‘Ja ik...’
‘Goed, kom fierder. Wolle jo sa goed wêze om dêr plak to nimmen?’
Se wiisde nei in stoel dy't tsjin de sintrale forwaerming by it rút stie.
‘Wol minear dat wy de brief dien meitsje of kin ik gean?’
‘Jo kinne gean, mar soargje der foar dat jo to birikken binne.’
Se roun nei de doar ta mei koarte tripkes en fordwoun. Forninige tikjes pinigen de gong, mar ek dat lûd forstoar.
‘Jo binne... just ja. Né, bliuw mar sitten. Wy kinne sa skoan prate. Myn tiid is biheind. Mei in kertier ha'k in gearkomste mei de stêf en sa'n forgadering nimt ornaris tiid. Jo witte hwer't it mei jo om giet. Wy kinne yn ús bidriuw allinne mar minsken brûke, dy't mear as in midsmjittich ikú ha. Om dat to peilen ha'k inkelde fragen foar jo ré lizzen. Ik wol jo advisearje en jow in klear antwurd dat net op mear as ien wize to interpretearjen falt. It soe kinne dat jo troch biskate antwurden fortinkingen op jo nimme, dy't net alhiel torjochte binne. Jo brûke jou stimme sadanich dat folume en artikulaesje fan klanken lykwichtich in lûdienheit foarmje dy't krekt past yn dizze romte. Dizze keamer is fiif by fjouwer meter. Dit lêste kin streksum wêze foar jou oariëntearings formogen. Jo geane sà noflik der by sitten, dat in oar mient dat jou oanwêzichheit gesellich is, mar dat it josels oanfielt as sieten jo ré om oerein to gean. Jo fornimme wol dat jo genôch op 'e hichte brocht wurde mei't ien en oar. De iene mins moat de oare goedgunstich to mjitte komme. Sa, dat is meastal de wênstige rânneynformaesje dy't hâlden wurde moat by elke kandidaet. Jo sjogge dat jou kommen hjir goed trochpraet is en it sil jo bigryplik foarkomme, dat ik jo foar in mooglike oanstelling hifkje moat, hwant flaters kinne hjir net makke wurde en hat men oan hjoed de dei ta ek net bigien.
Ha jo al earder in wurkplak hawn?’
‘Jo moatte tinke dat ik...’
‘Né, ik hoech net oer jou sinsbou nei to tinken. Dat moatte jo dwaen yn jou eigen bilang.’
‘Ja mar ik wolsizze dat ik noch mar sawntjin jier bin.’
‘Dat stie yn 'e sollisitaesjebrief en as sadanich biskôgje ik dizze forklearring fan jo net bot to the point.
‘Né, ik ha noch gjin oare bitrekking hawn.’
‘Jo hoege net sa lûd mei dy ienfâldige wurden om to springen. Ik sit fjouwer meter fan jo ôf.’
‘Oh...’
‘Jo ha trije jier HAVO hawn en ha doe bisletten dat jo mei sa'n oplieding wol yn oanmerking komme foar dizze baen.’