Lit er mar in pear sinten oan de sielkundige útjaen, mar fûl as er is wol er der noch oan fortsjinje ek!
II. Poësij is in ienheit fan foarm en ynhâld.
Ut de foarm blykt it taelfakmanskip fan de dichter, út de ynhâld syn idéënrykdom. Yn beide moat syn originaliteit nei foaren komme. Originaliteit is in biskiedend skaeimerk fan poësij.
De uterlike foarm fan de rymskema's en strofenbou achtsje ik fan minder wearde as de ynderlike foarm fan wurdkar en de bitsjuttingspluriformiteit fan de keazen wurden, de s.n. ‘meerduidigheid’, dûbele boaijems.
De uterlike foarm kin forwurde ta in lege dop, de ynderlike foarm is sa ticht mei de ynhâld forboun dat wy by ôfwêzichheit fan ynhâld lucht oerhâlde, ôfwaeid praet, mopkes en grapkes. Jow my yn dat gefal dan mar in lege dop, hwant dêr binne juwieltsjes fan, lês Boartersboekje marris fan Reinder van der Leest.
In optimale foarm-ynhâld ienheit kin net birikt wurde troch foarby to gean oan de ynderlike foarm. De uterlike foarm kin mist wurde. De foarm-ynhâld ienheit is biskiedend foar poësij, de foarm ûnderskiedt har fan filosofy, theology, psychology en oar sosjaal wurk. De ynhâld kriget stal troch de tael, mar hat tael net altiten bitsjutting en hat poësij sa dan net altiten ynhâld?
III. It bigryp ‘ynhâld’ moat dus in biheining ha. In bipaeld soart ynhâld wurdt hjir bidoeld.
De dichter is gjin filosoof of ‘goog.’ Dochs jowt poësij in minsklike réaksje op hwat yn en bûten him bart. Dy réaksje kin emosjoneel, maetskippij-kritysk en ek filosofysk wêze. Mar ûnderskiedend is hjir dat de ynhâld net ta diskusje steld wurde kin.
Poësij is dus per definysje net-rasjoneel hwat har ynhâld oanbilanget. Soks hâldt yn dat bgl. de meidieling dat it asfalt to Gytsjerk net kapt wurde moat, gjin poësij is, mar in slogan: hja is ôftowizen of oantonimmen, wy kinne der oer bargebite, bûltsjeblaze.
It net ta diskusje steld wurde kinnen fan poësij, docht al bliken út de ‘meerduidigheid’ fan 'e tael, de ynderlike foarm (II).
De ynhâld kin him ek net utslutend dwaende hâlde mei de persoan fan de dichter, hoe't er poept, syn moaije loarten, hoe foreale er wol net is, hoe'n smerte him wol net oerfoel, mar rjochtet him oer (of fia) de persoan fan 'e dichter nei de minske-yn-it-algemien (hwat ever that may be).
It feit dat it yn poëzij oer ‘de minske’ giet, en dat kin op ûnpersoanlike en persoanlike toan, makket it ek sinfol dat poësij publyk makke wurdt.
Ut dit idé-poësij sil ik myn kritearia helje moatte as de redaksje my bondel A ta bisprek oanbiedt. En dy kritearia sil ik oanjaen moatte,