[Nummer 4]
Redaksjoneel
Nou 't er 5 jier redakteur west hat fan ús tydskrift jowt Bartle it oer. ‘Trotwaer hat my nei oan it hert lein’, skriuwt er yn syn ôfskiedsbrief. Bartle hat altiten in soad tiid en krêften bistege oan de foarmjowing en de ynhâld fan Trotwaer. Dêrfoar wolle wy him op dit plak tank sizze. Sûnder Bartle syn krewarjen soe Trotwaer grif net sa'n kreas en moai op 'e tiid wêze as nou it gefal is.
Oan 't 1.1.1977 forsoarget Bartle noch de foarmjowing fan Trotwaer en aldergeloks bliuwt de administraesje ek nei dy datum noch in skoft yn syn sekuere hannen.
De Redaksje