Trotwaer. Jaargang 6
(1974)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 79]
| |
[pagina 80]
| |
as ik yn ljouwert kom
of yn grins
of yn amsterdam
ja sels yn bûtenpost
oeral
kom ik tony feitsma tsjin
dêr bin grif mear as ien fan
| |
[pagina 81]
| |
lêsten yn tsjerke
oan it hillich nachtmiel
mette ik marten scholten
hy wie net lulk mear
| |
[pagina 82]
| |
earder noch by de VIVO yn gietsjerk
seach ik bauke de jong
samar nei safolle jierren
‘dû hast mei dyn nije hûs
it moaiste hoekje fan gietsjerk
forpeste’
sei er
‘en dat skriuwt oer it asfalt
op 'e singel’
as men dat heart
dan soe men suver it skriuwen
der oan jaen
| |
[pagina 83]
| |
[pagina 84]
| |
nei de skepping
biseach god
it wurk fan syn hannen
en sei?
‘it is hiel goed’
al it oare is:
Eddy Evenhuis
Jacob Noordmans
en
Laurens ten Cate
| |
[pagina 85]
| |
doe't de kou op 't suderplein
ynienen
bigoun to balten
koe ik gjin wurd mear útkrije
| |
[pagina 86]
| |
grêfskrift fan in bikearde revolusionair
yn myn jonge jierren
rôp ik lûdop BOE
nei myn bikearing
sei ik súntsjes bèèè
en nou
siz ik niks mear
| |
[pagina 87]
| |
grêfskrift fan in net bikearde revolusionair
ik ha altyd lûdop BOE roppen
en nou
dêr't de iene bungalow
tsjin 'e oare raest:
IK BIN LEKKER DJURDER AS DY
is de djûrste strjitte nei my neamd
mar ek ik
siz niks mear
| |
[pagina 88]
| |
|