Dat Van Hijum út myn stik mient op to meitsjen dat ik kunst biskôgje as in middel ta partijpolitieke doelen, docht my nei al myn war dat nou just to bistriden, bulte fortriet. Van Hijum moat myn stik der mar ris op nei lêze.
Myn opmerking dat Van Hijum de strukturalistyske kant útskaeit wurdt troch dizze ynlieding wol bifêstige. Marxistysk jargon brûkend, soe ik sizze kinne dat Van Hijum de boargerlike opfetting dy't kunst los sjen wol fan de maetskiplike wurklikheit omt kunst gjin krityk wêze mei op de bisteande oarder, mystifisearret troch dizze opfetting as objektyf en algemien jildend oan to bieden. Dat docht er nlt. as er it kunstwurk as autonoom oantsjut en mient dat er fóár it ‘hifkjen nei it doel’ in eardere fase is: it djipgeand analisearjen, hokfor analisearjen net maetskiplik boun is, objektyf is.
Foar Nauta's these oer dat der neat bistiet bûten de maetskiplike wurklikheit, set Van Hijum hjir de these dat der in tael is. t.w. de tael fan de analise, dy't bûten de maetskiplike wurklikheit stiet. Omt tael útsoarte in minsklik forskynsel is, omt tael net los to sjen is fan minsken, seit Van Hijum dus feitliken dat der minsken binne dy'tyn bipaelde aspekten bûten de maetskiplike wurklikheit steane! Op 'e Olympus seker!
Van Hijum toant syn stelling net oan, né, hy seit: ‘Ik bin fan bitinken’!
Forbjusterjend wurdt syn ynlieding dan ek as er fierder op seit dat it doel fan syn wurkwize is it literaire kunstwurk út de sfear fan de mystyk to heljen en rationiel to hifkjen! En dat, wylst er dy wurkwize motivearret mei in metafisysk yrrationiel ‘ik bin fan bitinken’.
Nauta toant yn syn boek ‘argumenten voor een kritische ethiek’ oan, dat opfettingen lykas Van Hijum dy hjir presentearret op in yllúzje birêste.
Van Hijum moat himsels net sa foar de gek hâlde!
BARTLE LAVERMAN
TAHEAKKE, in pear tael-analityske útspraken:
L. Wittgenstein: ‘An expression has meaning only in the stream of life’ (N. Malcolm; Ludwig Wittgenstein, A. Memoir).
Stuart Hampshire: ‘We cannot step outside the language which we use, and judge it from some ulterior and superior vantage-point’ (st. Hampshire: Identification and Existence).
Burtt: ‘thinking always occurs in a linguistic framework that is social.. (Burtt: In search of Philosophical understanding)