[Nummer 6]
Redaksjoneel
It kolofon fan Trotwaer 1973-5 is hwat al to hastich foroare: Leo Popma en Oene Spoelstra drage wol forantwurdelikheit foar de ynhâld fan dat nûmer. Mei yngong fan dit nûmer is soks net mear it gefal.
Foar it front hjir nochris ús tank foar it wurk dat Leo en Oene foar Trotwaer forsetten ha. Binammen redaksjeskriuwer Popma hat ús gauris oan Atlas tinken dien.
Bartle Laverman hat yntusken it skriuwerskip fan Popma oernaem.
De redaksje bistiet nou ynearsten noch út trije man, mar oanfolling ta fiif leit wol yn de bidoeling.
Ek yn 1974 sille wer minimael seis nûmers fan Trotwaer forskine, dy't Miedema Pers like kreas forsoargje sil as de nûmers fan 1972 en 1973.
De yllustrative kant fan Trotwaer sil yn 1974 mear om tinken krije.
Learlingen fan 'e kunstakademy to Grins sille hjir oer gear. In earste oanset kin men al yn dit nûmer fine.
Oer de ynhâldlike plannen foar 1974 sil yn nûmer 1974-1 neijere ynformaesje jown wurde.