[Nummer 1]
Redaksjoneel
Mei yngong fan 1.1.1977 hat Eppie Dam it plak fan Bartle Laverman yn 'e redaksje fan Trotwaer ynnommen. Foar de geregelde lêzers van Trotwaer sil Dam wol gjin ûnbikende mear wêze; gâns in rige fersen en forhalen fan sines is al forskynd yn ús tydskrift. Dam hat ek oan oare tydskriften bydragen levere; wy rekkenje dermei, dat yn dy sitewaesje gjin foroaring dat makket komme sil.
Mei yngong fan 1.1.1977 nimt Anne de Vries de foarmjowing fan Trotwaer oer fan Bartle Laverman. Wy sizze Bartle hertlik tank foar alle war, dy't er de ôfroune jierren dien hat om Trotwaer kreas foar de hearen komme to litten. Ek Anne de Vries is gjin ûnbikende foar de geregelde Trotwaer-lêzers. Wy rekkenje dermei, dat de foarmjowing by him yn bitroude hannen is.
Gâns in tal jierren hat Jant v.d. Weg-Laverman de korreksje fan de printkladden fan Trotwaer op 'e noed nommen. Binammen troch har sekuerens koene de printflaters yn Trotwaer werombracht wurde ta in akseptabel minimum. Wy sizze har rju tank foar al it wurk, dat hja efter de skermen foar ús tydskrift dien hat.
It hat altiten ús doel west Trotwaer sa goed as mooglik is foar de hearen komme to litten. Dêrfoar ha wy ek altiten gâns omtinken jown oan uterlike forsoarging en korreksje fan de printkladden. It muoit ús tige dit sizze to moatten, dat de ynderlike forsoarging, dws. it taelgebrûk yn de stikken yn Trotwaer net altiten bisjen lije koe. Dat moat al oars! Wy bin dan ek fan doel en sjoch tonei ús eigen en ek de fan oaren ynstjûrde stikken nei op tael en stavering. Minder goed en geef Frysk sil foar ús lykwols nea in reden wêze om in stik of in fers to wegerjen. Wy foroarje (forbetterje) der op syn heechst in wurdmannich yn. Wy sille op dat stik fan saken gjin strang puristysk stânpunt ynnimme, mar de alderslimste taelflaters wolle wy tonei út Trotwaer weikeare. It seit himsels dat wy net de styl fan it stik oantaeste wolle en as de skriuwer ús seit: perfoast neat foroarje yn myn eigenste taelgebrûk en yn myn eigenste stavering, dan sil wy ús read potlead thúslitte. Fansels ha wy ek alhiel gjin biswieren tsjin farianten út de ûnderskate tongslaggen fan Fryslân. As immen op skölle bjatsje wol, ús is alles bêst!