Tiny Mulder is net it iennichste Fryske lid fan de Raad voor de
Kunst. Ik bin wol it iennichste Fryske lid fan de ôfdieling Letteren
fan dy Ried. De ôfdieling Letteren giet net oer it Fonds voor de
Letteren en hat neat to krijen mei stipe oan individuële skriuwers.
De ôfdieling Letteren jowt de minister fan CRM (as dat nedich is ek
oare ministers) frege of net-frege adfys oer it letteren-bilied en ek oer
troch útjowers by it ministeary fan CRM oanfrege subsydzjes foar de
útjefte fan boeken. Dat is subsydzje, fia de útjowers, oan de minsken
dy't boeken keapje: de winkelpriis wurdt leger. It adfys oer Fryske
útjeften komt net allinne fan my, mar fan in kommisje fan trije, dy't
de troch de útjowers ynstjûrde kânskriften bioardielet. Myn meileden
yn dy kommisje binne op it stuit Alexander Bobbe út Utert en C.F.
de Vries út Ljouwert. Theun de Vries hat der ek in skoftlang yn
meiwurke. Ek by boekútjeften wurde Fryske boeken net oars
bihannele as Hollânsktalige.
Nou't ik dochs oan it ynljochtsjen bin... My wurdt wolris in inkelde
kear frege om nammen fan deskundigen op Frysk-letterkundich
gebiet, dy't de minister fan CRM mooglik bineame kinne soe yn
jury's foar letterkundige prizen. Yn prinsipe kin bygelyks ek Josse de
Haan in kear de P.C. Hooft-priis krije. Ik stel dan by foarkar lju út,
dy't bûten de Fryske bruor- en fijânskippen steane. Hokker lju dat
oant nou ta wiene, is gjin top secret: Fokke Sierksma, Theun de
Vries, C.F. de Vries, J. Pop, Jan Wybenga en A. van Hijum, de
lêstneamde as fortsjintwurdiger fan in nije streaming yn de Fryske
literatuer. Ik moat fansels lju neame, dy't sels yn sa'n snuorje gjin nij
wurk leverje ha.
It boppesteande is gjin nijs. Ik haw itselde forhael al forteld op de
algemiene ledegearkomste fan it Skriuwersboun. As Josse de Haan
my skille of skreaun hie, hie ik it him bêst nochris útlizze wold. Mar
ja, as Josse de Haan himsels ôfslút fan de biskikbere ynformaesje en
ôfslút fan de mooglikheden om mei to kedizen, dan bliuwt er
wanneljend yn riedsels.
TINY MULDER