boskpaed ljept, en dat ‘fan lang forlyn’ is, neffens mij treflik de fornuvring en de forfrjemding oanjowt. Ek Swart-wyt is yn biskate opsichten lyrysk - it is allinne spitich dat de lêste strofe mij sa tsjuster is. Mar dat leit him grif oan mij. Pasjint en Lykdicht binne ek noch lyrysk to neamen. Pasjint rint nei de goede oanhef dochs út op in toloarstelling. De lêste, tredde, strofe mei it ‘momint U’ is nei myn bitinken net oertsjûgjend:
o prater yn de roes fan it momint
ik bin mar in earme lijer
Der is fansels noch de mooglikheit dat mei U ‘Jo’ bidoeld is, tajown moat dan wurde dat it folle better slagge wêze soe. Ek troch de kontekst fan de folgjende rigel is dit net ûnoannimlik.
Lykdicht. mei syn relativearjende toan sprekt mij wol oan:
(2e strofe) ik liz ik lit de keardel yn my sliepe
oaren frisselje fan toarnen in kroan
hwat in opskuor oer hwat lichte skrammen
ta kreaze roofkes fordroege
De oare gedichten yn dizze bondel soe ik net lyrysk neame wolle. Hwat binne se dan al? It is fansels altyd mooglik dat de dichter it clownspak oanstrûpt en de pias úthinget dy't dochs syn trystens net biskûl hâlde kin. Foarbylden fan sokke, yn wêzen dus dochs wer lyryske, gedichten kin ik yn dizze bondel net fine.
Hwat nei it boppeneamde oerbliuwt yn dizze bondel binne gedichten hwerfan't de toan en ynhâld yn oerienstimming binne mei de konstatearring fan de dichter sels dat it strieljend hannebinerke dea is. As je dan noch dichtsje, ja, hwat dogge je dan? Dan bliuwt allinne de akrobatyk oer. Je kinne de anekdotyske toer opgean, bijgelyks yn de searje mei de namme Sibbichheden. Je kinne in oantal sonnetten skriuwe mei in ynhâld dy't net strookt mei de ynhâld dy't de sonnetfoarm suggerearret (‘en bern knap ik dêr net út myn béha’), je kinne domwei observearje en delskriuwe hwat jin foar it ark rint, bijgelyks it gedicht mei de titel 3, en Alys boartet mei in reade opel kadett. Je kinne in gedicht as Idiomatysk front skriuwe fol mei afûkfrysk, ensfh. Oars sein: je kinne boartsje mei alde foarmen en âlde tael en de wurklikheit hjirmei biskreaun, om al boartsjendewei to bisykjen ta nije dichterlikheit to kommen.
Elke lêzer sil foar himsels oardielje moatte oft dat slagge is. Nei myn gefoel is it dat net. Ik ha nei twa kear lêzen gjin forlet bijgelyks de Sibbichheden nochris to lêzen, en sa giet it mei de measte oaren fan dit soarte ek. Anekdotysk, grappich faeks, mear net. Ik moat lykwols tajaen dat In studinte praet oer Fryslân, in