Trotwaer. Jaargang 5
(1973)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 238]
| |
Tr. Riemersma
| |
[pagina 239]
| |
Mar hû kómt ut mai hollônsk ‘beurs’? Vud dot frysk ‘beurs’ of ‘beos’? Utselde - de Haan sprekt him dur net oer út - krije jo mai de ‘ea’. Fwar de -r soe dot bij de Haan ‘ee’ vêze kinne. Mar: ‘peers’ of ‘peas’, ‘heerskje’ of ‘heaskje’? De û-ûû-oe kwesje sprekt ur him ol oer út, en dêr jaut ur - skrútten - un myserabele óplossing fwar. Mij tinkt dot útstel 1 fon 'e Brede Kommisje de bêste óplossing jaut: kwatte ienlûden mai ien ‘û’: pûp, rûs, hûs, lange ienlûden mai twa ‘û’-s: pûûp, rûûs, hûûs twalûden mai ‘oe’: boed, soer, hoed De Haan tinkt dot un stavering dyt ut hollônsk sanai mooglike oankrûpt, mar dur tróch ut totaal oare fonologyske systeem fon need sóms ver kylometers ô stean mat, makleker is os un stavering dyt sa kónsekwint mooglek fon ut fryske fonologyske systeem útgjit. De û-kwesje hie him vizer maitsje matten. De Haan vól de ó en de o net ûnderskiede, hij kin kónt en kont (sûnder streepkes) vól útenwar. Dot is mooi, mar ferrekte egoïstysk. Os de stavering dyt vij maitsje vólle inkeld ónjerre is fwar ut belúnjende keppeltsje yntyltfriezen, dot fon hûûs út vól vit dot ‘un kóp kófje’ twarus un ó hat, en net un o, sat ús ymport vólrus mient, don hûgge vij de stavering niet iens te feroarjen.
Nammes, mun hûgt net inkeld nai de ymport te sjen. Jo sille de (jóngere) Friezen de kost jaan dyt ûnvis binne yn 'e útspraak. Sytaat: ‘By hw is de rjochtlinichheit al fêstroun en oerstapt op wu.’ Vitte jo ut ferskil vól tusken un letter en un lûûd? Jo matte don, os jo kónsekwint vêze vólle - mar dêr ha jo ljo 'k un broer oan dea - ek bevearre dot bij ‘heak-jekken’ de rjóchtlyneghyd fêstrûn is.
Myn krytyk yn 't olgemien is dot de Haan te min tróchtocht hat en dot ut sicht óp de totale stavering yn syn hele gearhing him ûntbrekt. Hij mat rus un pear romans yn syn stavering oersette. Dêr leant mun fon. (Oja, mai Van Weringh bin ik ut útsoate fólslain iens. Mar de ko is net myn favoryt húsdier.) |
|