útfanhûs (1965) sjocht kâns de hiele ‘forfrjemding’ fan de haedpersoan op 'e lêzer oer to bringen, mei twingende krêft. Dyselde krêft hat ek it forhael Pyt (1957).’
It liket my al ta dat men oan disse forhalen merke kin dat se foar Poortinga sels noch hwat nijs en ekspeariminteels binne. Hy is in bytsje bang dat de lêzer him net goed bigripe sil en leit it dêrom hwat to dúdlik en to neidruklik út. Inkelde sitaten út it bigjin fan Pyt: en: ‘Hast wie se oan 'e doar ta, doe roun se mei in jonge oan 'e hân.’ (Skeanprint fan Poortinga).
Hwat En nou dou ris útfanhûs oanbilanget fynt men dy oanstriid om tofolle út to lizzen inkeld yn it oanplakte slot, hweryn't de auteur der even op wiist dat Teatske fansels yn 'e war wie: hwat dy froulju birabben sloech net op Annema en har, mar op in koumelker oan 'e Slachte.
Dan is der in twatal dat ik mar oantsjutte sil as ‘romantisearre forhalen’. It earste, Tristan yn it deadelân, wurdt troch de resinsint fan 'e L.C. en de Drachtster Courant ta de bêsten fan 'e bondel rekkene. Pop is fan miening dat Poortinga syn toan min past by de sfear fan it Tristanforhael. Dat lêste hat my net steurd, my tinkt dat Poortinga syn forhael wol yn 'e styl fan 'e sêge forteld is. It is ek wol geef fan bou en wol nijskjirrich. Mar bilangryk kin ik it net neame, it stiet my to fier fan 'e deistige werklikheit ôf.
Itselde jildt fan Hinkjend yn it paradysk, in forhael dat meastal as ‘sciencefiction’ oantsjut wurdt. It liket my ta dat dy science-fiction-eftige ynset - in atoomramp dêr't sahwat it hele minskdom by omkomt - inkeld it ramt is fan in fierders romantysk en ydillysk forhael oer in moderne Robinson. It is wol in aerdich forhael, mar hwat ûnwerklik. De hwat tsjûk oanbrochte kristlike simboalyk kin men fansels posityf en negatyf wurdearje.
Hjirmei bin ik oan 'e ein fan myn yndielingslatyn kommen. Ik hâld oer noch in sabeare science-fiction forhael en fjouwer spoekforhalen. Se spylje allegearre yn ús eigen tiid, sûnderdat men it eigentiidske forhalen neame kin. It moderne libbensgefoel spilet der nammentlik gjin rol yn, se geane net oer minsken en har problemen, mar se driuwe op it frjemde en aparte dat se biskriuwe. Ik haw neat tsjin op spoek- of mystearjeforhalen, as tominsten de huver, de eangst en de ôfgriis, it psychologysk barren, foarop stiet, lykas yn Kin myn hynder hjir ek stâlje? Yn disse fjouwer spoekforhalen bart neat mei de persoanen. Se bliuwe der iiskâld ûnder, se bliuwe bûten skot. Se fornuverje har oer deade minsken dy't opbelje, ynbrekke of oer sompich lân rinne, of se fornuverje har oer in brantsje dat der net is. It werklik spoekeftige en binearjende ûntstiet, tocht ik, as de minske bang wurdt fan himsels, en fan de dingen dy't yn him húsmanje en dy't er gjin baes kin.
It forhael De takomst fan it forline hat ek in science-fiction-eftich ûnderwerp, de retro, in apperaet hwer't men it forline mei weromhelje kin. Likemin as yn Hinkjend yn it paradys laet de science hjir ta fiction. Hwat der by einsluten troch it moderne apperaet út 'e hege hoed tsjoend wurdt is in ôfgryslik antyk knyn.
Al mei al in oeuvre mei gâns fariaesje deryn, beide hwat thematyk en hwat nivo oanbilanget, anekdoatyske en spoekforhalen njonken romantyske en psychologyske forhalen, en min neist bêst. Ik tink dat Poortinga'eins hwat tomin skreaun hat om syn talinten op it mêd fan it koarte forhael kinnen to learen. Better