Fral dêrom hie in kritysk besprek hjir fertuten dwaan kind. Geart van
der Meer hat dêr lykwols net folle muoite ta dien. Foar him is de
foarm o sa wichtich, dat skriuwt er teminsten, mar yn dizze fersfoarm
hat er him wier net fier genôch bejûn. Wol grypt er nei it artikel Oer
Haikû fan Lieuwe Hornstra sels (Trotwaer 75-3). Van der Meer hellet
syn iennigste ynformaasje dus út in stik, dat oars net is as in
gearfetting, en sûndermis ek Hornstra syn eigen ynterpretaasje fan it
boek Haikû, een jonge maan troch J. van Tooren, en dat is fansels in
tige wiffe saak. Boppedat nimt er in grut part wurd foar wurd oer,
wylst it nog gjin jier lyn yn Trotwaer stie. Hy hie dêrom folstean kind
mei in ferwizing nei dat artikel. Wie er bang dat syn besprek oars de
krappe kant neist wurde soe, of is it faaks bedoeld foar de nije
abonnees? Iksels hâld it mar op it earste.
Slimmer noch fyn ik dat er de skriuwer ek oan it wurd lit oer syn
eigen wurk, om nei oanlieding dêrfan te berjochtsjen dat dy der
aardich yn slagge is en jou yn dizze fersfoarm syn taalkeunst bod. Hy
komt eins net fierder as it neikôgjen fan Hornstra syn útlis, wylst dy
hjir hielendal net relevant is. De besprekker moat neffens my yn'e hûd
fan'e lêzer krûpe en him troch de skriuwer gjin earen oan'e kop naaie
litte. Dat der bygelyks yn it fers Hjerst troch Hornstra ûndersteld
wurdt dat de ‘greate, machtige, fruchtbere fûgels nei it suden ta geane
om werom to kommen’, is faaks wol nijsgjirrich, mar dat ha wy ek al
yn Trotwaer 75-3 lêze kind. Fan haikû binne safolle ynterpretaasjes
mooglik, wêrom jout Van der Meer sines net? Of doart er dat net oan?
Dat jildt benammen ek foar de ‘fjouwer bêsten’ dy't hy der foar ús
útsocht hat. Ik hie no graach hearre wold wêr't er syn kar krekt op
basearret.
Better noch hie er de hiele fryske haikû-goarre ta diskusje stelle kind.
Wy moatte goed begripe dat wy te krijen ha mei in moadeferskynsel,
dat fia Hollân oerwaaid is út Amerika, en lang om let ek Fryslân
berikt hat. It besteansrjocht fan de fryske haikû kin en wol ik
perfoarst net ûntkenne, mar in kritysker hâlding fan de redaksje hie
hjir wol op syn plak west.
Trochdat Lieuwe Hornstra de iennichste frysk-skriuwer is dy't oan't
no ta yngeand mei haikû dwaande west hat, is hy in soarte fan
autoriteit op dit mêd wurden, as wie er de âlde Basho sels, en dat kin it
byld fertekenje. Want de foarm, de ynhâld en dêrtroch de sfear fan de
fryske haikû anno 1976 binne de foarm, de ynhâld en dêrtroch de sfear
fan de haikû fan Hornstra.
Goos van der Vliet
Ynskedé, 2 maaie 1976