Trotwaer. Jaargang 8
(1976)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 370]
| |
Alex Riemersma
| |
[pagina 371]
| |
Yn dit gedicht folt ut jun óp, dot de dichter moai natuerlik mei de wurden wurket. Ut is os hoegt de dichter nea net óm un wurd te sykjen, os rûggelet olles samar ta har pinne út. Besûndere of forsjerre wurdfwarmen en útsûnderlike wurden dy't net ta de saak dógge, fyn ik net yn har bóndel. Olles leit tige gewoan yn 't gehoar en dot is neffens my un geweldig pree fwar de poëzy. Ut is os praat de dichter fwar harsels út en wurde de wurden ópheind tróch un (smel) stik papier, dot der fwar swarget, dot de rigels splitst wurde. Ut eigene oan de fersen fon v.d. Geest is, dot der gjin fólsleine sinnen makke wurde, of better sein dot de sinnen hieltyten óp 'e nij begjinne. Eltse nije fersrigel betsjut un nij begjin; net olinneg un nij begjin fon 'e sin, mar ek un nij perspektyf; un nij elemint wurdt tafoege oan ut ûnderwerp. De fersrigels fon ‘der binne....’ binne skwalfwarbylden fon ut ydé, dot un fersrigel mei os merkteken hat un djippe sitaktykse greensl). Krekt ut tróchrinnen fon de sintaktyske grûp makket dot der enjambemint ûntstiet, dy 't fwar de lêzer un spesjale sponning betsjut (bg. r. 14/15); en dêrmei kómme krekt dy rigels yn ut sintrum fon ut ómtinken fon de lêzer. Forlykje ek s. 61: ‘to let’: ‘en in nije hear slacht/foar master op’. Ut gie my mei ut lêzen en besjen fon dit fers ‘der binne...’ lykos mei dot, dêr't ut yn dit fers no krekt óm giet: hû tichterby ik kóm, namsto ûndúdliker en slimmer te fetsjen waard ut fwar my. Ut liket wol un fata morgana te wêzen: kómt men tichterby, don ûnkómt jun ut fers dóchs wer; men hat nea ut hiele fers yn 'e macht. Dit fers hat un sirkelkarakter; de herhelling fon de earste fiif rigels oan 'e ein tsjut al oan, der wurdt fon de lêzer ferwachte, hy lêst ut fers hieltyten óp 'e nij en hieltyten wer bliuwt er even fwar dot boerd ‘dearinnende dyk’ stean en lêst don trôch oant er wer by dot ‘sigentsje’ en ‘dy flap fan in doar’ is óm moai kolm tróch te lêzen, olles wurdt ommers wei. Njonken un sirkelgóng sit der ek un ferskowing yn dit fers, un parallelgóng tusken strofe twa en trije. Beide strofen binne elk fwar oar un konkretysjerring, un ‘fwarbyld’ fon de olgemiene stelling fon strofe ien en fjouwer. Beide bringe un stikje desyllúzje, ynenwarstwarten fon ydéalen. Ut mei de ‘ik’ (r. 6.) blykber net slagje ‘wy’ (r. 8, 12) te wurden. Dit is wol sawot de tendens fon dit fers en fon gwòn fersen mear yn disse bóndel: teloarstelling om ut ferliezen of net berikke kinnen fon un ‘hiel lyts bytsje hâld’ (r. 15). Der binne mear fersen yn 'e bóndel dêr 't un ferlies yn útsprutsen wurdt. De dichter ferliest ollegeduerigen fon ut libben. Ut ferlies wurdt de lêzer net oanbean os un tige swiere en trystege les, mar ut dócht jun blyken, dot de dichter ut libben oan har fwarbylûken sjogt, sûnder dot hja meidógt oan ut libben. Ferlykje s. 45: ‘faek:’ | |
[pagina 372]
| |
(...) hjoed reizgje de ûren/yntusken wer minútleas foarby/en nei in jiermannich dogt bliken/alle hjoed-de-dagen ha 'k oerslein: / myn libben’; ferlykje ek s. 44: ‘myn twade ik’: (....)/ ik haw forlern’. De ûnfrede fon de ik, de dichter, kriget stal yn un him werómlûken fon de wrôd (s. 57: lit ús poarten/ fan konfersaesje slute/ en it finster fan gefoel/op in heakje sette’) en un ûnderfynen fon de wrôd en de meensken os kôd en klómsk (s. 56: ‘binne de minsken/kâld en/ klomsk is myn antwurd’). Ut foldógt de dichter net yn 'e wrôd en mei dêrfandinne kómt ut yndyfydualistyske elemint sterk óp 'e fwargrûn. De selsbetrutsenens en de egosintryske sfear kómme ek ta úttering yn dit fers (s. 59)
jouns dounsje ik de dei út
op strakke akkoarden
en hear de nije
yn it fruchtwetter hymjen
geef? trijekwart?
hwa sil my dat sizze
jouns dounsje ik en dounsje ik en dounsje ik
op yn 'e nije moarn.
de nije moarn
neaken en bleat
leit iepenteard
en skreaut fan poëzy
skreaut poëzy
lykwols sa hurd sa hurd
stienhurd
de nije moarn
noch ûnbidoarn forliest
har foarste stappen oan my
en ik ik gean
ek dêr 't it forbean is
om gerskes plat to wâdzjen
de nije moarn
foar in part forknipt
hwant in hipt sa nau
mei de minsken en my
en hy en sy en wy allegear
sette oan 'e ein fan de dei
wer lilk of blier gesicht
| |
[pagina 373]
| |
jouns dounsje ik de dei út
op strakke akkoarden
en hear de nije
yn it fruchtwetter hymjen
geef? trijekwart?
hwa sil my dat sizze
jouns dounsje ik en dounsje ik en dounsje ik
op yn 'e nije moarn
Dit fers hat yn 'e bouw un soad wei fan ut bóppe oanhelle fers ‘der binne...’: ut hat krekt utselde sirkelkarakter en lykos yn ‘der binne...’ binne de middelste strofen fon ‘jouns dounsje ik’ parallellen fan enwar. Dy trije strofen beljóchtsje elk fwar oar un aspekt fon de nije dei, dy 't noch olle kônsen hat in hichtepunt te wurden, mar nei olle gedachten wol wer útrinne sil óp un teloarstelling, ‘hwant it hipt sa nau/ mei de minsken en my.’ Nei myn betinken bin der lykwols ek ferskillen tusken de beide oanhelle fersen. Ut sirkelkarakter fon ‘jouns dounsje ik’ is oars os dot fon ‘der binne....’, ómdot yn ‘jouns dounsje ik’ ek ut elemint fon de góng der dagen, nei eltse jûn wer un nije dei en nei eltse (misljerre) dei wer un jûn te dounsjen, ynhôdlik un sterke bydrage leveret oan dot sirkelkarakter; yn ‘der binne...’ mist dy ynhôdlike sirkel en hinget ut sirkelkarakter fôlle mear ô fon de bouw fon ut fers olinneg en de ferhôding fon de middelste twa strofen ta de strofen derómhinne. Dy ferhôding is yn ‘jouns dounsje ik’ oars. Yn dit fers giet ut net sasear óm un kónkretisjerring fon un olgemiene stelling, mar fólle mear óm un fwarenwar oersetten fon jûnnen fól ferwachtings oer de nije dei en dagen dy't olle kônsen en ferwachtings net wier meitsje. Fon dy kont besjoen hie de dichter fólle better un sonnet meitsje kinnen. De dichter hat dot net dien en dus mat myn kónklúzje wêze, dot fwar har ut elemint sirkel en de ôwiksel tusken jûn (nacht) en dei un wichtiger elemint is (hwant fwar de bouw fon ut fers beskiedender) os dy fon my ópmurken tsjinstelling. Ik kin ut min hurd meitsje, mar dóchs sit ik mei ut gefoel dot ‘jouns dounsje ik’ benammen yn 'e kónsintraasje de mindere is fon ‘der binne..’ Ut fers eamelt tefólle, soe men seze kinne. Dot is don plot sein en net-nuansjerre. Mear ferantwurde is ut te sezen: ut fers hat te min kónsintrjerjend fermogen, ysoljerret de poëzy ek te min fon ut proazaGa naar eind2. Ut fers ‘jouns dounsje ik’ hat wot un ferheljend karakter, praat frijwot wiidweidich; mar ut is ek net un epysk fers. Sjógge wy nei de ynhôd fon ‘jouns dounsje ik’ don kinne wy fêststelle, dot de trije middelste stroffen to beflappen binne ûnder | |
[pagina 374]
| |
de kaaiwurden: 1. teloarstelling: de nije moarn skrjoot wol fan poëzy, mar wit de maat net, raast dus te hurd: ‘stienhurd’ 2. Forlies; merk óp, dot ut wurd ‘forliest’ óp ut enjambemintsplak stiet; 3. misljerring. Fierhinne deselde sfear dus os yn ‘der binne...’ Strofe ien en fiif hawwe lykwols wat oars os teloarstelling; dy binne jerder hoopfól (en fól eangst?) en fon doel de dûûnser óp te laden fwar de nije dei, dy 't nog berne wurde mat. Oan 'e ein fon dit besprek kómt fonsels de frage óm 'e hûkke te sjen, ot ik der goed oan dien haw om twa fersen (fon de 60) derút te kypjen. De kar fon dy twa is moai willekeurig en hinget ollinneg fon my ô. Ik hie fonsels likegoed twa of mear oare fersen kieze kinnen. Ik hie fonsels ek un pear olgemiene ópmerkings oer de bóndel os gehiel meitsje kinnen. Benammen dot lêste haw ik my tsjin ferset, ómdot de bóndel nei myn betinken gjin gehiel is. Jo matte disse bóndel ek net os un gehiel lêze; ut binne losse fersen, dy't eins ollineg meienwar te krijen hawwe, ómdot se fon deselde dichter makke binne. Dêr bin de fersen apart hielendal net minder óm - ik haw ek wol mei niget gwón oare fersen út 'e bóndel lêzen. Mar ómdot se net yn un ramt steane, binne se minder gaadlik óm os gehiel behonnele te wurden. Ik haw no krekt disse twa fersen keazen en mei ôprintsje litten óm de lêzer de gelegenheit te jaan myn ópmerkings te kóntrolearjen. Ut oardiel lit ik graag oan de lêzer oer.Ga naar eind1. |
|