| |
| |
| |
[Nummer 3]
P. Boersma
Forhael
De boaten dy't je doe op 'e feanpetten seagen, kamen hast allegearre út doarpen yn 'e omkriten en - binammen sneins - út 'e stêd wei. Sneins foeren hûnderten boaten troch it doarp hwer't ik wenne. Yn it doarp sels wiene net folle minsken dy't ien hiene. Ik sprek fan mear as fyftjin jier lyn. Dêrnei is dat oars wurden.
Ik harke sneins fan ien oant twa mei myn broer Wigle en Klaes fan 'e buorlju nei radio Luxemburg. Dêr wie dan it programma ‘Muziek Parade’ presentearre troch Guus Jansen Jr. foar. Elvis Presley wie myn favoryt. Ek dy fan myn broer. Klaes wie in fan fan Cliff Richard. Wy stampten en trommelen it ritme fan de muzyk mei. Ik hie de pest yn as Elvis net nûmer ien stie.
As der kuorbaljen wie gongen wy om twa ûre nei it sportterrein ta en oars nei Tsjerk. Dy wenne op in pleats even bûten it doarp. Fan syn heit mochten wy altyd fuotbalje op in kampke lân foar harren hûs. Wy kuorballen ek. Hwat diene wy net? Wy gongen faek yn in skou nei de feanpetten ta. Wy sprongen dêr wol neaken om op in iepen plak yn in reidfjild. Minsken kamen ús in pear kear oer it mad. Wy rôllen ús dan gau yn in kleed dat wy altyd oer de groun útspraet hiene. Us mem gong middeis nei iten op bêd. Us heit joech him del yn in boek. Tsjin trijen sette er théwetter op. As it sear gong er ûnder oan 'e trep stean en rôp nei boppen ta: ‘It wetter siedt. Komst?’ Us heit - en dat jildde ek foar myn broer en my - mocht wol wetter opsette, it wie sels in kwestje fan moatten, mar ús mem woe perfoarst sels de théblêdden yn 'e pot dwaen en it wetter opjitte. It earste bakje wie ek foar har. As it waer der hwat op like makken se nei de thé in kuijer. Soms wiene myn broer en ik of ien fan beiden dan ek thús en dêrom wit ik - myn broer en ik ha it faek meiinoar oer dizze dingen hawn - dat ús heit, as it thédrinken him to lang duorre, wol in pear kear sei: ‘Dan gean wy mar, nou.’ En: ‘As wy noch in slach om sille moat it nou wêze.’
Se rounen net elke kear alhiel itselde paed, mar ien ding stie fêst: op 'e weromreis kamen se oer de brêge of der by lâns. Dat woe ús heit. Hy bleau dan stean om to sjen nei de boaten dy't al wer út 'e feanpetten weikamen en op hûs ta setten.
‘Kom dan’, sei ús mem. Mar ús heit hearde har al net mear. It slagge har noait om him daliks wer mei nei hûs ta to krijen. Se moast allinnich. ‘Mienst dat ik nei dy boaten stean bliuw to sjen.’ Us heit kaem har meastentiids pas om itenstiid hinne achternei.
Dat dy kuijers fan ús heit en mem sa om en ta gongen ha myn broer en ik ús doe noait biwust west, tominsten dat leau ik net. Wy hiene foaral each foar ús eigen beuzichheden. Ik wit it nou sa goed om't ús mem it my letter forteld hat. As ik - sechtjin sawntjin achttjin wie ik doe - middeis allinne by har thús wie, tominsten as it middeis yn 'e hjerst wiene mei donkergriis wynstil waer, fortelde se my faek oer har eigen libben en dat fan oaren. Op sokke dagen hie ús mem altyd in great
| |
| |
forlet om har út to praten. As ik der oan weromtink wol ik wol fuortkrûpe om oan it libben to ûntkommen, hwant de wémoedige mankelike sfear dy't dan yn 'e keamer hong fiel ik wer om my hinne: alles hwat ús mem fortelde hie hwat trysts en wanhopichs yn him, altyd gong it oer gemienichheden dy't minsken inoar oandiene, oer minsken dy't stoarn wiene of meikoarten stjerre soene oan sykten dêr't gjin forwin op wie, oer it gewrot fan minsken foar in lokkich bistean en hoe't it harren by de hannen om't ôfknapte. It wiene fordomd gjin forhalen dy't my bliid makken, se makken my iensum, mar dochs hearde ik se graech, hwant se joegen my ek in ryk gefoel om't ik in protte dingen to witten kaem, wichtige dingen foun ik.
Mar werom nei de tiid dat ús heit sneintomiddeis by de brêge stie. Op in joun sei ús mem: ‘Doch it dan mar.’ ‘Hwat sil heit’, seine myn broer en ik. ‘Heit sil in boat foar ús bouwe.’ Wy wiene forbjustere. ‘Wy ha al drok sparre. Foar safier as it koe’, sei ús mem: ‘Wy sille nou mei ús allen sunich oan dwaen moatte.’
Myn broer sei: ‘As ik in fiter brek, moat ik de stikken wer oan inoar knoopje en nou ynienen in boat.’ ‘Sa't mem sei’, sei heit: ‘wy moatte it allegear mei hwat minder dwaen. De boat komt der net allinne foar my en mem, mar ek foar jimme.’ Ik ha lykwols noait it idé hawn, dat wy doe't ús heit bigoun to bouwen minder ijsko's krigen as oars. Us mem hat my letter forteld dat heit wol in pear jier wurk hawn hie har der fan to oertsjûgjen dat de boat der komme moast. Hy hie hyltyd sein: ‘De boat sil syn fortuten dwaen foar de hiele húshâlding.’ Se hie dat wol mei him iens west, mar de gedachte: ‘Mei wy wol oan soks ús skoandere jild útjaen, foar ús minsken is soks in to greate lúkse’, hie har der lang fan ôfhâlden ta to jaen. Al jong hie se har heit forlern en se moast doe as famke fan tolve út to tsjinjen by rike stjonkerts fan boeren om mei de kost to fortsjinjen. De frou lei dan wol as ús mem de finsterbanken ôfstofje moast in stûr ûnder ien fan'e blompotten om to sjen oft ús mem dy der ek weipakke soe. Op dy middeis yn 'e hjerst mei donkergriis wynstil waer dat se it my wer ris fortelde, sei se dan: ‘Dan kaem ik wol skriemend thús. En dan woe'k der net wer hinne, mar je moasten. En sneins wie'k der ek wol. En dan moasten je nei tsjerke en as it dan reinde dat it spielde of iiskâld waer wie, dan lieten se je rinne, wylst se sels yn 'e tilbury hinne gongen. Se riden je gewoan foarby.’
Wylst er boude kaem ús heit allinne thús om to iten en to sliepen. Dan roun it jouns tsjin healwei tsienen en sei ús mem: ‘Hwat is heit let. Ik soe wolris witte wolle hwer't er bliuwt. Miskien is der hwat bard. ‘Se sei it meastal as wy dwaende wiene oan ús twadde kopke thé. De hiele joun stie it kopke fan heit mei de sûker der al yn op tafel klear. Op't lêst sei ik dan: “Sil ik ris sjen?” As't wolst, graech.’
| |
| |
Wylst ik troch de tsjustere nacht skeat seach ik it al foar my: heit forplettere ûnder in plaet izer of op syn minst mei de foet stikken. Sels hie'k ris op 'e helling, doe't ik by heit seach, in plaet izer op 'e foet krigen doe't dy út in takel foel, mar gelokkich hie'k doe klompen oan: dy wiene stikken rekke, mar op 'e foet sels hie gjin skramke to finen west.
Al sûnt syn fjirtjinde wurket ús heit op dy helling. Hy hat sadwaende al hiel hwat jubileums achter de rêch en dat hat him sa stadichoan al gâns hwat oplevere: in nije fyts, in gouden horloasje, de ridderorde en lêsten noch twahûndertfyftich goune skjin op 'e hân. Yn 'e rin fan al dy jierren hat er him ûntwikkele ta immen, dy't in plaet izer fleurich nei syn hân set. Sa nou en dan mienden myn broer en ik dat wy him helpe moasten, mar dan sei er meastal: ‘Jimme stean my allinne mar yn 'e wei. Yn 'e tiid dy't ik noadich ha om jimme to fortellen hoe't it moat, hie'k it sels al klear hawwe kind.’
De loads hwer't heit de boat boude stie in ein bûten it doarp. As ik de buorren út wie seach ik meastal in rút fan 'e loads opljochtsjen yn it tsjuster. De hân fan heit skoude dan in flamjende elektrode oer it izer. Troch in skoudoar rekke ik binnen. Ik waerd dan forbline troch de laskflam, sadat ik in oare kant útsjen moast oan't de prikke - sa neamde heit in elektrode - opbarnd wie of de earen sûzen my daliks fan it helse lawaei dat heit makke mei de hammer, hwer't er it izer mei rjocht, krûm of op syn plak sloech. Ien joun kin'k my noch goed to binne bringe. Us heit wie doe oan't laskjen en doe't de prikke op wie en ik sûnder gefaer syn kant útsjen koe, seach ik him op syn knibbels lizzen yn 'e ljochtsirkel fan in looplampe, dy't er as ekstra forljochting ynset hie. Hy bigoun mei de bikhammer de slakken fan 'e lask ôf to slaen, skôge doe sekuer en gong stean. Syn brede hân die in greep fansiden, mar dêr't heit tocht dat hwat lei, lei neat. Hy draeide him om en pakte de foarhammer dy't rjocht oerein achter him stie. Doe seach er my.
‘Dou hjir? Is't al sa let?’
Hy sette de foarhammer wer del, stapte oer in plaet izer dy't rjocht oerein stie hinne en stie njonken my. Mei syn rjochterhân griep er yn myn skouder. Ik kromp in meter fuort. ‘Nou stopje ik der earst mar ien’, sei er. Hy kloppe de piip, dy't er noch yn 'e mûle hie, út en blies der twa kear fûleindich yn. Doe't er der wer tabak ynproppe, triuwde er syn finger omtrint troch de piip hinne. ‘Is heit net kâld? It is hjir om to stjerren.’ ‘Ja, der is neat oan joun. De kachel is stikken. Ik ha der in pear kear tsjin oan skopt, mar dat joech neat. Se moatte der moarn mar ris nei sjen.’ ‘Wol't oars hwat?’ ‘Wis. Hwat oars. Wy moatte dy plaet der aenst noch mar even bysette, net. Kin dat noch?’ Hy seach op syn horloazje. Ik sei: ‘Mem wie wol ûngerêst.’ ‘It moat doch mar even wêze. Dan ha wy dat mar klear.’
| |
| |
‘Moat ik helpe?’ ‘Hwat tochst dan.’ ‘Meastal hoecht it net.’ ‘O. Nou, bisykje it mar ris.’ Wy tilden de plaet to plak. ‘Pik dou him dêr mar even fêst’, sei heit. Ik pakte de tange en wjerstie, lykas heit dat altiten die - as je in want oan hiene fielden je neat - de stjit stroom dy't my troch de earm trille. Ik hâldde de laskkap foar de eagen en ‘prikte’ de plaet op it plak dat heit my oanwiisd hie, fêst. De oangename laskrook kitele myn noastergatten. Doe't ik klear wie sei heit: ‘Hâld dyn foet en dyn knibbel dêr mar tsjin 'e plaet oan. “Ik die it, mar ik wie wol deabinaud dat de slach fan 'e hammer trochdreune soe oant yn myn foet.” Stiif der tsjinoan. It izer byt net. En sjoch mar net sa binaud.’ Heit joech trije foarse klappen tsjin 'e plaet oan. Ik fielde neat. ‘En?’ ‘Ik ha neat field.’ joech trije foarse klappen tsjin 'e plaet oan. Ik fielde neat. ‘En?’ ‘Ik ha neat field.’ ‘Né, dat wist ik wol. Nou pik him nou dêr mar fêst.’ Doe't ik ek dat dien hie naem heit it fan my oer om de plaet foar goed en foar altyd ‘fêst to plakken’. Ik gong wer sa stean dat ik net troch de flam forbline waerd. ‘Tinkst wol om dyn eagen, nou’, sei heit. ‘Ja.’ Sa nou en dan seach ik dochs nei him, nei syn alpinopet, nei syn jas mei skroeigatten der yn, nei syn overall dêr't winkelheakken ynsieten, nei syn nije klompen, út 'e hakke fan 'e iene miste al wer in stik wei. De laskflam knettere. De rook waerd ynkringender. Bûten helle de wyn noch hwat mear oan. Hy luts oan 'e loads. Ik waerd weak fan binnen. Ik tocht der oan, dat heit al goed fiifentweintich jier boaten boude. Fiifentweintich jier lang wie er al oan't boatebouwen foar de baes. Fan plechtskippen oan't
koasters ta. Hy hie in jier lyn yn syn frije ûren meiboud oan in plesierboat foar immen dy't it jild op 'e rêch groeide. Mar nou makke er syn eigen boat! Oerwegingen net frij fan sentimentaliteit. Dêr wie'k my lyk as nou doe ek biwust fan, mar ik bisocht se net fuort to kringen, ik liet se op my ynwurkje krekt sa lang oant ik yn mysels bigoun to flokken. Doe't ik dêr mei dwaende wie, smiet heit de tange del en sei: ‘Sa, hjir litte wy it hjoed by. Wy ha genôch dien, tinkt my. Moarn mar wer. Helje dou de stekker fan it lasktastel even út 'e doaze, dan ljochtsje ik ôf. “Even letter stiene wy bûten en soe heit de doar op slot draeije, mar hy koe't kaeisgat net fine.” Sil ik it ris bisykje’, sei'k. ‘Gean wei jonge’, biet er my ta: ‘Dou stiest my yn't ljocht. Ik seach achterom. Yndie, oan 'e dyk stie in lantearnepeal. Ik die gau in stap fansiden. ‘Sa, nou sjoch ik tominsten hwat. Sa. ‘Heit slingere de fyts ûnder it gat. Stadich trape er op hûs oan. It ketting kreake fûleindich. Ik draefde njonken him. Ik tocht, foar't wy aenst goed en wol yn 'e hûs binne stiet de thé al ynskonken. Op in joun doe't ik al op bêd lei, hearde ik ynienen de oerslaende stim fan heit. Myn spieren spanden har, ik lústere yntins. Ik lústere net sa sear om to witten to kommen hwat der sein waerd, mar om der achter to kommen oft de deilisskip hast ôfroun wie. “Ik gean der daliks hinne. Ik sil it se sizze. Binne se sljocht
| |
| |
wurden?” raesde heit. “Né, doch dat net”, sei mem.’ ‘Hwat né. Hwat sille wy nou bilibje?’ ‘Doch it net.’ Ik hearde dat der in doar iepen skourd waerd en wer tichtslein.
Letter doe't mem it mei my hie oer pake en beppe, de âlden fan heit, skeat my hwat ik dy jouns heard hie wer yn't sin en koe'k dat petear pleatse. Mem fortelde my, dat ús pake en beppe mâl beard hiene, dat heit in boat bouwe woe en it op in bipaeld stuit noch die ek. Se hiene mem dêr de skuld fan jown. Dy hie seine se, heit der ta oan set. ‘Doe't ik der op in middei kaem sei jimme beppe, dat ik it to heech yn 'e holle hie, mar doe't ik it jimme heit fortelde, wie er razend en doe hat er it harren goed sein hoe't it siet. Jimme hawwe it miskien noait yn 'e gaten hawn, mar pake en beppe ha noait in foet yn 'e boat sette wollen.’ ‘Né’, sei ik doe: ‘Wy ha der wolris nei frege, mar dan seine jimme, dat se har to âld fielden foar sokke nijerwetse dingen.’
It wie in moaije boat dy't heit makke, mar net in greaten ien. Doe't de flier der yn lei en hurdboard tsjin it dak spikere wie, koene je der lang net rjocht oerein ynstean. Hy wie ek ryklik smel en koart. Dat siz ik nou, mar doe't wy der foar it earst mei út to farren gongen wiene wy allinne mar bliid mei it ding. Dy earste simmer dat wy der mei fuort koene foeren wy elke snein - meastentiids setten wy foar iten al ôf - nei de feanpetten ta. Der siet oars net folle aventûr yn ús, hwant wy hiene iens fuortendaliks in fêst plakje oan'e Greate Pet, dêr't wy hast altyd foar de wâl gongen. In inkelde kear leine wy oan de Wide Petten, hwer't je op in pear plakken moai swimme koene om't de groun dêr sânnich wie. Of net folle aventûr yn ús, eins hie elkenien dy't sneins mei de boat yn 'e feanpetten lei of der it hiele wykein tahâldde syn fêst plakje. Dat is nou noch sa. It ienige forskil is, dat je nou freedtojouns al fan hûs moatte, wolle je op je eigen plakje lizze, oars leit der al in oar: de feanpetten binne yn 'e moaije tiid grôtfol hjoeddedei. En eigen plakjes binne altyd de moaiste. Heit en mem makke it leau'k net folle út hwer't wy leine, dat wy hieltyd wer op dat plakje oan 'e Greate Pet tasetten kaem faeks foaral om't myn broer en ik it woene. Net fier fan dat plak ôf wie in stik greide, hwer't wy fuotbalje koene en der rounen dêr prachtige paden troch de reidfjilden en elze- en wylgeboskjes. Op ien dêrfan wiene wy altyd oan 't hurdrinnen. Wy rounen om bar en de iene naem fan de oare de tiid op mei it horloazje fan heit. Wy festigen dan rekords dy't wy it oare wykein wer bisochten to forbetterjen. It middeisiten bistie út sop út blik, meast tomate, hwant dêr wie ús heit slij nei, noch trouwens en giele fla fan 'e frico: mem woe sokke dagen gjin drokte fan it iten ha, mar myn broer en ik frieten
ús de fierdere middei wol to barsten oan brune- of sûkerkoeke. Nei iten makke mem in knipperke, dat die se thús ek, dat hwerom yn 'e boat dan net: as se middeis net even
| |
| |
sliepte wie se jouns gjin mins. Heit lei, as it ôfwaskjen dien wie, in dik stik skûmrubber del op ien fan 'e beide banken yn 'e boat en dêr gong mem op lizzen. Heit gong dan út to fiskjen of bleau gewoan yn 'e boat sitten to lêzen. As it yn 'e boat net to hurden wie fan 'e waermte siet er op 'e wâl. Om kertier oer trijen wie it thétiid. Myn broer en ik dronken in flesse exota leech. Jouns foar healwei achten wiene wy wer thús. Dat woene myn broer en ik perfoarst: wy misten sport in beeld oars.
Dat earste jier hiene wy in protte maleur mei de boat: in pear kear de wetterpomp stikken, sadat wy ús nei hûs ta slepe litte moasten en om it hurtsje in skuor yn it elastyske stik fan 'e útlaetpiip, dat it triljen fan 'e motor opfange moast; yn in omsjoch sieten wy dan midden yn 'e reek. ‘En alles bigjint der nei to stjonken’, sei mem. Mar heit bleau altyd rêstich, hoewol't de prachtichste plezierboaten ús foarby stouden, plezierboaten ek dy't er sels op 'e helling meiholpen hie to bouwen.
It twadde jier makken wy ús earste greate reis. Wy gongen nei ús omke en tante ta, dy't in dei farren fan ús ôf wennen. Wy moasten doe troch it Greate Kanael hwer't de greate frachtskippen en ek wol koasters trochhinne kamen. De skippen sûnder fracht koene, om't se minder djip leine, flink oanfarre en sokken dan geweldich. In pear kear kamen wy yn sokke hege weagen tolânne dat earst de kofjekanne en letter noch de thépot en in pear kop-en-pantsjes sneuvelen. ‘De boat is to lyts om troch kanalen to farren hwer't sokke greate boaten trochhinne komme’, sei mem. Sok sizzen makke heit razend. Healweis de reis gongen wy even foar de wâl. Mem soe iten siede. ‘Hè, even dy moter út’, sei se: ‘Dat is folle geselliger ûnder iten en ek rêstiger foar heit, hwant oars moat er hieltyd de feart yn 'e gaten hâlde.’ Heit sei: ‘Sa, dan kin de moter moai ôfkuolje.’ ‘Hy is net to hyt wurden wol?’ rôp mem. ‘Dan hiene wy allang net mear fearn.’ Mem wie der net hielendal gerêst op en sei: ‘Moast net even sjen?’ ‘Hald op fan seuren ju.
‘Mem moat net sa'n spul útjaen en har fan alles yn 'e holle helje’ seine myn broer en ik: ‘It giet ommers sa moai as hwat.’ ‘Dat tocht ik’ sei heit.
Doe't wy wer fierder foeren wie it krekt as siet der net safolle skot mear yn 'e boat as earst. Myn broer en ik sieten op it dak en rôppen op't lêst nei binnen ta: ‘Hwat fart heit stadich.’ ‘Ja’, sei er: ‘Dat idé ha'k ek, mar ik ha it gas likefier iepenlutsen as niis.’ Wy kamen fan it dak ôf om to sjen. It wie sa. ‘Doe't wy niis fan 'e wâl gongen miende ik dat ik in klap hearde, krekt as sloech de skroef earne tsjinoan, tsjin in pealtsje of in stien of sa, ik ha't noch tsjin dy sein’, sei mem. ‘Soe der in stik fan de skroef ôfslein wêze’, rôpen myn broer en ik. ‘It kin dat der in blêd krom slein is, fansels, dat kin’, sei heit: ‘Mar dêr binne wy pas wis fan as wy it sjoen ha. Dan moat de boat omheech. Of soe de as trochdraeije? It liket
| |
| |
my raer ta.’ Heit luts in planke út 'e flier om to sjen, mar it wie de as net, dy draeide sa as it moast. Ta ús gelok lei der in ein fierder in frachtskip foar de wâl, dat elk jier op 'e helling kaem hwer't heit wurke. Mei de david fan dat skip waerd de kont fan ús boat út it wetter tild en yndie; ien fan 'e blêdden wie krom slein. Heit sloech him wer rjocht.
De trije dagen dat wy by omke-en-dy tahâldden hâldde de skroef it. Op 'e weromreis lykwols wie it wer mis: de boat foel as it ware ynienen stil. De skroef soe wol op 'e nij earne tsjinoan slein wêze. Wy foeren op dat stuit noch net yn it Greate Kanael, mar troch in feart, dêr't sûnt de lytse feart foaral op 'e lytse wetters hurd achterút roun wie, hast gjin boat mear lâns kaem. Alde fytsen, kachels en matrassen, alles waerd der mar ynmitere: hwa hie der lêst fan? Hwat koene wy oars dwaen as trochfarre. Wy kamen al rillegau by in helling lâns, mar dy hie ek fakânsje fansels en doe't wy ûren letter wer by it plak lâns kamen hwer't op 'e hinnereis dat skip lei, seagen wy dat it fuort wie. De jouns tsjin tsienen wiene wy pas thús. De oare deis luts heit de boat omheech en hwat seagen wy: it blêd dat heit wer rjocht set hie miste der nou ôf, ien blêd hie ús nei hûs ta slein.
Dat jier wiene der al mear dy't in boat hiene: kocht of sels makke. Net allinne yn it doarp, mar rounom krigen de minsken de boatsjekoarts. En alle nije boaten wiene greater as dy dy't heit makke hie. Je koene der rjochtoerein ynstean en in slach yn 'e rounte dwaen. Hwat sei it dan noch, dat heit sines folle moaijer fan foarm wie. It wie dúdlik, dat er him pas wer lokkich yn syn boat fiele soe as hy der ek rjochtoerein ynstean koe. Hy, de earste yn it doarp dy't ien foar himsels boude soe it mei in mich fan in boat dwaen moatte? Dus hwat die er dy winters? Hy brândde it skip yn it lang midstwa, skoude de beide dielen mear as in heale meter fan inoar ôf en sette der in stik tusken; hy sette in stik by de kajút op en plakte der oan 'e achterkant in stik by oan. Dat wie fuort in bêste hael, hwant dêrnei binne der net mear greate foroaringen oanbrocht, wol in net to tellen oantal lytsere forbetteringen: elk jier wol in stik of fiif. Ach, der kamen hieltyd mear boaten op it wetter, hieltyd moaijere en greatere en fan hieltyd mear ge gemakken forsjoen. It ienichste antwurd dat heit eins wist to jaen op hwat er seach dat barde wie: ‘Mines kin it my bêst dwaen.’
Ik ha it wolris mei him oer al dy jachthellingen dy't der de lêste jierren bykommen binne. Ik ha doe ris tsjin him sein, dat er eins ek foar himsels bigjinne moatten hie. ‘Ja, fordomme jonge’, sei er doe: ‘Dat seist wol, mar dan bist al hwat âlder en dan bliuwt it der by. Dan bigjinst der net mear oan.’ Ik ha't der ek wolris mei him oer hawn, dat er syn hiele libben lang by deselde baes bleaun is. ‘Ja, fordomme jonge’, sei er doe: ‘Dou kinst wol hwat sizze, mar dan troust en krigest bern en
| |
| |
dan ruskest fêst as't net op tiid de wyk spilest. Dêrom siz ik ek daliks tsjin dy jonge jonges dy't by ús op 'e helling komme: ‘Jimme binne hjir nou wol, mar ik wol jimme hjir net langer as twa jier sjen. Dan moat jimme gau sjen dat jimme hjir wer weikomme en ek gjin dei langer bliuwe.’
Hy fortelt my gauris hwat oer syn wurk. Dan is der bygelyks ien of oar technysk probleem dat neffens de ûntwerpers fan it skip sa en sa oplost wurde moat. Neffens heit moat it dan oars. ‘Mar it makket my neat út hoe't se it ha wolle. Sa't sy it sizze sa meitsje ik it. Hwant moast net miene dat se nei my harkje sille. ‘Mar dan komt it sa, dat by it proeffarren itjinge hwat neffens de “gelearden” sa en sa makke wurde moast stikken rekket. En dan pas kin heit it meitsje sa as er it al lang yn 'e holle hie.’ ‘Ja, en dan steane de hearen mei de sigaren klear.’
|
|