Trotwaer. Jaargang 8(1976)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 33] [p. 33] Joop Boomsma Twa fersen Sonnet Hwa't as jong en noch bigjinnend dichter fol fjûr syn fersen seit of dy bytiden printsje lit, heart op de achtergroun, grânzerich, op den dûr de stimmen fan bijierre hearen: hwat sil dit! It binne stimmen fan Tamminga en oaren, dy't giizje, spot slaen mei opteine jongerein, it net forneare dat guon hjoed skreppe doare op't eartiids sa forheven dichterswurkterrein. Mar dy spytgnyskjende âlderein - sjoch se sitten op in stoffige steapel wurk fan jierren lyn - hat har allinkendewei fordrukke litten. Tusken de âlde masters en de jonge yn sykje se krampachtich om in eigen plakje - om net yn 'e forgúljemoune wei to sakjen. [pagina 34] [p. 34] Hjoed de man stapte fan 't bêd ou, wosk syn gesicht, plante de falske tosken yn 'e mûle en iet de beide brochjes dy 't syn frou foar him rémakke hie it wie hjoed mar it koe likegoed juster of moarn wêze Vorige Volgende