike bidoeling’. It iene is in bitingst foar it oare. Yn it wurdtsje ‘vertolken’ komt de plicht ta adekwate werjefte nei foaren.
Myn latynsk wurdeboek fan Muller-Renkema: ‘interpretatie, verklaring, uitlegging, interpretor, als uitlegger optreden’.
Aerdich is de bitsjutting fan it bisibbe wurd ‘interpres’ dat bimidler, útlizzer bitsjut. Binammen de earste bitsjutting giet yn 'e rjochting fan ‘tuskenpersoan’.
Ut de trije definysjes soe men dan ek it folgjende destilearje kinne:
By de ynterpretaesje fan in fers giet it om
a) | FORKLEARJEN YN OERIENSTEMMING MEI DE YNDERLIKE BIDOELING FAN DE TEKST FAN IT FERS. |
b) | BIPALING FAN DE MEI DY BIDOELING KORRESPONDEARJENDE BITSJUTTING FAN DE TEKST FAN IT FERS. |
c) | DE RÉWILLIGENS FAN DE ‘INTERPRES’ HIM ÛNDERGESKIKT TO MEITSJEN OAN DE TEKST FAN IT FERS, EN NET OARSOM. |
Fan dizze ôfspraek binnen de gefolgen wichtiger as men faeks tinkt. Der is ommers oer de bitsjutting fan de tekst fan it fers ûneinich folle bitizing en forskil fan miening mooglik. Dit wurdt al minder as ‘bitsjutting’ keppele wurdt oan ‘bidoeling’ sa as ûnder b) bedoeld. Ommers in fers sil faken by mathematysk formele krityk hwat oars bitsjutte as hja ynderlik bedoelt. By it fêststellen fan dy ynderlike bidoeling spilet in eask fan ûnbifoaroardieldheit mei. Hat men dy hâlding net dan is de oanbilangjende ynterpretaesje sûnder
| |
| |
wearde, sawol disciplinair as moreel. Koarts, de ynterpres moat him sa ûnbifongen mooglik iepenstelle foarde ynderlike bidoeling fan de autonome tekst.
Bart dat, dan wurde alderlei forskillende methodiken fan bitsjuttingsbipalingen fansels neutralisearre... Utsoarte gean ik der hjir fanút dat it om ynterpretearjen giet yn de sfear fan it poëzijbisprek. Geart van der Meer stelt yn syn artikel ‘Bisprek fan mislearre oantekens’ yn Trotwaer 1976-5 in tal fragen dy't yn it forbân fan dit artikel relevant genôch binne. De earste fraech is:
‘...hwat is in bisprekker eins, hwat jowt him it rjocht in oardiel út to sprekken?’
Myn andert is: as it giet om ynterpretaesjeproblemen is de bisprekker in folslein tafallige passant dy 't hwat langer by in tekst fan it fers stil stiet as de measten. Yndie, ‘is in bisprekker ek mar in lêzer’ (G.v.d.M.). Neat jowt him it rjocht in einoardiel út to sprekken yn 'e sin fan ynterpretearjen. Hy nimt dat rjocht sels.
‘Hwat is it doel fan in bisprek, giet it om in “ivichheitsoardiel”, in yntroduksje, of is it bisprek bidoeld as kommintaer en as ynterpretaesje, as opheldering fan slimme kwestjes’, sa freget van der Meer him fierder ôf yn itselde artikel.
Hwat it doel fan in besprek is sil ôfhingje fan de opdracht dy't spitigernôch faken nea omskreaun en spesifisearre jown wurdt. It gefolch is dat der fan alles in bytsje yn 'e measte kritiken stiet. Sa dat it gehiel in ûnsystematyske grienmank wurdt: in potpourri fan yntroduksje ta de tekst-meastal yn 'e foarm fan in koarte gearfetting (bg. de measte krante-bisprekken)-, subjektive en autoritaire oardielen en hineinynterpretaesjes. Hoe biskiedener de kritikus him nammers opstelt hoe better it is. Ommers, syn ynterpretaesjes bliuwe hypothetysk, syn yntroduksjes bliuwe eksserpearjend en syn oardielen bliuwe subjektyf.
Sawol lêzer as kritikus soene der einlings ris fan trochkrongen wêze moatte dat yn 'e sfear fan poëzijkritiken it hypothektyske en freegjende it apodiktyske heart to fordriuwen, al wer: as it giet om de ynhâld fan de tekst fan it fers, dat hwat har bifynt en biweecht binnen har formele struktueren. In hiele oare fraech is dan en dy stelt Geart van der Meer spitigernôch net, hwat de sin is fan in literair bisprek? (Doel en sin binne net to skieden, wol to ûnderskieden.) Koarts, by it ynterpretearjen fan fersen mei de kritikus inkeld mar hypothetysk to wurk gean. Dat docht er lykwols fiersten to min. Hy ponearret en ponearret mar. In opdracht ta in besprek soe dan ek it ynterpretearjen - sûnder - mear yn 't foar ôfwize moatte. Mar wurdt in poëzijbisprek dan net to meager? Hjir docht him yndie in probleemke foar:
It ynterpretearjen-sûnder-mear is sinleas en sûnder wearde. Mar as it net bart bliuwt der fan in poëzijbisprek to min oer om dat bisprek sin- en weardefol lykje te litten.
| |
| |
| |
B) Myn ynterpretaesje fan De iken fan Dodona.
B1) It gehiel fan de fersen.
As it de dichter in bytsje slagge is hwat er bidoelt to sizzen yn adekwate biwurdingen yn 'e skreaune tekst to transponearjen - en dêr mei men fanút gean by elts mei in normale yntelliginsje - dan is, nochris, de ynderlike bidoeling fan de tekst net los to keppeljen fan de bûtentekstuële yntinsjes fan 'e dichter. Ommers de bûtentekstuële yntinsje giet foarôf oan hwat der úteinlik yn 'e tekst komt; de bûtentekstuële yntinsje is basis en bitingst foar (kondysjonearret) de ynderlike bidoeling fan de tekst. Ik sil dan ek de fraech bianderje moatte, yn dit ramt en mei dit útgongspunt fan fersynterpretaesje, hokfoar doel ik mei it skriuwen fan dizze fersen hie en hwerom dit doel.
Ik sil earlik wêze en miskien foar in tal hast hwat ekshibysjonistysk. Ik forflok is doarp dêr't ik yn greatbrocht bin op groun fan de meast ellindige wjerfarrings mei great en lyts dêrre. Net relevant is hoe't dy omjowing objektyf waernimber west nat, mar hoe't it subjekt dy omjowing wjerfard hat (sjoch ek sub C6). Ik haw in net to sêdzjen rankune foar dit doarp oer en tsjin har biwenners. Ik ha lykwols gjin middel om my to wreken, oft it soe de pinne wêze moatte, Hwat de revolver is foar de moardner is foar my hjir it skriuwark. Doel fan it globale gehiel fan 'e bondel is dus ‘Der Ausgleich unserer Rechnung.’ Net sa'n forheven motyf, myn tsjinstanners meije my daelk opfrette. Mei syn forline hâldt men syn fijannen doch. Vivat: homo homini lupus.
Op in lyts tal úntsûnderngen nei haw ik dus bisocht om my per fers op dizze doarpsmienskip to wreken troch harren net alline yn 'e sijk to setten, mar leafst harren der yn to forsûpen.
Dêr't ik my it meast oan steurd ha wie de kleau tusken harren mei de mûle swier biliden godsleauwe en de praktyk fan it wrede. It wie it folk fan-de-snein en fan troch-de-wike. Dizze foar in bern net to fetsjen skrinende ynkonsekwinsje bipaelt as in reade trie de teneur fan fierwei de measte fersen. Sels wol dy teneur de doarpsbiwenners sjen litte yn har gemiene lytsens en mei harren útholle en dochs volumineus leauwe. Dat leauwe is in natuerreligieus leauwe. D.w.s. it godlike en god wurde yn forbân brocht mei de natuer en omkeard. Dat natuerleauwe wol ridikulisearre wurde om't ik it in anachronisme fyn en diktatoriael fanwegen syn leadswierens. In logysk gefolch fan in leauwe dat sa sterk en tagelyk ûnecht oanwêzich is, is in morael, oan 'e easken hwerfan net to foldwaen is. Mei it gefolch dat it to foarmjen bemlike gewisse tolider slein wurdt tusken eangsten skuldgefoelens. Hjir lizze ein -en en bigjinpunt fan dizze syklus fersen. Fansels binne de feiten en foarbylden dêr't ien en oar oan ophongen wurdt forskillend en mannich. De fiif skiften dêr't de fersen yn ûnderfordield binne: 1) typen, 2) ynslach, 3) sfear, 4) natuerleauwe, 5) efterôf, tsjutte dat op harsels al oan.
| |
| |
| |
B2) De skiften ôfsûnderlik; in koarte karakteristyk.
a) It skift ‘typen’ is to splissen yn trijën. Foarst: de wrede hâlding fan de doarpsbiwenners foar it ôfwikende oer fynt men yn ‘it lytse wyfke’, ‘kromme Ybeltsje’, ‘oer boer Bontsje’. Twad: it hypokrite fynt men binammen yn ‘doarpsbiwenners’, ‘koumelker-koster’ en ‘skoarstienfeger’ Tred: ‘Hanne’, ‘syn roungong’ en ‘swarte Boate’ litte hwat sjen fan it treurige, sa net tragyske fan bipaelde doarpstypen. Hwat lykwols dit skift byinoar hâldt falt to karakterisearjen as in typology fan it ôfwikjende en dêrom to forstjittene. Dat is myn ynterpretaesje fan dit skift om't it de ynderlike bidoeling derfan werjowt. It hwerom fan dit skift is sjen to litten dat der fan dy mienskip fan hilligen, leauwigen, suveren, folsleinen net alles oer bliuwt as men se ûnder de lins nimt. Net allinne wike se ôf, se fordrage elkoars ôfwikingen ek net. Lykwols hawwe Hanne en it lytse wyfke de sympathy fan mysels, ek al in outcast yn dat formidden. Oer him hie ik ek noch in fers skriuwe kind. Ik haw dat net dien om't er dúdlikernôch tusken de rigels troch sichtber wurdt.
b) It skift ‘ynslach’ wol neat mear of minder as it werjaen fan dy bipaelde karaktertrekken dy't byinoar de ynstelling yn 'e sin fan attitude biskiede fan de doarpsbiwenners. It thema fan dit skift is dus nei bisibbe oan dat fan ‘typen’ en folget der dêrom ek op. Sa hie it lêste fers fan dit skift ‘typen’, ‘doarpsbiwenners’, hast ek wol yn it twadde skift ‘ynslach’ stean kind. Ik haw dat net dien om't in subtyl mar markant forskil tusken it earste en twadde skift is dat ‘typen’ mear it uterlike biskriuwt, wylst ‘ynslach’ útsoarte referearret oan it ynderlike. En dan paste ‘doarpsbiwenners’ it bêste as slútfers yn ‘typen’. De fiif fersen fan dit skift litte sjen hoe't it hiele libben fan 'e doarpsbiwenners trochspield is fan it religieuze, al wer oant yn it absurde yn 'e eagen dan fan de skriuwende outsider. De karakteristyk fan dit skift is in libbenshâlding dy't grinzget oan it godtsjinstwaensinnige. De bidoeling is dit per fers sjen to litten. Hwat út alle fiif dus dúdlik wurde moat is it alles oerhearskjende fan it religieuze, it binearjende dêrfan en it behein(en)de. Dat lêste is ek de ynderlike bidoeling fan dit skift. It hwerom fan it doel biedt him wol hast automatysk oan: rankunebifrediging as meganisme om de forflokte effekten (op my) fan dizze ynslach to neutralisearjen. Sawol de bifrediging as it neutralisearjen bliuwe fansels yllúzjes. Mar sûnder projeksy en yllúzje kin gjin mins him hanthavenje.
c) Yn it tredde skift ‘sfear’ binne it religieuze en dêroan bisibbe karaktertrekken fan binnen nei bûten projektearre. As it fers ‘ynslach’ de sfear fan it ynderlik werjowt, dan docht ‘izich’ - it earste fers fan it skift sfear - dit fan de bûtenkant. It religieuze, en dêrfan it persoanlik konsintraet god is oeral en oerhearskjend. De doarpssfear is in sfear dêr't alles him fortale lit yn it
| |
| |
dwaende wêzen gods. Snie en fûgels, hynder en flearmûs, kjeld en waermte, se wurde allegearre stjûrd fan god. It útwrydsk binearjende en diktatoriale fan it religieuze dat sfearbiskiedend is foarmet de karakteristyk fan dit skift. De bidoeling is dit útkomme to litten.
It ynderlike doel is it sinjalearjen fan in ûnderstream fan profaen pantheïsme yn it natuerreligieuze fan dizze doarpsbiwenners. It hwerom fan it doel is itselde as formulearre ûnder B2b.
d) Oerhearsket yn ‘sfear’ it ûnpersoanlike fan de omjowing. yn it skift ‘natuerleauwe’ steane de doarpsbiwenners sels wer sintrael. Alles draeit hjir winliken om harren primitive natuerreligiositeit. Dit natuerreligieuze kin de wûnderlikste foarmen fan byleauwe mei mank gean. Dat is winliken it tragyske fan dizze minsken: se miene de bêste kristenen fan de ierde to wêzen en geane foarby, gedachteleas, oan it feit dat se de meast heidenske ‘survivals’ yn eare hâlde bg. it trije kear om 'e tsjerke rinnen, it biskôgjen fan tonger en wjerljocht as epifanyën fan it hillige c.q. god, it leauwe yn ingels as hypostasen fan god, it biskôgjen fan rampen en sykten as gefolch fan begiene sûnden ensfh. De natuer yn al har forskinings-foarmen is in iepenbiering fan god. Dat soe men it karakteristike fan dizze sawn fersen neame kinne. Dizze foarm fan leauwe is ynfantyl en nammersto ûnfordraechliker as it kombinearre wurdt mei de morael fan it kalvinisme bg. oangeande de seksualiteit. Hwant yndie, oan it binearjende fan dit dûme leauwe wurdt it bieangstigjende fan strange ethyske noarmen tafoege. Op dizze wize wurde je fan twa kanten smoard. It hwerom fan dit skift is bihalven as formulearre ûnder B2b, de needsaek fan it biskriuwen fan dit elemintaire yn it leauwe fan de doarpsbiwenners. It heart by harren wêzen as harren earmen en fuotten. En mei dit lêste is dan tagelyk de ynderlike bidoeling formulearre.
e) It skift ‘efterôf stiet efteroan en is efterôf.
Om dizze beide reden stiet it apart fan de rest fan de bondel. Der is sprake fan perspektyfwikseling. It ‘point of view’ sil yn in syklus gauwer oan to wizen wêze as yn in bondel mei mear los fan elkoar steande fersen. Om in term fan A. van Hijum to brûken (dy't dy term wer oernommen hat fan N. Friedman) de ik is ‘I as protagonist’ en gjin figurant of ‘witness’ yn ‘efterôf’. Yn fierwei it greatste part fan de bondel lykwols is it it perspektyf auktoriael d.w.s. de forteller stiet min ofto mear bûten it forhael, is sels net ien fan de dramatis personae (ek al wer oernommen fan van Hijum, dy't it wer oernommen hat fan Franz K. Stanzel). By wize fan yntermezzo eefkes dit omtinken foar in struktureel aspekt, net as haedsaek dus.
Ik triuw mysels as ‘observant-fan-bûten-it-fjild’ binnen de kring h.l. syklus en sjoch net mear as outsider werom oer it skouder. Dat dat op dizze wize bart,
| |
| |
dêrfoar is forantwurdlik dat der barde en wie hwat yn de foarôfgeande skiften biskreaun stiet.
Dit skift fan seis fersen fait yn twaën to splissen. Yn de earste trije fersen ‘forlerne soan’, ‘beuker’ en ‘Wikeartsje’ giet it om de wjerfarringswrâld fan de beuker dy't fan minsken gjin andert krijt op syn fragen. Hy hat de measte affeksje foar in dierbre kou. Hy wurdt tolider slein troch in massyf leauwe en binammen kin er it swijende, ûnsichtbere fan god net fordrage.
De lêste trije fersen ‘alearen’, ‘L.S.’ en ‘forfrjemding’ toane forbittering en formoedsoening mei it ûnûnkombere.
It gearbinend karakteristike fan dit skift is dan ek to biflappen yn in aforisme fan dr. Frans Hiddema: ‘Weake waeks printet djip’.
Dit ‘efterôf’ leveret de oarsaken fan wjerfarring en forwurking, en dy skaeije nei twa kanten út. Dat der djippe groeden slein binnen is net allinne it gefolch fan faktoaren fan dy omjowing, it is ek in gefolch fan de wize dêr't it subjekt syn omjowing op forwurket. It passive materiael (de waeks) en it aktive instrumintarium (it stimpel) wurkje op elkoarren yn. Hwat ûntstiet, binne beide debet oan. Yn psychologyske sin jildt datselde foar it subjekt en syn omjowing. De erkenning dat waeks en stimpel beide lykop de yndruk bipale, is de ynderlike bidoeling. Doel is om hwat fan dy friksy tusken (to) alert subjekt en omjowing oerkomme to litten. It hwerom fan dit skift hat to meitsjen mei earlikheit. De skyn dat de dichter-skriuwer allinne de doarpsbiwenners forantwurdlik stelt foar en as oarsaek hâldt fan wriuwing mei in tafallige ienling moat mijd wurden. Dêrby is der de desyllúzje fan in kleau dêr't nei't bliken docht nea in brêge oer to slaen is.
| |
B3) Fiif fersen.
It jaen fan in karakteristyk en it neamen fan de ynderlike bidoeling, it doel, en it hwerom fan de ôfsûnderlike skiften is net foldwaende sjoen de taekstelling: it jaen fan in ‘selsbisprek’ yn forbân mei ynterpretaesjeproblemen. It soe ek to globael wurde. As ik my biheine soe ta it totael fan de bondel of ta de skiften, dan soene de misforstannen en forskillen yn 'e ynterpretaesjes dy't by in forlykjen fan de forskillen kritiken nei foaren komme út 'e wei moffele wurde. Omt de measte kritiken fersen apart ûnder de lins nimme, sil ik dat ek dwaen mei't each op in lykwichtich forlykjen. Ik sil my biheine ta ien fers per skift. Sa mooglik it foar dat skift meast represintative fers. Forwachtsje gjin wiidweidige en systematyske eksegezes fan in fers. Wol, dat hwat ik nei oanleiding fan in fers skriuw, myn ynterpretaesje bifettet.’
| |
B3a) ‘It lytse wyfke’, side 12, de iken fan Dodona, skift ‘typen’.
Yn dit fers wurdt biskreaun de wrede hâlding foar it ôfwikende oer. Der wurdt rabbe. Der is gjin meilijen, gjin neisteleafde. Mar, hiel dúdlik komt hjir
| |
| |
nei foaren dat ieuwenâlde misforstan dat in forbân leit tusken it ôfwikende en de macht fan it kweade. Dy macht fan it kweade kin alderlei forskiningsfoarmen hawwe bg. boaze geasten, demoanen, divels ensfh. It bijjowt him ûnder de minsken troch minsken. De minsken wolle it likwidearje. It ienfâldichste is nou om dy ûnsichtbere machten fan it kwea to lokalisearjen yn sichtbere ôfwikingen bg. debyl en lilliputter. De doarpsbiwenners leauwe primityf en hawwe in greate eangst foar it ôfwikende oer en hwat dêr efter stiket.
Foar de wiere fijnpriuwer - mar hwat nou komt sil foar fierwei de measten to fier socht wêze -, ‘it lytse wyfke’, de timmerman en de jongste kinne maklik model stean foar Maria, Jozef en Jezus.
It allegoaryske is yn dit fers tige sterk oanwêzich:
Lytser as fan traper nei seal
fytste it lytse reade wyfke nea
roun har lytsens oan each en praet foarby
seis bern hie hja yn reinbôchkleurde klean
jimmer ûnderweis nei sirkus en merke
harren lingte wie ommers harren lean
de fingers fan it doarp wiisden it wyfke hieltiten lytser
hja seine: ‘de divel wurdt al dryster, nou is er al yn ús formidden
noch is der net genôch om forlossing bidden’.
ek master en dûmny sprutsen it wie skoof en skande foar it doarp
dat sirkuslju it yn bisit drigen to nimmen:
‘wy ha hjir mei tsjoensters en spoeksters neat fan dwaen
dit is gjin Endor fan foartsjirmerij
hwa't to lyts is fan lea, is it fan geast
har man wie in timmerfeint en timmere oan harren krot
as gau it de spanten en bynten fan 't lot
syn tûkens en mânskens seagen it rabjen kapot
op in kear hie it wyfke hoeden har jongste bistoppe
mei it tatebern hie hja net it doarp derûnder stoppe
doe is hja foar ivich it tsjuster yn roun
it doarp sloech as in hôfhoun oan:
‘faeks is hja keard by in merkemoune
of wurdt hja bigûke yn sirkusfortoan’
earst okkerdeis is de timmerfeint forstoarn
| |
| |
| |
B3b) ‘Steryl’, side 27, de iken fan Dodona, skift ‘ynslach’
It diktatoriale fan religy, it biheinen fan frijheit, in toarre ûnartistike mentaliteit, dôfhûdigens en forhûddûkking, eangst en dûmens, it binne allegearre ymplisearringen fan it fers. Dit fers wol sizze: poëzij wurket bifrijend, lês it en rin yn 'e romte dy't it jowt bg. troch biwustwurding; fordjipje jim einlings ris yn 'e klanken en gedachten fan in fers.
Mar né, hja - dy doarpsbiwenners - mije, forbiede sels de spanning fan de rithmyk d.w.s. dy natuerlike biweging dêr't it melodyske, dynamyske en temporele sa wûndermoai yn gearspylje kinne. Ynsté dêrfan jowe se de foarkar oan it stive, strakke en bigrinzge fan it metrum. Ik soe hast sizze se snappe der thesis noch arsis fan. It dichterlike byld bringt se al hiel yn bitizing. En oer it forskil tuskert god as tinkbyld en idé, én god as realiteit wurdt alhiel net neitocht. De god dy't tocht wurdt is der gewoan:
Steryl
nea rinne hja yn 'e romte fan in gedicht
op reis tusken lûden en tinzen
hja hawwe de spanning fan rithme forbean
weromlutsen tusken grinzen
komt earne to foarskyn in dichterlik byld
hja gripe de pânsers en heevje har skyld
inkeld op 't godsbigryp rymje hja Syn bistean
dôfhûdich sûnder op it forskil yn to gean
| |
B3c) ‘Roek; side 43, de iken fan Dodona, skift ‘sfear’.
As men in swarte kat tsjin kaem, sa woe it byleauwe dan bitsjutte dat ûnheil. Mar it hippen fan in roek wie noch minder, it bitsjutte miskreamen. In roek skarrelet graech op rúskernen om, op syk nei ûngânzen. Yn it pantheïstysk libbensgefoel fan de doarpsbiwenners wiene kat en roek maklik to biskôgjen as forskiningsfoarmen fan in oare wurklikheit: dy fan it ryk fan de divel. Yn tsjinst fan de divel stiene swarte ingels. Se slane foar master op en hâlde ta yn de hel. Yn dizze sfear moat dit fers pieatst en tsjut wurde: roek en kat steane inoar nei it libben. Se kinne niet oars om't se represintanten binne fan it kweade, de satan. Mar om se as sadanich to werkennen moat men bihearre ta de sletten mienskip fan it doarp:
| |
| |
roek
in roek springt yn 'e tunen roun
yn swarte halen út 'e hel wei roun
in kat slûpt tusken de hagen
blêdden forwege har ‘listen en lagen’
sekonden forspringe yn stilte en legens
rôfsucht mjit de ôfstân ta de proai
driging springt as in tiger út 'e koai
spand slane Syn klauwen ta
in divel wol mei himsels gjin drokte ha
in flugge wjukslach set him ôf fan 't grint
in kat moat witte hwer't er oan bigjint
| |
B3d) ‘It wetterfamke’, side 57, de iken fan Dodona, skift ‘natuer leauwe’
De fjouwer klassike eleminten wetter, fjûr, loft en ierde binne yn dit fers oanwêzich. Der is my frege oft ik by it meitsjen fan dit fers de mythe fan de wetterman yn gedachten hie. Dat is net sa. It wetterfamke is in wetternimf. Hja is forboun mei de moanne dy't neffens ieuwenâld folksleauwe in mysterieus sintrum fan fruchtberheit is en/of de krêft hat fruchtberheit to jaen. Libben hinget ôf fan fruchtberheit, en omkeard. Dêr't wetter is, is libben. Sa spylje moanne en wetter logysk op elkoarren yn. It wetterfamke koöperearret binnen dit kosmysk gehiel fan wetter en moanne as potintsjele bitwingster fan de dea. Faeks siagget it har troch har oerfrouiik en giandich dounsjen fruchtberheit yn libben forkearre to litten en de dea it swijen op to lizzen, sterker út de dea nij libben ûntstean to litten. Dat inkeld út de dea nij libben mooglik is, is in noasje dy't wol hast yn alle godtsjinsten to finen is. Bg. yn Egypte, de deade Osiris wurdt oerdutsen mei ierde. Der wurde nôtkerrels siedde yn dy ierde. It nije waeksende nôt kin inkeld rispe wurde troch de dea fan Osiris. Nammers, wy bitrouwe de groun ek oan de deaden ta. It offer fan iibbene wêzens, minsk of bist, hat ek hast altyd dy funksje: it forkrijen fan nij libben, itsij fan minsken, bisten of planten. (To uzes: it offer fan Kristus. Troch syn dea krije wy nij libben). As it dei is hawwe moanne en wetterfamke har deljown deun by it ivige sliepplak fan de deaden: de groun. It mei dúdlik wêze: himel en ierde, loft en wetter, it fjûr fan fûnken en de moanne, al dizze natuerforskynsels krije fan de doarpsbiwenners in religieuze diminsje taskikt. Nou hat dit fers in guodlike, hwat romantyske toan, om't ik foreale waerd op it wetterfamke en noch bin. (Yn safier is it net represintatyf foar de oare fersen). Lykwols, sok leauwe fan de doarpsbiwenners is heidensk en ûnbibelsk:
| |
| |
it wetterfamke
de moanne wevet de mar in ljochten lopen oan 'e kimen
it wetterfamke oan 'e igge wol weagen fan leafde rinne
har hierren flamje ta fûnken op de winen
har eagen glânzget himel trochhinne
‘sjoch’, sizze hja, ‘der skouwe wolkens foarby
it wetterfamke wuollet har lokken om 'e moanne’
en hja wize elkoarren in sulveren paed oer de mar
‘soe hja dizze nacht de deaden libben dounsje’?
't is al wer dei en de moanne fordwoun
leit mei it wetterfamke to sliepen
tusken it douns fan it wiuwende reid.
| |
B3e) ‘De forlerne soan’, side 66, de iken fan Dodona, skift ‘efterôf’.
God waerd jin yndruid dêrre, thús, yn 't tsjerke, op skoalle. Der waerd safolle oer Him praet dat Syn ûnsichtberheit op in stuit ûnwierskynliker my foarkaem as Syn sichtberheit. It gebet lei dan ek in hast taestber kontakt. Lykwols, om it mei Jan Hein Donner to sizzen: Ik lag te dromen onder de bomen, God wilde maar niet komen. Al mei al waerd it weibliuwen fan God in greate leechte dy't net to kombinearjen wie mei Syn oeral en altyd oanwêzich wêzen op punten fan tongen, mar ek dan ûnsichtber en ûnhearber:
de forlerne soan II
iens jowt in bern syn ûnmacht bleat en bidt
forplichte mar nou út eigen frije wil
yn in bitrouwen dat net better wit
mar om him hinne bliuwt it stil
| |
C) Oare kritiken
By myn witten binne oant nou ta acht kritiken forskynd op de bondel ‘De iken fan Dodona’.
Ik neam se yn kronologyske folchoarder:
1) | Psychologyske ûntwikkeling yn ien dichter, Klaes Jansma, Frysk en Frij 14-2-76. |
2) | Twa dichters oer har forline - Fryske magy, Tiny Mulder, Friesch Dagblad, 21-2-76. |
| |
| |
3) | Terug naar het dorp, Ko Pop, RONO, 28-3-76. |
4) | Spûken by ljochtskyndei, Piter Yedema, Hjir, 5/2 maeije '76. |
5) | Minsklike teksten út Dodona, Tineke Steenmeijer-Wielinga, L.C., 26-6-76. |
6) | De iken fan Dodona, J. Knol, Stim fan Fryslân, juny/july 1976. |
7) | God yn 'e tûken, Harke Bremer, De Stiennen Man, 23-7-'76. |
8) | De lytse mienskip, Geart van der Meer, Trotwaer, 1976-6. |
De bidoeling is om yn dizze folchoarder eltse krityk ûnder de lins to nimmen. Ik leverje gjin antikrityk. Ik leverje kommintaer op konstatearringen en ynterpretaesjes. Ik giet der my perfoarst net om, om fan hwat in min fers foun wurdt, in goed fers to breidzjen. Elts hâldt syn weardeoardielen mar. It giet derom oan to toanen yn hoefier de ynterpretaesjes fan in kritikus ôfwike of oerienkomme mei de dichter sines. Dat is it kearnpunt. Hwa't dat wol kin tinken bliuwe dat er gelyk hat, mar syn gelyk is like ûnwierskynlik as de positive biandering fan de frage oft er dan faeks ek de skriuwer fan dizze fersen is. Ik bin gjin wiskundige dat der sille my bihalven opmerkingen oer interpretaesjes, ek ûnder dúmkes wei mear algemien in tal kanttekeningen biwust ûntkomme.
Noch ien opmerking: hwat troch in bisprekker net oanroerd wurdt en troch de dichter sels as tige wichtich biskôge wurdt, bipaelt ek de úteinlike ynterpretaesje fan de kritikus. En hwat eksplisyt makke is, en hwat weilitten is (binammen biwust) is biskiedend foar it gehiel fan 'e ynterpretaesje.
| |
CI) Psychologyske ûntwikkeling yn ien dichter, Klaes Jansma, Frysk en Frij, 14-2-1976.
Dit earste bisprek jowt in werklik perfekte ynterpretaesje fan de iken fan Dodona. Klaes Jansma hat ûnfoarstelber raek sketten. Ik kin net oers sizze.
Ta oerfloed: DE YNTERPRETAESJE FAN IN WURK IS HWAT OARS AS IT WEARDEËINOARDIEL OER IT WURK.
Ik soe it hiele bisprek wol oernimme wolle. As specimen fan dizze uterst slagge en perfekte ynterpretaesje dizze passaezje út it bisprek fan Klaes Jansma:
‘Daniël Daen bisiket mei izeren konsekwinsje de libbensfoarmen, de kultuer en de bylden fan sa'n Frysk doarpke op 'e klaei yn in universeelprimityf ramt to setten. It leauwe is neffens him net allinne in bisykjen om it andert to krijen op 'e greate fragen, it is ek it nei de mythyske sfear kringen fan de dingen dêr't de mins sels mei klear komme kin, wol of doar’.
Hjir siz ik amen op. Dit bisprek forheft him ek fierder fier boppe dy typysk journalistike wize fan resinsearjen yn dei- en wykblêdden. Hoe't ik dat wurdtsje journalistyk bidoel, kin moai oan 'e hân fan it bisprek fan Tiny Mulder dúdlik wurde.
| |
CII) Fryske magy, Tiny Mulder, Friesch Dagblad, 21-2-'76.
| |
| |
Yn it journalistike bisprek wurdt meast mear omtinken jown oan de persoan fan de skriuwer as oan it wurk dat er produsearre hat. It omtinken dat it wurk noch al kriget bliuwt meast oan 'e oerflakte. Der wurdt mear oantsjutten, minder tsjutten.
De ynhâld fan it wurk wurdt fral ekserpearjenderwize werjown, sûnder dat der neijer analisearre wurdt.
It kin wêze dat it s.n. journalistike bisprek in needsaek achte wurdt om't der oars gjin houn in bek op sette wol. Der wol ik my yn dit forbân net oer útlitte. Feit bliuwt dat dizze wize fan bisprekken qualitate qua ta de minder kundige bisprekken heart, hoe goed it wearde-einoardiel oer it bisprutsen wurk ek wêze mei. 1. Tiny Mulder jowt har bisprek de titel fan Fryske Magy. Nou is it wurd magy yn de godtsjinstfenomenology ien fan de slimst to definiearjen bigripen. Ik bin sa dryst to ûnderstellen dat Tiny Mulder ek sels as se it wurd magy op myn forsyk definiearret stykjen bliuwt yn hwat dizenige assosjaesjes sa as magy is geheimsinnich, mysterieus, ensfh. Nou meitsje de measte ûndersikers op dit mêd sa linkenoan frijwol gjin ûnderskie mear tusken magy en religy d.w.s. magy en religy wurde net foar elkoar oer set. Magysk hanneljen is religieus hanneljen. Wurdt der al in tsjinstelling erkend tusken magy en religy dan komt dy meast hjir op del dat der yn de religy tsjinne wurdt, yn'e magy (bi)hearske. Tsjinstelling of net, yn beide getallen is it magysk hanneljen in bisykjen fan de mins om de ynfloed fan 'e goaden yn it hjoeddeiske werom to kringen. De oanhef fan Tiny Mulder kin dus nea it leitmotiv fan de bondel dekke. De doarpsbiwenners kringe de ynfloed fan de goaden net werom by harren tinken en hanneljen. Krekt oarsom: se bisykje op alle mooglike manieren de goaden yn har wjerfarringswrâld to bilûken.
2. Tiny Mulder:
‘In breukban bollet it krús fan lea en libben’... ik moat dêrby tinke oan ‘hier zet men koffie en over’.
‘Hier zet men koffie en over’ is de stylfiguer fan it zeugma d.w.s. de forbining fan ien tiidwurd mei twa substantiva, hoewol't dat winliken mar by ien substantivum past.
‘In breukbân bollet it krús fan lea en libben’, is perfoast gjin zeugma. It tiidwurd ‘bollet’ wurdt simpel forboun mei it substantivum ‘krús’. ‘Fan lea en lichum is in attributive bipaling.
3. Tiny Mulder:
‘.... op de lêste rigel nei, dy't my as oerstallich en knoffelich foarkomt. Daen hat it wol faker dat in goed fers ynienen bidoam wurdt troch in mispleatste rigel’
Biwearing sûnder adstruearring.
Alle journalistike bisprekken hawwe de neidielen dy't ik neamd ha. Mar binnen dit genre bisprek ha je bettere en mindere. Dit fan Tiny Mulder biheart spitigernôch ta de mindere. It is dus dûbeldop ûnkundich. Fan in yngeande ynterpretaesje fan it wurk sels is gjin sprake. In protte neatsiz- | |
| |
zende algemienheden wurde poneard bg. ûnder punt 3.
Krityske opmerkingen blike wjerlein wurde to kinnen om't mispleatst forlike wurdt bg. ûnder punt twa. Dit bisprek bringt yn wêzen op 'e doele bg. ûnder punt I. It wurdt noch it meast neatsizzend troch de ûnsoarchfâldichheit derfan.
C3) Terug naar het dorp, Ko Pop, RONO, 28-3-'76. (Dit bisprek is printe yn Boekenbus literair kritisch tijdschrift voor noord- en oost-nederland. jg. nr. 2, april 1976)
Oer 't ginnerael kin ik it mei de ynterpretaesjes fan Pop iens wêze. It seit himsels dat ik net alles op in rychje set dêr't de kritikus en ik it lyk fine, dan soe dit artikel to folle útweakje. Ik bihein my ûtsoarte sa folle mooglik ta dy punten dêr't ús ynterpretaesjes ôfwike.
Ko Pop:
‘Zo sterk voelt Daen deze greep dat hij er behoefte aan heeft met mythologische termen deze dwang te bezweren’.
Ik haw net it doel hawn de mythe to binutten as biswarringsmiddel. De mythologyske bylden sette méi dizze doarpsmienskip yn dat ‘universele primitive ramt’ (Klaes Jansma). Boppedat glimpt hjir wer de bitizing tusken magy en mythe. Ik ha de yndruk dat Pop mei ‘mythologisch’ bidoelt hwat Tiny Mulder mei ‘magysk’ bidoelt. Biswarringstaktiken bihearre namtlik wól ta it magysk hanneljen.
Ko Pop:
‘Er is de dichter alles aan gelegen om de lezer ervan te overtuigen dat de demonische machten waaronder dit dorpsleven gebukt gaat, niet door hem zelf worden opgeroepen, mar dat ze, integendeel, hem opjagen’.
Yndie, hjir kin ik amen op sizze. Ik giet yn dizze bondel ek om de wjerfarring fan in driigjende realiteit sels. Binammen de lêste twa wurdtsjes fan dit sitaet ‘hem opjagen’ (tink om de noutiid) makken my der wer fan biwust dat de distânsje ta it forline lytser is as jo tinke, hoe folle der ek oer skreaun en wreaun wurdt.
Koarts, hwat Pop oan ynterpretaesjes leveret is saekkundich. Itjournalistike aspekt fan dit bisprek bistiet dan ek binammen hjir út dat it to folle nét oanroert. Ek dat, hwat men lizze lit, biskiedt, sa as al earder steld is, it úteinlike resultaet fan de ynterpretaesje.
| |
C4) Spûken by Ijochtskyndei, Piter Yedema, Hjir 5/2, Maeije '76.
It bisprekken fan de ynterpretaesjes fan Yedema moat mar puntsgewijs om it sa saeklik en systematysk mooglik to hâlden.
1) Yedema:
‘Daniël Daen skaert him mei syn lêste bondel de iken fan dodona yn wêzen by de Jong-Friezen, mei't er it forline yn in skiere oertiid werom set,
| |
| |
sûnder skynber in oare reden as om literatuer to meitsjen’
It forline wurdt net yn in skiere oertiid werom set, krekt oersom: de skiere oertiid sit noch altyd yn it forline, hat der nea út west, is der ek nea útset.
Yedema's earste ynterpretaesje dy't 100% forskilt fan dy fan my en de ynderlike bidoeling fan it wurk.
2) Yedema:
‘Yn dit wurk siket de dichter sa dúdlik oansluting by in kulturele trend, ntl de mythologisearring fan it forline, dat men is yn de wille en sykje yn syn earder wurk ek nei oankrûperijen fan trends’.
It forline wurdt net mythologisearre yn 'e letterlike sin (sjoch ûnder punt 1), it forline wurdt ek net mythologisearre yn figuerlike sin: it forline wurdt net forhearlike, it forline wurdt forflokt.
Yedema's twadde ynterpretaesje dy't 100% forskilt fan dy fan my en de ynderlike bidoeling fan it wurk.
3) Yedema:
‘De dichter glimket nei oer dy tiden: hwat koene de lju har nuver oanstelle, it docht him bytiden tinken oan de magyske praktiken fan guon folken dêr't er wolris, foar in tentamen, in boek oer lêzen hat. Hoewol't er fier genoch fan it otterdokse leauwe fan syn âldfaers ôf mient te stean, is er dochs blykber charmeard troch de parallellen mei in rûger en byldriker animisme dat er yn dat leauwen ûntdekt. Hy en de lêzer mei him, dreame hearlik wei op archayske symboalen, yn in sfearfan sweevjende religiofily, oer in rommelsolder fol âldheidenske snypsnaren, grykse en germaenske goadehimels, trendmjittich yn 'e sûs ûnder dodoanske iken dêr't neffens de oerlevering ek in klok yn de wyn hong to galmjen dêr't noait de bongel fan foun is. Nei de ûntnoftering yn it lêste fers bliuwt der neat fan oer’.
De wurden ‘glimket’, ‘dreame hearlik wei’, ‘charmeard’ en ‘religiofily’ biwize yn harren kontekst fjouwer kear hoe fier Yedema en myn ynterpretaesjes fan elkoar ôfsteane. Der wurdt yn dizze bondel net glimke en de dichter glimket seker net. De dichter is net charmeard, de dichter is bidrige. De dichter dreamt net hearlik wei, de dichter wurdt opskrille. De dichter is net religiofyl, de dichter hellet it religiofile fan de doarpsbiwenners oer de hikkel.
Yedema's tredde, fjirde, fyfte en sechte ynterpretaesje dy't 100% forskilt fan dy fan my en de ynderlike bidoeling fan it wurk.
Noch in fraechje, hwat bidoelt Yedema yn dit forbân mei ‘magysk’, ‘foar in tentamen in boek oer lêzen hat’, ‘it otterdokse leauwen fan syn âldfaers’? Faeks kin dan dúdlik wurde hoe relevant ien en oar is foar syn bisprek. Hoe sit it dus mei Yedema syn ‘tentamen’?
Noch in opmerkinkje, mythologisearjen is trendmjittich hjoeddedei, seit Yedema. Hokfoar streaming yn binnen- of bûtenlân hat Yedema op it each. Hwant Yedema seit dit fansels net samar, om't it yn syn kream topas komt. Der moat in streaming of rjochting wêze earne dy't mythologisearret.
| |
| |
4) Yedema:
‘De kleurefoto op it omslach en de sonoare titel fan de bundel bringe de lezer yn de winske mithyske sfear’.
Dizze bondel winsket gjin lêzer mythyske sfearen ta, hy wol dêr de lêzer earder fan bifrije.
Sawnde ynterpretaesje fan Yedema dy't der 100% by troch is.
5) Yedema:
‘Hwant de tsjoen dy't it forline foar de dichter hat, is dat der by alle deunens, leffens en swakkens in god- en natuerforbounens by de minsken wie dy't er as it heal kin poëtysk restaurearre wol. Hy hat dat oangeande de trend mei.’
Restaurearje, sil Yedema bidoele. It sil elts dúdlik wêze dat dizze bondel dy sfear fan religiositeit sa as dy yn it doarp wie leaver forneatiget as 'restaurearret!
Foar de achtste kear is Yedema's ynterpretaesje der 100% by troch.
6)
Op dy plakken dêr't Yedema fersrigels siteard en der in ynterpretaesje fan jowt, is er sûnder útsûndering der alle kearen 100% by troch. It is hast ûnfoarstelber, mar it is wier. Yedema blykt fan gjin fers it minste net to snappen. Dit bart yn totael sawn kear. Ik sil hjir twa foarbylden fan jaen.
As it om it gedicht ‘steryl’ (sjoch B3b) giet seit Yedema ûnder oaren: ‘Weromlutsen past net op hja hawwe’.
Weromlutsen is in mulwurd: hja hawwe de spanning fan rythme forbean, hja dy't harren weromlutsen hawwe binnen de grinzen fan harren metrysk bistean.
Yedema:
‘De âldfaers slute har ôf fan sok heidensk gespiel, dôfhûdich, mar net, liket my foar it forskil, mar just foar de oerienkomst oer’.
De wize dêr't Yedema dizze lêste twa rigels fan it fers ‘steryl’ op misforstiet is eksimplarysk foar syn misforstean fan de bondel yn syn gehiel. Yedema wol it better witte as de dichter sels: der hie ynsté fan ‘forskil’ oerienkomst stean moatten, suggerearret Yedema. Yedema leveret ús sa in foarbyld fan in ynterpretator foar hwa't de tekst net autonoom mear is. Dizze lêste rigels fan boppeneamd fers hâlde dit yn: godsbigryp en godsbistean binne twa totael forskillende dingen. Men kin jin in god tinke en jin in godsbyld c.q. godsbigryp foarmje, dêrmei bistiet dy god noch net objektyf. As men nou op groun fan in eigen, subjektyf godsbyld automatysk en ûntrochtocht it bistean fan in god as realiteit oanfurdiget, dan kin men sa'n forbining poëtysk rymje neame. Mar it bliuwt dôfhûdich om net op it forskil fan godsbigryp en godsbistean yn to gean. Der is dus fyftjin kear sprake fan in 100% foutive ynterpretaesje fan Yedema. Hjirby slaen ik dan noch syn heal-om-heal-ynterpretaesjes, dêr't ek bipaelde konstatearrings en konklúzjes ta bihearre, oer. En de kearen dat er himsels tsjinsprekt bg. ‘Noch altyd bliuwt de ôfgriis tsjin it demoanyske, fan god en duvel bispûke âlderlike
| |
| |
hûs’.
MYN IENNIGE KONKLÚZJE IS DAN EK DAT SA'N BISPREK GJIN YNTERPRETAESJE JOWT FAN IT TO BISPREKKEN WURK, MAR IN FALSIFIKAESJE DÊRFAN IS.
Fansels gean ik út fan de yntegriteit fan Yedema as bisprekker, en myn konklúzje is dan dat Yedema de bondel ‘de iken fan Dodona’ bisûnder dûm en útsûnderlik ûnkundich ynterpretearre hat.
(Nochris, it giet my om de ynterpretaesje, net om it wearde-einoardiel).
| |
C5) Minsklike teksten út Dodona, Tineke Steenmeijer-Wielinga, L.C., 26-6-'76.
Meitsje in stik proaza, laskje der spaesje tusken en Jo blike poëzij te hawwen. Hwat yn 'e ynhâldsopjefte as ‘fan alle beammen’ oantsjut stiet, fetsje forskillende bisprekkers op as poëzij. Nei alle wierskyn op 'e doele brocht troch de spaesjes dy't oanbrocht binne. Oan 'e iene kant fetsje ik it op as in komplimint dat myn proaza blykber nochai poëtysk is. Oan 'e oare kant is it doch wol hwat in ridikúl misforstân. Dit as ynlieding bidoelde stik proaza soe wol in tige maklik fers wêze. Dit proazastik is to forheljend en forklearjend om foar poëzij oansjoen to wurden, tocht ik. Of jo moatte de dichter al daelk foar in jeuzelpot oansjen. Dat docht Geart van der Meer dan ek. En mei rjocht as dit as fers bidoeld west hie. Tineke Steenmeijer sitearret it as ‘itearstefers’.
Har bisprek is typysk journalistyk yn safier't it om de eftergrounynformaesje giet dy't jown wurdt.
De iken fan Dodona wurdt globael ynterpretearre binnen it ramt fan de foarôfgeande bondels. Sa krijt ien aspekt, de relaesje ta de heit, yn 't bigjin fan har bisprek wol hwat tofolle omtinken binnen it ramt fan de iken fan Dodona. It giet my yn dizze bondel net sa sear om de heit, mar om de doarpsbiwenners. Dy moasten noch in beurt hawwe. Letter seit Tineke Steenmeijer dat nammers sels ek: ‘de heit-soan relaesje is gjin obsessy mear’.
Der wurdt mear oantsjutten as tsjutten yn har bisprek, dat wol. Mar dêr't in ynterpretaesje jown wurdt, dêr is dy korrekt. Ik kin it net oars sizze by alle technyske biswieren dy't men tsjin it joumalistike bisprek ynbringe kin. (sjoch C2)
| |
C6) De Iken fan Dodona, J. Knol, Stim fan Fryslân, juny/july 1976.
Ek Jacobus Knol bigjint syn bisprek mei in protte eftergrounynfoarmaesje. Ek hy fettet it earste proazastikje as poëzij op. Mar Knol leveret my ek de gelegenheit om einlings ris hwat to sizzen oer in wichtich punt ntl. yn hoefier ûntkomt de skriuwer de tekst fan in fers sadat der mei rjocht in ynterpretaesje jown wurdt op groun fan de tekst fan in fers dy't de skriuwer sels net
| |
| |
jown hat. Ik giet hjir net om forkearde of goede ynterpretaesjes, mar om mear of minder ynterpretaesjes fan de tekst fan it fers. Forskate dichtrigels hawwe biwust in dûbele boaijum: se binne pluri-ynterpretabel. It giet dan net om in of.... of, mar om in en... en. Is it meast sa dat de bisprekkers it poly-ynterpretabele net sjogge, ik kin de skriuwer sels ek oerkomme.
J. Knol:
‘fan alle beammen slacht de wjerljocht it meast yn iken yn; seit er yn de earste rigel fan it earste fers yn syn bondel. Ik forstean: it leauwen yn Zeus, yn Jupiter, yn Donar isfoarby. Mar...’
Ja, Knol hat gelyk. De ikebeammen symbolisearje it godtsjintige. Se forwize net allinne nei in hegere wurklikheit, se bihearre der ek ta: it symboal fan it hillige wurdt sels hillich en as sadanich foreare. In bikend forskynsel yn de godtsjinstskiednis. Binnen it ramt fan dizze bondel is Knol's ynterpretaesje folslein korrekt. Myn opmerkingen oer ynterpretaesje yn 't algemien kommme mei dit feit fan tafoeging fan ynterpretaesjes net wif en faei to stean. Ommers der wurdt gjin ynterpretaesje fan de dichter wjerlein, der wurdt in korrekten ien tafoege dy't oer de kop sjoen blykt to wêzen. In pré fan Knol's bisprek is fierder dat er, as er net wis is, net foutyf ponearret, mar freegjenderwize formulearret. Ek dat liket my tige korrekt foar tekst en dichter oer.
J.Knol:
‘Allinne twivelje ik der wol oan of it laechje fernis dat de skilder der op oanbrocht hat, en dêr't syn anti-orthodokse ynstelling him it resept fan ynjown hat, wol sa authentyk is as er skine lit’
Ek al wurdt der twivele en net ynterpretearre, ik wol hjir doch graech eefkes op yn gean. Knol makket de boppesteande opmerking nei oanlieding fan myn typenbiskriuwing. Ik antisipearje ek op it bisprek fan Geart van der Meer as ik siz dat ik de fraech fan authentisiteit net relevant fyn. Ik skriuw fersen, ik jow gjin histoarysk forslach. Ik bin yn myn poëzij subjektyf dwaende, net objektyf-deskriptyf. Efter dizze twivel fan Knol stiket de misfetting dat neigeraden de literaire wurklikheit werkenberder wurdt, sy mear mei de alledeiske realiteit oerienkomme moat. En dat is fansels net sa. Seker by poëzij forrane feit en fiksy yn inoar. De fantasije fan de skriuwer is net boun oan histoaryske presisy en bitrouberheit. Hoewol't Knol syn ynterpretaesjes oer skiften en fersen korrekt binne (binammen yn de middenkolom fan syn bisprek) mien ik dus doch dat er ek hwat folget net sizze kim om't, nochris, net relevant is hoe't immens omjowing objektyf west hat, mar om't relevant is hoe't it subjekt syn omjowing wjerfard hat:
‘Daniël Daen hat him ommers losmakke út en ôfstân nommen fan dit doarp, dat biwenne liket to wêzen fan fariseeske kristenen. (ik siz liket, hwant ik ken it doarp dat de dichter op it each hat net; as lykwols de minsken yn syn doarp wienen (of binne) sa't hy se tekenet, dan kin ik my syn argewaesje yntinke)’.
Myn andert is koart: miskien hawwe it wol allegearre Jezussen west, ik ha
| |
| |
se as satannen wjerfard. Dat is de reievânsje!
In foarbyld fan hineinynterpretearjen soe Knol jaen as er de groubynten foar ‘tsjerklike struktueren’ hâlde soe. Ik skriuw soe, hwant Knol dekt him mei rjocht yn troch it him ôf to freegjen.
| |
C7) God yn 'e tûken, Harke Bremer, De Stiennen Man, 23-7-76.
It is hast hwat oerdreaun om yn dit bistek it bisprekje fan Harke Bremer to neamen. It hat de pretinsje faeks ek net in bisprek to wêzen. It sinjalearret mear as dat it bisprekt. Ik konstatearret mear as dat it ynterpretearret, sij it hwat minder as de stikjes dy't de Nederlânske Bibliotheektsjinst meitsje lit (Foar de iken fan Dodona wie dat Rena Wagenaar-Duursma). Dat ik it omtinken dat De Stiennen Man en de N.B.D. oan dizze bondel joegen dan ek neam komt om sa folslein mooglik to wêzen.
Yn safier Harke Bremer ynterpretaesjes jowt kin ik my der wol lyk mei fine. Yn dit koarte stikje fan Bremer falt moai dúdlik ynformaesje, ynterpretaesje en weardeoardieljen to ûnderskieden. It hiele stikje bistiet út 28 rigels. De earste sawn rigels binne fral ynformearjend. Rigel 8-17 binne foaral ynterpretearjend. En de lêste âlve rigels sprekke binammen in weardeoardiel út.
| |
C8) De lytse mienskip, Geart van der Meer, Trotwaer, 1976-6.
Geart van der Meer sit yn syn bisprek al rille gau mei twa ynterpretaesjeproblemen: dat fan de titel fan de bondel en dat fan it skift ‘ynslach’. Oer it twadde haw ik earder yn dit artikel al op 'e tekst west. De titel ‘de iken fan Dodona’ forwiist nei de natuerreligieuze ynslach fan yndie in ‘lytse mienskip’.
Geart van der Meer rekket, liket my, yn 'e dize en op 'e doele troch de sfear fan de doarpsmienskip fiersten to letterlik transponearje to wollen yn 'e sfear fan it Gryske Dodona. Troch in titel allinne leveret de iene mienskip net in blaudruk foar de oare. De titel forwiist allinne mar. ‘Ynslach’ as titel fan it twadde skift en as titel fan it earste fers fan dat skift moat ek al wer net letterlik nommen wurde. It is hjir, sa't ûnderwilen wol nei foaren kommen is, synonym fan ynstelling, mentaliteit. As bykommend, yn 'e fierte, de assosjaesje mei de letterlike bitsjutting fan ynslach skimeret, dan is dat moai meinommen. Mar dat mei en kin perfoarst net de haedynterpretaesje wêze. Dat ‘fan alle beammen’ net as poëzij mar as proaza bidoeld is, is ek al nei foaren kommen (C5).
Geart van der Meer:
‘De fraech is lykwols: is de bondel in slagge biskriuwing fan it godtsjinstige libben yn syn hiele hear en fear fan dizze mienskip?... nei myn sin is it byld to negatyf’.
Sjoch C6!
| |
| |
En boppedat hwa of hwat forplichtet my om ‘it godtsjinstige jibben yn syn hiele hear en fear’ to biskriuwen. Ek dit is nei myn smaek in misfetting. Ik skriuw poëzij. Ik bisykje it alteast. Ik ha oan gjin ien discipline forplichtings, net oan de anthropology en net oan de ethnology ensfh. Likernôch de helte fan it bisprek fan Geart van der Meer giet op oan de ‘formele kant’ c.q.rym en metrum en de heal formele kant fan byldspraek en rithme. Om't it dan mear giet om opmerkingen oangeande formele aspekten as om ynterpretaesjes oangeande ynhâldlike aspekten lit ik se yn dit bistek rêste, en wij der ûnder D in pear mear algemiene opmerkingen oan.
| |
D) In pear opmerkingen ta bislut.
1) N.o.f. Geart van der Meer's bisprek it folgjende: rym, metrum, byldspraek en rithme krije fan van der Meer omtinken as bihearrend ta ‘de formele kant’. Binne rym en metrum net helpmiddels om de ynhâld mear effekt to jaen? It binne ornaminten en helpmiddels, tocht ik. Akkoart, it is wichtich dat se der binne. Mar binne se wier sa wichtich dat se yn in bisprek sa folle omtinken krije as Geart van der Meer se jowt? Yndie, by my is it rym ‘tafal’, en om my mei myn rym ‘desoriëntearjend’ wurkje op’ e lêzers. Mient Geart van der Meer nou wier dat ik as ik in fers ha dat nei myn hert is, my bikroadzje om manlik of froulik rym, glidend of slepend, folrym of healrym, rykrym of lykrym, dûbeldrym of binnenrym, middenrym of foarrym, slachrym of pearrym, krúst rym of omearmjend rym, brutsen rym of springend rym? Kom nou! En as it om it metrum giet, mient Geart van der Meer nou wier dat ik bigjin to skandearjen yn fersfuotten mei arsis en thesis, stigend en dalend, mei jamben, trochaeën, daktylen, anapesten, amfibrachen en spondéën?
Kom nou!
Rithme en byldspraek, binne it nou formele of ynhâldlike aspekten, of binne se aliebeide? My tinkt mear ynhâldlik, mar wis bin ik der net fan. Binammen it mearfâldige rithme is in bisûnder slim faset fan de poëzij. Geart van der Meer tsjut net oan hwat er der mei bidoelt of ik haw him net bigrepen en hoe't it dan wol funksjonearje moat foar in hiel fers, of per rigel of per strofe? Hwat de byldspraek oanbilanget, de opmerkingen dy't Geart van der Meer dêr oer makket kin ik it net alhiel mei iens wêze. Ien foarbyld (Fan Geart van der Meer as wêzende byldspraek jown):
‘en de sonoare stimmen fan dŷmny freon diaken/sakje en sakje ta koekoekslûden/op 'e strielen fan de sinne/’.
Neffens myn biskieden miening is dit gjin byldspraek. Der stiet ‘ta’ en der stiet net ‘as’. Dus: de sonoare stimmen geane oer yn koekoekslûden d.w.s. de stimmen swije, de koekoeken slaen oan, de strielen fan 'e sinne drage harren koekoekslûd rounom, omheech en omleech.
Né, ik leau - mar dat is fansels in persoanlike miening - dat de poëzijkrityk op de forkearde wei is, as se in ûnevenredich protte omtinken jowt oan saken as rym en metrum, en yn mindere mjitte oan rithme en byldspraek.
| |
| |
2) Ik haw yn dit artikel de wurdearring foar en de ynterpretaesje fan de iken fan Dodona strang skieden. Der binne as men in relaesje tusken dy twa lizze wol fjouwer mooglikheden. Men komt ta positive wurdearring op groun fan ynkorrekte ynterpretaesjes; men komt ta negative wurdearring op groun fan ynkorrekte ynterpretaesjes; men komt ta negative wurdearring op groun fan korrekte ynterpretaesjes; men komt ta positive wurdearring op groun fan korrekte ynterpretaesjes. By de measte bisprekken (5) die har de foar my lokkige koÿnsjedinsje foar dat neigeraden de ynterpretaesjes korrekter wiene, de wurdearring positiver útfoel. It barde ien kear dat nettsjinsteande ynkorrekte ynterpretaesje de wurdearring oerwegend posityf útfoel.(T.M.-F.D.) en in kear dat njonken biskaette ynkorrekte ynterpretaesjes it positive en negative yn de wurdearring, elkoar yn 't lykwicht hâlden (Tr. - G.v.d.M.).
3) Moat ik nou op groun fan dit graduële forskil yn kundichheit fan ynterpretearjen prinsipiëel alle ynterpretaesjes fan lêzers en kritici ôfwize?
Wol né, dat soe bilachlik swart-wyt wêze. It literaire bidriuw, it spul moat moai yn stân holden wurde en trochgean. Wol soe ik der neat op tsjin hawwe as de dichter sels, ûnforskillich hwa, út en troch op 'e tekst komme soe oer eigen wurk. Hoe't dat barre moatte soe bg. yn ynterviewfoarm of op oare wize fait faeks ris neijer oer to diskussearjen.
Dat ik myn oardiel jown ha oer korrektens en/of ûnkorrektens fan ynterpretaesjes fan oaren is in logysk gefolch fan myn útgongspunt en wurkhypothese en de argumintaesje dy't ik dêr fan jown ha en net in saek fan emoasjonele wetichheit.
|
|