Trotwaer. Jaargang 7
(1975)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 68]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
YnliedingAs antwurd op in forsyk om kopij krige de Trotwaerredaksje (1972) in brief datearre 28 aug. 1972 (yn sosiale stavering) hweryn Tr. Riemersma û.m. oer in bysluten proazafragmint skreau: ‘Mar miskien fine jim dit fragmint nijsgjirrigernôch en faeks kin it oanlieding wêze ta in diskusje oer de roman, dy't ik wol graech op gong hawwe wolle soe. Sa't jimme wol merke kinne - as jim it út foarige boeken noch net wisten - leit de “âlderwetske” romanstruktuer my net, en wol ik graech nije wegen ynslaen, Mar oft dit nou dé wei is.. Yn alle gefallen hat dizze opset foar dat er iepen is en neat foarskriuwt, men kin op alle mooglike menieren fierder gean. Mar men hoecht net fierder, men wurdt net dreaun, hwat eins wer in forlies bitsjut, tominsten as men fan boekjes hâldt dy't “of” binne. Ik wit net presys hwat ik wol; dêrom soe'k oer dit fragmint earst wolris hwat krityskmeitinkende stimmen hearre wolle.’ Yn in brief fan 10 oktober koe de red, skriuwer formelde dat Van Hijum al dwaende wie mei in skôging oer it fragmint: ‘Oan 'e hân dêrfan en fan it fragmint úteraerd, sille wy bisykje in tal minsken ré to krijen har visy op biskate fasetten to jaen’ en ‘Troch sels to bigjinnen hoopje wy in setsje yn 'e goede rjochting to jaen. Hwant it is in heisliken toer om hwat minsken foar soks to rissen. As it slagget soe nei forrin fan tiid it fragmint mei de skôgings as Trotwaernûmer publisearre wurde.’ Yn nûmer 1973-2 krigen de abonnees it Myksomatoze-fragmint to lêzen mei der efter oan yn (to) lytse letter: Oantekens fan A. van Hijum. M.J. de Haan joech yn nû. 73-5 in ‘Sekundair Kommintaer’ oer de (privé) stavering dêr't Riemersma syn stik yn skreaun hie. Ein 1973 hat Riemersma it Myksomatoze-fragmint ôfmeitsje kind. It risseltaet is ein febrewaris 1975 fia de K.U. publyk makke en is hjir nou ûnderwerp fan in bisprek. Yn dit bisprek wol ik nei foaren bringe:
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
BoekforsoargingHat men it binnenwurk fan Myksomatoze sjoen, it lokkige idé de ‘wurdbrij’ to trochbrekken mei lytse pintekende myksomatoze-knyntsjes (op in pear nei slagge tekeningen fan Douwe van der Zee), dan freegje ik my dochs ôf hwêrom | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 69]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
nou krekt it nei myn idé biroerdste knyn op it omslach moast. Hwer't it him krekt oan leit dat ik dit knyn net lije mei, ik wit it net, faeks de ‘brike’ hâlding of de groun-oantsjutting om it liif, de foarm fan kop en foarpoat. En dat wylst der wier knappe kninen yn de tekst stean. Spitich. (Ik wit wol dat dit knyn it meast liket op it bist dat de ik-figuer yn de Hollumer dunen fynt, mar soks wit ik pas nei't ik it boek l^ezen ha. Yn de winkel wit men dat net.) By in bulte fryske boeken is it omslach noch to min in fisitekaertsje. Alhoewol: de útjeften fan De Tille jowe moed! | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Opset fan it boekYn earste oankommen bringt Myksomatoze jin in earder boek fan Riemersma yn 't sin t.w. Minskrotten-Rotminsken. Lykas dat boek bistiet ek Myksomatoze út forhael en auteurparten. Yn Myksomatoze binne dizze parten net fisueel skieden mei in rigel wyt. Allinne it earder yn Trotwaer ôfprinte fragmint (dat 40 1/3 side fan de 209 bislacht) is fan de oare tekst mei ien rigel wyt skieden. Yn de op dat fragmint folgjende tekst wurdt formelde dat it yn Trotwaer stien hat (en dat it net alhiel folslein wie, it weilitten folget op de folgjende twa siden). De skriuwer hat it ‘Trotwaer-fragmint’ dêr't er neffens earder sitearre brief mei fêstroun wie dus oanmerkelik útwreide. It totale Myksomatoze-forhael is, lykas sein, to ûnderskieden yn forheljende en mear skôgjende parten, hokker parten ik de namme auteur A, auteur B, auteur C en forhael jown ha. (In alternatyf hie west: it totale boek: forhael 1; skôgjende parten: forhael 2; ik-foarm forhalen: forhael 3; forhael oer wykein op Flylân: forhael 4, faeks binne der noch oare fordielingen mûglik.) Auteur A: Forheljende parten yn ik/wij/men-foarm, oan it wurd is de auteur. Auteur B: Reflektive parten, filosofiën oer it minsklik bistean, it dwaen en litten fan alledei etc. Auteur C: Refleksjes oer literatuer en it ‘forhael’, forbining tusken de ‘forhael’-parten. Forhael: Gedrach en tinzen fan seis persoanen dy't yn 'e hjerst in wykein op it eilân Flylân trochbringe. De komposysje fan dizze parten ta it gehiel-Myksomatoze is oersichtelik werjown op side 70. It sifer slacht op de side hwêr't it bidoelde part to finen is. Mocht de earste yndruk fan dat skema wêze dat Riemersma drok oan it knippen en plakken west hat en sa in roman ôflevere dy't by guon dan wol ‘eksperimenteel’ hjitte mei, mar likegoed mear puzzel- as lêsg'not bringt, út it ûndersteande sil hooplik nei foaren komme dat hjir sprake is fan in harmonysk gehiel dat ‘logysk’ yn inoar sit | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Auteur AIt boek bigjint mei in frij op himsels steande sin oer in dea knyn en giet dan fierder mei de tocht dy't de ik-figuer makke op it Amelân mei minwaer, syn tinzen oer selsmoard en syn byld fan in húshâlding dy't er moete yn it hotel to Nes. Sûnder perspektyf foroaring giet dit A 5 part oer yn part C 7. It tsjinnet as materiael, biwiismateriael foar C 7, hwer't de ik-figuer seit: ‘literatuer is: men snijt en filet de dingen by en leit se tsjininoar oan en limet se fêst.’ De knyntsjesinnen yn 5A binne hjir in foarbyld fan. Dit knyntsjemotyf komt letter ek foar | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 70]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Rubrisearring fan myksomatozeside
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 71]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
yn 31 C, 43 C en forhael 34. It omstappen fan de ik-figuer op 't Amelân is in gegeven dat net frjemd is oan it slot fan it boek as de ik-figuer mei syn maten nei in simmerhúske op Skylge taset om in hjerstwykein omtokrijen. (204 A) De selsmoardproblematyk sjogge wy bgl. yn 13B, 27B en 183B. Neamde húshâlding komme wy yn it boek net wer tsjin, útsein 11C. De fragminten 53, 59, 81, 101 en 116A binne mei it forhael forboun. De ik-figuer, de auteur, nimt de lêzers mei, op de boat, nei it strânhotel, nachts nei dunen en strân, of it doarp troch. Fral it nachtelik avontûr is in frjemde pûst, in oanset ta in detektive. De gegevens krije in forfolch yn 134 en 191 C. A204 forwiist sterk nei it forhael. Skylge of Flylân dat makket neat út. It forhael spile him tafallich op Flylân ôf, de reis fan de auteur en syn maten hie ek likegoed Flylân as bistimming ha kinnen: ‘it komt ek allegear op itselde del’ (209). Nijsgjirrich makket jin in tinkpassaesje op side 207 en 208: Piter moat hwat foar de ik-fig. opknappe, hwat Wytske net witte mei. De lêzer is bikend mei dizze tekst (mei oare nammen) as tinzen fan Wilma yn forhael 50, 66, 98. In tarieding op it wykein-fuort kriget de lêzer yn 184 B bgl. Wol men yn Myksomatoze diminsje ûnderskiede, forhalen yn forhalen, dan soe men de auteur B en C parten diminsje 1 neame kinne: in sabeare dialoog fan in auteur mei syn lêzer; diminsje 2 is it forhael fan de seis persoanen dy't der ris útbrutsen binne foar in wykein op Flylân; yn diminsje 3 nimt de auteur de lêzer mei: ek wy bilibje syn ôffeart nei Skylge, syn swalkjen op Amelân en syn meigean mei de forhael-haedpersoanen op Flylân. De auteur A parten dus. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Auteur CDe C-parten binne it oerfloedigst yn it skema. Hoewolt der floeiende oergongen binne tusken C en B parten, ha de measte C-parten dochs direkter mei it forhael to krijen. De earste C-parten (7 o. & m 31) kinne, forgelike mei de rest, algemien neamd wurde. De auteur, de ik-figuer, praet oer literatuer, de roman en liedt de lêzer sa yn de problematyk sa't dizze auteur dy tsjinkomt by syn bisykjen stal to jaen oan hwat er stal jaen wol. De romanfoarm jowt gjin libbene realiteit, it giet net om by inoar fandele haedpersoanen: ‘it giet om jim en om my en net om minsken dy't net bisteane’. De lêzer rekket bitrutsen by de problemen fan it skriuwers-ambacht. Ek de wize hwêrop de ik-figuer him ta de lêzer rjochtet om bgl. de net-funksjonaliteit fan it knyntsje yn it forhael to demonstrearjen, is yn syn direktens suver oertsjûgjend: men hat oanstriid in diskusje oan to gean mei dizze ik-figuer. Makket de auteur yn de earste C-parten syn opstelling foar de wurklikheits-werjefte yn de roman oer dúdlik, de oare C-parten binne mear kommintariërend en reflektearjend op it forhael rjochte. Dêrby ha se in forbinende funksje. Yn de slotfragminten soargje hja mei forwizingen derfoar dat it forhael net isolearre wurdt, mar trochspilet oant de lêste siden ta. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
It forhaelFoarmje de auteur C en B parten it forhael fan in auteur-haedpersoan dy't oer it libben neitinkt en oer syn libjen wol in roman skriuwe woe, wie it net dat it medium itjinge hwat er werjaen wol sa forfoarmet en syn glâns ûntnimt, oer de skouder fan dy auteur tekent him dochs it forhael ôf, de twadde diminsje, dat | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 72]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
troch it petearjende en skôgjende karakter fan neamde auteurparten lykwols yn de earste diminsje liket to spyljen: men hat oanstriid de auteurparten net as forhael to sjen, mar as in soarte fan essay, deiboek: net-fiktyf. Dit pleitet foar de direktens fan dy auteurparten. De earste forhael-fragminten tsjinje as materiael foar de C-parten dêr't se mei forboun binne. De auteur boartet hwat mei it forhael, brûkt it as foarbyld foar hwat er yn de C-parten sein hat. De rollen draeije harren yn it forrin alhiel om: de C-parten forbine dan de forhaelfragminten en/of jowe additionele ynformaesje. De forwevenheit mei de C-parten hat ek ynfloed hawn op de oardering fan de forhael-fragminten. Yn de algemiene C-parten wurdt forhelle hoe't de roman neffens de ik-figuer weze moat: ûnfolslein, fragmintarysk, tsjinstridich, kameleontysk. Dit forhael hat dy eigenskippen al fierhinne. Net it hiele wykein wurdt forslein, allinne
Kameleontysk is dit forhael yn syn perspektivenforskaet, sawol auktorieel as persoanel keppele oan Emmy. Wilma of Thomas (op side 58 e.v. oan Jehannes). Tsjinstridich liket dit forhael my net en soks liket my op dit nivo ek net goed ta. Tsjinstridichheit soe hijr negatyf wurdearre wurde moatte as ynkonsistinsje yn de ynformaesje-oanbieding. By Emmy liket it der hast op as hja it oer har freon(en) hat: op side 38 is dat in bear fan in fédokter, op side 126 is er earste stjûrman. Bitocht moat wurde dat der gjin oanlieding is út to sluten dat hja mear as ien freon hawn hat (sj. ek side 130) In flater yn de ynformaesje-oanbieding fine wy op side 51: sneontojouns hat Wilma yn 'e bar sitten en net de hiele joun omswalke troch waer en wyn mei Thomas, lykas dêr stie[t.] Dat Wilma op side 52 net mear wit hoe't Emmy hiet, liket my ek stûf. Resumearjend, de oardering fan it forhael is dus net chronologysk, mar: sneontomoarn (9 siden) snemtojoun 23 siden) - freedtojoun (9 siden, 81A derby rekkene 18 s.) sneontomoarn (4 siden) - sneontomiddei (3 siden) - sneintomiddei (10 siden) sneontojoun (37 siden). Is dizze oardering dus al to fordigenjen yn syn forbounens mei de C-parten, ek yntern is de oardering net ûnlogysk. Der is in ûntwikkeling nei it lêste fragmint mei Thomas fisy op de minske. De tinzen en petearen yn de eardere fragminten kinne ek opfette wurde as fordúdliking of kontekst foar dit fragmint. Ek yn de foargeande C-fragminten (137 en 140) jowt de auteur dizze rede nochal hwat klam mei syn opmerkingen dat er wier net wit hoe't Thomas der ta kaem sa op 'e praetkruk to gean, of it moast wol wêze etc | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 73]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Yn it ramt fan it (haed)thema fan dit boek, ‘in fisy op it libben’, is dizze klam torjochte en is it goed dat dit forhael neist syn C-part forbiningen ek thematysk sa sterk boun is oan de earste diminsje: de tinzen fan de ik-figuer. Soks makket dat dizze twadde diminsje alhiel opnaem sit yn de earste diminsje, hwat it gehiel in tige kompakt gehiel jowt. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Auteur BMyksomatoze bifettet de tige eksistentiële tinzen fan in auteur oer it libben fan himsels en syn freonen, is hjirboppe al sein. De auteur wol in roman skriuwe mei sa'n eksistentiële ynhâld: ‘ik wit allinne fan mysels en kin allinne skriuwe oer de dingen dy't my biwege en hwat der yn my omgiet,.., de dingen dy't mines binne en jimmes ek, etc.’ (side 31/32), wie it net dat it medium de réaliteit sa ûnecht makket. Yn syn monolooch lit de ik-figuer de ûnechtens sjen fan it roman-forhael, wylst er der oan 'e oare kant net oan ûntkomt dat de haedpersoanen de dragers fan syn idéën wurde. De B-parten binne nou dy passaezjes dy't de filosofieën fan de ik-figuer direkt bifetsje. Sintrael stiet de leechheit fan it bistean, de ‘stomme monotony’, it ‘erflik itselde’. De ik-figuer giet op in ôfstân stean en bisjocht it libben, it dwaen en litten fan himsels en syn kunde. Guon lju plege selsmoard, it is allegear klear; hwat sil men fierder. Mar komt men ea klear mei de dingen? Hy sjocht de jongtroude froulju al sa fêst yn it húshâldingsysteemke, it truttige houlik, hy sjocht himsels oan 'e bar: Is der hwat nijs? Né, der is neat nijs, it is allegear itselde, it komt allegear op itselde del: wy geane allegear itselde gat yn. Selsmoard soe in foarm fan der útbrekke wêze, mar dat hat ek al net folle sin: it bier wurdt der net guodkeaper fan. Hwat dan? Dou moatst de dingen ûnder eagen sjen doarre. Moatst soargje datst dyn libben altyd follest mei plannen en beuzichheden. Dou moatst geastlik yn biweging bliuwe, ast'stilsitst komme de prakkesaesjes: Hwat dochst hjir? Moatst gjin yllúzjes ha. Hwat sikest eins? Twivel, ûnfrede, ûnwennichheit, iensumheit, langstme nei hwat net bistiet en fortriet om hwat nea west hat, dat binne de sykten fan 'e liddichheit en de frije tiid. Hwat siket eins? Dou soest wer leauwe wolle en hoop hawwe en bitrouwen. Healwize romantyske flauwekul fansels. Us jeugd is foarby en de dreamen fan dy tiid binne forflein Akseptearje dat dyn earste en lêste fraech nea biandere wurde sil, mar moatst net biwere datsty happy fielst, hwant dat liichst. Net ûnbikende minsklike problemen dus. Net dat de ik-figuer it nou yn pessimisme of stoïsisme sykje wol ‘Ach kom nou, dat sarkastyske praet fan ús, ús pessimisme, ús stoïsisme, dat wurdt sa stadichoan ek in pseudo-religy. Der sit leechte yn elk libben’ Wol is er tsjin ûnechte opfollingen: de flecht, sawol dy fan it folk dat leafst trije kear sneins nei tsjerke rint as dy fan de fûgels dy't it hasjsjekje sirkulearje litte. De B-fragminten lykje my de meast kwetsbere fan de Myksomatoze-‘fragminten’. Wy witte it allegear wol, hwat sil de ik-figuer ús noch fortelle. ‘As der neat to sizzen is, moat men de snút ticht hâlde’, mar yndie wy eamelje mar troch. Yn dizze B-parten is de measte rûmte foar de skriuwer, it assosiative kriget dan ek har gerak. Bipaelde passaezjes wurde suver anekdoatysk. Hwat oerdiedich hjir | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 74]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
en dêr, dochs as stoffearring fan ‘hwat der yn my omgiet’ net oerstallich, liket my. Né, ‘steurender’ is dan it psychiater-toantsje dat de ik-figuer hjir en dêr oanslacht. Hwat wit sa'n man it doch moai ûnder wurden to bringen, de minske is foar him in iepen boek, jo freegje: kant en klear krije jo it antwurd. Doch it samar, dan komt it wol klear mei dy, jong. (sj. bgl. side 137B of 188B). Net alhiel torjochte faeks dizze krityk, sûnder de dialogyske suggestje in bulte B-parten grif stomforfelend of bitiden arrogant west. Ek net sa direkt lykas nou it gefal is, de lêzer is der op kop en earen by: de ik-figuer sprekt him oan. As er harkje wol, wurdt er oan it tinken set of stelt er him to war. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Relaesje tusken forhael en B-partenHjirboppe is sein dat de haedpersoanen út it forhael de dragers fan de idéën fan de ik-figuer wurde. Soks is op himsels gjin fanselssprekkende saek, mar sjoen de ynbou fan dit forhael yn de auteurparten: de yntinsje fan de ik-figuer.to skriuwen oer ‘de dingen dy't mines binne en jimmes ek, de dingen dy't wy wol witte mar dêr't wy net by stilstean kinne, mar dêr't ik diskear foar sitten gien bin (side 32), alhiel net tafallich. Yn de B-parten komt ‘it ris in wykein derút brekke’ út de sleur, de monotony fan alledei, wiidweidich to praet. Hwêr sil men hinne? De ik-figuer komt ta de konklúzje dat it dochs neat oplost, men nimt jinsels mei. Dêrby, thús hat men in plak hwêr't men akseptearre wurdt. Hoewolt it dus neat útmakket, it komt allegear op itselde del, wurdt dan dochs oan 'e ein fan 'e B-parten it bislút naem der ris in wykein tusken út to gean om de lange hjerst to brekken. Yn hwat ik in A-part neamd ha, fynt it boek har ein mei de biskriuwing hoe't de ik-persoan en syn maten nei Harns en de boat slagje. Ek de forhael-haedpersoanen binne sa sahwat nei Flylân reizge, kriget men de yndruk (191C bgl. of 92-forhael) ‘Men moat ris even út 'e sleur wei, netwier’, seit Thomas tsjin de kellner. Men soe sizze kinne dat it hiele forhael de B-part miening adstruearret dat it ris in wykein ‘derút brekke’ ek neat jowt, it lost neat op, men nimt jinsels mei, de monotony giet gewoan op in oar plak fierder. De persoanen bilibje dan ek neat, sa docht bliken. De earste forhaelparten (34 e.v.) steane noch yn in sterke materiael-relaesje mei de C-parten. De konneksje mei de B-parten is dan miniem. Men wurdt hwat mear oer de haedpersoanen gewaer, mar vehicle fan de B-parten binne de forhael-fragminten hjir noch net. Dat is al it gefal by 71-forhael. Yn myn frije tiid mei ik graech stomme dingen dwaen, seit Thomas. Yn 79 B lêze wy dat ek de ik-figuer fan miening is dat de wykeinen net telle, dat is frije tiid dy't men nei eigen goedfinen forgrieme of bisteegje mei. It bier wurdt der net guodkeaper fan, seit Thomas, it is net wichtich oft ik aerdich bin of net. (side 74). Suver letterlik l^eze wy deselde sin op side 180 B. Opfallend is ek Thomas' útspraek dat it better is de pine fan it forstân to fordragen dan om geastlike apc'tjes to slikken dy't dyn geast fordôfje en dy pine weinimme. Dû moatst de wierheit ûnder eagen sjen (s. 75). ‘Selskip kinst sûnder, mar it is bykomstich en marginael. It sintrale, it alles bihearskjende Thomas, hwat is dat?’, freget de ik-figuer op side 114. ‘Der is mar ien antwurd: dû soest wer leauwe wolle en hoop hawwe en bitrouwen; dat is dyn kop fol yllúzjes.’ Op side 48 seit de auteur ‘Mar dy ôfslute foar de twivel en dy pânserje tsjin | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 75]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
hwat dyn lykwicht bidriget, is echt net sa botte helthaftich en wiist earder op swakheit as op krêft. Dû moatst de dingen ûnder eagen sjen doarre.’ De útfal fan de skriuwer op side 114 hie my rjochte ta Emmy rjochtfeardiger talike. Ut Thomas' praet blykt dit ‘wollen’ net dúdlik. By Emmy wol, hja wol it moaije sjen. De lytse teare dingen yn it libben. Hja hat leaver de pine fan 'e yllúzje as de doffe leechte (side 79). Ek de ik-figuer hâldt fan moaije ienfâldige dingen yn it libben: de rêstige sneintomiddei, it hwat de hannen makken. Op side 153 seit Thomas: ‘Immen dy't bitrout en leaut samar yn it wylde wei, dy is ryp foar de psychiater.’ Hy hat it tsjin Emmy. ‘In rotsfêst leauwen is better as in fjouwerbaensdyk’, mient de auteur op side 139. Emmy leauwt yn it goede fan de minske, it altruïsme (153). Thomas jowt dat wol ta, mar syn teorie docht him de klam op 'e kausaliteit fan de natuerwet lizzen. Mar it libben hat sûnder emoasje gjin sin, seit Wilma (166). Thomas jowt har gelyk, mar wol der net oan ta jaen. Auteur op side 188: Moatst de dingen ûnder eagen sjen en dyn fyzje net kleure litte troch gefoelichheden en dyn winsken en bigearten. (Stoïsisme). Hwat wol aerdich oerienkomt mei Wilma's fisy lykas wy dy l^eze yn har petear mei Emmy, side 123 e.v. Men moat de eagen net tichtknipe. In houn is in houn, in barch moat men in barch neame. Alles hwat it libben brocht hat as in geskink út de himel to bisjen, fynt hja in âldwivepraetsje. ‘Ik wol neat. Ik libje fan 'e iene dei yn 'e oare’. ‘Ach kom, seit de auteur op side 47. “dat sarkastyske praet fan ús, ús pessimisme, ús stoïsisme, dat wurdt sa stadichoan ek in pseudo-religy.” Wilma forwyt it Thomas op side 163. Lokkich? Né, mar wol reedlik tofreden mei de omstannichheden, is de auteur neffens eigen sizzen op side 192. Of soms dochs?: Dy inkelde mominten yn dyn libben as alles dy sear docht en dou hinne en wer skodde wurdst en as it fielt as skuorre se mei fïskheakken troch dyn siel, dan bist lokkich. “Miskien fyn ik myn lok yn dy pine”, seit Thomas op side 76. Hij doelt op it forstân dat sear docht omt it jin de leechte fan jins bistean dúdlik makket. “Masochisme”, seit Emmy derfan. Side 127, Emmy: “Der sit ek in moaije kant oan tryste oantinkens” (sj. ek side 79 ein earste alinea). Dat tryste, dat is tagelyk dyn lok, dêr leit it djipste fan dyn libben yn’. ‘Klearebare masochisme’, fynt Wilma derfan. Lokkich bist soms in pear kear yn dyn libben, seit Wilma, mar it duorret net. It hat gjin sin om der efter oan to jachtsjen (s. 128). Lok is nearne mear fan witte (132), de auteur komt suver ta deselde konklúzje op side 16. De ik-figuer en Wilma binne beide ynwenners fan Frentsjer. Lykas hy, hat hja it ek oer it sitten oan 'e bar, de freonen, it truttige houlik hwêr't guon nei ôfsakje. De ik-figuer hat de ûnderwurpen op side 29 e.v., 31/32 by de kop. Ek Wilma is fan miening dat men de brot net ûntflechtsje kin, men nimt jinsels mei (s. 92, 134 bgl.). De gesellichheitsdream fan Wilma, sjogge wy wer op side 93/94. It sykjen, ‘de ivige ûnwennichheit nei it net to neamen en it namleaze’ (s. 95), formeldt de auteur op side 79. Op side 160 hat de auteur it werris oer it egosintryske fan de minsken en it feit dat wy ússels pinigje mei in kwea gewisse en de oertinkingen dat it eins oars wêze moatte soe, dat wy as ien grutte famylje de soargen en it fortriet fan elk ôfsûnderlik ien en mien drage moasten. Thomas jowt yn syn ‘rede’ (142 e.v., 160 e.v.) de oarsaek hjirfan oan. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 76]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
En der binne mear linken to lizzen. By de haedpersoanen Wilma, Thomas en Emmy fine wy it pessimisme, stoïsisme en de ‘naïviteit’ werom, dy't de ik-figuer yn de B-parten dwaende hâldt. It pessimisme birêst ek op yllúzjes en krekt dêr moatte wy mei ôfweve, kin de auteur op side 188 wol sizze, hy bilânnet dêrmei yn it stoïcisme, it alles oer jin hinne komme litte sûnder yllúzjes. Och kom seit er op side 47, ús pessimisme, ús stoïsisme dat wurdt sa stadichoan ek in pseudo-religy. In ûnecht opfoljen fan de leechte dy't yn elk libben is. Moatst dan leauwe, hope en bitrouwe? Dat soest wol wolle: Jezus yn it hert en seachmoal yn 'e kop (114). Mar dû hast gjin seachmoal yn 'e kop spitigernôch. Dû moatst de dingen ûnder eagen sjen. Akseptearje dat dyn earste en lêste fraech nea biandere wurdt. Mar dat follet dyn lege plak ek net op, sadat de ik-figuer wer by de moaije dingen, de naïve gefoelichheden: de rêst fan de sneintomiddei, de gesellichheit by de kachel ensfh., de yllúzjes fan alledei, bilânnet. Dat hwêrom sil er der net mei de maten in wykein op út? Nei Flylân, né wy soene nei Skylge kloat! Nou ja, Flylân of Skylge, de kaertsjes binne deselde, it komt dochs allegear op itselde del. M.a.w. alle trije haedpersoanen fortolkje de tinswrâld fan de auteur út de B-parten. Mei dan Wilma troch har frentsjerter komôf it dúdlikst bisibbe lykje, ek it stoïsisme en pessimisme fan Thomas en de twivel fan Emmy oan de (sabeare) wissichheden fan Wilma en Thomas fine wy yn de B-parten werom. It distânsje-nimmen hat de ik-figuer neat holpen, net dat er dêr op hope hie, yn elts gefal hat er de dingen ûnder eagen sjoen, mar pessimisme, stoïcisme en naïve twivel bliuwe en sille bliuwe, dat hwat kin er better dwaen as it spultsje wer meidwaen en mei de maten mei to gean in wykeintsje Skylge om de lange hjerst to brekken? | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
KonklúzjeYn de roman Myksomatoze binne ‘auteur’-fragminten en forhael-fragminten to ûnderskieden. It forhael giet oer in wykein dat seis persoanen op it eilân Flylân troch brocht ha. De auteur-fragminten binne to ûnderskieden yn skôgjende fragminten dy't har dwaende hâlde mei it Flylân-forhael of literatuer yn it algemien, filosofearjende fragminten en forheljende fragminten. De komposysje fan dizze hjir ûnderskieden fragminten is sadanich dat praet wurde kin fan in kompakt en harmonysk gehiel, sjoen it forskaet fan stof en harren eigensinnichheit sûnder mear in prestaesje. De A-parten spylje troch yn C en forhael-parten (it Hollumer knyntsje, de bernewein, de S(tichting) P(oesij) U(tjeften)-dúkboat dy't even riedseleftich opkomt as fordwynt, it folgjen fan de haedpersoanen nei en op Flylân). De C-parten brûke earst it forhael as materiael, letter tsjinje se as forbining tusken en ynformaesjebron foar it forhael (sjoch ek it wer forskinen fan it mollige famke fan s. 26/32 op side 137 e.v.). De B-parten krije in adstruksje en útwreiding yn it forhael (sjoch de moaije oergong fan side 107 nei side 114). Guon ûntwikkelje harren út C-parten, guon ûntwikkelje oanliedingen foar it lêste A-fragmint. Nimt men de karakteristyk fan de auteur oer dat in roman wêze moat: fragmentarysk, kameleontysk en tsjinstridich, dan kin men sizze dat de skriuwer slagge is. De ynformaesje bliuwt ûnfolslein en fragmentarysk. Net it hiele | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 77]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
wykein op Flylân is biskreaun en hwat al biskreaun is, is net chronologysk biskreaun, fierder witte we allinne dat de ik-figuer yn 'e hollumer dunen roun hat op syk nei syn maten yn in simmerhúske en dat er mei maten ôfreizge is nei Skylge foar in wykein yn in simmerhúske. Wilma moat hwat ha dat in oar foar har helje/opknappe moat, de ik-figuer hat deselde tinzen (50, 66, 98, 207 en 208), men wurdt der suver nijsgjirrich fan. Allyksa dy dúkboat, it hat yndie net yn de krante stien (of dochs wol?). Kameleontysk: it forskaet oan perspektyf en tank, tank, de lêzer krijt ek noch in lyts kolleezje oer perspektyf op side 57. Tsjinstridich: it boek tilt der fan op. Litte wy hjir neame it feit dat it boek bistiet. Skriuwen is in foarm fan frijetiid-bisteging, mar it jowt in bulten argewaesje en drokte en fortuten hat it net (198, 187) en sjoch ek side 31, 32 of l0 boppe. Kinst wol spannende forhalen bitinke, mar ús libben wurdt der neat boeijender fan. Hokker sin hat it? Gjin. (dúdliker: it boek is publyk makke om publyk to meitsjen dat it gjin sin hat it publyk to meitsjen). In roman oer Flylân wol de auteur net skriuwe (32) en hy bliuwt by dy miening as er it forhael dien hat: gjin boek oer Flylân dus (196). Of de tsjinstridichheden yn de B-parten. De forhalen oer literatuer en it boek sa't it foar ús leit. En hat Thomas nou al of net mei Wilma op bêd west. Neffens de auteur net (side) 191), mar Wilma wit wol better (51, 52). | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Preek foar it yndividualismeLêzers fan dit tydskrift sille der mei op 'e hichte wêze dat Tr. Riemersma gjin foarstanner is fan it hifkjen fan literair wurk op oare as ynterne faktoren. Literatuer is frij neffens him. Frij hwêrfan freegje ik my ôf. Nim nou de filosofy dy't de ik-figuer en in haedpersoan as bgl. Thomas de lêzer biede. Wy binne op 'e hichte mei de ûnhâldberens fan it behaviorisme, wy ha ek de skiednis fan 'e filosofy bistudearje moatten, wy moasten Sartre ek l^eze, de krityk op it eksistentialisme, de oergong fan Sartre nei in marksistysker stânpunt. Thomas fortelt alhiel gjin nijs, moat dat nou tink ik dan, hwat docht dy man bilachlik of hwannear is dit forhael skreaun, just, 20 jier to let dus. Yn elts gefal is it boek historysk bipaeld, antedearre yn bipaelde fasetten. En rint de maetskippij fan hjoeddedei net troch it hiele boek? Ja, mar dêr giet it net om, it punt is: dû meist it net yn dyn bioardielings bilûke. Hwêrom net? Myn monolooch is hwat dit oanbilanget yn 1974-2 al útwurke. (of 1973-4) Riemersma sil nijsgjirriger wêze hoe't ik dit boek ‘bûten-literair’ bioardielje. En ik moat sizze: Riemersma hat in bêst boek skreaun. Net dat de haedpersoanen nou altiten like sinfol praet útslaen (sjoch foargeande). Ik kin it mei Wilma fine as hja op side 163 de praetsjes fan Thomas ôfkôge neamt. De froulju jowe Thomas gjin sterk partuer, lokkich mar foar dit theoretysk ‘lichtgewicht’, forkeaper fan healbizen idéën. Mar dêrtroch wurdt it boek noch net in eksimpel fan ien of oare wiisheit, it eksistentialisme of sa. It is gjin libbenslearboek wurden, in propaganda-boek fan ien of oare sekte of -isme. Né, it is in boek dat jin mei de problemen sitte lit, jin oan it tinken set(te kin). jin neitinke lit oer hwat wy hjir dogge. In boek dat rûmte lit, hwêr't je mei ‘vn dialooch’ gean kinne. En dat fan in skriuwer dy't yn | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 78]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Minskrotten op side 125 seit: ‘It preekjen en moralisearjen sit my yn't bloed’. Dit boek hat sa de potinsje in krityske hâlding by de lêzer op to roppen en dat is al mear dan fan in bulte boeken sein wurde kin. De einkonklúzje moat dan ek wêze dat Riemersma sawol ‘yntern’ as ‘ekstern’ in knap boek skreaun hat. Sterker, in better frysk boek ha ik my net yn 't sin bringe kind. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Minskrotten-RotminskenYn it hjir foargeande is al sein dat Myksomatoze jin tinken docht oan Minskrotten-Rotminsken, in earder boek fan Riemersma dat ein 1966 forskynde. Ek yn dat boek fine wy in skieding fan auteur en forhaelparten. De yntegraesje fan auteur en forhaelfragminten is dêr alhiel net geweldich. De auteurfragminten binne ek earder deiboek as romanfragmint. De hubris fan de skriuwer stiet jin bitiden tsjin, it forhael krijt in bytsje poaten ûnder it liif, sadat men in samling literair historysk nijsgjirrige teksten oerhâldt. Hie de man dy net better daliks nei it F.L.M.D. bringe kind? Dy rotten hie faeks in aerdich koart forhael ynsitten. Lykwols, net Minskrotten is hjir ûnderwerp fan bisprek, litte wy sjen oft der yn de auteursfragminten fan dat boek passaezjes sitte dy't yn Myksomatoze weromkomme. Ek Minskrotten is ûntstien as wjeraksel tsjin de traditionele roman, hweryn it stielen wet is dat op in aksje in réaksje folget en dat der gjin gefolch wêze kin sûnder oarsaek (side 28). Ek is de skriuwer dêr ûntofreden oer de kunstmjittichheit fan de roman. Yn Myksomatoze komt dit lêste en it kausaliteits-probleem wiidweidich oan 'e oarder (7 e.f.). Hat de auteur yn Myksomatoze sa syn eigen tinzen oer it forskynsel literatuer, yn Minskrotten driuwt de skriuwer mear op de tinkbylden fan Jo Smit. Hwêrom skriuwt er? Minskrotten: ‘Dêrom skriuw ik, opdat ik net forgetten wurdt’ (en dat wylst er op side 30 biweart dat er gjin yllúzjes hat). Of gekjend op side 83: ‘Hwant ik wol graech dat der by forskinen fan dizze roman.. (guon).. opsteane en sizze ‘dizze man hat hwat to sizzen’. Yn Myksomatoze sjocht de ik-figuer skriuwen as in frijetiids-passearring, soksahwat as postsegel of sigarebandtsjes garje. Sinleas, mar men moat dochs hwat om dy frije tiid om to krijen. Yn Minskrotten seit de skriuwer dat er gjin herfoarmer is, ‘ik bin nearne foar en nearne tsjin. Forwachtsje dus asjeblyft fan my gjin krityske bydrage ta de forbettering fan dizze wrâld (89). Op de flap fan it nije boek stiet, oernaem út de tekst: Ik ha gjin krityk hear, ik siz net dat it oars moat. Ik wiis gjin oare wei, ik bin gjin weiwizer. Opfallend is ek dy 21e ieu dêrt de skriuwer noch altiten gjin sin oan hat (MR 13, My20). Yn beide boeken is de skriuwer/auteur it wol mei himsels iens dat er eins net folle to fortellen hat. Yn MR ha Job, Prediker en de psychologen alles al oer de minske sein, yn My witte de oansprutsenen sels wol hoe't it mei harren sit (MR 12, My 10). Aerdich is ek de memmefiguer fan side 27 MR dy't de skriuwer bang makket en hwêrt Thomas forlet fan ha soe neffens Wilma (164). De psycho-analyse hat ek yn Minskrotten al de oandacht fan de skriuwer (27); de stjerlikheit ynspirearret my it meast (22): de auteur is yn Myksomatoze hjir ek drok mei dwaende, sûnder de yllúzje dat er fierder komme moat, de skriuwer | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 79]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
fan MR hie sa'n yllúzje wol. De Ragnarok, de ein fan 'e wrâld, wachtet Thomas op, side 150. It foarspul, de forwoesting fan Ljouwert, hat yn Minskrotten al plak foun. Resumearjend kin sein wurde dat wichtige fasetten yn Minskrotten-Rotminsken, ik neam it eksperimentearjen mei de roman - de wjeraksel tsjin kausaliteit en kunstmjittigens - en it probleem fan dit stjerlike bistean, yn Myksomatoze troch-lutsen wurde en in mear trochtochte en harmonysker foarm krije. Sa sjoen, kin men Minskrotten-Rotminsken it foarwurk neame dat yn Myksomatoze syn slagge foltôging krige. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
De oantekens fan Van HijumIt earste Myksomatoze-fragmint waerd de Trotwaerredaksje dus oanbean mei it forsyk om kritysk-meitinken oer de romanfoarm. De skriuwer sei mei dy romanfoarm fêstroun to wêzen, (sjoch ynlieding). Sein moat wurde dat de Trotwaerredaksje mei de Oantekens fan Van Hijum, efterôf bisjoen, net botte adekwaet reagearre hat. Van Hijum hat him forliede litten ta in diskusje mei in roman-persoan. Hy hat him forliede litten de auteur-fragminten as skôging to sjen, as net-fiktyf, it kunstmjittige hat er oer de holle sjoen. De roman hat er gjin roman bliuwe litten, mar binadere as wie it in psychologysk rapport, in filosofyboek. Hoewolt it hjir net de bidoeling is in diskusje oan to gean oer de Oantekens fan Van Hijum, moat my dochs ek fan it hert dat Van Hijum net oeral like relevante opmerkingen makke hat. As foarbyld wol ik no. 1 (Trotw. 73-2, side 105) neame, hweryn nei myn idé Van Hijum lâns Riemersma hinne praet. Yn punt 7 fortelt Van Hijum Riemersma dingen dy't Riemersma yn 1966 al yn Minskrottenskreaun hie: ‘In minske wurdt noait rekke troch in totale sitewaesje mar troch in aspekt fan dy sitewaesje (83)’. Hoe dan ek, it liket my ta dat Riemersma net folle oan dizze oantekens hawn hat. Dat alle minsken it net mei de fisy fan de ik-figuer iens wêze soene, sil er earder wol witten ha út deislutingen, tsjerkeblêdtsjes, petearen yn 'e bar ensfh. Faeks dat de ‘wittenskiplike’ wize fan praten by Thomas in minime delslach is, mar dat is spekulaesje. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Ta bislútOm misforstannen foar to kommen: Riemersma hat Myksomatoze yn syn privé-stavering forskine litten. Yn dit bisprek binne sitaten, lykas bliken dien hat, werjown yn de ‘sosjale’ stavering. Dat is in prinsipiële saek: tael en de stavering fan tael is gjin privé oangelegenheit mar in sosjael fenomeen. It is net sa dat ik in tsjinstanner wêze soe fan in staveringsforoaring, al fan in privé-foroarjen fan dy stavering. Hoewolt ik in bytsje forstân ha fan fonology en my feitliken alhiel net yntressearje foar staveringsproblemen of -rúzjes, troch de yn it kader fan myn stúdzje bistudearre taelpsychologyske literatuer is by my dochs in twivel ûntstien oangeande de sinfollens fan in fonologyske staveringsforoaring lykas foarstien troch Riemersma. In pear wurden dêr oer. Chomsky's syntaksis-theory fan djipte en opperflaktestruktuer, hat û.m. ek syn wjerslach foun yn de fonology. (sjoch bgl. R. Langacker-Language and its | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 80]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
structure, hds. 6, New York, Hartcourt Brace Jav. 1967). Men wurket in bulte mei dit skema: De aktuéle útspraek fan in morfeem is mar in deskripsje foar in part. De bidoeling fan l^ezen is bigripen. Bigripen bitsjut bipalen fan de morfemen fan de sin (en ek de struktuer fan de sin). As morfemen in konstante ûnderlizzende representaesje ha, nettsjinsteande fariërende fonetyske representaesjes, dan is in skriuwsysteem dat de ûnderlizzende representaesje fan it morfeem it meast direkt oanjowt it geskiktst. As stavering de útspraek oanjowt, dan easket bipaling fan it morfeem twa stappen:
Mar as stavering de ûnderlizzende representaesje oanjowt, is der mar ien stap nedich nl. fan letter nei morfeem. By it earste hat men de tûkelteammen fan bgl. dialektyske útspraekforskillen, by it twadde net. Riemersma's stavering is dêrom forfelend omt er foar erfaren frysklêzers yneffisjent is, hja moatte earst de útspraek bipale foar't hja it morfeem bipale kinne (it boek tilt op fan foarbylden, bgl. mai, vjinnen, jinnen, meskjin, ynjesten, ek dialektyske útspraekforskillen hâlde it lêstempo op.) Dêrby hat Riemersma sels in steurende fonologyske rigel bitocht: Vilma = Wilma, Vij = Wij etc. Yrritant gewoanwei, hieltiten mar tinke: o né (vent = went) it is gjin stimhawwende labiodentale fricatyf It smoar yn... Mar it alderwichtichste, ja faeks hie it hiele boek net skreaun wurde hoegd, stie dy rigel dêr net op side 193 lêste rigel, earste alinea. De germanistyk sil opbloeije nou't ek Riemersma sa oertsjûgjend oantoant, dat stúdzje fan it Goathysk in ûnmisber ûnderdiel is foar de stúdzje Frysk. Generaesjes studinten sille nou ek Mattheus 6: 27 út Myksomatoze oersette moatte, sadat Riemersma, liket it, op slûchslimme wize dit wurk oan it ivige forjit ûntskuord hat. Hwant hwat himsels oanbilanget: ‘Hwa fan jimme kin, mei noed to hawwen, oan syn langte ien jelne tadwaen?’ (Lykwols, men wit it nea mei Trinus..) |
|