Bisprek fan mislearre oantekens
(in bytsje wurden en gjin ynhâld)
Dat Goos van der Vliet blike litten hat dat er fynt dat myn bisprek
fan Hornstra syn Fersen neffens him net folle om de hakken hat, is op
himsels weardefol. Datsoarte reaksjes - faeks net altyd like noflik foar
de besprekker sels - is great forlet fan, hwant se kinne in werklike
diskusje oer it bisprutsen boek op gong bringe. Dy diskusje komt der
net as de bisprekker, net liker as siet er op de Olympus, syn oardiel de
wrâld yn slingeret en noait wjerwurd krijt. Hwant hwat is in
bisprekker eins, hwat jowt him it rjocht in oardiel út to sprekken? Oer
it algemien is in bisprekker ek mar in lêzer - in lêzer dy't mear as
sljochtweihinne tiid bistege hat oan it trochwurkjen fan it to bisprekken
boek. De redaksje fan in tiidskrift sil fansels safolle mooglik
minsken freegje dêr't se fan oannimme dat se forstân fan literatuer ha,
mar dan is wer de fraech, hoe komt de redaksje oan dat idé?
Koartsein: in bisprekker is ek mar in lêzer, en syn bijdragen soene
faker ûnderwerp fan diskusje wêze moatte as oant nou ta bard is yn
Trotwaer.
In oare fraech is: hwat is it doel fan in bisprek? Is it om in oardiel
(foar alle ivichheit) to jaen? Is it om de trochsneedlêzer in yntroduksje
ta it boek to jaen, sadat er wit hwatfoar boek it sa likernôch is?
Of wurdt de lêzer ûndersteld it boek al goed to kennen, en is it
bisprek bidoeld as kommintaer en as ynterpretaesje, as opheldering
fan slimme kwestjes? Bij myn witten hat de redaksje noch noait dúdlik
makke oan de bisprekkers hwat der nou winliken krekt fan harren
forwachte waerd.
Wer in oare fraech is: hwerom wurde der yn Trotwaer (hast?)
allinne mar nije boeken bisprutsen? Hwerom wurdt der noait in
bisprekker útnoege om syn sin to sizzen oer in al hwat âlder wurk? Om in
foarbyld to neamen: Groun en Minsken soe bêst wer ris bisprutsen
wurde kinne op ien (of alle) fan de hjirboppe oantsjutten wizen. Ut de
sitewaesje sa't dy nou is soene je opmeitsje kinne dat de diskusje
sletten is, dat it oardiel útsprutsen is, en dat útliz, kommintaer en
ynterpretaesje oerstallich binne. Dat is fansels net sa. In oardiel kin
him mei de tiid wizigje, en (nije) útliz en ynterpretaesje kin nei forrin
fan tiid driuwend forlet fan wêze.
Dit oer it feit op himsels dat Van der Vliet réagearre hat. As ik nou
op syn stik yngean is dat net om perfoarst gelyk to krijen of omt ik
mien dat myn stik bêst is en net better kin. Ik doch it omt neffens mij
syn ‘oantekens’ net ta de saek komme, in forwyt dat er nammers