mei alles derop en deroan der út sjocht. It byld dat oplutsen wurdt troch dizze forteller hat syn woartels yn de réaliteit, mar kin dochs net rëel neamd wurde, mei't de réaliteit noch net sa biroerd is as hjir sein wurdt. Men soe sizze kinne dat hjir wer in stikje kasuïstyk bidreaun wurdt. De lêzer wurdt konfrontearre mei de maetskippij sa't dy wurde kinne soe, en faeks ek wol wurdt as de minsken der net hwat oan dogge.
Yn haedstik 21 wurdt troch in auktoriael forteller wer in stikje kasuïstyk bidreaun. Yn geuren en kleuren wurdt forslach dien fan de wize hwerop't in man yn in restaurant syn krystmiel mient nuttigje to moatten. De lêzer wurdt hjir wer konfrontearre mei in útwaeks fan it systeem hweryn't wij libje moatte. It is nou ienris sa dat it yn dit systeem mooglik is dat de iene him folpropt en de oare forrekt fan 'e honger.
Yn haedstik 22 wurdt de lêzer troch de personale forteller Sanna konfrontearre mei in stikje suréële wurklikheit. Sanna fortelt hoe't hy middels de tillefoan kohabitearret. Alwer, ek hjir kriget de lêzer in priuwke fan de wurklikheit sa't dy wurde kin. Men soe sizze kinne dat de wurklikheit fan de haedpersoan(en) fan dizze roman hoe langer hoe mear gearfalt mei de wurklikheit - de surréële meast - sa't dy biskreaun waerd troch in auktoriael forteller.
Yn haedstik 23 fortelt in auktoriael forteller hoe't mechanysk en programmearre bern makke wurde. In stik surréële wurklikheit soe men sizze kinne, seker as dêrby bitocht wurdt dat men nou al sahwat bysteat is bern bûten de memmeskurte meitsje to litten. De lêzer wurdt konfrontearre mei in ûntminskelikte wrâld.
Yn haedstik 24 fortelt de personale forteller Marrit dat se net troch gean wol mei it libben sa't dat oant nou ta foar har forrint. Se tinkt deroer om mei Sanna hwat nijs to bigjinnen: ‘sij en sanna. of sanna en marrit, soe't sin ha? koe't de oplossing wêze? (...) in nije rol wachte.’ (side 124)
De forhâlding tusken Sanna en Marrit, dy't as in reade tried troch dizze roman rint, de forskillende fragminten, hwerút dizze roman bistiet by elkoar hâldt, sil yn haedstik 28 tige eksplisyt nei foaren komme, hwannear't Sanna en Marrit beide yn forset komme tsjin it systeem hweryn't se libje moatte.
Yn haedstik 25 wurdt de lêzer troch in auktoriael forteller wer konfrontearre mei in stikje surréële wurklikheit. Minsken binimme elkoar fan it libben wylst dat mondiael middels it medium tillefisy werjown wurdt. In stikje kasuïstyk, in fragmint fan in mooglike wurklikheit. In mooglike wurklikheit, dy't netiens sa fierôf hoecht to wêzen. Wy wurde op dit momint al konfrontearre mei alle mooglike dieden fan geweld fan groepen minsken tsjin oare groepen minsken. Mar is it oant nou ta noch sa dat wy dat forskriklik fine, al forflakket de ôfgriis by in oerdaed oan ympulsen, yn dit haedstik is dit elkoar ombringen fan minsken in bron fan fordivedaesje foar de taskôgers.
Yn haedstik 26 oant en mei haedstik 29 (it 6de en lêste diel fan dizze roman) treedt allinne noch mar in auktoriael forteller op. Dit hat fan gefolgen dat de lêzer de yndruk kriget dat him syn lektuer op in objektivere wize oanbean wurdt as hwannear't in personael forteller op 'e tekst is.
As dan ek noch frij dúdlik is dat yn dat lêste diel de twa streamen, hwerút dizze roman liket to bistean: de relaesje Sanna-Marrit oan 'e iene en de haedstikken, hweryn't in auktoriael forteller syn gal spuit oer de maetskippij oan 'e oare kant,