Trotwaer. Jaargang 6
(1974)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 293]
| |||||||||||||
P. Breuker
| |||||||||||||
0 YnliedingYn it maert/april-nûmer fan Trotwaer 1970 jowt Van Hijum in bisprek fan Trinus Riemersma syn roman de hite simmer.Ga naar eind1 Van Hijum is mei syn artikel fan doel ‘ien fan de mooglike manearen oan to jaen, hwerop't it fenomeen dat roman hjit [...] binadere wurde kin.’Ga naar eind2 Fierder merkt er ûnder mear op dat it allinnich sin hat om in roman to analysearjen as de kritikus de nedige ‘theoretyske achtergroun’ hat.Ga naar eind3Van Hijum lit yn it hjirboppe neamde artikel en ek op oare plakken dúdlik trochskimerje dat hy allinne dy théory yn 'e fingers hat.Ga naar eind4 Ik bin fan doel om yn dizze stúdzje nei to gean yn hoefier't Van Hijum ‘syn’ théory - dy't foar in great part ûntliend is oan Stanzel syn Typische Formen des RomansGa naar eind5 - bihearsket en hoe't er dy tapast yn syn analyse fan de hite simmer. By myn krityske op- en oanmerkingen hâld ik safolle mooglik de folchoarder oan fan Van Hijum syn artikel oer de hite simmer. Ik kin yn it ramt fan dizze stúdzje net op alles yngean dat troch Van Hijum nei foaren brocht is: ik sil my biheine ta hwat ik foar de algemiene en wichtige ûnderdielen fan syn theoretyske útiensettingen en fan syn bisprek fan Riemersma syn roman oansjoch. As it sa út komt, sil ik ek oare artikels van Van Hijum oan 'e oarder stelle. | |||||||||||||
I De théoryYn dit haedstik jow ik in oersjoch fan Van Hijum syn bilangrykste theoretyske útgongspunten dy't er binammen helle hat út Stanzel syn Typische Formen des Romans. Dêrneist sil út en troch ek Pouillon syn Temps et roman, in stúdzje dy't Van Hijum ek brûkt, op 't aljemint komme.Ga naar eind6 Op groun fan dy beide boeken bisprek ik op de dêrta geskikte plakken Van Hijum syn útgongspunten. | |||||||||||||
A) De auktoriale romanDe auktoriale roman seit Van Hijum oan 'e hân fan Stanzel it folgjende fan:
‘Aukturiele [???] romans. Hjirby wurdt in prosedé tapast dat yn de 18e en 19e ieu bisûnder graech brûkt waerd troch de skriuwers; de forteller stiet yn dit gefal min ofto mear bûten it forhael, is sels net ien fan de persoanen | |||||||||||||
[pagina 294]
| |||||||||||||
dy't in rol to spyljen hat yn it forhael. Hy ‘ûnderbrekt soms it forhael mei essayistysk of moralistysk-didaktyske skôgingen en sprekt sa út en troch de lêzer ris oan yn 'e trant fan: ‘Hoe't dit komme sil, leave lêzer, sille wy yn it folgjende haedstik gewaer wurde.’Ga naar eind7
Yn syn bisprek fan De rook fan mesjester fan Tjitte Piebenga herhellet Van Hijum syn omskriuwing fan de auktoriale roman frijwol letterlik, sadat wy it mei boppesteande dwaen moatte.Ga naar eind8
Opmerkingen 1. Van Hijum syn formulearring dat de auktoriale forteller ‘min ofto mear bûten it forhael stiet’ is net botte krekt. Stiet dy forteller der hielendal, heal of alhiel net bûten? Stanzel seit der dit fan:
‘Einem erzählenden Ich begegnet man, wie gezeigt wird, auch im auktorialen Roman, und es ist nicht immer eindeutig zu klären, ob dieses Ich noch ausserhalb der dargestellten Welt steht, bzw. an Ihrer Schwelle, wie es der typischen Erzählsituation des auktorialen Romans entspricht, oder ob es schon ein Heimatrecht in der dargestellten Welt hat, d.h. in seiner Existenz Zeit und Raum mit den Figuren der Handlung teilt.’Ga naar eind9
Yn it lêste gefal, lykas yn Thackeray syn Vanity Fair, karakterisearret Stanzel de fortellende ik as in forteller dy't sawol by de ik- as by de auktoriale roman ûnderbrocht wurde kin: by de ik-roman omdat de forteller ‘schon ein Heimatrecht in der dargestellten Welt hat’, by de auktoriale roman omdat er alle typyske eigenskippen fan de auktoriale forteller hat.Ga naar eind10 Wy hawwe hjirre m.o.w. to krijen mei in oergongsfoarm tusken de auktoriale en de ik-roman. Op side 53 fan syn boekje giet Stanzel nochris yn op de oergong tusken dy beide romanfoarmen:
‘Der Weg vom auktorialen Roman zum Ich-Roman ist gekenzeichnet durch die allmähliche Annäherung des auktorialen Erzählers an die dargestellte Welt. Wo er sie erreicht und in sie eintritt, beginnt der Ich-Roman.’Ga naar eind11
Hwat Stanzel dus meidielt is dat de echte auktoriale forteller bûten (of op syn tichtst oan 'e drompel) fan de útbylde romanwerklikheit stiet, wylst de ik-roman bigjint as er dy werklikheit ‘erreicht’ en ‘eintritt’.Ga naar eind12 Dy biskriuwing is eksakter as Van Hijum syn ‘min ofto mear bûten it forhael stean’.
2. Slimmer is it dat Van Hijum in pear karakteristike trekken fan de auktoriale forteller en fortelsituaesje forswijt, alteast net neamt. Foar safier't se fan bilang binne foar de hite simmer, sil ik dy typyske kenmerken hjirre neame: a) Van Hijum lit nearne útkomme dat de auktoriale forteller altiten in roman-figuer is. Ik helje Stanzel wer oan:
‘Dieser [auktoriale] Erzähler scheint auf den ersten Bliek mit dem Autor identisch zu sein. Bei genauerer Betrachtung wird jedoch fast immer eine eigentümliche Verfremdung der Persönlichkeit des Autors in der Gestalt des Erzählers sichtbar. Er weiss weniger, manchmal auch mehr, als vom Autor zu erwarten wäre, er vertritt gelegentlich Meinungen, die nicht unbedingt auch die des Autors sein müssen. Dieser auktoriale Erzähler ist also eine eigen- | |||||||||||||
[pagina 295]
| |||||||||||||
ständige Gestalt, die abenso vom Autor geschaffen worden ist, wie die Charaktere des Romans.’Ga naar eind13
Ek de auktoriale fortelier is dus in skepping fan de auteur. Hy ûnderskiedt him lykwols fan de ‘Charatere des Romans’ trochdat er tiid en romte net mei har dielt.
b) De typyske eigenskippen fan de auktoriale forteller lit Van Hijum him ek net al to dúdlik en folslein oer út. Ik kin him oan 'e hân fan Stanzel op in pear nijsgjirrige punten oanfolje:
‘Aufschlussreicher noch als die Rolleneinkleidung des auktorialen Erzählers sind seine Einmengungen, seine Zwischenrede und seine Kommentare zum erzählten Geschehen. In diesen Einschaltungen zeichnet sich nämlich die geistige Physiognomie des auktorialen Erzählers ab, seine Interessen, seine Weltkenntnis, seine Einstellung zu politischen, sozialen und moralischen Fragen, seine Voreingenommenheit gegenúber bestimmten Personen oder Dingen.’Ga naar eind14
Eefkes fierderop jowt Stanzel in omskriuwing fan dy ‘geistige Physiognomie’ (fan de auktoriale forteller):
‘Ein weiteres markantes Merkmal der auktorialen Erzählsituation ist die klare Distanzierung des Erzählers von der dargestellten Welt. Das Spannungsfeld, das sich zwischen beiden bedeutungsvoll aufbaut, ist ein entscheidendes Spezifikum seines Sinngefüges. Nicht selten sind die beiden Pole, die Welt des auktorialen Erzählers und die Welt der Charaktere des Romans, gleichzusetzen mit ordo und Chaos, mit moralischen Gesetz und moralischer Verirrung, Sein und Schein, oder aber auch mit gesellschaftlicher Konvention bzw. Tradition und Anarchie.’Ga naar eind15 De lêste oanhael liket skreaunne to wêzen foar it forskil tusken de wrâld fan de ‘kristen-forteller’ en dy fan de oare romanpersoanen fan it boppeste forhael út de hite simmer. Ik kom dêr yn IIB op hwerom. | |||||||||||||
B) De ik-romanDe ik-roman krijt by Van Hijum dizze omskriuwing:
‘Ik-romans. De forteller is sels ien fan de persoanen dy't yn de roman in rol spylje. Yn dat gefal kin de forteller de haedpersoan fan it forhael wêze: ‘I’ as protagonist [...]. In oare mooglikheit is dat de forteller mar in ûnderhearrige rol hat yn it forhael: ‘I’ as witness [...]. By de ‘I’ as protagonist is it perspektyf folslein koppele oan de forteller: De lêzer kin net maer [lês: mear] witte as de ‘Ik as haedpersoan’ wit. By it ‘I’ as witness prosedé binne de mooglikheden, perspektifysk sjoen, foar de skriuwer hwat greater: De ‘Ik’ kin troch gesprekken mei de oare forhaelpersoanen de lêzer hiel hwat ynformaesje jaen dy't de ‘Ik’ net fan himsels ha kin.’Ga naar eind16
Yn syn bisprek fan de rook fan mesjester giet Van Hijum neijer yn op de forhâding perspektyf-ynformaesje dy't de lêzer kriget. Hy hat it dêr ûnder mear oer in fortekene en in net-fortekene wurklikheit. Omdat dy bigripen | |||||||||||||
[pagina 296]
| |||||||||||||
ek foar de hite simmer fan biiang binne, lit ik Van Hijum (lang) oan it wurd:
‘It is, neffens ús, foar de lêzer fan fundamenteel bilang to witten, hokker perspektyf in auteur kiest foar syn wurk. Hwant, as der sprake is fan in auktoriale roman sil dat bitsjutte dat it perspektyf net keppele is oan ien of mear romanpersoanen [dy opmerking is dus twiveleftich (sjoch: A2a)], mar dat it forhael forteld wurdt troch in boppe syn forhael steande forteller dy't dan ek, as hy dat nedich achtet, foarútrinne kin op de ôfrin fan syn forhael. Dizze forteller stiet der dan ek min ofto mear garant foar dat de lêzer alle ynformaesje, dy't yn de rin fan it forhael fan biiang wêze sil, kriget. De lêzer mei, mei oare wurden, forwachtsje dat de wurklikheit, sa't dy yn it forhael tekene wurdt, net in fortekene wurklikheit wêze sil.Ga naar eind17 Dat is by de ik-roman al oars: Hjir kriget de lêzer nammentlik in byld fan de wurklikheit oanbean, sa't dy sjoen wurdt troch ien man. En dat bitsjut dat de lêzer fan it bigjin ôf, rekkening hâlde sil, yn elk gefal rekkening hâlde moat, mei de mooglikheit dat de haed-persoan út de ik-roman in fortekene byld fan de wurklikheit jowt. By de personale roman leit dit wer oars. Hjir kin it perspektyf keppele wêze oan ien fan de romanpersoanen en dat hat fansels fan gefolgen dat de lêzer, krekt as by de ik-roman, foar syn ynformaesje folslein ôfhinklik is fan ien man, hwertroch't it byld dat de lêzer him foarmje kin fan de romanwurklikheit in fortekene byld wurde kin [...]. As by de personale roman it perspektyf keppele is oan mear as ien fan de yn de roman in rol spyljende persoanen, dan hat dat foar de lêzer fan gefolgen dat him de romanwurklikheit tekene wurdt, sa't dy sjoen wurdt troch mear persoanen. Ga naar eind18 En dat bitsjut dat it wurklikheitsbyld, dat de lêzer him foarmje sil, hwat nuansearder wêze sil as it wurklikheitsbyld, dat de lêzer him foarmje kin by in ik-roman of in hy-roman, hwerby't it perspektyf keppele is oan ien fan de romanpersoanen, mar minder nuansearre as by de auktoriale roman.’Ga naar eind19
Dat net sa simpele en lêsbere proaza komt hjirre op del dat Van Hijum forbân leit tusken it tal persoanen dêr't it perspektyf oan boun is en de mjitte hwêryn't de romanwerklikheit fortekene is: hoe greaterit tal persoanen oan hwa't it perspektyf keppele is, hoe minder fortekene de romanwerklikheit wêze sil (en omkeard). De iennichste útsûndering dy't Van Hijum op dy regel makket, is de auktoriale forteller, dy't neffens him gjin fortekene werklikheit jaen sil. Om mei it lêste to bigjinnen. It is nuver dat Van Hijum de werklikheit fan ik-romans, dêr't it perspektyf oan ien forteller boun is, al fortekene achtet, wylst dat neffens him net jilde soe foar auktoriale romans, dêr't ommers it perspektyf ek oan mar ien forteller keppele is. Der is gjin inkelde reden om oan to nimmen dat dy auktoriale forteller ‘garant’ stean soe foar in netfortekene werklikheit. Dy auktoriale forteller docht lykas elke oare forteller mei syn lêzer hwat er wol. Ik sitearje Stanzel:
‘In jedem Fall jedoch bedeutet auktoriales Erzählen Selbstkundgabe eines persönlichen und ausserhalb der dargestellten Welt stehenden Erzählers, der sich mit einer Selbstkundgabe im Erzählakt auch der Interpretation stellt.’Ga naar eind20 | |||||||||||||
[pagina 297]
| |||||||||||||
Eefkes fierder skriuwt Stanzel oer de auktoriale forteller:
‘Seine Einmengungen üben nämlich gleichzeitig, während sie das Geschehen erlaütern und kommentieren, einen vom Leser nicht immer bewusst wahrgenommen Einfluss auf ihn aus. [...] Der Leser ist also den auktorialen Suggestionen in viel grösserem Masse ausgeliefert als ihm im allgemeine bewusst wird.’Ga naar eind21
Dy lêste sin liket ek foar Van Hijum to jilden. Fansels is it sa dat ek de auktoriale forteller syn lezer manupilearret sa't er wol: hwat er (via syn skepper) kwyt wol, fortelt er en hwat er net kwyt wol, hâldt er foar him. In geef foarbyld fan de macht fan de auktoriale forteller is to finen yn forhael B fan de hite simmer, in stik tekst dêr't Van Hijum net goed rie mei witGa naar eind22:
‘It is foar de technysk ynteressearren grif in nijsgjirrige fraech hwer't ik myn ynformaesje weihelje sil as net Evelyn, noch in oarenien haedpersoan is. Wolnou, ik bin net fan doel oan dat probleem swier to tillen. Hwat ik nedich haw om to witten en mei to dielen yn dit forhael, dat wit ik; en hwat ik better net witte kin, dat wit ik net.’Ga naar eind23
It falt net ta om in dúdliker (en boartliker) foarbyld to finen fan de macht dy't in auktoriale forteller hat om to fortellen sa't him dat goed taliket.Ga naar eind24
Van Hijum syn bilangrykste stelling - hoe mear persoanen oan hwa't it perspektyf boun is, hoe minder fortekene de romanwerklikheit wêze sil - kin ik it al like min mei iens wêze. Yn elk kunstwurk - dus ek yn in roman - kin de skepper de werklikheit reprodusearje sa't er wol: hy kin der letterlik alle kânten mei út. Hy is it dy't oan syn wurk dy iene unike foarm en dy iene unike ynhâld jowt. Dat bitsjut dus dat in skriuwer (via syn romanpersoan(en) alle ynformaesje kwyt kin dy't er wol, mar oft er dat mei help fan bygelyks ien of fan fiif romanpersoanen klearspilet, dat docht yn prinsipe foar de fraech yn hoefier't de romanwerklikheit al of netfortekene wêze sil, neat ta de saek: hwer't it om giet is hwat er syn romanpersoan(en) yn 'e mûle leit en hoe't er dat docht. Alles hinget ôf fan de fraech hoe't de skriuwer stal jown hat oan foarm en ynhâld fan syn wurk. Hwat ik my al yntinke kin, is dat in skriuwer dy't mei forskillende perspektiven wurket, de suggestje jowt de werklikheit sa nuansearre mooglik to tekenjen, mar mear as in suggestje is dat net. As in boek in al of netfortekene werklikheit jaen sil, is net earder fêst to stellen as nei yngeande en krityske lêzing. Van Hijum hie nei alle gedachten hwat foarsichtiger formulearre as er dizze opmerking fan Stanzel oer de personale roman goed yn him omgean litten hie:
‘Im personalen Roman wird nicht eine Geschichte erzählt, so wie sie sich in der Phantasie oder der Einbildung eines persönlichen, d.h. von subjektiven Momenten bestimmten Erzählers einstellt, sondern Wirklichkeit dargestellt, d.h. szenisch vorgeführt oder im Bewusstsein einer Romangestalt gespiegelt. Natürlich ist auch ein solcher Illusionsanspruch letzten Endes ein Stück | |||||||||||||
[pagina 298]
| |||||||||||||
Rhetorik, d.h. ein Mittel zur Leserbeeinflussing. Diese Art der Rhetorik ist aber subtiler, weniger offensichtlich als solche erkennbar und daher wirkungsvoller als etwa jene der fortgesetzten Leseranreden eines auktorialen Erzählers mit gleicher Absicht.’Ga naar eind25
Ek yn in personale roman is de oarderjende en strukturearjende hân fan de auteur to merkbiten, mar dat op in hoedener, ûngemurkener manier as yn bygelyks in auktoriale roman. De forteller bimuoit him skynber net mear mei it forhael, mar dat is in kwestje fan forteltechnyk. Ik kom yn it twadde part fan dizze stúdzje hjir op werom. (Fansiden: Yn De rook fan mesjester bisiket Van Hijum it forbân tusken perspektyf en romanwerklikheit to fordúdlikjen mei help fan in pear tekeningen. Syn (grafyske) foarstelling fan de auktoriale roman is my dêrby in riedsel. Van Hijum jowt dêr dit byld fan: - ‘it sicht dat de lêzer krijt op de romanwurklikheit op groun fan it perspektyf, dat troch de auteur yn syn wurk brûkt wurdt.’Ga naar eind26
Ut boppesteande foarstelling fan saken docht bliken dat neffens Van Hijum de auktoriale forteller net allinne boarchstiet foar de werklikheit yn de roman mar ek ynformaesje jowt oer de werklikheit dêrbûten. It is my net dúdlik hwat ik my by it lêste foarstelle moat. Alles hwat de auktor tinkt en fortelt, moralisearret en kritisearret heart - sa't wy hjirfoar al sjoen hawwe - ek ta de skepping fan de auteur en dus ta de werklikheit fan it (literaire) kunstwurk. Yn forbân mei de kwestje perspektyf - romanwerklikheit moat ik noch twa oare termen fan Van Hijum yn bisprek bringe: objektyf en subjektyf perspektyf. Dêrfoar sitearje ik Van Hijum syn gearfetting fan Pouillon syn biskriuwing fan it psychologyske point of view. Pouillon ûnderskiedt it psychologyske point of view yn in vision dedans en in vision dehors. Van Hijum achtet dat in tige brûkber ûnderskie en hy past it ta op syn analyse fan de hite timmer. Hy seit er dit fan:
‘1.’ vision de dans [Van Hijum skriuwt konsekwint de dans, wylst Pouillon him like trou oan dedans hâldt. Hoe't Van Hijum dan oan de dans komt, doar ik sa net to sizzen]: it forhael wurdt sa forteld dat de fisy fan de lêzer biheind bliuwt ta de fisy fan de persoan (persoanen) fanút hwa't de forteller syn forhael docht. Mei oare wurden: It perspektyf is koppele oan in bipaelde figuer (oan bipaelde figuren). 2. ‘vision dehors’. De lêzer sjocht alle romanpersonages fan bûten út. De kennis dy't de lêzer opdocht is net ôfhinklik fan it sicht dat hwa dan ek fan de romanpersoanen hat op datjinge hwat der yn de roman bart. Kin men sizze dat de ‘vision de dans’ in subjektyf perspektyf is, de ‘vision dehors' is in objektyf perspektyf.’Ga naar eind27 | |||||||||||||
[pagina 299]
| |||||||||||||
Van Hijum lit him de termen objektyf en subjektyf perspektyf hwat to maklik ûntfâlle. Ek hjirre hâldt er to min rekken mei de yllúzje dy't elke forteltechnyk oproppe kin. As in skriuwer syn romanpersoanen fan binnenút biljochtet troch har sels har eigen forhael en visy fortelle to litten, dan hoecht sa'n biskriuwing net subjektiver to wêzen as hwannear't er via in ‘neutrale’, fortellende ynstânsje (sjoch foar dy term noat 27) syn romanpersoanen fan bûtenút biljochtet. By beide forteltechniken is it by eintsjebislút wer de skriuwer dy't oarderet en strukturearret en fan him hinget it ôf oft in roman in objektyf of subjektyf perspektyf liket to jaen. Dat is yn prinsipe net ôfhinklik fan hwat Van Hijum de vision dedans of de vision dehors neamt (in foarbyld fan dy stelling jow ik yn IIE). Men soe miskien sizze kinne dat by de vision dehors de skriuwer mooglik hwat mear kânsen hat om in objektyf perspektyf to suggerearjen as by de vision dedans. Myn biswieren tsjin Van Hijum syn objektive en subjektive perspektyf binne dus frijwol deselden as dy tsjin de al of net-fortekene romanwerklikheit. Ta bislút noch ien opmerking. It liket my ta dat wy op groun fan Van Hijum syn al earder neamde tekeningen yn De rook fan mesjester forbân lizze meije tusken it perspektyf en de romanwerklikheit (hy leit dêr sels ek dat forbân). Dat soe bitsjutte dat wy ek subjektyf-objektyf perspektyf forbine meije mei al of net-fortekene romanwerklikheit. As dat sa is, dan is Van Hijum syn théory op dat punt net konsistint. Hy hâldt ommers oan 'e iene kânt út dat de romanwerklikheit fortekene wêze sil as it perspektyf mar oan ien en net- of minder fortekene wêze sil as it oan mear as ien romanpersoan boun is, wylst er oan 'e oare kânt seit dat de vision dedans - ûnôfhinklik fan it tal persoanen - in subjektyf en de vision dehors - wer ûnôfhinklik fan it tal persoanen - in objektyf perspektyf jowt. Dy beide opmerkingen binne meiinoar yn striid. Wy moatte sa stadichjesoan werom nei de ik-roman. Ik sil Van Hijum op ien punt noch hwat oanfolje, oan 'e hân fan Stanzel. De ik-roman, sa warskôget Stanzel syn lêzers, is ‘ein sehr wandlungsfähiger Typus’, hwêrby't de ikfiguer yn forskillende gradaesjes ‘Zeit und Raum mit den Figuren der Handlung’ diele kin en hwêrby't de grins tusken de ik- en de auktoriale roman net - sa't wy al sjoen hawwe - absolút mar relatyf is.Ga naar eind28 Van Hijum stelt yn syn artikel(s) de grinzen tusken de forskillende soarten romans fierstento absolút: by him is it it iene of it oare (sjoch ek IIB). | |||||||||||||
C) De personale romanDe personale roman is Van Hijum tige koart oer yn syn bisprek fan de hite simmer:
‘Yn dit type romans komt de forteller net mear eksplisyt nei foaren. It forhael fortelt himsels. Dit hat fansels fan gefolgen dat der, yn forliking mei de aukturiele en ik romans, yn sekere sin in objektivearring ta stân komt.’Ga naar eind29
Yn De rook fan mesjester komt Van Hijum wer ta in frijwol deselde omskriuwing. Dêr giet er dus ek yn op it forbân tusken perspektyf fan de personale roman en romanwerklikheit.Ga naar eind30 | |||||||||||||
[pagina 300]
| |||||||||||||
Van Hijum hat de term personale roman net brûkt foar syn analyse fan de hite simmer. It is de fraech oft dat wol torjochte is. Om dat dúdlik to meitsjen, sil ik in pear koarte opmerkingen oer de personale roman meitsje, hwêrby't ik útgean fan Anbeek syn artikel oer De romantypologie van Franz Stanzel.Ga naar eind31 Anbeek merkt op dat Stanzel yn syn eardere stúdzje ûnderskie makke tusken de personale en neutrale fortelsituaesje, mar dat er yn Typische Formen dat forskil net mear hanthavenet: dêr is de neutrale fortelsituaesje in ûnderdiel wurden fan de personale.Ga naar eind32 Neffens Anbeek docht Stanzel dat to'n ûnrjochte en it liket my ta dat er (Anbeek) dêr gelyk oan hat. It bilangrykste forskil tusken beide fortelsituaesjes komt it koartste en it dúdlikste yn dizze sin fan Anbeek nei foaren:
‘Het is bepaald niet hetzelfde of de lezer de fictieve wereld te zien krijgt door de ogen van één van de romanpersonages (de personale roman “in engere zin”) of door het oog van een onpersoonlijk registrerende instantie, een soort filmcamera (neutrale vertelsituatie); verder kan de term personaal de neutrale vertelsituatie nauwelijks dekken: die is juist bij uitstek impersonaal te noemen.’Ga naar eind33
Yn in neutrale fortelsituaesje wurdt gjin inkelde romanpersoan fan binnenút bisjoen: in roman dy't neffens dat prinsipe skreaun is, komt hiel ticht by in toanielstik, it jowt allinnich mar dialooch (en ‘regy-oanwizingen’). Greate parten fan forhael C út de hite simmer biantwurdzje oan de neutrale fortelsituaesje (IID). Boppesteande is in part fan myn krityk op Van Hijum syn ynterpretaesje en forwurking fan Typische Formen des Romans, mar it is genôch om Van Hijum straks yn it twadde part by syn analyse fan de hite simmer kritysk folgje to kinnen. Oer Pouillon syn Temps et roman kin ik fierder koart wêze. It tige psychologysearjendeGa naar eind34 boek is min en dizenich skreaun yn in tiid (de fjirtiger jierren) dat de romanthéory noch net folle om 'e hakken hie. It is dan neffens my ek mei rjocht en reden dat it boek net botte wurdearre wurdt.Ga naar eind34 Omdat ik fierderop lykwols Pouillon nedich ha om Van Hijum syn bisprek fan de hite simmer sa folslein mooglik analysearje to kinnen, lit ik hjir folgje hwat er oer Pouillon syn théory meidielt. It psychologyske point of view hawwe wy al hawn (yn IB), sadat it temporele point of view noch oerbliuwt. Van Hijum:
'1. ‘vision avec’: De forteller rint net foarút op de takomst, hy jowt gjin oanwizingen hoe't it forhael ôfrinne sil. Dit hat fansels fan gefolgen dat de forhaeltakomst foar de lêzer yndie takomst is, de lêzer rint lyk op mei de foarfallen dy't yn de roman tekene wurde. 2. ‘vision par derrière’: De forteller fortelt syn forhael nei't dat al pleats hawn hat. Hy is op 'e hichte mei de ôfrin fan it forhael, en hoewol't de ôfrin fan it forhael de lêzer meastentiids ynearsten net fuortendaliks dúdlik makke wurdt jowt de forteller dochs, mei't er wit hoe't it forhael ôfrinne sil, al oanwizingen foar dy ôfrin.’Ga naar eind35
It temporele point of view is op himsels wol in brûkber kritearium, al hie | |||||||||||||
[pagina 301]
| |||||||||||||
Van Hijum op dit stik fan saken gâns dúdliker en eksakter materiael brûke kinnen.Ga naar eind36 | |||||||||||||
II Tapassing fan de théory op de hite simmerA)Ear't ik bigjinne kin mei in bisprek fan Van Hijum syn analyse fan de hite simmer, moat ik de folchoarder fan de trije - foar in part lykop rinnende - forhalen dêr't Riemersma syn roman út bistiet, koart bihannelje. Van Hijum nimt oan dat de lêzer de trije forhalen net (per bledside) trochinoar lêze sil, mar dat er se efterinoar, forhael foar forhael dus, forwurkje sil. Dy nochal fanselssprekkende opfetting kin ik Van Hijum alhielendal yn meistimme, mar dat jildt net foar syn miening dat de folchoarder fan de forhalen wêze moatte soe: A (it boppeste - ‘it manlike of himelske part, in tige posityf kristlik forhael oer Blauwier’), B (it middelste - ‘it froulike of ierdske part, in nihilistysk goddeleas forhael oer Blauwier’), C it ûnderste - ‘it ûnsidige of ûnderierdske part, petearen fan in skriuwer mei ynwenners fan Blauwier’).Ga naar eind37 Dat it ûnderste forhael, C dus, ta stân kommen is nei de beide oaren, docht net allinnich bliken út 'e ynhâld (fragen oer it fortelde yn A en B), mar bygelyks ek út dizze sin: ‘Koartby bin ik yn 'e kunde kommen mei twa forhalen - ûnôfhinklik fan elkoar skreaun as ik myn sin siz - oer ien en itselde ûnderwerp: de reboelje dy't der twa jier lyn yn Blauwier west hawwe moat om in frommiske dat har net neffens de doarpssede gedroech.’Ga naar eind38 Hwat de folchoarder oanbilanget, bliuwe der dus noch twa mooglikheden oer: ABC of BAC. Ik jow hjirûnder in tal arguminten en oanwizingen dy't ús de mooglikheit jowe om net foar ABC mar foar BAC to pleitsjen, alteast hwat de ûnsteansskiednis (dus de skriuwfolchoarder oanbilanget).
| |||||||||||||
[pagina 302]
| |||||||||||||
| |||||||||||||
B) Point of view yn forhael A (it boppeste)Yn forhael A hawwe wy neffens Van Hijum to krijen mei in ik-roman, hwêryn't de forteller in ûnderhearrige rol spilet (‘I as witness’):
‘De forteller, in kristen út Blauwier, hat wol in rol to spyljen yn dit forhael, mar hy is gjin haedpersoan; sintrael stiet Evelyn Tysling en de fúneste ynfloed dy't hja op it doarp Blauwier hawn hat.’Ga naar eind41
Dêrneist komt Van Hijum op groun fan neffens him ironyske passaezjes ta it bislút dat achter de kristen út Blauwier ‘sa út en troch in oare forteller even om 'e hoeke’ komt en - sa giet er fierder - ‘hwat my oanbilanget mei men dy forteller de auteur fan dit boek neame.’Ga naar eind42 It liket my ta dat Van Hijum gelyk hat mei syn opmerking dat de forteller fan forhael A mar in byroltsje to spyljen hat, alteast yn 'e kwestje Blauwier. Dy forteller komt lykwols namstomear nei foaren yn syn tige persoanlike en wiidweidige kommintaren op dy kwestje. Ik ha't hjirfoar al sein: konkrete feiten oer Blauwier en de Blauwiersters hat de skriuwer net sa folle to fortellen: gâns bilangriker is it kommintaer dat er dêr op jaen kin. Ik wiis op bygelyks de siden 22-26, dy't it tige seedlike en godfruchtige houlik fan Gosse (yn B hyt de man Gosling) Steensma biskriuwe, op it kommintaer fan de forteller nei oanlieding fan krityk op dûmnys (p. 28-29), op 'e bledsiden | |||||||||||||
[pagina 303]
| |||||||||||||
39-53, dy't hielendal bisteane út in fûleinige oanfal fan de forteller op 'e (nijmoadrige) seksuele foarljochting en op 54-73, dy't mei it eigentlike forhael mar sydlings forbân hawwe en wer foar fierwei it greatste part út persoanlike en moralistyske útwreidingen fan de forteller bisteane. Pas op bledside 73 - dus nei sa'n 35 bledsiden fan persoanlik kommintaer - giet it eigentlike forhael wer - eefkes ek noch mar - fierder: ‘Moai wie hja, Evelyn Tysling.’ De konklúzje op groun fan it foargeande moat wol wêze dat wy yn forhael A net mei in ik- mar mei in auktoriale forteller to krijen hawwe. Dy konklúzje wurdt noch troch twa oare feiten rjochtfeardige. Yn IA2 ha'k it ûnderskie sjen litten dat Stanzel makket tusken de wrâld fan de auktoriale forteller en dy fan de ‘Figuren der Handlung’, in ûnderskie dat lyk is to slaen mei ‘ordo und Chaos, mit moralischem Gesetz und moralischer Verirrung, Sein und Schein, oder aber auch mit gesellschaftlicher Konvention bzw. Tradition und Anarchie’. Dy oanhael liket rjochtstreeks skreaun to wêzen foar it forskil yn de konvinsionele, oarderlike, boargerlike en moralistyske wrâld fan de kristen-forteller (en syn geastlike sibben) oan de iene kânt en de (yn syn eagen) lossleine, ymmorele en ûnboargerlike Evelyn Tysling oan de oare kânt. In lêste, dúdlik auktoriael kenmerk fan forhael A is dat de forteller syn lêzers geregeldwei tasprekt. Ik jow twa foarbylden: ‘Oer dy duvelin, dy Hoer fan Babyion sille wy D.V. yn 'e folgjende haedstikken skriuwe’ (p. 35):
‘En de skriuwer hopet dat it forhael dat hy skreaun hat ek rynske fruchten hawwe mei, en dat allegearre dy't it lêze harren bikeare ta de Heare God.’ (p. 158).
De boppeneamde arguminten lykje my genôch om yn forhael A in sterk auktoriale ynslach oan to nimmen. Ik siz biwust fan ynslach, hwant op guon plakken liket de (auktoriale) forteller, dy't foar himsels meastentiids de wyfoarm brûkt, eefkes de wrâld fan de romanpersoanen dêr't er oer fortelt, yn to stappen, bygelyks yn: ‘Wy bûgden de holle....’ (p. 14); ‘En hwer't wy kamen...’ (p. 110) en: ‘En wy seagen... foar Syn antlit weidiene’ (p. 132-135). Dêr suggerearret de kristen-forteller romte en tiid mei de oaren mienskiplik to hawwen. Op sokke plakken is forhael A neffens de théory fan Stanzel in soarte fan oergongsfoarm tusken in auktoriale en in ik-roman. Van Hijum syn opmerking oer in ‘oare’ forteller - dy't ik mei Booth leaver de ‘implied author’ neamGa naar eind43 - is op himsels torjochte, al achtsje ik de foarbylden dy't dat biwize moatte, net sa lokkich. Van Hijum wol ha dat de wurden fan de kristen-forteller yn guon gefallen ironisearre wurde en dat er dêrom in implied author wêze moat. Dy irony soe dan bliken dwaen moatte út: 1. it twa kear brûken fan habbe ynsté fan hawwe en 2. út 'e forskate plakken dêr't de kristen-forteller wurden brûkt dy't men fan him nou krekt net forwachtsje soe. Ga naar eind44 Hwat habbe oanbilanget: ik sjoch net dat dy foarm - dy't oars net twa mar njoggen kear yn it boppeste forhael foarkomtGa naar eind45 - ironysk wurket. It wol my earder oan dat habbe as in hwat âldmoadrige foarm sjoen wurde moat, | |||||||||||||
[pagina 304]
| |||||||||||||
as in stylkenmerk fan de kristen-forteller. It hiele taelgebrûk fan him docht jin nammentlik hwat archaysk oan. Ik sil in pear foarbylden dêr fan jaen: slachtme (p. 76, 104) yn sté fan slachte; flêsk (63) - fleis, stiltme (103) - stilte; eangstme (116 - eangst; somlike (70, 103). Ek de sinsbou is ôfwikend, hast bibelsk hjir en dêr. Wer in pear foarbylden: ‘Hwant dit allegearre, de readheit fan lippen, en de antlitspoeijer, en it losse hier, en de bleatens fan billen, en de ûnbidutsenens fan hals, en de boarsthâlder, en de trochsjenberens fan hoas, en de wankelens fan stean en gean, en de skittering fan forsiersel meitsje it lichem bigearlik yn 'e eagen fan 'e wrâld, en fjurje de manlike hertstochten oan, en lokje de driften út har hoalen, en roppe ûnseedlike tinzen en hanlingen op.’ (p. 83-84). Ek in nije sin bigjint de forteller gauris mei en: ‘En doe't de feinten fan Blauwier...’ (p. 95). It soe grif de muoite leanje om it taelgebrûk fan de trije fortellers op dit stik fan saken ris to forgelykjen. It twadde argumint fan Van Hijum om in implied author oan to nimmen, liket my biwiiskrêftiger ta, al hellet er neffens my net oertsjûgjende foarbylden oan. Ik sil bisykje hjirûnder hwat to fortellen oer it karakter fan de kristen-forteller. De kristen-forteller forset him it hiele forhael troch tige tsjin de ûnseedlikens en ûnhuerens fan Evelyn. It eigenaerdige lykwols is dat dyselde kristen-forteller ús fierwei de meast detaillearre ynformaesje jowt oer seks en alles hwat dêr mei gearhinget. Ik jow út 'e mannichte wer in pear foarbylden:
‘En hja [Evelyn] droech allinne in lyts broekje, dat it weeldrige bosk hier, dat ûntsprútte oan 'e igge fan 'e memmeskurte, mar amper bidekke koe. (85);
‘... en by de froulju dripte it willige fochte lâns de billen en de lippen fan it slachte gyngen yn smachtsjend en hetsich bigearen iepen en ticht. En de boarsten tynden út en de spienen rounen read oan en forheften har as weelderige pûsten.’ (107)
By soksoarte passaezjes leaut men net langer dat de forteller sa'n hekel oan seks hat: hy hat - skynhillich as er is - nocht oan seksuele bisûnderheden en hy biedt syn lêzer tige detaillearre ynformaesje oan. Hy giet dêrby sels sa fier dat syn biskriuwingen redundant wurde: fansels is it ‘weelderige bosk hier’ yn it lytse broekje it hier dat ûntsprút ‘oan 'e igge fan 'e memmeskurte’. Ek op oare plakken wurdt de kristen-forteller psychologysk útklaeid troch de implied author, bygelyks as er it hat oer ‘Seksewalleteit’ (114), ‘spygiloagen’ (126) en oer de ‘Hillige Ovulatianus en de Hillige Urinus’, dy't yn 'e ‘Hillige Katechismus’ as sedemasters hite foar to kommen (128). En hwat moat men fan in kristen-forteller tinke dy't bygelyks dit seit: ‘en [de Kanadezen’] beken de fammen by har op 'e tanks foar in lyts ritsje’ (9-10), of dy't de tige seedlike en godfruchtige Gosling Steensma al like dûbeldsinnich sa bidde lit oer syn manlik lid: ‘[Hear,] Wolle Jo dit lyts lid greatmeitsje en yn steat stelle ta de greate dingen dêr't Jo fan sprekke yn Gen. 13: 16. Amen.’ (25), of dy't de hitsige Blauwierster jongfammen sa oantsjut: ‘En har oerstjûrens net mear master, achten hja noch it gebot noch it flues...’ (104), mar dy't oan 'e oare kânt in krekt troude frou yn har breids- | |||||||||||||
[pagina 305]
| |||||||||||||
nacht tsjin har man, dy't syn ûnderbroek útlûkt, sizze lit: ‘Hwat hastou dêr foar ding?’ (24). Ik soe sa troch gean kinne, mar it liket my wol dúdlik: de dûbelde morael fan de net sa tige erudite (‘spygiloagen’) kristen-forteller is hast op elke side to fornimmen. Yn feite krijt er net iens de kâns om syn stichtlike praetsjes to forkeapjen: de lêzer hat al hiel gau yn 'e rekken dat de kristen-forteller in earsten seksuele sliner is, dy't syn wiere ik achter skynhillich praet forskûlet. Foar dat bisef is de implied author forantwurdlik. | |||||||||||||
C) Point of view yn forhael B (it middelste)Van Hijum achtet forhael B 'in moai foarbyld fan in aukturiele roman, hoewol't de forteller net bûten it forhael stiet, mar ‘sûnder mis ien fan de persoanen [is] dy't yn dit forhael in rol spylje.’Ga naar eind46 Van Hijum leit mei rjocht in tsjinstellend forbân: neffens Stanzel syn théory spilet de auktoriale forteller yn in echte auktoriale roman gjin rol yn it forhael. It is allinnich de fraech oft de auktoriale forteller yn B werklik de rol spilet dy't Van Hijum him tamjit. De twa foarbylden dêr't Van Hijum syn stelling mei biwize wol. komme beide ut 'e mûle fan de forteller fan forhael B:
‘En om it nou fuort mar dúdlik to meitsjen: ik bisykje safolle mooglik gjin rjochtstreekse ynljochtingen to jaen oer it frommiske. Ik bisykje har to tekenjen sa't se troch it doarp sjoen wurdt. De doarpsmienskip is haedpersoan, en Evelyn net. Sy is de katalysator fan 'e gefoelichheden dy't yn in doarpsmienskip bisteane. Evelyn ropt gefoelens op en stimulearret se, mar se docht yn eigentlike sin sels neat. Mar de doarpsmienskip - sa wol ik it foarkomme litte - biskuldiget Evelyn dêrfan de gefoelens dy't fierderop ta in útbarsting komme net stimulearre, mar ynplante to hawwen.’
‘Hwant ik haw al in inkelde opmerking makke oer it ynboarst fan Evelyn en ik sil dat miskien fierderop noch wolris dwaen moatte, om foar to kommen dat se harsels in identiteit taëigenet dy't my net gaedlik (foar dit boek) taliket.’Ga naar eind47
Dy beide foarbylden docht net bliken út dat de auktoriale forteller in rol spilet yn it forhael yn dy sin dat er romte en tiid mienskiplik hat mei de haedpersoan(en). Hwat der al klear út nei foaren komt, is dat de forteller syn lêzers moai dúdlik makket hokker macht oft er hat: hy - de forteller - leit syn plan de campagne út, hy seit hoe't er it boek komponearje en de persoanen biskriuwe sil. Wy hawwe yn boppeneamde foarbylden dan ek to krijen mei in (syn lêzerspublyk tasprekkende) auktoriale forteller. Van Hijum syn konklúzjes oer it temporele point of view yn B kin ik like min ûnderskriuwe. Neffens him hawwe wy to meitsjen mei de vision avec, dêr't ‘eins mar ien útsûndering’ op bistiet, nammentlik de siden 52-55 (dêr't de twa lêste oanhalen út helle binne).Ga naar eind48 Ik freegje my ôf hoe't Van Hijum dan bygelyks dizze sin ynterpretearret: ‘Se [Evelyn] kaem op in bank tolânne, en dêr bleau se ek oan har dea ta.’ (p. 41), of: ‘Evelyn brûkte dy dingen [kondooms] earst in pear jier letter, mar dat hindere neat, se koenen omraek duorje’ (p. 31), in útspraek dy't dúdlikernôch nei de takomst | |||||||||||||
[pagina 306]
| |||||||||||||
forwiist, hwat ek bliken docht út it forslach op side 38, dêr't it forhael wer fierder giet mei Evelyn har ULO-tiid, d.w.s. de tiid dat se de kondooms noch net brûkte. Van Hijum hat dus ûngelyk mei syn konstatearring dat der ‘eins mar ien útsûndering’ op de vision avec is. Mar oer it ginnerael hawwe wy to krijen mei de vision avec. Yn dit forbân is it miskien net forkeard om der op to wizen dat de forteller fan forhael B ek wolris tobek yn 'e tiid giet, bygelyks op 'e siden 16 - 18, dêr't er biskriuwt hoe't Rients en Joukje kunde oan inoar krigen hawwen. Earder hat er al hiel hwat forteld oer de tiid dêrnei. | |||||||||||||
D) Point of view yn forhael C (it ûnderste)Neffens Van Hijum is forhael C 'in roman fan it ‘I' as protagonist type.’ De forteller kin neffens him ‘sûnder biswier de haedpersoan neamd wurde.’Ga naar eind49 Dy útspraek strykt net mei in lettere opmerking fan Van Hijum, nammentlik de (hwat meager biargumintearre) stelling dat it yn forhael C om ‘de mentaliteit fan de Blauwiersters’ giet.Ga naar eind50 As dat lêste wier wêze soe, dan soenen de Blauwiersters haedpersoan wêze. Forhael C kin yn twa skiften fordield wurde: de ynterviews en de rest. Yn de haedstikken 1 en 2 jowt de skriuwer in soarte fan ynlieding, wylst haedstik 9 (it lêste) as in bislút, in konklúzje sjoen wurde kin. Yn de sawn tuskenlizzende haedstikken steane achttjin ynterviews, dy't de skriuwerforteller hawn hat mei Blauwiersters. Dy ynterviews mei koarte stikjes forbinende tuskentekst - de regyoanwizingen - rekkenje ik ta de neutrale fortelsituaesje (sjoch IC). | |||||||||||||
E) Nochris de bigripen subjektyf en objektyfVan Hijum wol ha dat der yn de hite simmer sprake is fan ‘in sekere objektivearring dy't optreedt op it nivo fan de feiten dy't de lêzer oanbean wurde.’ De beide earste forhalen binne neffens him beide tige persoanlik en subjektyf, wylst it ‘relaes fan 'e skriuwer-ynterviewer yn forhael C’ de yndruk jowt ‘dat it folle objektiver is’, binammen yn 'e petearen.Ga naar eind51 As Van Hijum bidoelt dat de hâlding fan de ynterviewer objektyf wêze soe, dan kin ik dat net mei him iens wêze. Ik sil in pear oanhalen jaen dêr't bliken ut docht dat de forteller tsjin (it kristlike) Blauwier en foar Evelyn is. Alhielendal oan it bigjin fan syn forhael makket de ynterviewer syn stânpunt al o sa dúdlik: ‘Botsingen tusken ienling en mienskip hawwe my altyd boeid, en in frommiske dat har net steurt oan 'e doarpsmorael hat yn 't foar myn sympathy.’Ga naar eind52 Yn in petear mei de heit fan Evelyn lit de ynterviewer him sa út: ‘En dochs.... dat kristenfolk is weake stront, as je it op 'e gripe nimme wolle, dan sakket it tusken de tinen troch en rint wer gear yn 'e âlde dobbe. Der is gjin fet op to krijen.’Ga naar eind53 Sa'n man hoecht men fansels net folle sympathy fan to forwachtsjen foar de (kristlike) Blauwiersters. It hoecht jin dan ek net to fornuverjen dat er yn syn ynterviews de tsjinstanners fan Evelyn oanfâlt en de lju dy't it mei har hâlde, op 'e lije side oankomt. In pear foarbylden: yn it twadde petear mei in ‘man fan likernôch 50 jier’ lit | |||||||||||||
[pagina 307]
| |||||||||||||
de ynterviewer earst trochskimerje dat de fjouwer jongkeardels Evelyn ‘miskien’ formoarde ha As de man fan 50 him dat net tajaen wol, slacht de ynterviewer in oare toan oan: ‘Dy jonges binne fansels net ûnskuldich. As it gjin moard west hat, dan ha se har ta selsmoard twongen.’Ga naar eind54 Op bledside 69 freget de ynterviewer in frommiske hiel suggestyf oft de jonges Evelyn net yn it wetter treaun hawwe. Ek it petear mei dûmny Vestdyk bygelyks lit skoan sjen hokker kânt oft de ynterviewer út wol: ‘De geast dy't yn 'e doarpen hearsket is deadlik foar persoanlike frijheit en inisiatyf’ en: ‘Tja, hwant ik fyn de wurden boargerlik en konservatyf nou krekt fan tapassing op 'e tsjerke, sa't dy him, liket my ta, ek yn Blauwier manifestearret.’Ga naar eind55 Om koart to kriemen: de ynterviewer makket syn foarkar, dy't er op 'e earste bledside al sa dúdlik útsprutsen hat, it hiele forhael troch wier, ek yn 'e petearen. En dy foarkar hat net folle to krijen mei it sykjen nei de wierheit: de ynterviewer wit fantofoaren al hoe't de saek yn inoar sit. Sa'n ynstelling (en manier fan fortellen) is krekt it tsjinoerstelde fan hwat Van Hijum seit. Ik bin fan bitinken dat Van Hijum op 'e doele brocht is troch de absolute wearde dy't er oan it perspektyf takent: ‘foarsafier't it “vision dehors” tapast is, kin dat oanspraek meitsje op in sekere objektive jildichheit.’Ga naar eind56 Ik ha yn IB al bisocht oannimlik to meitsjen dat it ûnmooglik is om fantofoaren - d.w.s. sûnder de tekst lêzen to hawwen - to forklearjen dat de vision dedans in subjektyf en de vision dehors in objektyf perspektyf is. Oft in stik tekst in subjektive of objektive yndruk makket, hinget yn lêste ynstânsje net ôf fan it tapaste perspektyf, mar fan hwat de skriuwer dêr yn syn tekst mei docht. Yn dit gefal sjogge wy dat, hoewol't de ynterviewerfan forhael C in sekere objektivens suggerearret, yn feite krekt it tsjinoerstelde jildt: de wize fan ynterviewen yn C is tige suggestyf en subjektyf. | |||||||||||||
III EvaluaesjeVan Hijum komt yn twa bledsiden ta in wearde-oardiel oer de hite simmer. Ik wol dêr in pear opmerkingen oer meitsje. Op groun fan syn bihanneling fan it point of view komt Van Hijum ta in wurdearring. De forskillende points of view yn de hite simmer binne neffens him ‘funksjoniel’ brûkt en dat is in ‘tige wichtige eask’ dêr't in goede roman oan biantwurdzje moat.Ga naar eind57 Lit ús ris sjen hwat Van Hijum mei ‘funksjoniel’ bidoele kinne soe. Forhael A (dêr't Van Hijum om in op syn minst twiveleftige reden mei bigjint) lit neffens him in tige subjektive forteller oan it wurd; yn forhael B - dat nei A komme soe - moetsje wy neffens Van Hijum in like subjektive forteller, mar dy syn meidielingen wurde ‘oars as yn forhael A, net al yn it relaes sels diskutabel steld, wylst forhael C de yndruk jowt dat it “folle objektiver is”, der is fan A via B nei C 'in sekere objektivearring dy't optreedt op it nivo fan de feiten’. Dy objektivearring komt neffens Van Hijum ek ta utering yn de psychologyske points of view: yn forhael A en B sjogge wy de ‘subjektive’ vision dedans, wylst C foar in great part yn 'e ‘objektive’ vision dehors skreaun is. ‘En dat’, sa skriuwt Van Hijum, ‘kin net oars as tige funksjoniel | |||||||||||||
[pagina 308]
| |||||||||||||
neamd wurde. Hwant de objektivearring, dy't ta stân komt trochdat trije fortellers har fisy oer in bipaelde saek jowe, wurdt stimulearre en yntinsivearre krekt trochdat yn 'e lêste forhaelstream de “vision dehors” tapast wurdt.’Ga naar eind58 M.o.w. de points of view binne ‘tige funksjoniel’ omdat nei de ‘subjektive’ vision dedans yn A en B de ‘objektive’ vision dehors' yn C oan bar komt. Boppesteande riddenaesje is net sterk om marris in understatement to brûken. Van Hijum définiearret alhielendal de bilangryke term ‘funksjoniel’ net. Hy achtet de folchoarder subjektyf-subjektyf-objektyf (yn dit boek) funksjoneel, mar ik kin mei like folle rjocht sizze dat foar my subjektyf-objektyf-mbjektyf of objektyf-subjektyf-subjektyf dat is of dat de lûdkombinaesje blau-giel my better yn it gehoar leit as giel-blau. Dêrmei doch ik in tige persoanlike en subjektive útspraek dêr't ik gjin inkeld biwiis foar leverje. Van Hijum syn omskriuwing fan ‘funksjoniel’ moat dan ek as ûnkontrolearber en ûnwittenskiplik typearre wurde. Bihalven dat Van Hijum forsommet om de term ‘funksjoniel’ to définiearjen, komt er boppedat op groun fan in forkearde argumintaesje ta syn konklúzje dat de points of view yn de hite simmer funksjoneel brûkt binne. Hy giet der fanút dat de lêsfolchoarder fan de trije forhalen ABC wêze moat. Ik ha yn IIA bisocht sjen to litten dat dy folchoarder like goed BAC wêze kin. Dat soe fan gefolgen hawwe dat Van Hijum syn subjektyf 1 - subjektyf 2 - objektyf (perspektyf) foroare wurde moat yn subjektyf 2 - subjektyf 1 - objektyf en dy folchoarder sil grif op in oare manier funksjoneel wêze. In oar swak sté yn Van Hijum syn riddenaesje is dat er konsekwint úthâldt dat de points of view fan de forhalen A en B ‘subjektyf’ binne, wylst C in ‘objektyf’ perspektyf hawwe soe. It net goed ynterpretearjen fan hwat de théorétyske status fan in point of view op dit stik fan saken is, haw ik al in pear kear wiidweidich oan 'e oarder steld. Ik lit it hjirre by de meidieling dat it point of view yn C net objektyf mar subjektyf is. Allinnich dêrom al forfâlt Van Hijum syn hiele riddenaesje. Soartgelikense biswieren haw ik tsjin Van Hijum syn opmerkingen oer de funksjonelens fan it temporele point of view. Ek dêr définieanet er it bigryp ‘funksjoniel’ net en giet er wer fan de folchoarder ABC út.Ga naar eind59 Boppedat binne syn útspraken oer de ‘vision avec’ yn forhael B net forantwurde (sjoch IIC). Myn konklúzje sil gjin forrassing wêze: Van Hijum syn evaluaesje fan de hite simmer birêst op in (foar in part) forkearde of ûnfolsleine analyse en op ûnkontrolearbere útspraken en termen (‘funksjoniel’). Dêrmei foldocht Van Hijum net oan 'e eask fan kontrolearberens dy't er sels oan syn artikel en evaluaesje steld hie.Ga naar eind60 | |||||||||||||
IV BislútDe fortsjinste fan Van Hijum syn artikel oer de hite simmer is dat er yn Fryslân in bigjin makke hat mei (in part fan) de moderne romanthéory. Him komt de eare ta dat er bisocht hat om hwat oan de efterstân op dat | |||||||||||||
[pagina 309]
| |||||||||||||
terrein to dwaen. Neist wurdearring haw ik lykwols krityk. As ik de troch my bisprutsen artikels fan Van Hijum nochris kritysk hifkje, dan moat ik fêststelle dat er de kâns lizze litten hat om op in sinfolle en forantwurde manier (guon kânten) fan de moderne romanthéory to yntrodusearjen. Van Hijum hat Stanzel - dêr't syn théory foar in moai part op driuwt - heal en út en troch ek forkeard tapast. Boppedat hat er oan Stanzel in fierstento absolute wearde takend. It is Stanzel sels dy't syn lêzers forskillende kearen warskôget dat syn termen en yndielingen relatyf binne en inoar foar in part oerlaepje. Van Hijum hat dêr to min by stilstien. Dat Van Hijum him biropt op it dizenige, psychologysearjende en forâldere wurk fan Pouillon is net sasear in flater, mar earder in oare miste kâns: binammen foar it temporele point of view hied er gâns konkretere en mear nuansearre ynljochtingen fine kinnen yn Lämmert syn Bauformen des Erzählens. In oar biswier is dat Van Hijum de krekte bitsjutting en wearde fan syn eigen terminology to min yn him omgean litten hat. Mei in term as ‘funksjoniel’ kin de lêzer alle kânten út, dat wol sizze gjin inkelde kânt. Myn lêste - mar dêrom noch net ûnbilangrykste - biswier jildt Van Hijum syn manier fan lêzen: hy liket of net krekt genôch lêze to kinnen of - en lit it ús dêr op hâlde - hy docht dat to hurd en to rûch (tink bygelyks oan de ‘twa’ kear habbe). Sa bisjoen is it foar Van Hijum fansels pynlik dat er de ‘tradisjonele’ kritisi fan de Fryske literatuer sa húnjend it mannewaer opseit. Sels pretindearret er mei ien klap fyftich jier efterstân op it mêd fan 'e literaire krityk yn to heljen of op syn minst gâns to forlytsjen, mar syn artikels jowe him gjin gelyk. | |||||||||||||
V List fan brûkte literatuerôfkoartingen
| |||||||||||||
[pagina 311]
| |||||||||||||
It Hearrenfean, augustus '74. |
|