Trotwaer. Jaargang 7(1975)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 44] [p. 44] Eppie Dam Fersen fan in fakansje · doe't ik hjir foet oan lân sette wie der krekt wer de jierlikse lytse ierdbeving by wize fan moeting by wize fan tút oan myn fuotten om't wy inoar minne yn 't rare · dy't foar my roun op 'e pier syn lears dreau as in leadswiere wolk oer de kreakjende krab dy't ik amper bliedend ûntwiek · gjin noed oer de frede op 'e kamping boartsje dútske bern mei wetterpistoaltsjes boppedat sjitte hja min en allinne op inoar [pagina 45] [p. 45] · hjoed rein mar om't it july is en wy yn tinten wenje ha we akkoarte dat it swit fan 'e sinne is · tsjinwyn ik stean kursyf yn it lânskip dat de loften lêze my mei klam · aenst yn harns sjit elk wurd troch my hinne as in Ijochtpylk en tongerslach rattelje tuten bitter de kaei del Vorige Volgende