Trotwaer. Jaargang 7(1975)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 224] [p. 224] R.R. van der Leest Fersen Butenbus ûnderweis nei dokkum stappe de firile boeren yn farsk út de klaei skuord de readwosken koppen glimme en strontklompen lûke graffiti oer de flier dit is it folk - dat myn klankboaijem wêze moat dit binne de heidens dy't ik ta myn wurd moat bikeare ik fiel my bonifacius [pagina 225] [p. 225] Utstjerrend laech dat wiene tiden heite sei de âld doarpsgek en pinke in trien wei jonge noch ta se stjûrden my fan de houn nei de bok om de tichtegatsjepanne of de plintljedder bern skolden my út en bauden my nei elk wist hwa't ik wie ik ha it nou goed hjer krij wiet en droech de susterkes binne leaf en ik mei allinnich frijút de stêd yn mar gjinien dy't my hjir kent en om my laket ik forfeel my dea [pagina 226] [p. 226] Berteplak it spoar werom folge dit is de steech mei de bimiigde muorren dêr't wy ús loftkastielen bouden pneumatyske boaren helje de ûnderste stien boppe dreamen falle yn slopershannen Vorige Volgende