[Nummer 6]
A. van Hijum
Skriuwer en ethyk
De redaksje fan dit tiidskrift kaem in stikmennich moannen lyn ta de konklúzje dat it sin ha kinne soe en lit inkelde minsken fanút in biskaet gesichtspunt har fisy jaen op de relaesje dy't der is tusken literatuer en ethyk.
Doe't dat idé nei foarren kaem, miende ik dat dizze thematyk - de relaesje literatuer - ethyk - tige nijsgjirrich wêze kinne soe. En ek nou noch fyn ik dat dizze thematyk seker oan 'e oarder steld wurde kin. Ik sjoch lykwols net yn hwat de posysje fan de literatuer of de literator sasear ûnderskiedt fan de posysje fan oare foarmen fan minsklik hanneljen dat krekt foar literatuer en literatoren in aparte ethyk ûntwikkele wurde moatte soe.
It is my net goed mooglik in fundamenteel forskil to sjen tusken bygelyks in dokter en in skriuwer; alteast net as it giet oer it antwurd op de fraech hoe't se har by it útoefenjen fan har birop to hâlden ha. Ik ha it gefoel dat, as de relaesje literatuer - ethyk of de relaesje psychiatry - ethyk of de relaesje learaerskip - ethyk ensfh. oan 'e oarder steld wurdt op in oare fraech al in antwurd jown is. En dy préalabele fraech is: Hoe stiet de literator, de psychiater, de learaer tsjinoer syn meiminsken. Hwat is syn libbenskôging, hwat is op groun dêrfan syn maetskippijbyld.
Elk minskelik hanneljen, sa is sein, is yn lêste ynstânsje polityk hanneljen. En ik kin it mei dat statement wol iens wêze. De minske, sa is troch binammen de existinsjefilosofen sein, ûnderskiedt him fan oare libbensfoarmen, om't hy altyd wer de mooglikheit hat to kiezen. Ik bin nou dwaende mei dit artikel, en dat is in kar. Ik hie op dit eigenste momint ek mei myn skoallewurk dwaende wêze kind, ik hie op dit eigenste momint ek dwaende wêze kind mei de tún dy't der neffens de buorlju forskriklik útsjocht.
As ik de twa stellingen dy't hjir boppe werjown binne, koppelje, krij ik: De minske, dy't him ûnderskiedt fan oare libbensfoarmen, om't hy altyd wer de mooglikheit hat to kiezen, is altyd polityk dwaende. Hwat ymplisearret dizze stelling foar de útoefener fan hokker birop dan ek en dus ek foar de skriuwer?
Elk minske, dus ek de skriuwer, docht, as hy syn birop útoefenet, in kar. Hy kin kieze foar it Kristendom, hy kin kieze foar it Marxisme, hy kin kieze foar himsels, hy kin kieze foar in sa forantwurdlik mooglike hâlding tsjinoer syn meiminsken, hy kin net net-kieze. Der binne wol minsken dy't úthâlde dat se har net oan it polarisearjen, dat ynherent is oan it bigryp kiezen, oerjaen wolle, mar ek hja ûntkomme der net oan: de minsken dy't perfoarst gjin kar dwaen wolle, kieze dochs. Se kieze nammentlik foar it fuortbistean, foar it kontinuearjen fan de bisteande situaesje. En dat hat ornaris fan gefolgen dat se de facto kieze tsjin de partij mei de minste macht. Dy lju yn dit lân, dy't fan oardiel binne dat it net op har wei leit om to sizzen oft it Nederlânske regear der nei stribje moat hwat to dwaen oan it stribjen fan de lannen út de tredde wrâld nei mondiale sprieding fan