Trotwaer. Jaargang 8
(1976)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 77]
| |
[pagina 78]
| |
2. Tunnel
wurch fan it ljocht
gean ik myn gong
troch dizze dei hinne
lawaeidôf tiidblyn
kâld ûnder de sinne
wurd ik even net socht
stil yn mysels allinne
groetsje ik dy en bliid
as ik dy min en bisjong
kom ik foar 't ljocht
op 'e tocht as foarhinne
mei in frachtweinfol tiid
| |
[pagina 79]
| |
3. Rotonde
wyn út alle hoeken wei
waeit de iere moarn
nei de as fan dizze dei
sinne wintelbol
yn it hert fan de sykloan
draeit fan nijs de middei fol
ivich giet de mole roun
swaeit breed syn wizers
út nei twiljocht en nei joun
| |
[pagina 80]
| |
4. Krúswei
hjir heaket de tiid
de takkelrânnen lâns
fan gas en rim
mar kwadrofonysk motorlûd
rint driigjend gear
yn de stim fan de dea
in kâns fan moarn op hjoed
dat hjir in sekonde ploft
mei barstend gewelt en bloed
dat dripkjend it libben úttelt
op in hurde hûd fan asfalt
gleon fan dúnjend snelforkear
| |
[pagina 81]
| |
5. Fjouwerbaens
ûren fleane
vice versa
elk jaget syn eigen dei op
it smelle bêd fan de tiid del
nei de ivich rêstleaze forgearbak
fan de iene of de oare stêd
it libben is
in kwestje fan menuten
de dea
fan sekonden
twifel himet
him in fyfte wei
nei moarn
fangrails
heine út en troch
de lêste siken op
| |
[pagina 82]
| |
6. Beammen
de dea útrigele
dizze dei bylâns
wachtet wiuwendewei
syn domdryste passanten op
ieuwen lei
hjir efter dizze beammen neat
as in fyts
in spoar fan earste leafde
de reidkraech en de sleat
in swanneblom yn knop
mar hjoed of moarn kriget er
ek my en deagewoan stean ik
stil
mei dit forskil
dat ik woartelsjit
yn in twaddehâns stoel
tusken in fjil of twa
mei in twaddehâns kop
fol forknûkerd forstân
nei de klap en it bloed krijt
mem it gefoel
hy wie even net goed
in kwestje fan stjûr neffens heit
en hwa wit
stim ik har brabbeljend mei
op 'en dûr
|
|