Trotwaer. Jaargang 8
(1976)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 329]
| |
At Mulder de ledelist fan de VVL ris goed troch lêzen hie (mar goed lêzen skynt net har sterkste kant to wêzen) koe se witte dat ik sûnt 1971 lid bin fan de fakboun foar SKRIUWERS. Mei û.o. Mischa de Vreede, Inez van Eijck en Daniël de Lange (bistjûrsleden fan dy VVL) ha'k mear as ien kear sawol mounling as skriftlik praet, resp. skreaun oer datjinge hwat Trinus Riemersma yn Trotwaer 76-1, 3 bisprutsen hat, hwat ek dy minsken idioat founen, mar hwat Mulder blykber net bigripe kin. De útdrukking ‘Sneu foar wei kommen’ kin ik yn myn stik net fine. Mulders bigreatsjen mei my is wier to folle fan't goeije. Ik bin suver rekke. Myn forwizen nei de brief fan Klant (‘iennichste Fryske ynstjûring’) hat Mulder wer net goed lêzen. Diskusje op papier blykt net sa maklik to wêzen, je kinne soks fansels better telefoanysk regelje, ûnder 4 eagen (tusken 2 earen) bygelyks... It telefoanysk regeljen ha'k lykwols sa tusken 1968 en 1971 (Operaesje Fers, Trotwaer), û.o. mei Mulder, wol ôfleard. Swart-op-wyt is better, lekker, mar foar guon lju sa't blykt gefaerlik omt je dan yn't iepenbier sjen litte moatte hokker brij to hyt foar jin is. | |
P.S. 1De L.C. fan 3-5-'76 hat Jan Dijkstra forgetten yn it birjocht oer de wurkbeurzen foar Fryske skriuwers. Jan Dijkstra is ien fan de wanprestearders (sjoch Tr. R. yn Trotwaer 76-1). | |
P.S. 2De bioardielingskommisje foar addisjonele honoraria 1975 bistiet dit jier út Gerrit Borgers, Douwe Tamminga en Josse de Haan. Myn oardiel oer de 20 wurken ha'k bigjin july ynstjûrd. Mulders stik ‘Sneu foar...’ krige ik 2 augustus ûnder eagen. Ik liz dit mar even fêst omt Mulder 2 wurken ynstjûrd hat foar addisjoneel '75. Myn eigen roman ‘Sliepe yn Spinreach’ wurdt troch my net bioardield. | |
P.S. 3.Myn wurkbeurs fan dit jier (2 moannen à f 2200) lit ik mei tastimming fan it Fonds stean oant '77, '78, '79 of '80. Miskien binne wy yn Fryslân dan sa fier dat ek dêrre de wurkbeurzen wurkbeurzen binnen en gjin earejilden foar A.O.W.-ers.
JOSSE de HAAN |
|