Trotwaer. Jaargang 8(1976)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 196] [p. 196] Daniel Daen Fersen Iiskjeld op stompe izers efter in stuoltsje oer bobbeliis glyd ik werom nei fûstwant en forline hwat anno domini folmoedich streekjen wie waerd fan in strieke stilstân twivel en hope fytstrapen om bar my stikken op hûs oan in lege keamer, de kachel út: thús ûren klomsk by de tafel keal keal wis, ‘God hat dy sjoen’ hie Er mar ienkear by ôfwask en oanrjocht stien wer steapelje har skossen tusken linings fan in lege stoel it kleed op'e groun leit biferzen fan driging ik stroffelje oer it lêste strieke, lit neat skine ea brutsen skouderbonken flymje pine [pagina 197] [p. 197] Fjûrtoer in froast krûpt yn in winterjoun leit tin in iisflues oer de fearten de moanne is yn ljochtwaes mei it iis forboun flûnker ûntspringt de stjerren dizederten Jou leafde is in sekonde oan 'e loft in hân dy't oan 'e kym forskynt en aeit dan wer fordwynt fol fjûrtoerljocht myn winsken falle yn in stjer en yn Jou idel ljocht dat op in eilân draeit [pagina 198] [p. 198] Om'e nocht in skimp fan libbensdriuw haw ik oan Jo ûntliend in macht fan twivel oer myn bistean dat oan Jou fuottenein liet hwat is myn libbensfetberheit soe hope dan oerwinne bigûchling en skyn alle oséanen moatte yn ien rivier gearrinne ear't ik my yn Jo fyn Vorige Volgende