Trotwaer. Jaargang 8
(1976)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 22]
| |
Tr. Riemersma
| |
[pagina 23]
| |
en tankevól tink dur óm dotst net griemst ut lege bakje yn ut jiskefet trjowe
dur stie un flikker fwar de twambank hij loi trije kwatsjes del fwar petat moi majonêze. ut blaue brûkje siet spond óm ut godleke kóntsje hij drûûg un brúnne slipover oer de sachtrôze oerstrûpper ut hier foel krekt oer de kraag. ut gesicht vji ónbetsjuttend dur vûûks un smel geel snorke óp de bóppelippe hij vji un gûie twinteg (tink ik). hij helle de fingers tróch ut hier mooie smelle honnen vjinnen ut moi goed ûnderhauden nijlen hij drûûg un jermbontsje hij êge noi un klódder majonêze dyt bij de twambank delsakke. os ur net hingjen bljode fwar dy oast sû ur oer trije menútten ûnder vêze. dur loinen lúsjefesprikken tusken de naden fon de planken en oerol úttrape sygrettepeuken. de grûn óm ut synesappelkistje vêrt de rotsooi yn jerde loi besjidde moi proppen pepier en stikken petat. hij gie aansent doch noi henk ta hij vû ut útprate ut hi apslút gin sin óm lilk óp enwar te bljowen hij mûst him oan ut ferstôn bringe dot ut net vier vji. dur sieten spinrêgen bij ut iepene rút hele ôde dur sieten útsûûgde miggen yn ut kóndensaasjevetter rón bij de mwórre del dur vjinnen lytse revierkes bóchteg óm útstekkende stjinnen hinne de kolk skilfere de mwórre slûg út ûnderóm. ómt ut gin sin hji óm te stúmjen ut vji net vier vot durk soin hji hij mûst óphôre fon vrótten hij hji oltyt goed moi henk kennen
dur kwamen fjauer brómmerjónges yn moi gôns geveld har graue learene jekkers fóllen ut kjemmerke ut fyne fintsje vaar net iens ópmurken ienfôdeg yn un hûkke skood. se rûpen: hee ôde! ut ôdviif strûpte yn ienkear tróch ut gedyn se lûûk har lippen ta un soate gegniis ut grymos fon un deasketten sóldaat hij loit yn de fróntlyny te rotsjen mun ken him dur net voihelje de yntendôns skyt yn de brûk fon benaudens hij hat gin gehijme pepieren bij him dot lit him mar leze. se roppen de hellem fon de reade hassens en skwórden ut keelsgot iepen: dónderje dur mar vot petal yn ôde. ja fwar olle fjauer en net sa krintereg jer ôde doerak! se troppen de lange tijsters flaakshier achter de earen en sêgen óm har hinne en murken ut fintsje óp: ha stróntneuker! (hij mat bekend vest havve yn dusse | |
[pagina 24]
| |
stêd of teminsten bij dusse jónges hû of vot krekt dot is net ollegjer te achterheljen meskyn hjinnen se him jedder moete dur vurt trauens ek un soat ôrabbe yn lytse stedsjes vij matte mar oannimme dot se óp ien of oare vize kunde oan him hjinnen) ha stróntneuker soinen se dus stróntneuker vot ik un pracht útdrukking fyn en trije ut friesk is vêrt vij POL fwar stean matte bêste lêzers en oer myn lyk en olle hollonders de keel ósnije en de kloaten ûnder de êgen traapje god zij geloofd met diepst ontzag mar moi fynaal oare tekst. soinen se dus tróntneuker vot ik un pracht útdrukking fyn en trije kear óphelje vont dy goare rotflikkers dyt moi lytse jónkjes ómgrieme en ferpeste ken mun net genôch tsjin seze dy goare rottege kóntneukers lytse jónkjes, soinen se dus tsjin him, hast ver lytse jónkjes achter de bóskjes lokke swijn! de flikker hij stie yn un hûkke de doar vji fjauer stappen mar dur stienen krekt fjauer kearels fwar. ut vie te dwan un flugge spróng achter ut gedyn noi ut ôdviif dur mûst un útgóng vêze un ópstapke un doar un kjemmerke un achterútsje un sket un stege ut mûst te dwan vêze. ien fon de kearels gyng moi de graue kónt tsjin de twambank oan stean de voi vji ôsnijd. faaks vji ut de baas har te negearen de fraag net begrepen ik snap dur neat fon vêrt jim ut oer havve dus glimkje ik mar un bytsje ik ferslyt jim ónfersteanber praat mar fwar un freonleke ópmerking excusez-moi messieurs je ne comprend rien de ce que vous disez ik ken jim net en jim kenne mij net ik kóm jir tafolleg je suis un étranger messieurs ils ont les mains larges et les épaules ils m'attaquèrent les sadistes ik mat ut beswarre je ne sais rien du tout qu'est-ce-que vous voulez? vot vij vólle? ôlen de fjauer, dotsto dyn klauen túshôrst óngeluk! (un sterk staaltsje fon mienskipssin sat dy noch óp ús ôde frieske dwarpen bestjit ut swakke en ónjirrege bên vurt hoede fwar de vrede honnen fon de skijnende fijôn moi spear en moi speetse en moi ut brúnne skyld tsjin de hege hellem en de vylde vytsing en de fize flikker hit net se) dot ut ôdviif tróch ut gedyn kómt dot vól seze east kwaam un pwódfól petat dû un earem un bwast un heupe de kop. se stómpte de jónge dyt óp de twambank lyne yn de rêg en gnwarre: | |
[pagina 25]
| |
gónneresvoi. de flikker kwaam skau noi foaren hij vist net rjócht hût ur sû de learen beolegen stienen him yn ut paad. ut ôdviif sêg fon de iene óp de oare se diig un stap achter de twambank voi en trjode de flikker de petat yn de honnen se soi: lit him gevurre hij is myn klont ut is un flikker leentsje, rûpen de monnen. vot dógsto moi flikkers jirre hij griemt moi lytse jónkjes óm ut is un bedjer dy rotsak se plonte de kwatte fingers óp de heupen se sêg de monnen fervoeden oan se soi: hij is myn klont en jim lit him gevurre oas sil ik jim leare snotnoazen dyt jim binne se bemygden har fon ut gnizen se huften enwar óp ut skauder. se trjoden har achter de twambank. sjug us ot dy petat ol gear is ik fergón fon de hónger de flikker stie tsjin de mwórre oan hij helle fersichteg de gleonhyte petat ûnder de kwak majonêze voi se stienen gnizend noi him te sjen. salangt se laken hjinnen se gin kwea yn ut sin se vjinnen meskyn olinneg vot bluistereg mar gin ferkeade jónges os ur gin oanlieding jûûg rêsteg ópiet en neat soi sûnnen se him gevurre litte. hij hji nóit dien vot se soinen se lygden dot se basten visten se fonself ek vól hij diig gin mins kwea hij vji sat ur vji mar nimmen hji dur lêst fon
jert vij fjidderfare moi ut barren yn de petatsaak bêste lêzers is ut vól tsjinsteg óm even yn de faklyteratuer te sneupen ut ferskiinsel homofylytijt de achtergrûnnen derfon dot vij ut hôren en dragen fon de moispyljende persoanen begrype en morele vedjerringen grûn ûnder de foet krije ut hat nammelek gin sin óm ferhalen sónder mear te skrjowen dur mat vot fon út gean lêze vij east vot de emynente joadske gelearde dr. Ehonu Lewi-Starr, ien fon de trije topdeskundegen óp ut gebiet fon de homoseksúalytijt, skrjoot yn syn ferneamd bûk ‘The Inner Sight’, Tell Aviv - London 1956, p. 69: ‘This illness of mankind does, in fact, start with the biological influence of the pre-hormonal disequilibrium of the parents. Hence, the young male human being must said to be in a permanent state of contradictious attractions. It | |
[pagina 26]
| |
should be noticed that the desire of the mothers breast is the first sensation of the little boy-child: but the fear of the “killing mother” (vagina dentata) is the immediate second, so that we frankly may say that love and fear for the mother are going hand in hand from the very beginning. This is completely normal in each growing-up boy. But, in some cases, when there is no strong guiding father-figure to bend the little boys feelings in the right direction, subways of sexual behaviour may develop. Then the young human male tries to “rewrite” things as he likes them. He gives unto his mother the phallus of his father, “solving” in this way two problems: first, he safes the “guiding attribute” (phallus) from the father who is not able to guide him and, second, by substituting, it by his fathers phallus, he ignores the “killing vagina” of his mother. By now the young male can love his mother by way of his fathers phallus, and “things are like they should be”! (Italics mine) It can't be pointed out to strong that this is the common psychological pattern of homosexual behaviour.’ fjidder vize vij óp ut epochemaitsjend artykel fon Käte Brunst ‘Heraus mit dem Schwanz, Versuch über der Homosexualität’ yn ‘Heidelberger Phil. Beiträge’ LXXII (1964) S. 428-513, vêrynt sij ûnder mear skrjoot (S. 451): ‘Immer wenn ein Homosexueller mich konsultierte, habe ich meine Unterhose ausgezogen und ihn eingeladen unter meinem Rock zu gucken u.s.w. Meistens fing der junge Mann an zu zittern und zu transpirieren und war er nicht imstande mir zu gehörchen. Wenn ich dann meine Kleider ablegte und Gottesnakt vor ihm stand, began er fürchterlich zu weinen. Immer wieder habe ich dieselbe Beobachtung gemacht: der Homosexuell fürchtet sich vor dem nakte Leib der Frau, aber er weisz nicht warum, er hat das wahre Motiv verdrängt. Sagte ich z.B. freundlich: Ach, wir wollen doch was fickern, ja? Seh' doch, ich hab' gar keine Zähnchen in mein Finzchen - dan wuszte er nicht dasz ich gerade vom Kernstück seiner Angst redete. Dergleichen Beobachtungen haben mich gestützt in meiner Meinung dasz der homosexuelle Mann nur zu heilen ist durch Psychoanalyse.’Ga naar eind/1/ | |
[pagina 27]
| |
vij gónne no mar fwarbij oan de beskamsene strideraasje dyt op dut oer olle bûgen sa degelek ópstel fon juffer dr. Brunst fólge isGa naar eind/2/ fwarhinne stie un tytel bwarg fwar erúdysje en un heeg sedelek pijl; de minsken moi un tytel gedrûgen har sat se oan har stôn ferplichte vjinnen, en ut fólk hji respekt fwar har. tsjintvurg lyket de tytel fon doctor fwar de dragers durfon olle ynhôd ferlen te havven. gwódden fon har ûnderskiede har yn vudgebrûk en libbensvize net fon ut rap en rút út de tichthúzzen!Ga naar eind/3/ ien fon de jóngerijn hat kwatbij útsteld óm de doctorstytel mar oan kônt te dwanGa naar eind/4/. en dêr sû mun hast yn moigean kenne, os ut net skoof en skonde vji fwar de inkele vittenskipslju dyt noch oant yn ús tiid har tytel moi god en moi eare drage!Ga naar eind/5/ fervize vij bij ijntsjebeslút noi un artykel fon un lônsmon prof. dr. Feike Skroksma ‘Oer lichumshier en lichumsgeur fan Fâtumer boerefammen’ yn ‘Trotwaer’ 1976-1, 1-16, don sil de lêzers, os se ut noch net yn de gaten hjinnen, no vól dúdlek vurre dot vij net bij de gelearden vêze matte os vij help en ried ha vólle fwar slimme problemen yn ut libben en dingen vêrt vij fon tinken: ken dut ollegjerre samar? prof. dr. Skroksma hat prûvven nómmen moi minderjirrege fammen hij hji tastemming fon de ôden skrjoot ur. krekt of is dêr olles goe moi! vit ur meskyn self net vot fûûg jaut? ut ûndersyk fon de professer litte vij fjidder vêze, ut hat ek net un soat óm de hakken tinkt ús.Ga naar eind/6/ yn un fwótnoat, dus yn ut fwarbijgean - mar hû gefaarlek kenne sókke bijkómstege ópmerkingen vêze en hû fúnest! - skrjoot de professer: ‘Ien fan de motiven om homoseksueel te wurden soe in esthetysken wêze kinne; manlju kinne har slachte makliker en better skjinhâlde as froulju.’ | |
[pagina 28]
| |
sû ut ús no gin nij dwan os ús ienfôdege ónbedoane frieske lêzers machteg os de miggen oerijn riisden en os ien mon rûpen dot jir de dúvel tróch slagt sa vyt os sûppe en erflek moi ut mes dwas yn de bek dot dut gin vegen út ken yn ús frieske lôn dot vij hoede havve fon ôder óp ôder de gauden hûp en de slag bij vaans en no ús belestingsinten fergrieme oan sók geôdehoer en dokterkebwatsje oer de rêg fon ut fólk? sil ús frieske stam dyt fwar twatûzen ier fwótkwaam út de skie fon de fólken en sónt syn namme heeghauden hat fon rome oant móskau - o mare frisicum! - no noch ferlen gean net tróch krêften en machten fon bwótten mar tróch ynderlek ferfol en seedlek bedjer? sil ús frieske stam sinke djipper os sodom en gomorra vylst ús fwaroanmonnen hakketakje en hottefylje? don mat ut de skrjower fon ut hat dot ur ut vól areg moi syn lêzers | |
[pagina 29]
| |
lykfyne ken, mar twa dingen vól hij har dochs fwar vaskôgje. fwast dot ut net goed is óm ol te emosjoneel te vurren vont don sûnnen vij dur dingen útflappe kenne dyt fon utselde pijl binne os de útlittingen fon sómmege vittenskipslju, en ús ijgen mwólle sû ús oardeelje. twad vól de skrjower duróp vize dot de lêzers dwande binne him olle gês fwar de fwótten voi te meanen, hij vji nammelek krekt fon doel óm sansoate stikje te skrjowen en de areghyd gjit dur vól vot ô os de lêzers gau de ynhôd durfon ferklappe. hij begrypt fonself vól dot de lêzers osa moilibje en fon argevaasje óp ut rôntsje fon de stoel sitte, en hij vedjerret dot ek tige en hij is fonself ek heledol net lilk, mar de lêzers matte vól fwar êgen hôre dot ut bij ijnslútten de skrjower is dyt ut ferhaal makket en dot de lêzers har behijne matte ta lêzen en ta ynstemmen moi ut lêzene. fonself ken de skrjower him skoan yntinke dot de lêzers har sóms hast net stilhôre kenne, mar ut mat lykegoed gin vysônsje vurre óm hyltyt de mwólle duryn te slaan. ut sû dur nammelek óp lykje kenne os betrauden de lêzers har skrjower net en vjinnen se bang dot ur ut net goed fwar de hearen bringe sû. selfs de skyn fon sók vontrauen matte de lêzers har fwar hoedzje vól de skrjower havve. ut is ómmes sa klear os un klûntsje dot un skrjower dyt vot te sezen hat heel vól vit vot ur seze en hût ur ut seze mat. hij vit vot goed is fwar syn lêzers en hij skrjoot vot ur tinkt dot se vitte matte en hij lit voi vot se better net vitte kenne hij dógt olles fwar har ijgen bêst. utsoate lju - mar jir vurre útdruklek net de lêzers bedoeld! - dot mient dot ut de skrjower ferbetterje en oanfólje mat en yn syn teksten ómgriemt sil de skrjower fjidder gin vud oan smwarg maitsje no sil de skrjower dot stikje dochs noch mar óp pepier sette don ken elkenien fwótendaleks sjen dot hij ut fólle better noi foaren bringe ken os de lêzers yn har óngeduld.
ús fjauer boereknapen se havve fonself gin veel fon ol dy bûkkevyshyd en mun is yn de ville óm te sezen dot is mar goed ek vont ol dy geleardhyd bringt jun óp ut lêst noch óp de doele de kop ken jun vól baste. en vot stekt mun dur ek noch fon óp os mun de strideraasjes tusken doktoaren en profesoaren mun sû ha vólle dot | |
[pagina 30]
| |
lju dyt safólle leard en moi tytels fwar de namme enwar óp de hûûd fljugge en rache en skelle binne dot ús fwaroanmonnen dyt de jefte fon un greot ferstôn sa misbrûkke ta ijgen ear en oansjen yn pleats fon ta learing fon ut fólk en net yn de gaten ha dot de vittenskip yn tsjinst stean mat fon de mienskip en dyt blyn binne ut paad vize? seze vij dus noch us dot ut mar goed vji dot har ienfôdeg boereferstôn hji net te lijen hôn fon de healvize útfiinsels fon harself gelearden neamende ónrêststokers en dwaalgeasten havve vij dêrfwar krûmloin fwar de frije únnyfersytijt brwórren dot ús sa olle grûn ûnder de fwótten voislijn vurt? soi ik dus dot se noch nóit ien letter oer vagina dentata lêzen en net ynfekteard tróch healvize oankómsten mar un geef boereferstôn de oanbenne etyske nwarrem ut sûnne fólksfielen. dut binne de yngreven frieske boerejónges kont fon liif en lea dyt sa tróch de keuring rûggelje gin vryt of slyt en óppossende ôden dyt fiif dagen bódzje yn ús grien lônsdaue en freedtejûûns de klean fon de lea strûppe en halélúja de soere kwalsters moi griene sepe fon de ykel bjinderje en os ut vot slagje vól un gijl mókkel de brûk fon de kónt rame en de lul yn ut GOEDE GOT trjowe sat de goede god dot vóllen hat jir ijnet ús skriftlêzing
ut ôdviif vji ver noi achteren gien de petat kû hast klear vêze. se hearden har kichen en rócheljen os se mar net yn de petat hwasse dot ôd lyk. se sêgen noi ut fintsje. hij pjukte fersichteg de stokjes út ut pwódsje hij sêg noi ut pwódsje hij kónsentrearde him óp vot ur die hij tøcht vinlek neane oan hij droomde voi hij vji yn himself ferdjippe dot gjit sa os mun olinneg is don vurre juns tinzen net fêsthauden don gónne se óp de rin mun tinkt mar vot los fwar jun hinne os mun olinne is oantinkens en ynfollen fljugge jun achterenwar tróch de hólle os ien vot soit sû mun ut net iens heare mun is ferdjippe dy oaren sjugge jun net iens ómdot mun stil is en gin oandacht lûkt mun stjit dur ónópfôlend dy oaren ha jun net iens yn de gaten se sjugge jun oer de kop ómdot mun stil is se sûnnen aansent seze vij ha dy fint nóit sjoen frek vji dy dur ek? | |
[pagina 31]
| |
immen jûûg him un dúst tsjin ut skauder syn hôn skeat yn de pwódde de majonêze kwitste him tusken de fingers. se laken ómt ur kjel vaar se gniisden fiis se soinen: do bist un flikker hen? ut hji heledol gin sin óm sóks te freegjen vot hjinnen se dur moi noareg hij foel har net lesteg hij diig ómmes gin mins kwea? se sieten oltyt tsjin jun oan yn bars en óp strjitte rûpen se jun noi mun vaar skaudere en útgniisd (un pear frôlje vize noi him se seze dy jónge doogt net dy is net gevoan) kenst net prate? vêróm sykest net un viif? bist bang fon frôlje? hee kenst net prate kloat? ien pakte him bij ut skauder en skódde him hinne en ver hij stómpte moi de rêg tsjin de mwórre oan. hij soi: hôr dyn honnen tús. vot hast moi mij noareg? o dus do kenst vól prate. vêróm gjist net moi frôlje? vot hast dur moi noareg? jónkje vitsto vól dotsto un smearlap bist? dot is swijnerij jóng un kearel bij de kónt pakke godferdómme fizerik dot is apnormaal. do bist gek jóng do doogst net vot hast dur moi noareg? matst godferdómme net san grutte bek ha jóng. vot tinksto vól vij seze ut fwar dyn ijgen bêst. do matst net miene dotst rjócht fon praten hast do matst dyn snút hôre ferdómme do bist un smearlap. of bist meskyn net un smearlap? kenst net prate? flikkerje óp, soi ur bist self un flikker! fiis swijn! hij sêg de slag oankómmen hij beskerme ut gesicht de kliemske majonêze spotte oer de klean de petat flêg vitversanne. ydyoat genôch sêg ur dur noi dût se óp him yn stómpten os vû ur de pyne óp vot oas oerdrage dy earme petatsje stowe de vrôd oer. hij krómp ynenwar se skópten him yn un hûkke hij kû gin kônt út ynienen vji ut ôdviif dur se hji twa pwódden petat yn de hôn se raasde: óphôre! bljo fon him ô. hij is myn klont! se skode fwar him moi har ûgrysleke kónt noi him ta (de soere rook fon beppe dût se him oanhelle hij vji fon de ljedder knóffele) har lichem beskerme | |
[pagina 32]
| |
him se kearde de monnen moi har útstutsen pwódden petat se rûûp: tink duróm jim krije gin nije! jir pak oan! de foarste twa nómmen de pwódden oan se vjinnen ynienen rêsteg. se soinen: vyn dij net óp ôde. ut is mar un flikker hij is myn klont, soi se, en jim hôre jim ketoen oas sil ik moi jim ôveve de flikker stie ver óp syn fwótten. hij pjukte un pear spotten majonêze fon de klean ô. hij rón durút. ut ôdviif sêg him noi oant de doar tichtfoel. dû gie se ver noi achteren. de monnen gniisden noi enwar os skwaljónges dyt krekt útmontele binne en yn de skyter sitte. twa stienen drók te haffeljen. un oaren besêg syn blwódrege knokkels dyt oan de mwórre skaafd vjinnen. dochs bliid dot dur flikkers binne, soi ur, no vit mun teminsten dot mun self normaal is |
|