Trotwaer. Jaargang 8(1976)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 381] [p. 381] Steven de Jong Fers Prelude dit is myn lichem sei se en doe't ik myn triljende hân útstiek (in lytse emoasje mei dochs wol) toe mar sei se it is myn liif it is foar dy nou it is foar dy kom sei se en reizgje ôf om utens sykjend en taestend en hieltyd mear finend nei it fiere lân djip djip yn my en wês net bang ik bin it dochs en forjit net datstou it bist as wy ússels yn mekoar forlieze Vorige Volgende