Wybren Veeman
Twa fersen fan ien en deselde hear
Tr. Riemersma: Teksten fwar ien hear.
Fersen. K.U.-Bolswert 1973.
Ik ha der lang tsjinoan hongen in bisprek to skriuwen fan Trinus Riemersma's: ‘teksten fwar ien hear’, omt ik de bondel nei ienkear lêzen fier fan my ôf lein hie en der net ta komme koe him wer op to pakken; mar om ien fers wol ik him eins wol hâlde, dat sadwaende.
De bondel hâldt 25 fersen yn (de nûmers 76 oant en mei 100 út Trinus' oeuvre) en lit him omtnnt lêze as in roman: de fersen steane net los fan inoar, mar litte yn 'e folchoarder dêr't se yn steane in struktuer sjen dy't drager is fan 'e idé efter de bondel. In oersjoch fan 'e ‘ynhâld’ (ik jow koart oan hwer't it fers' oer giet’)
76 ik, selsanalyse, 77 bern, 78 master-bern, 79 bern-skieding, 80 minsken-bern. 81 trou-bern, 82 iensumens-frou, 83 mjner-famkes, 84 frou-moetsjen, 85 frouoare moarns, 86 frou, frjemd, iensum, 87 gjin rêst, maitiid, 88 frou, beide forlet, 89 frou, oare moarns kater, 90 drok meitsje oer frou, 91 dea-famkes, 92 froulju, 93 ôfskie frou, 94 dea, 95 bern, soan, 96 frou-skieding, 97 libben-dea, 98 famkesfers, 99 âld wurde, 100 langst nei leafste, ‘kolofon-disse rige fessen is ûntstien tusken desimber 1971 en septimber 1972!
Likegoed as in fers dêr't net in rigel as in wurd tofolle yn stiet my as lêzer bliid meitsje kin oer poesij, soe in mei soarch komponearre bondel my biwust meitsje kinne dat de dichter mei syn struktuer mear seit as mei syn fersen allinne. Ik stel it sa, omt der fersen yn dizze bondel steane dy't der nea yn moatten hiene en hwerfan't ik allinne mar oannimme kin dat se opnaem binne om reden fan 'e struktuer (sjoch bg. 83, 91, 94, 98). As ik my ôffreegje hoe't in striemin fers: ‘lókkeg 72!’ (83) yn'e bondel bilânne is, dan kin ik hast net oars as it kolofon letterlik nimme: dit is it libben fan 'e auteur fan 12/71-9/'72.
Der is ûnderskie tusken in deiboek en poesije: in deiboek hat in objektivearjend en relativearjend karakter, de striid mei jinsels sjen litte, ynearsten oan josels; poesije stelt in realiteit, is in stik libben. Yn dizze bondel bistiet dy realiteit út it byld fan in dichter (sjoch 98: oan elk famke hâldt ik wol in ferske oer) dy't oan is mei himsels (76), bern, syn bern, de frou dy't fuort is, de ‘famkes’, de ferskes, de dea, en dêr hwat oer prakkesearret, mei oare wurden: de bondel stiet stiif fan 'e hypokrisy fan in exhibysjonist: hy hat it slim mei syn libben, mar dat libben is net yn syn poesij, it binne syn prakkesaesjes, dat hwat tusken de dichter en syn libben stiet; mar ûndertusken wol Trinus wol dat ik der tsjûge fan bin hoe't hy in bondel byinoar neukt.
Hwat de fersen sels oangiet falt it op dat de measten skôgjend binne, theoretisearjend, in inkelde direkt biskriuwend. Fierder bin der in stikmannich dy't logysk opboud binne om ien útgongspunt, in