| |
| |
| |
Steven de Jong
De kathedrael en it famke sunder noas
't Wie in dekoaraesjetoer, oars hied er wol langer as hûndert jier stien. De gothyske tuorren fan 'e midsieuwen stean noch, mar de earste de bêste tweintichste ieuwske wynpûst blaest de St.-Stefanustoer midstwa.
Myn broer Henk, dy't al jierren om utens wenne en as deistich wurk liken demontearre (professor yn 'e anatomy) frege my hwer 't hjir in fatsoenlike kroech wie. Foar my in slimme frage, om't ik noait yn in kroech kaem. Hwat wrâldfrjemd op dit punt wie ik fan doel om nei de ‘yn 'e 366 bierfetten’ to gean, mar dy gelegenheit wie oan 'e oare kant fan 'e binnenstêd.
Wy wiene mei ús trijen op stap om it heuglike feit to fieren, dat ús heit en mem (ûnderwilens al lang dea) hjoed fyftich jier lyn trouden. Under dizze omstannichheden fansels in healwiiis jubileum, mar it feit fan fyftich jier lyn hie foar ús dochs mar fan libbensbelang west. De froulju en bern hiene wy thúslitten, wy woene ‘ûnder ús’ wêze.
Durk woe mei alle gewelt dy stikkene St.-Stefanustoer fan tichteby bisjen. As bern al waerd er fascinearre troch stikkene dingen. Hy skroeve de pôt fan 'e wc los, de krukken út 'e doar en gjin klok wie feilich foar him. Hy wie dan ek in pûrbêste tv-monteur en dêrtroch op alle nifelterreinen pûrbêst.
‘Wytst wol, dat it ynstoarten fan in toer in mylpeal yn in mannelibben is?’ sei Henk. ‘Ofsjoen fan 'e dûbelsinnige funksje is it dochs in hiele ûnderfining foar my. Ik ha myn hiele libben dy toer hiel foar eagen hawn en nou leit er dêr yn stikken. Leau nou net dat ik it slim fyn. As antypapist mei ik graech oer it sjen fan in ympotinte roomske penis.’
Hè, hwat bist melich, tocht ik, it is dochs in feestdei, elk mei sjen hwat er wol en jim binne myn gasten.
‘Ik ha froeger der wol ris yn west,’ andere Durk, ‘ik hie doe forkearing mei in roomsk famke, mem hat der nachten om gûld.’
In professor yn 'e anatomy krijt fansels noait folle tsjinspraek, noch fan syn kadavers, noch fan syn studinten. Dêrom hie Henk ek altyd de bek yn beide hannen:
| |
| |
‘Dat wyt ik noch en dan bin der noch guont, dy't sizze neat to bigripen fan 'e skelen binnen it C.D.A.’
‘Hè, net oer polityk,’ smiet ik der tusken. Durk en Henk wisten op dat mêd alles folle better as ik. Ik fielde my altyd in polityk ûnbinul en sawol telegraef- as volkskrantsupporters koene my mei har yn wêzen religieuze oertsjûgings sa fan 'e kaert prate.
‘Goed, as ik in pear buorrels op ha, sil ik in hierskerpe analyse jaen fan 'e ûndergong fan ús politike systeem en de rest fan 'e wrâld.’
‘Nou dan moatte wy foarlopich mar net nei de kroech.’
‘Ik wol dy toer sjen,’ holp Durk my.
‘Ik bin bang, dat it dêr nei pisse rûkt.’
Durk praette oft er neat hearde: ‘Moatte jim bigripe, doe't heit en mem forkearing krigen, stie dy toer dêr, jong en stevich en it soe noch wol in dikke fyftich jier duorje foar 't er yn mekoar waeide. En nou is it dan safier. Dit is in histoarysk momint. De bea fan ús mem is forheard: De toer fan Rome leit oan barrels.’
‘In ympotinte penis fan dit kaliber (wy stiene ûnderwilens foar de toer) kin noch hiel hwat skea oanrjochtsje yn 'e púnheapen, dy't der fan myn bistean noch oer binne,’ mimere Henk.
‘Minsken hwat bistou somber.’
‘Ja ik freegje om in kroech.’
‘En dêr wolst it ha oer de ûndergong fan 'e wrâld.’
‘Ja, sûnder ûndergong kin ik net libje. Sûnder deadlike driging giet it minskdom nei de bliksem. Wy ha gjin spanningen genôch, wy libje to maklik. Dêrtroch krije de minsken to hege bloeddruk, hertynfarkten, kanker en wyt ik hwat allegear. As in minske moarns fan 't bêd ôf komt, moat er der net wis fan wêze, dat er jouns noch libbet. Allinne dan kin er hûndert jier wurde, mar ja, de measten litte har oan 't yn it grêf forsekerje en dan is it libben ûnmogelik, ja, folslein ûnmogelik.’
‘Just,’ sei Durk, ‘hjir stiet in buordtsje:
Levensgevaarlijk
instortingsgevaar
ast nou hûndert jier wurde wolst, gietst mei my dy toer yn.’
‘Bin jim nou hielendal gek,’ prottele ik, mar se wiene net mear
| |
| |
to hâlden en om't ik bang wie, mar it net blike litte woe, gie ik mei.
It wie in gebou, dêr't alles oan dien wie om it gjin monumintale wearde to jaen. Wyt pleisterwurk hat sfear, al is it dan in koele kalvinistyske sfear, mar goargiel biplastere muorren en treppenhûzen sille de monumintenlist noait helje. Der roun in trep, fan ûnderen stukadoarswurk dêr't de fellen en bellen by del hongen, skean nei de eastkant nei boppen. Ik wist dat dy nei it oargel ta gong. Alles yn dizze romte bistie noch wol, mar allinne foar de sloper. It wie de frage oft hjir ea echt libben west hie. De rútsjes, glês yn lead, mar ûnbiwust mear ynspirearre troch de dadabiweging as troch de midsieuske hilligenbylden, wiene fan nei de oarloch; dy fan dêrfoar wiene knapt by in bombardemint. It wie dus kyts en út 'e tiid. De tiid frege nou koalekitten, strykizers en fok-sylboaten yn 'e bûtenwiken. Dêrom wie it spul hjir sa forrinneweard. It biroerde wie, der wiene noch wol smakeleazer tsjerken, dat men koe net iens fan kyts mei in greate K sprekke.
‘Dy barst siet ek al yn 'e muorre, doe't ik mei Beatrijs forkearing hie.’
‘Der hat altyd al in streepke troch Rome roun. As se de kâns krije, sille se de ketters wer op 'e brânsteapel slepe. Op himsels net sa slim, mar ik ha gjin wurk mear; forbaerne liken kinne wy neat mei.’
‘Dou hast it lûd fan 'e dea, hoar en hol, lit ús mar nei de kroech gean.’
‘Dizze púnheap bliuwt noch wol fyftich jier stean,’ wie Durk syn paradoksale biskie. ‘Foaroarlochske bou is net stikken to krijen.’
‘As je dy trep opgeane, dan kom je yn 'e hel, dêrom ha se it hjir sa gielich opferve. Om de minsken bang to meitsjen. Moat je je foarstelle al dy bigraffenissen yn dizze tsjerke. De bern stelle har de himel foar as dizze gielgoare romte mei in barst yn 'e muorre en yn trep dy't fiert nei Gods troan, dêr't se dan to hearren krije, dat se nei de hel ta moatte of... nouja as der mar jild genôch is. From wêze is in lúkse artikel.’
‘Ik ha dy skuor net metten, mar sa to sjen is er net greater waern.’
| |
| |
‘Ik wyt net, dat timmermanseach fan dy.’
‘It liket my dochs ûnforjitlik, dizze romte. Dit is it simboal fan 'e lytsboargerlike westerske biskaving en dêr moatte wy respekt foar ha. De tweintiger jierren, de tiid, dat ús heit en mem forkearing hiene, dat harren it bloed kloppe fan bigearte, mar se mochten net oan mekoar komme... Dat klopjende bloed, dat wiene wy.’
Henk sloeg mei de fûsten tsjin 'e muorre fan 'e toer. ‘Sjoch, it jowt neat. Dy muorre sil net wike. Durk hat gelyk, foaroarlochske bou is net stikken to krijen. Sa kloppe de minsklike siele tsjin 'e morael fan dy tiid. En nou, de saek stoart út himsels wol yn mekoar. Ha jim wol ris heard fan in gebou, dat de swierste stoarms wjerstiet en in pear wike letter falt it fansels yn mekoar, samar ynienen?’
‘Ik kin it hjir nou net sa gesellich fine,’ bisocht ik, ‘ik wyt echt in goeije kroech.’
‘As jim der gjin biswier tsjin ha, wol ik noch in rountsje om 'e tsjerke hinne meitsje om 'e boaze geasten to forjeijen. Kin dat hjir?’ frege Henk.
Alles koe. Allinne ik wist net yn hwat foar goare strjitten wy dan tolânne kamen en hwat foar gespuis dêr wenne. De drughannel en -wannel en moard en deaslach bloeide hjir lykas oeral yn Nederlân. Ik hie dus noch al hwat biswieren.
‘Se moasten dy rommel frij jaen, wettich deponeare, si'k mar sizze, dan kin ús lân der kontrôle op útoefenje en der goed hwat oan fortsjinje. Alle drugproblemen de wrâld út. Mar ja, miljoenenhannel foar de maffia, neat oan to dwaen, hopeleas, polityk moatst mar tinke. 't Is nou omtrint healwei seizen en dy lju wurde pas gefaerlik yn 'e nacht.’
‘Hjir wennet muoike Tryntsje noch altyd erges yn it gesticht,’ kaem Durk mei de klompen yn 't spul.
‘Och, de hiele wrâld is in gesticht,’ gie Henk droech fierder. ‘Boppedat stiet it wittenskiplik hielendal net fêst hwat gek is.’
‘Dou moatst net sa yn dy sûre klisjé's prate. Lit ús mar in kuijer meitsje troch dy krakkemikkige strjitten hjir.’
Stadichoan fordwoun de mânske stompe fan 'e St.-Stefanustoer achter de hûzen. Ut en troch kaem er wer ris to foarskyn as in ûnbidich spoek yn in hieltyd tsjokker wurdende dize. Healwei
| |
| |
seizen. It waerd al tsjuster. De lantearnen, hiel âlde soms en etalages, net tofolle, makken der in tipyske hjerstjoun yn 'e stêd fan. Der wie in protte leven. De kantoaren kamen út. It boldere en baltte fan 'e auto's. Wy koene net prate. Hwer't wy kamen wisten wy net. Yn dizze strjitsjes hiene wy as bern suver noait west. Dêr wennen de skoaijers sei Durk altyd, mar dêr woe ús heit net fan hearre. Miskien wenne der wolris in skoaijer tusken, mar dy wennen ek wol op 'e Wilhelminakade en dy kade wie in hiele deftige kade yn ús stêd. De ‘skoaijers’ wiene yn ús tiid gefaerlik. Se woene altyd knokke en hiene izeren fûsten. Dêrby wiene wy mar prikkeguod. Ek nou wer krige ik in ûnwis gefoel. Né, hjir soe ik net wenje kinne, doarre. Mar Durk en Henk rounen troch en meunsteren alles as biseagen se Rothenburg ob der Tauber en hiene oeral kommintaer op. Henk sûr en sinysk. Durk kâld en technysk. Ik sei oeral ja en amen op en hearde eins net hwer't se it oer hienen. Ik waerd hieltyd in bytsje kjel as ik troch in steegje of oer in leech plak hinne it stompe oerbliuwsel fan 'e St.-Stefanustoer seach. Ik fielde my dan like forlitten en iensum as dy toer al wie ik dan midden tusken de minsken.
Wy sloegen in hoeke om en dêr stie ynienen de St.-Stefanustoer yn folle gloarje foar ús, allinne hongen der allegear beltsjes oan, dy't klingelen yn 'e wyn. Hoe koe dat nou? Ik wreau ris yn 'e eagen om to sjen oft ik ek dreamde. Ik dreamde net. It wie geraffineard gesichtsbidroch. It wie de toer net, it wie in fasade. En dochs dat momint fan ûnwissichheit, dat jin even de relativiteit fan it bisteande biseffen docht. It herte sloech my yn 'e kiel, hwant ik wist net oft ik dêrachter net de echte St.-Stefanustoer seach, hiel even mar en dan hielendal. Hwat wy nou seagen wie de gevel fan in âld pakhús, dat ta in sabeare tsjerke omboud wie. De toer wie fansels in boartersguodding neist de echte en binammen dy tingeljende beltsjes makken der in merkegefal fan.
De yngong hie in roune bôge mei glêzen doarren. Dêrnêst stie op in buordtsje:
De Jezuskerk
van Herry & Merry
Herry & Merry wiene in sjongduo. Se hiene har in pear jier lyn
| |
| |
bikeard en mei religieuze smertlapen miljoenen fortsjinne. Mar it saekje doogde net. Der wie in drughanneltsje by. It hie in great skandael west en nou sieten se gefangen. Wy moasten fansels dizze poppekast fan binnen bisjen, kamen yn in great portael mei krêmegiele tegels en dito muorren en hearden dêr it lieden fan swiere klokken. Ik, de ûntechnyske seach hwat binaud om my hinne.
‘Dat komt út dy stereoboksen,’ sei Durk, dy't hwat meilijen mei myn bangens bigoun to krijen, of faeks wie er sels ek bang waern. Wy seagen troch in syddoar yn in seal, dêr't in pear hiele greate goudkoperen klokken boppe oan 'e balken hongen, mar dy biweegden net.
‘Dy binne fan plastic,’ sei Durk.
‘En dit is hielendal foar de earmen fan geast,’ rôp Henk en wiisde op in great swart offerblok yn 'e foarm fan in lykkiste, dêr't mei wite letters opstie:
foor u sieleheil
dank u
‘Soene je der net in sint yn dwaen?’
‘Sillich binne de earmen fan geast, menear’, sei ynienen in man, âld, mar mei it postuer en de noas fan in swiergewichtbokser. ‘Myn namme is Jansma.’ Hy hie in greate kaei yn 'e hân en wie dus sûnder mis de koster, faeks ek de preester en yn alle gefallen de útsmiter fan dizze timpel.
‘Ja, en sielich de riken fan geast, dêr ha jo gelyk oan, ik woe bêst ruilje,’ spotte Henk.
‘Henk,’ sei ik, ‘du meist oeral de gek mei ha, mar net mei it gelove fan in oar.’
‘Mar bêste jonge, ik ha hielendal net de gek mei dizze menear. Ik woe allinne even wite hwat hy nou tinkt fan dy hillige Herry & Merry.’
Nou soed er ús wol ta de doar útrame, tocht ik. Henk koe dochs wol hwat foarsichtiger? Gelokkich kaem Durk der diplomatyk tusken:
‘Ik ha it greatste respekt foar de technyske perfeksje fan jim tsjerke.’
| |
| |
‘Sels makke en sels bitelle troch de earmen fan geast,’ sei de man ienfaldich.
‘Sels bitelle leau'k daliks, mar sels makke?’
‘Jawis, wy ha genôch monteurs yn ús gemeente.’
‘Ja mar it jild giet dochs mar nei dy gangsters, dy....’
‘Henk, hâld op fan donderjeijen,’ sei ik.
‘O, hy mei alles freegje hear.’
‘Moai, tinke jo dan ek net, dat Herry & Merry yn 'e hel komme?’
‘Né, wy bidde alle dagen foar se.’
‘Nou, dêr kin ik net tsjin op. Ik hear by de wizen en forstannigen en foar my sille al dizze dingen forburgen bliuwe. Ik kin it net helpe, yntellekt is in sykte.’
‘Mar it smyt jo aerdich jild op.’
‘Dy sit,’ sei Durk, ‘litte jo net wiis en forstannich wêze, miskien binne jo wol healwiis, dom binne jo net.’
‘Hearen ik hoech gjin komplimintsjes.’
‘Hwat myn broer seit (ik wiisde op Henk) moatte jo net al to serieus nimme, yn wêzen is er sa goed as bôlle.’
‘Hy liket my moedich en earlik. Hy hat fan jim trije sûnder mis it measte forstân. Hjir komme in protte minsken, krekt as jimme, gewoan út nijsgjirrigens en dêr leart men fan yn 'e siele to sjen.’ Hy seach hiel earnstich mei syn boksersgewicht en wie dêrtroch sa komyk, dat Henk en Durk op 'e lippen bieten om it net út to prûsten. Ik hie mear ûntsach foar syn greate slaeijen fan hannen, dy't ik hiel earnstich observearre. Durk seach nei de klokken en Henk nei de lykkiste.
‘Hjir, ik smyt 25 goune yn dit jiskefet,’ sei Henk ‘en dan woe ik graech fierder mei myn kuijer om de boaze geasten to forjeijen. Ik freegje jo as tsjinprestaesje foar myn siele to bidden.’
‘Tige tank, ik wol jim net ophâlde, mar jim dochs fortelle (hy naem nou de preekhâlding fan 'e echte sektariër oan, eat, dêr't ik oars kiezzich fan wurd, mar nou wie ik deabinaud dat Henk it wurde soe) dat wy in hiele protte oan Herry & Merry to tankjen ha en hoe raer dy it ek sitte litte, wy forjitte net, dat se hjir in mienskip opboud ha, dêr't de minsken fan mekoar hâlde. En wite jim wol,
| |
| |
hearen, dat de measte minsken net mear witte hwat leafde is? Miskien seit it jim neat, mar dy't hjir komme hâlde fan mekoar en foar dy leafde ha se al it jild oer, dat se sparje kinne, foar in bytsje echte kristlike neistenleafde. En dochs is it net genôch. Wy sille om in oargebou sjen moatte.’
‘Hwerom yn 'e frede,’ frege ik.
‘It H & M-concern freget in hieltyd hegere hier,’ andere Henk droech.
‘Menear hat helaes gelyk.’
‘Henk smiet syn 25 goune yn it offerblok. Durk en ik soene ek al ta de bûse, mar Jansma hâldde ús tsjin.
‘Né, jim ha mear as genôch jown, mear wol ik perfoast net ha. Jim soene ris tinke kinne, dat ik in oplichter wie.’
‘As ik earlik bin,’ sei Henk, ‘fortrou ik jo foar gjin stûr. Sa net, ik fortrou gjin minske foar in stûr. Myn bêste freon kin moarn myn greatste fijân wêze.’
Jansma draeide mei de kaei de dûbbele doar los. ‘Menear, wy sille bidde foar jou sieleheil.’
‘Dan kinne jim noch in sint krije,’ wie it lêste hwat Henk to'n earsten útbringe koe, hwant der kamen allegear minsken ta it gebou yn.
In glûpende hekel ha'k oan tuterij. Dêrfoar bin ik to bot út 'e klaei lutsen. De wurktiden wiene foarby en de gemeenteleden kamen nei har ‘tsjerke’ foar in lytse jounstsjinst en om mekoar to sjen en to bisterkjen yn it leauwe. Se joegen mekoar hannen en tuten, dêr't allinne al út bliken die, dat dit in wiere leafdesmienskip fan bruorren en susters wie, mar it slimste wie, wy moasten ús der trochhinne wrotte en krigen ek allegear tuten en hannen. Durk en Henk hiene der ek glûpend it mier oan. Erflik sa to sjen. Fryske boerestivens. Even wenne en wy tuten fleurich mei.
‘Jonge, Henk, hwat bin ik bliid, dat ik dy hjir sjoch op myn âlde dei en Durk en Sytse ek. Jonges hwat bin ik bliid. Hat de Heare Jezus jim ek foun?’ It nuvere âlde minske yn har wyld biblomme bloes en it grauwe liif yn in to krappe spikerbroek, dat de triennen yn'e eagen krige, wylst de oaren halleluja rôpen, wie ús muoike
| |
| |
Tryntsje, dy fan 't gesticht.
Ik moast altyd oan muoike Tryntsje tinke as ik oan in heks tocht. As jonge fan trettjin jier hie ik ris allinne mei har yn 'e keamer west. Se hie my mei har glandige eagen lyk oansjoen: ‘Hast it wol ris dien?’ en doe't ik in kop as fjûr krige, hwant dat wie yn dy tiid noch sa der fuort oerhinne: ‘mei 't hantsje tink, ja ik sjoch it oan 'e pûstjes op dyn gesicht. Op 'e knibbels jonge, oars giest dea, krijst kanker fan yn 't rechpiid.’ Muoike Tryntsje koe djip yn 'e siele skôgje, dat wie dúdlik. Letter haw ik faken tocht, dat se sokke muoikes mei mounestiennen om 'e nekke yn in stjonksleat forsûpe moasten. Gelokkich dat der wetten binne, dy't har tsjin myn grime biskermje. Se siet nou yn in gesticht, hwant se praette altiten, se koe noait ophâlde fan praten. Alhoewol se oer de tachtich wêze moast, hie se it hier roetswart ferve en de wangen ûnder in tsjokke laech rose make-up bidobbe en wylst ik earst tocht dat har jirpelnoas blette, die bliken dat se de lippen knalread skildere hie. Hwa hat yn 'e frede sa'n muoike. Henk hie yn syn dwarse puberjierren wolris sein, dat muoike Tryntsje de iennichste normale yn ús famylje wie, mar Henk seit wolris faker hwat. Nou seit er neat, hwant muoike prate oan ien tried wei troch oer de Heare Jezus, dy't de boaze geast út har jage hie. Se wie neat foroare. Se koe net hearre hwat wy seinen, hwant se koe hielendal net hearre, allinne mar prate.
Underwilens trappearre ik mysels op sûndige gedachten, hwant nêst har stie mei de rêch nei ús ta in jonge frou mei sokke prykjende kûten en billen ûnder en yn har nauslutende denimrôk, dat men oars net as sûndige gedachten krije koe. Oant se har omdraeide. Doe die bliken dat se gjin noas hie, d.w.s. op it plak, dêr't har noas sitte moast sieten in pear kaeisgatten.
‘Ik sil foar jim bidde,’ sei muoike, doe't wy fuortgongen, mar miskien sei se dat ek wol tsjin oare, hwant ynienen wie dêr kombomuzyk en songen se allegear hanneklappend:
| |
| |
op in sentimentele amuzikale melody, dy't dochs dat swiere hat fan in mars funêbre. In tophit, dy't fuort pakte en jin de earste tsien ûren net mear út 'e holle giet likemin as dat famke sûnder noas.
‘Jezus moat wol fan ús hâlde.’ sei Henk, ‘dat wy dit oerlibbe ha.’
‘Dochs wol nijsgjirrich,’ miende Durk. ‘Ik sil ris sjen, oft ik dy melody ek analysearje kin, oft ik ek tophits meitsje kin. Sytse. dû bist kristlik, dû kinst de tekst wol meitsje. Kin wy ek miljonair wurde.’
‘Dit wie gjin tekst,’ sei ik ‘Jim bin hielendal atheïst. Ik kom alle sneinen noch yn tsjerke, mar dit egositryske gedweil flokt ek noch mei alle moderne theologyske ynsichten, dy't in normale kristen fan 'e tweintigste ieu ha kin.’
‘Soa, dû bist al in echte sekularisearre farizeër,’ sei Henk. ‘Dy lêste sin ‘zonder Jezus ben ik niet’ koe wol ris de kearn fan it kristlik leauwe útmeitsje. Sjoch dat sit sa: Jahweh bitsjut ‘ik bin...’ Hy bigoun in theologysk âldehoerpetear, dêr't ik neat fan bigriep en ek net nei hearde, om't ik hieltyd dat famke sûnder noas foar eagen hie. Dat earme bern. Troch har skeinde antlit koe se gjin man krije. Mar hwat in godlik model! Hwat docht in noas der dan yn 'e frede noch ta. De Venus fan Milo hat gjin earms. De earms en de noas dêr giet it net om by in frou. Alhoewol de noas fan Cleopatra. As dy oars west hie, hie Antonius net foreale west. hie de skiednis in hiel oar forrin hawn. Ach flauwe kul. bitocht troch in skriuwer. Hwat docht in noas der ta. Sielich dat net ien jonge man oer sa'n punt hinne stappe koe. 't Wie ommers gjin punt. As ik jong wie... Dêrom siet se ek by dy sekte fansels. Hwat in minsklik drama foar sa'n Venusmodel. Noch noait hie ik sa'n moaije frou sjoen. Blinder, by sa'n frou hie elke man frij spul. Hwat in mooglikheden. Al dy gryske venusbylden hiene ommers ek gjin noas mear. Hwat soe it. Healwize prakkesaesjes fansels foar in man fan tsjin 'e fyftich, ryksamtner mei eare. Ik soe har noait wer sjen. Ynienen seach ik wer de stomp fan 'e St.-Stefanustoer. Dy hie nou in bipealde skientme foar my. Ik wyt net hwerom.
‘De toer fan Babel koe net oan 'e himel ta komme,’ dosearre Henk, ‘mar elke man hat in toer, dy't dat wol kin.’
| |
| |
‘Hâld op to lullen,’ sei Durk, ‘hast dy geile trut sûnder noas sjoen?’
Ik stie wer mei beide fuotten yn'e realiteit.
‘Hoe wytstû, dat dat in geile trut is?’ frege ik.
‘Hiest dy eagen sjen moatten.’
‘Dêrom bin ik altyd sa pûr op dy sekten. Abortus mei net, faksinaesje mei net, bloedtransfusy mei net. Brânne yn 'e hel, dat mei allinne. Ik ha wol in kollega, plastysk chirurg, dy soe har in pracht fan in noas jaen kinne. Se koe mar útsykje, lang koart krom wip. Mar it mei net, it is sûnde. Elke geile kloatsek kin nou misbrûk fan har meitsje, faken ek noch ûnder it mom fan leafdadichheit. En dat is gjin sûnde. Se moat drage hwat God har to dragen jowt, of yn dit gefal net to dragen jowt. Der moast fordomme ris in wet komme tsjin de sielekniperij. Fysysk hat de natuer har skeind, psychysk de minske. Mar ja, it is wier, je kinne der better op lizze as op in sek stienparren.’
Henk hie syn foarm foun, mar hâldde ynienen op, doe't wy oan 'e oare kant fan 'e strjitte immen stean seagen.
Hwa of hwat wie dat? Wy binne bidoarne bern fan 'e westerske rike lannen. Goed, eartiids ha wy it wol ris swier hawn. Yn 'e oarloch bygelyks. Mar nou binne wy fan 'e natuer en fan it libben forfrjemde rikeljussoantsjes. Wy tinke hiel oars as in Russyske skriuwer, dy't in great part fan syn libben yn in strafkamp sitten hat. Wy tinke mear as in miljonairssoantsje, dat seit, dat je by it lêzen fan dy skriuwer stalinist wurde soene. Ik wyt it net, de tiid sil 't leare. As ik somlike dingen sjoch, fiel ik my folslein machteleas. Soms tink ik dat God in skriuwer is, dy't allinne mar lêzen wurdt troch de persoanen dy't yn syn forhalen optrede. Soms krast er in pear troch en set der in pear nije by. Hwerom is my folslein ûndúdlik.
Ik waerd biologearre troch dy figuer oan 'e oare kant fan 'e strjitte.
‘Dat is in negroïde tipe.’
‘Hy is oars sa wyt as sûpe.’
‘Hy hat it hier fan in papoea.’
‘Ik wol gjin rassist wêze,’ sei Henk, ‘mar it is wol dúdlik, dat
| |
| |
syn foarâlden tsientûzen jier letter út 'e beammen keam binne as uzes.’
‘Hwat wolst dêrmei sizze?’
‘Hy is folle mear dier as wy, folle sterker en syn gesicht liket op dat fan in gorilla.’
‘Wytst wol hwat de konsekwinsjes fan dy wurden binne?’ sei ik, ‘it kin tûzenen minsken it libben kostje, ja miskien wol miljoenen. Alles hwatstû seist wurdt opskreaun.’
‘Hoedat sa?’ frege Durk, ‘hwa sil opskriuwe hwat wy sizze en tinke?’
‘As it net opskreaun wurdt, bistean wy hielendal net.’
‘Hwa sil oer ús skriuwe? Wy ha neat bilibbe, dat al net ris opskreaun is. Of wolstou in boek oer ús skriuwe, Sytse?’
‘Né, mar miskien is in oar dêr drok mei dwaende.’
‘Dêr kin ik mei myn technysk boereforstân net by.’
‘Elke goede forsteander,’ sei Henk nou hiel earnstich, ‘wyt dat ik gjin rassist bin. Mar ik wiis op in taboe. Men mei wol straffeleas klassist wêze, mar net rassist. In klassist is ien, dy't elk, dy't mear as 25 mille fortsjinnet, foroardielet as in skurk, dy't inkeld de deastraf fortsjinnet. Nou jow ik ta, dat der ûnder de rike minsken in protte ploerten en proleten sitte, mar it is diskriminaesje om to mienen, dat dy dêr allinne mar sitte, je fine se likegoed ûnder de earmen en as ik sa oer de wei sjoch...’
Hy hâldde ynienen op, hwant de man oan 'e oare kant fan 'e wei wie yn in flits oan ús kant en foar 't wy der op bitocht wiene, joech er Henk sa'n skop tsjin 'e skinen, dat er it útraesde en krige Durk ien tsjin 'e kloaten, dat er yn mekoar kromp. Beiden strampelen se fuort sa hurd se koenen.
Doe wie ik oan bar. 'k Wyt net oft it holpen hat, mar ik die in skytgebetsje oan 'e hillige Stefanus, de patroan fan 'e toer, mar dy wie ôfknapt, dat folle hope hie ik net. De ‘gorilla’, dy't gjin neger wie, mar wol in folbloed blanke, bleau gnizend foar my stean. It wie in knaep fan in jier as achttjin.
‘Hwerom diene jo dat?’ frege ik, wylst it herte my omtrint troch de ribben sloech.
‘O, ik ha in boek oer de revolúsje lêzen, hartstikke moai,
| |
| |
minsken skoppe minsken deasjitte minsken martelje hartstikke moai. Ik ha ek wol in blaffer, mar dat knalt sa’ en hy liet my syn revolver sjen. Oft it in echten wie, hie ik gjin forstân fan.
‘Mar dy minsken bin myn bruorren,’ stammere ik.
‘Ha ha dat bin dochs gjin minsken, dat bin bonkerakken, opfolle mei buskefleis út 'e patattinte en fierders hwat skûmplastic. Mei it greatkapitael wurdt dat spul noch yn libben holden, mar wy kinne forrekke. Se forniele de natuer, útroegje dat túch! Ik ha in boek oer de revolúsje lêzen, hartstikke moai!’
‘Ho, wachtsje even. Foar't jo mý de deaskop jowe...’
‘Ik wol jo hielendal gjin deaskop jaen. Ik mei jo wol. Sille wy freonen wurde?’ Hy gniisde fâlsk.
Myn harsens draeiden op folle toeren. Wie der nou neat om út dit stik domme oermacht to kommen?
‘Kom,’ sei ik, ‘witte jo hjir in goeije kroech, dan drinke wy in pilske.’
Hy sloech in earm my om 't skouder: ‘Jo binne myn bêste freon. Fordomme, dêr komt myn broer oan. Dy is like sterk as ik. Jowt neat, drinke wy mei ús trijen in pilske.’
Wy rounen in eintsje troch de strjitte. Foar 't wy in doar yn gongen, seach ik noch even de ruïne fan 'e St.-Stefanus, sa tryst, sa tryst.
Ik kaem yn in swarte romte, dêr't ljochtsjes yn 'e fremdste figueren oan en út flakkeren. Der hong in mjitske rook en ek reek. Oeral oer de flier leine jonge minsken to smoken en to frijen, mear to smoken. Se seagen glêzich foar har en libben yn in oare wrâld. Miskien wie hjir noch help to krijen, as ik nou mar net troch ien of oare wrâldfrjemde opmerking op in lange tean trape. Hashsmokers binne tige nuete minsken ha se my forteld. In ûnsichtbere ynstallaesje produsearre ientoanige easterske muzyk. Hjir stoar de agressive westerske biskaving in fredige, ja in o sa fredige dea. Ik soe mei har stjerre, mar net fredich, dat fielde ik oan myn wyld bounzjend herte. Ik siet as in bang fûgeltsje tusken twa fleisklompen, Tom en Jim wiene har nammen.
‘In tientsje mar,’ sei Tom.
| |
| |
‘Ja en ek in tientsje foar my.’ sei Jim.
‘Dat is tweintich goune, dat hawwe jo dochs wol?’
Se wiene earm, se wiene yn dizze rike tiid mei al har krêft en gewelt sa forskriklik earm, dat se in moard diene foar in tientsje. Minsklik wêze is in foarrjocht foar de riken. Ik hie har wiis makke dat ik net folle jild by my hie tafallich. Tafallich wist ik hwat ik yn 'e beurs hie en dêr siet myn kâns.
‘Jonges, (myn lûd wie heas, ik wyt net hoe't it kaem, mar normael prate koe ik net mear) Tom hie it sakrekt oer myn bruorren. Ik bin net folle better. Ien hou fan jim hannen en ik bin in heapke smots nêst de tafel.’
‘Mar wy wolle dy neat dwaen, Sytse, hoe komst dêr nou by?’
‘'t Is mei my noch folle slimmer as mei myn bruorren. Dy bin soun, mar ik bin swier hertpasjint. In gleske pils kin myn dea wêze. Ik ha leaver tomatesop. Slaen my oars yn ien kear dea, dat is foardeliger. Sa net jim kinne folle mear as tweintich goune krije, mar (ik bigoun to lústerjen) dat kin ik hjir net sjen litte.’
‘Kom mei,’ sei Tom en mei ús trije gongen wy de strjitte wer op, ik as dwerch tusken twa reuzen. Nou bin dwergen yn 'e mearkes oer 't algemien snoader as reuzen. Yn 'e realiteit is dat net sa. Mar it is wol sa dat dwergen kwetsberder binne en dêrom mear op har iepenst.
‘Wy geane nei de timpel van Herry & Merry,’ sei ik.
‘Leaver net’, sei Jim, ‘dêr bin ik deabinaud foar.’
‘Jim bin dochs net bang foar Jansma syn Jezus?’
‘Godfordomme né, mar hwat wolstou dan?’
‘Hwat ik wol, is net wichtich, hwat ik net wol, dêr giet it om.’ Ik krige se mei it foarportael fan 'e timpel yn. Foar it offerblok bleau ik stean.
‘Hwat nou, Sytse?’
‘Lês hwat dêr stiet,’ sei ik.
‘Foor u sieleheil, dank u,’ sei Tom.
‘Ik wol net, dat jim mekoar kwea dogge.’ Ik swit stie my op 'e foarholle en ik hie de triennen yn 'e eagen. Ik kearde myn beurs om. Der rôllen in pear sinten út plus trije briefkes. Ik joech beide mannen elk 25 goune en naem sels it hûndertgounebriefke: ‘Ik
| |
| |
woe graech dat jim dit yn it offerblok diene, dat soe foar it sieleheil fan it minskdom in greate died wêze.’
‘Mar bêste Sytse, bistou fan 'e gemeente,’ gnyske Tom.
‘Spitich, wy ha hielendal gjin siele,’ sei Jim.
‘Oan hwa fan jim beiden moat ik it dan jaen?’ frege ik wanhopich.
De beide mannen seagen mekoar forwoast oan, even mar, hwant doe kaem Jansma it portael yn.
‘Sjoch Jansma, dizze mannen slaen mekoar dea of se dogge hûndert goune yn it offerblok. Se kinne ek elk de helte krije,’ en ik skuorde it briefke yn twaen, joech de iene helte oan Tom en de oare oan Jim. Dy krigen it forheard oan, mar gniisden hielendal net leaf mear.
Hiel stadich, wylst se al har spieren spanden en de ieren fan har hollen útpûlden as wrakselen se tsjin alle apen, liuwen en bearen út har foarteam, biweegden se de hannen nei de gleuf van it offerblok.
Hoe't dat ôfroun, wachte ik net ôf. Ik sprong mei in snoekeskoat de seal yn. En wylst ik it fan ellinde omtrint bistoar, wie it krekt as waerd de televisy op in oar net drukt.
De ekstase fan 'e gemeente fan Herry en Merry wie op in hichtepunt. In pear froulju leine dwars oer de flier en stoarren mei in himelske blik omheech, wylst har lippen hieltyd it wurd ‘Jezus’ foarmen. Forstean koe men dat net, hwant ús muoike Tryntsje raesde boppe alles út:
Jezus is koning van hemel en aarde varia
Hij is de heer die mijn ziel steeds bewaarde varia
Hoe't dat fierder gong, koe ik net forstean, hwant in oarenien song der like lûd trochhinne yn it Frysk (frisiasten binne oeral)
En Petrus roun oer de wylde sé
Hy seach in hege weach o wé
Mar Jezus dy wie lang net dom
dy fiske Petrus gau werom
| |
| |
It sloech yn. De minsken hanneklapten en hossebosken troch inoar hinne en hieltyd herhelle him dit refrein:
Oant in man op in soarte fan preekstoel alle theologen fan Augustinus oant Karl Barth achter mekoar forhaspele en sei, dat it heil allinne by Jezus to finen wie. Alle kearen dat de namme Jezus foel, waerd der hallelluja roppen. Hieltyd mear froulju foelen yn trance plat oer de flier. Doe stie der ien op en sloech allegear ûnforsteanbere klanken út, in stik as tsien oaren folgen. Ik moast tinke oan Henk syn wurden: ‘de hiele wrâld is in gekkehûs.’ Sakrekt yn dy swarte kroech ekstase, nou wer oeral ekstase, hwerom rekket in oar wol en ik noait yn ekstase?
Earne achter yn de seal gluorke Tom mei syn bargekop. De eangst bisette my wer. Hwer moast ik hinne?
‘Nei Jezus!’ sei in sprekker. Tom hie my noch net sjoen. Ik kroep tusken de minsken yn 'e rjochting fan in achterdoar. Ik bukte my. Net allegear leine se oer de flier. Even kipe ik oer de minsken hinne en seach lyk yn Tom syn rôtte-eagen.
‘Hy seach in hege weach o wé.’
‘Help!’ rôp ik en plofte op 'e knibbels
‘widewidewytbombom.’
Hjir koe men alles dwaen. Hoe gek ek, neat foel op. Alle minsken wiene bliid en lokkich en dêr waerd ik noch binauder fan, eangstme kniep my de strôte wer ticht.
Hoe kinne minsken har sa gean litte. It libben is dochs in earnstige saek. De iene flechtet yn 'e drugs, de oare yn in ekstatyske sekte, en ik? Wie ik net in farizeër, sa't Henk sei, ien mei fromme praetsjes, mar hwat hie ik sakrekt oer dat famke sûnder noas biprakkesearre? Hoe bistie it. Noch sa koart lyn, hypokryt, dy't ik wie. Hiene dizze minsken winliken net gelyk? De minske wie troch ende troch fordoarn en it heil wie allinne by Jezus to finen. De straf op myn sûnde wie dizze binearjende sitewaesje. Ach flauwe kul fansels. Hoe faek wie in plysjeman wol net de iennichst normale yn in seal fol gekken.
Tsjin 'e doar oan siet se, it famke sûnder noas. Mei har sensuele lippen sobbe se op in lolly. Se seach my oan en lake. In normael
| |
| |
minske soe se wol net wêze, mar ûnder dizze omstannichheden miskien de iennichste oan hwa't ik om help freegje koe. Dêr kaem by, hie ik net in hiel skoft oan har tocht? Der wie in dierlikheit yn 't spul, dy't ik by mysels noch noait merkbiten hie, mar dy't blykber nei foaren komt as it giet om libben of dea, ja mear om dea. Yn oarloggen komt soks ek foar. Geile trut, hie Durk sein, mar hwat wie ik?
‘Halleluja,’ sei se, hwat soksahwat as ‘hoi’ bitsjutte. Ik naem it my foar om hear to bliuwen. Se seach my tige binijd oan, doe 't ik har myn forhael fortelde en meunstere my fan ûnderen oant boppen. It wie as kitele se my dêrmei. Doe wie se biret.
Wy fordwounen troch in needútgong en kamen yn in portaeltsje.
‘Nim in stoel mei, dy moatte wy brûke.’
Se hie folslein de lieding. Ik wie to forstuivere om hwat ek to bitinken. Ik hie sjoen, dat der in skok troch har hinne gong, doe't ik de nammen Tom en Jim neamde, in fearjende skok, dy't har boarsten prachtich útkomme liet. Né, in sloppe pudding wie it net. De eangst foar Tom en Jim foroare by my stadich oan yn hate. Hurdrinne. Ik trape op stikken hout, yn kûlen, trape yn 'e stront, knoffele omtrint oer in blikje, stompte my tsjin in pealtsje. It wie roettsjuster. Se hie my by de hân, wylst ik de stoel achter my oansleepte.
Wy stiene foar in sket mei stikeltried bislein.
‘Hjir moatte wy oer. Set de stoel der mar tsjinoan en dan mei de hannen in plakje sykje, dêr't it net pript en dan hupsaké en wy bin feilich. Ik sil it wol fordwaen. Wy kom me sêft to lânne, hwant dêr stiet de skerne fan ús heit syn tún.’ Linich swaeide se oer 't sket. Har fuotten kwitsten yn 'e blabze. Ik soe folgje mar hearde ynienen in hymjend lûd achter my. Myn eagen, dy't oan it tsjuster wenden, seagen it kollossale stal fan Tom of Jim, dat wie sa net to ûnderskieden, in hymjende bear, dy't hast by my wie. Ik sette ôf, bleau fansels mei de lofterbokse oan it stikeltried hingjen en plofte mei de sydkant fan 'e holle yn 'e weake dridze. In stikel skraste myn ankel oan 't op 'e bonke, mar twa stevige earms skuorden my der wei.
Rinne. Ik hie al in forskuorrende pine yn 'e side fan 't hurde
| |
| |
rinnen en winske stadichoan in ein oan myn lijen, mar sy skuorde my troch alles hinne, lâns muorkes, tusken pealtsjes, troch strûkeguod.
‘Hjir,’ sei se en wy gongen ta in doar yn. Dêr't wy nou stiene wie it hielendal swart foar de eagen.
‘Ssst’ se kroep tsjin my oan, triljend as in reid. ‘Se sille dy formoardzje as se dy fine.’
Diene se it mar, tocht ik. Ik woe op dat stuit wol deafalle. Ik seach it net mear sitten. Der is lykwols in krêft, dy't de minske troch alles hinne skuort en dat is de leafde. Unwillekeurich glieden myn gefoelige yntellektuele fingers oer har rêch, de bôgen fan har least bylâns nei har billen. Like ûnwillekeurich hie'k de hurde knop fan ien fan har prachtige boarsten yn 'e palm fan myn hân. Se sloech de earms om my hinne en treau har stiif tsjin my oan.
‘Ik hâld fan dy,’ sei se. By dizze simpele magyske klisjéwurden foel al myn pine yn it neat. Hwa hie dat dreame doarst? Hie ik dy jouns net faken oan har tocht? Ik klamme my oan har fêst. Ik soe har noait wer loslitte. Mei har to stjerren wie de moaiste dea.
Lang tiid om dit nije lok op my ynwurkje to litten hie ik net. Fuotstappen flakby! Like hastich as se har oan my oerjown hie. treau se my nou oer allegear obstakel hinne. ‘Hjir, yn 't âld koalehok’, en ik plofte oer in sketsje op in skeane betonnen flier mei de fingers yn 't grús.
Hwer wie ik yn 'e frede. De muorren, né lewanten wiene fan hout. By myn seare ankel wie it klibjend wiet. Bloed fansels. Ik hearde wer stappen.
‘Hwer bin se godfordomme!’
‘Sjoch ris yn dat âld hok.’
De doar gie iepen. Even waerd it hwat ljochter.
‘Bliuw fan my ôf, fizerikken, ik bin Welmoed Jansma.’
‘Ik ha it noaske fan 'e psalm,’ raesde Tom.
‘Gean dyn gong mar, wy ha der elk fyftich goune foar bitelle.’
‘Greate ôfsetterij foar ien sûnder noas.’
‘Bliuw fan my ôf!’
‘'n Bytsje foarsichtich, ik wol ek noch.’
Ik hearde in droan tsjin 't hok. Dat bigoun to skodzjen as wie der
| |
| |
in ierdbeving. De túnklauwer foel om, de lep, de biezem, de skoffel, de hageskrjirre knoffele tusken de spikers wei, alteast ik hearde allegear ploffen. Hieltyd fûlder skodde it hok hinne en wer. Aenst soe it boppe myn holle yn mekoar klappe. In houten breidsbêd en ik wie de matras.
‘Halleluja,’ rôp Tom, ‘wy geane sjongend de tsjerke yn!’ en fûlder waerd der tsjin 't lewant oan rameid. Ik moast, as ik in keardel wie, har forlosse. As in hoofse ridder fjochtsje tsjin 'e rôvers. Taestend socht ik nei de hageskjirre, foun dy ek noch. Ik soe se de kop ôfknippe, de smearlappen.
Mar ik wie gjin keardel. Ik bigoun ynienen hiel helder to tinken. Se hiene ommers revolvers. Hwat stilder, hwat minder deaden, wie de rasionalisaesje fan myn leffens. Yn myn fantasije wie ik de helt, dy't de heldin, dy't myn libben rêdden hie bifrije soe, yn 'e realiteit liet ik har op myn kosten forkrêftsje. O God foel ik mar dea op dit stuit. It libben hie ik al lang net mear fotsjinne.
Jim wie oan bar en de ierdbeving bigoun wer.
‘Ik wol alles foar jim dwaen,’ sei Welmoed, ‘as jim dy man mar gewurde litte.’
‘Moarn wer?’ frege Tom.
‘Altyd wer, fizerikken.’
De ierdbeving wie nou noch folle slimmer as de earste kears. It soe net lang mear duorje of it houten breidsbêd wie in realiteit, in divelske realiteit. Dit wie net to daeijen, dan mar dea. Ik soe der op ôf. Doe fielde ik in bouns en it wie as barstte my de holle en floeiden de harsens as sjerp my oer de krage en ta de nekke yn. Ik wist neat mear. Der hongen allegear ankers oan touwen yn it treppenhûs fan 'e St.-Stefanustoer. It wiene lytse ankerkes mei flymjende punten, dy't my nou en dan tsjin 't ankel oan pripten, altyd op 't selde seare plak. Ek stompte ik hieltyd de holle. Ik waerd der mislik fan, mar ik moast de touwen beetkrije, de fuotten yn 'e ankers sette en sa omheech klimme. It wie hast gjin dwaen. Groun wie der net en nei boppen ta roun alles op in punt út. It wie in ivige klim, dy't op neat útroun. Ik koe hast net mear. Hwerom moast ik ek altyd sa klimme? Der wie mar ien antwurd op: dit wie in dream. Lit my mar donderje. Der gounze hwat yn myn holle en
| |
| |
ik fielde in drip op myn mûle, sâlt wetter. Doe hearde ik ien, dy't sêft siet to gûlen.
Ik waerd wekker mei in barstende pine yn 'e holle. Ik hie wolris op in nofliker bêd lein. Ieuwen lyn hie ik mei twa bruorren op stap west. Au dy holle! Hoe lang it duorre foar 't ik bisefte dat ik yn in âld hok op in stiennen flier lei, wist ik net. In tsiende sekonde, in healûre? Foar't ik bisefte, dat der in jonge frou by my siet mei namme Welmoed Jansma, in jonge frou sûnder noas, mar dochs hiel leaf, dy't gûlde.
Ik doarst neat to sizzen. Ik skamme my. Sy doarst hast ek net to praten, sy skamme har ek. Hwerom mei joast wite. Miskien hie se har har hiele libben wol skamme. Se hie it oer in hertpasjint, dêr't se fan tochten, dat er dea wie.
‘Gelokkich, jo libje noch.’
‘Ik woe dat ik dea wie.’
‘Ik woe ek wol dea,’ snokte se.
Dit fleurige petear gong sa in skoftsje troch, hwerby't de iene de oare útnimmender achte as him of harsels, oant wy it âljen hearden fan in plysjeauto.
‘Ik sil ús heit helje: ik smeekje jo, bliuw hjir.’
‘Ik doch alles hwat jo wolle.’ Hwat hie ik oars yn to bringen?
It wachtsjen duorre in ûre, ûren? En hieltyd wer plysjeauto's. Ik koe net op myn horloazje sjen. Der siet klibjend spul op. Earst tocht ik, dat de holle my ûnder 't bloed siet en dat ik it wol net lang mear meitsje soe. Wie ik miskien al dea? Ik hie in klap op 'e holle hawn. ‘Levensgevaarlijk, instortingsgevaar’ seach ik foar my stean. Wie de St.-Stefanuskathedrael op my stoart? Of lei ik yn in grêfkelder? Levensgevaarlijk, instortingsgevaar. Ik seach it buordtsje nou hiel dúdlik foar my. It buordtsje by de toer. Durk en Henk hiene it oer forsekeringen hawn. Forsekere oant yn it grêf, levensgevaarlijk.
Mar de pine yn 'e holle sakke. Ik waerd helderder en kaem oerein. Ik bigoun to ûndersykjen, die myn oanstekker oan om to sjen hwer't ik wie. Wist noch net folle, mar wol, dat ik in bus reade meny oer my hinne krigen hie. Fansels by dy seksuele útspatting fan Tim of Jim, hoe hiet er ek al wer.
Doe bigoun ik to gûlen. Ik kin der net oer as myn klean smoarch
| |
| |
binne. De klean meitsje de man en nou fielde ik my in biflekte lepralijer. Ik kin alles ha, mar gjin flekken op 'e klean. Ienkear stiet elk minske lykme allinne foar de dea. Hwat moast ik nou mei sokke smoarge klibjene klean. Dêrom gûlde ik as in lyts bern en dêr knapte ik fan op. Ik longere ynienen ôfgryslik nei in sigaret. Foun it forfrommele pakje, stuts ien op mei noch al hwat muoite, hwant de hannen trillen my slim. Ik smûgde de longen fol reek. Hearlik. It kwyl kaem my yn 'e mûle. Ik slokte en naem noch in hael.
Ik moast hjirwei, taestte nei de doar. Bûten wie it in stik ljochter, mar as in ûnbidich swart spoek stie dêr foar my de St.-Stefanuskathedrael, as de ûnderwrâld, as de dea yn 'e kosmos. In iiskâlde wyn siigde my troch alles hinne. Ik hie swit en forklomme nou oant op it bien. Gau kroep ik wer yn it hok mei de hearlike rook fan myn sigaret.
‘Myn ekskuzes foar myn dochter.’ sei Jansma.
‘Ekskuzes? Jou dochter hat my it libben rêdden, as dy der net west hie...’
‘Dan hiene jo al lang wer feilich thús west. Se heart yn in gesticht, dat komt yn 'e bêste familys foar, mar âlde Trvntsje nimt har altyd mei.’
‘Dat is myn muoike.’
‘Ik sei al, it komt yn 'e bêste familys foar. Se kin net fan 'e manlju ôfbliuwe en der is noch hwat mei.’
‘Hwa isyn 'e frede net gek?’
‘De plysje mei net witte, dat ús tsjerke hwat mei jou fordwinen to meitsjen hat. Dat soe ús ûndergong wêze. Welmoed en Tryntsje hiene yn it gesticht bliuwe moatten, wy binne faken genôch warskôge, mar wy woene foar dy minsken ek hwat dwaen en dan, Welmoed is myn dochter.’ Dy lêste wurden kamen der heas út. ‘Sjoch ik ha hjir in skjinne jas foar jo.’
‘Hwat kin ik foar jo dwaen?’
‘De plysje hat alles ôfsluten om jo op to sykjen en haldt in razzia.’
Ik bisefte nou, dat ik bihalve in man yn 'e lytse loege ek noch in wichtich boarger fan 'e stêd wie mei in hiel plysje-apparaet ta syn
| |
| |
tsjinst. Mar hwat bliuwt der fan in wichtich boarger oer, as dat machtsapparaet weifalt?
‘Jo kinne jo allinne noch forskûlje yn 'e âlde tsjerke.’
De âlde tsjerke wie de St.-Stefanuskathedrael. Dy wie dochs noch fierder fuort as ik tocht. Nei in lange en bange kuijer troch allegear achtertúntsjes en klimpartijen oer sketten kamen wy foar in doar mei ek it buordtsje:
Levensgevaarlijk
instortingsgevaar
Stilistysk net fraei, dat twa kear gevaar, tocht ik.
‘'t Is mei dy âld tsjerke ek neat mear,’ sei Jansma, wylst er in bosk kaeijen út 'e bûse krige. ‘Us tsjerke giet it ek mis mei,’ gied er sûmber fierder. ‘It Herry & Merry-concern hellet ús it fel oer de nekke. Jo seagen hoe gelokkich dy minsken wiene. Altyd sil it jild de tsjerke forneatigje, mar Jezus...’
‘It is wol goed sa Jansma, ik rêd my fierders wol, tige dank.’
‘Né, jo tige dank. Wy sille bidde foar jou sieleheil.’
‘De groetnis oan jou dochter. 't Is dochs in leaf famke. Ik haw wol relaesjes, dy't der foar soargje kinne dat se in pracht fan in noas kriget.’
‘GEAN BY MY WEI, SATAN!! tongere Jansma ynienen as wie er Godsels.
Kjel stroffele ik de lege romte fan 'e tsjerke yn. Suver neat to sjen. Allinne troch in gat yn it dak, dêr't de toer trochhinne fallen wie, skimere de stjerreloft. As je in klap op 'e kop krije, sjogge je ek stjerren. Abraham seach ek stjerren, mar ik knoffelde oer in stienbult.
Levensgevaarlijk
instortingsgevaar
Achter my draeide Jansma de kaei om. As nou de foardoar mar los wie.....
Simmer '76
|
|