Trotwaer. Jaargang 8(1976)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 36] [p. 36] Eppie Dam Fersen Pisje Dyn lyts wyt pimeltsje boppe de stjonkende pisbak fol peuken fan jonges út de seisde dreamdest dyn dreamen fan knapen fan pilen en ûnbidige poelen pisje kinne it krobke oer de muorre kroep dripkjendewei omheech en knoopke foar knoopke forburchst dyn lytse ellinde yn de stiltme fan dyn broekje - Hwat brûze it spielwetter fû! - dyn sokken makken in wiet spoar nei de trêdde ta [pagina 37] [p. 37] Reiske songst algeduerigen ‘we zijn er bijna’ mar kaemst der eins noait -út en troch in sigarefabryk lofts en rjochts in plak- boek fol beammen en dat hiet dan in bosk karkest mar troch om it ien en it oar to forbinen in doarp mei in doarp de stêd mei de stêd boarterstún dieretún sûnder rjocht it krekte forbân to finen (hwat bleau dy it bêste eins by?) theo hie tsien stikken bôlle mei otto in letter fan in sinteklaes of hwat lyn master op mâlwite gimpys juffer de boksen omheech en fierders dy molkbusfol ranje miskyn mem stiek as in sloppe flagge de hân nei dy út in tút bisegele har soarch en dyn antwurd alhiel neffens plan kaem in dei letter mei de groeten út Noarch Vorige Volgende