pear setten is de helte fon dyn matryaal óprûmme. Dêr hôr ik net fon. Don vurt ut sa ferhipte ónoersichtlek. Mar goed, ik drónk myn pilske dur vól óm en ik prate moi Elly en ik liet Thea mooi prakkesjerje.
Dût Jelle noi ut húske mûst, liet dot famke har noch un kear heare. ‘Godferdómme, vêr bemwóit dy fint him moi! Ik sil self vitte vot ik seze vól! Ik bin jin lytsbên!’ De fette nokkere vot, ‘hò-hò.’ Teminsten ut hearde óp nokkerjen, mar meskien vie ut ek vol wasjen. Fjidder réagearde jinien duróp, ut vie sa lytsbenneg. Ja, ut vie fonself ek noch mar un snotnoas. Mun soe se un gûnne jan matte óm un taudoanserstau te keapjen.
Meskien voe dy fette sa njónkenlytsen ek vól fon har ô. Se vie dur noch fjiste benneg fwar, en hij moi syn graue pônse, dot soe mwadzjen vêze, faaks hie ur dot self ek vól tróch. Mar graue minsken, is mij vól us ópfôlen, binne faak osa havvereg, se sette har sinnen ergens óp en don vólle se ut havve, ol is ut noch sa ónmooglek, don matte se har sin ha, oas begjinne se te grynen en te sangerjen. Dot meskien hie dy fette syn sinnen óp har set en voe ur noch moi har óp stap. Dot bên mûst nammes ek hast noi hûûs ta, ut vie bij tólven.
Dot skaken moi Thea hóng mij trauens noi un ketier de strôt út. Dy akeleke oanvênst óm east un stik óp te pakken en don pos te prakkesjerjen vêrt ut stean mat, dur is jin ding dêrt se mij nydeger moi krije kenne. Hieltyten mar oer ut boed taaste en ‘onee, dot ken net’. Tink en set! En don hie se ek noch san fûûg kettinkje óm de póls vêrmoit se ollegedueregen de stikken oer de kop rêge. Ik sêg óp ut lêst de oare kônt mar út, vont ut stiik mij ta de tjennen út, dot stómme truttege gepiel. ‘Onee!’ - klets, dêr gie ver un hynder. Ot de boel vól ver te plak kaam, vit ik net. Ut koe mij ek jin soademyter skele.
De fette rekkene ô en gyng fwót. Hij hie grif doch yn de gaten dot ut neat vurre koe moi dot lytsding Mar vot dur yn graue minsken óm jit, bljoot rieren. Meskien vachte ur bûttendoar vól óp har yn de auto. Ut lyket mij trauens un yselek gesicht ta ot san graue kearel nêken stjit moi syn swiere pônse dêrt un kwat stómp pymeltsje ûndervoi stekt. Soe un frau dêr hyt op vurre kenne?
‘Va is dot aigenlek?’ frege Elly dût Jelle even bij ús boed stie te sjen.
‘Jon Koalstra,’ soi Jelle.
Dû mûst ik sa gnize, dût Jelle dot soi, dot ik ferslikte mij en ik spuide un mûlfól bier en skûm oer ut boed hinne. Jelle jûg mij un pear serfetsjes en dêr drûgge ik de stikken moi ô. Mar dû soi Thea dot ik hie de stikken tróchenwar mjukse en dur doogde no neat mear fon de stelling en vij koenen better óphôre, mar sij hie ut vûn vont sij stie óp vinst
Ut vie fonself fólslain ónredelek, vont sij hie fólle faker moi de stikken ómgriemd, mar ut hat jin sin óm moi un frau yn de slag te gean, vont do ferliest ut dochs. En ost ut vinst, bist noch minder ô, vont don vreke se har letter. Dot ik liet ut mar sa en ik soi: ‘Jelle, jau Thea even ien, en Elly ek mar.’
‘Nee!’ soi Thea. ‘Ik ha ut vûn, do krijst ien fon mij!’
Sa dwaas bin se don. Mar goed, os mun fon un frau profyteare ken, mat mun ut dwan, vont dy kôns hat mun net olle dagen. Un ketier letter hie ik ol ver un pilske fwar mij. Ut koe net óp, se vie helendol út de skrûven.
Ut flókfamke siet, sêg ik óp un stuit, heel leaf en ûnderdieneg moi Jelle te praten. Sà leaf, se krûpte him súver yn de kónt. God-god, tocht ik, ut binne ek krekt fon dy asylhûntsjes, de hón dyt har slagt, dy slikje se. Mar dot Jelle sa óp him óm