Tichelwurk
Oan 'e redaksje fan Trotwaer
REDAKSJE,
In lulke bui is gauwer oer as in lulke brief. As ik myn brief fan 3-5-'76 nochris oerlês dan wie 't wol slim, minsken hwat wie't slim. 't Is wier, jim bin bigoun, mar men moat altyd jins selsbihearsking biwarje, net wier? Van Hijum hat it ris hawn oer ‘minikukels’. Hwat er dêr nou krekt mei bidoelt, wyt ik net. Ik soe Van Hijum syn krityk op ‘popkes tekenje’ by neijer ynsjen mar in ‘hijkukel’ neame wolle. En neam myn brief dan ek mar in ‘hijkukel’.
In ‘hijkukel’ skriuwt in kritikus troch goed gelok hwat sitaten op to skriuwen, de gerdinen ticht to dwaen, it to bisprekken wurk djip yn in laedtsje to forstopjen, in heale flesse bearenburch achter mekoar op to sûpen, in skoftsje mei de eagen ticht alle negative dingen dy't in skriuwer hat, of dy er tinkt dat er hat by mekoar to prakkesearjen en dy dan achter mekoar op it papier to kletsen. Dan sûpt er de flesse leech en de oare deis nei de kater bihoffenet er de styl en de stavering hwat en dan kin it saekje yn in slûf nei de redaksje. Tige handich dêrby is it fansels mear rigels to sitearjen as sels to bitinken. Dat fortsjinnet better. Dat hat Van Hijum al en ik net dien. Ik tink dat Van Hijum better oer de bearenburch kin. Oft in hijkukel literaire wearde hat, wyt ik net. Misschien wol, miskien wurde oer hûndert jier fan al ús literair geskrep alline de hijkukels noch lêzen, mar ja hwat ha wy der nou oan. Miskien tinke jim nou to witten hwat ik fan jim tink. Miskien ha jim dan wol gelyk. Hwat ik skreaun ha, haw ik skreaun, al binne der in pear stomme dingen by. De allerstomste opmerking wie om noait wer yn trotwaer to publisearjen. Dat is jins eigen glêzen ynsmite sawol literair as finansieel. Mar ja, hwat forwachtet men ek foar oare ynspiraesje út in heale flesse bearenburch. Lêsten kaem ik Willem Abma tsjin by de Miro yn Ljouwert mei sa'n karke, jim wite wol sa'n karke mei fjouwer tsjiltsjes, dêr't der mar trije fan draeije wolle.
‘Fierders,’ sei er, ‘bin ik noch altyd fan miening, dat Steven de Jong trochgean moat mei skriuwen.’ Dat is dochs aerdich, net? En dan koe Willem Abma ek net helpe, dat er op it omkaft stie fan ‘1984’ fan Orwell. Greate Broer liket wol hwat op Stalin en Willem hat ek sa'n snor. Sa hat elk minske syn eigenaerdichheden. Krekt as Trinus mei syn stavering. Wy sille der mei leare moatte to libjen. Alle minsken binne net sa't wy se graech ha wolle. Bartle Laverman is nou