Lieuwe Hornstra
A Blue Heron Standing in a Ditch of Water
hapt - giet op greate wjukken
In aggressyf fers hweryn't de skriuwster de dichter forlikenet mei in âlde reager mei wjukken út'e rifels, m.o.w. as man sil er ek net safolle mear wêze. Flying = overshadowing = mei de frou mienskip hawwe.
De dichter lykwols anderet ek aggressyf: hy hapt, giet dan nei syn jongen ta: dy hat er dochs wol. De kearn fan it haikû-fers is it wurd ‘hapt’, it is it knier. De skriuwster nimt ‘elegant’ revanche mei it fers op de oare side, foar alle wissichheit opdroegen oan Lieuwe syn frou.