| |
| |
| |
M.J. de Haan
Sekundair kommentaer
As it net tofolle fan 't goede wurdt, soe ik nei A. van Hijum syn nijsgjirrige oantekeningen by Tr, Riemersma syn forhael Myksomatoze der ek noch hwat kommentaer op jaen wolle en dan op Riemersma syn stavering.
Ik wol dan bigjinne mei Riemersma in komplimint to meitsjen foar syn staveringseksperiminten. Dat hâldt dan tagelyk in komplimint yn foar de redaksje fan Trotwaer, dy't dêr it frij ta jowt, hwant yn dit lân fan de forneamde Fryske frijheit sit dêr risiko yn.
It is mei dy stavering in nuvere saek. In jiermannich lyn hat der nochal hwat reboelje oer west en doe hawwe provinsiale steaten sels it bislút nommen, dat de offisiële stavering (hwat is dat krekt?) net foar 1980 foroare wurde sil, mar dat de skoallen wol it frij hawwe mei de stavering to eksperimintearjen. (Dat harket ek hwat nuver, as men neigiet, hoe'n bytsje de provinsje oer it ûnderwys to sizzen hat.) Likegoed is dit bislút in stap foarút: wy hawwe nou tominsten in politike ynstânsje dy't forantwurdlikens foar dizze saek nommen hat, dy't men der dus foar oansprekke kin en op 'e lepels sitte.
Dat wurdt njonkenlytsen tiid, hwant oan nou ta litte wy de saek eins mar sloere. Wol wurdt op 'e skoallen mei Frysk bigjinûnderwys in eksperimintele stavering brûkt en dogge se der sadwaende hwat ûnderfining op, mar dat front is dochs to smel om genôch oanwizings to krijen, hwer't it mei de stavering op oan moat. Fierder fornimt men net folle oars as hwat gebear fan in fêst publykje, hwannear't it ûntsettende gefaer driget, dat eksperiminteel stavere berneboekjes ûnder de minsken komme. It is fansels ek wol slim, as bern dy't noch mar krekt lêzen leard hawwe, samar oer bisten út kôde en waarme lonnen lêze kinne. Frysk lêzen is ommers allinne foar ynwijden dy't earnstich bybrocht is, dat kôde en waarme lonnen as kâlde en waerme lannen to boek steld wurde en perfoarst net oars. Fansels bistiet ek noch it gefaer dat gewoane minsken fan dy kôde en waarme lonnen sizze: Dot liket derop. Mar dêr soe ik net to slim oer ynsitte, hwant as se fûggel en nútten tsjinkomme, sille sokke gewoane lju freegje' Wot mat dot no wer? Underwilens wachtsje wy dan mar geduldich it wûnderjier 1980 ôf, as de ideäle stavering út 'e loft fallen komt lykas it bikende brette fûgeltsje. Allinne in stikmannich swartkiken freegje har ôf, oft dat sêfte sin ús wol barre mei, nou't it der om giet it Frysk as forplichte learfak yn to heljen. Dêr is mei safolle rjocht op oanstien, dat de Haechse autoriteiten koenen der min foarwei; mar kin en mei dat ynhâlde, dat alle bern yn Fryslân (frysk- en net-frysktaligen) mei sa'n esotearysk gefal as de tsjintwurdige Fryske stavering ompiele moatte? Dêrom nochris hulde oan Riemersma, dy't der hwat oan docht en
dy't dan ek fortsjinnet, dat der notysje fan nommen wurdt. Ik haw dat dien en wol nou bisykje oan to jaen, hwat my goed taliket en hwat net. Om net al to forfelend to wurden sjoch ik fan folledichheit ôf.
| |
| |
Ik bigjin mei de titel Myksomatoze (un apology) en sit dan daedlik al mei de fraech (dy't net spesiael op Riemersma syn stavering slacht) oft der ek mar ien mins mei geriifd wurdt, as in wurd as myxomatose in mear fonetyske útbylding krijt. Nou giet it hjir om in wurd dêr't de measte lju dochs altiten nuver tsjinoan sjen sille, mar sille se dat ek net dwaen tsjin gewoanere wurden as dy op skrift forskine as: lyteratuer, defynytyf, kontynúytijt, reälytijt, mynyrekorderke ensf.? Of binne se al yn 'e twadde alineä fan de earste bledside sa oer de mylytêre sliepsek stroffele, dat se har nei it ûntsiferjen mar rêstich yn in gewoane militaire sliepsek deljown hawwe?
Ik kom hjir tichte by it ynstjûrde stik yn de L.C. fan 29 juny, ûndertekene mei Juw fon Wearinga. Hy skriuwt oer it forskil tusken bigjinnend lêzen fan bern en it lêzen fan folwoeksenen: ‘Faeks is it wol sa, dat it lêzen fan bern eins “sprekken” is en by greaten “wersjen”. Fierder freget er: En soe skriuwen net earder kopiearjen fan ûnthâlden wurdbylden wêze as letters op in rychje setten yn 'e selde oarder as de lûden yn it sprutsene wurd?’ Dêr sit tinkt my in soad wiers yn, al wurket by skriuwen en typen ek fêst in automatisme mei, dat lûden en lûdforbinings omset yn letters en letterkombinaesjes.
Mar...... én by dat kopiearjen fan wurdbylden én by dat automatysk oerbringen yn letters en letterkombinaesjes moat men yn Fryslân net oankomme mei útspraken oer de gong fan saken yn it Ingelske taelgebiet. Hwat foar wurdbylden krijt in Fries allegeduerigen ûnder eagen en hwat automatisme sit him yn holle en hannen? Just, dy fan de Nederlânske stavering. As er deselde wurden en klankkombinaesjes yn it Frysk oars sjocht en oars skriuwe moat, dan forliest in deagewoane frysktalige syn wissichheit. In wurd as mylytêre sliepsek sit er op om to dikerjen en it wurdbyld garage is him gâns eigener as garaezje. As er sels de bikende aap yn it Frysk as aep skriuwe moat, dan leaut er it wol en hy giet rêstich troch mei molke to skriuwen as melk, bûter (bûtter sjocht er foar stedsk butter oan) as boter en tsiis as kaas. Sa giet dat yn Fryslân en staveringsforoaring hat foar my dan ek allinne doel, as it helpt om ús dêr ôf to helpen. Dêr hifkje ik elke útstelde foroaring neffens: rjochtlinige regels as ‘alle koarte i's mei y’ helpe ús net, om't der gjin rekken holden is mei it feit dat de y yn de Nederlânske stavering hast net brûkt wurdt. Dêrom moatte wy der yn it Frysk sunich mei wêze: Yn in wurd as fyts kinne wy der min foar wei, mar lit in sigaret in gewoane sigaret bliuwe.
Sa bin ik dan ‘ten langen leste’ by un apology oanlanne, mar mei dat un sit ik kopen-earen yn de hiele toanleaze e- (of as men dat leaver wol) sjwa-mikmak. By Riemersma sjoch ik nêst un, ut, dur en jun: Hollemer (fierderop ek Bollem), begûn, te, ferteld, heislek, nydeg. Un liket my wol goed ta, jun haw ik gjin biswier tsjin, dur achtsje ik gjin forbettering en by ut stuitsje ik yn de twadde alineä al op ‘út ut westen’ (en dat ‘út ut’ kom ik moai gau wer tsjin). Soe it net better wêze en meitsje fan út: uut? Dan hienen wy nêst fiif minuten (meitsje der gjin minútten fan, dan wurde se langer en lestiger) de biwende iene minuut en wienen wy ek fan moai hwat streekjes ôf. En dan fansels ek gjin mâlle kueren mear, mar gewoan kuren; dy e hoeft der mar yn in pear wurden by b.g. yn nuet en flues. Sa brûke wy yn de gongbere stavering de eo wol yn freon en gleon, mar net yn kleur en fleur.
Hollem soe ik mar Hollum bliuwe litte, mar begûn en te gean ik graech mei
| |
| |
akkoart. By ferteld soe ik in stapke fierder gean wolle: feteld. Oare stomme r's lit Riemersma wei (yn oarder) en hjir is der noch mear reden ta: dy r heart men nou soms al by foarlêzen en foardragen, en dat heart krekt net sa. Hy heart wol yn feroaring en ferhael (dus foar in klinker of in h), mar net yn ferteld en dêrom fuort dermei. Heislek sjoch ik gjin heil yn en nydeg is in stap tobek, salang't it Nederlâns -ig hat.
As ik nou ‘ut deade knyntsje dot ik yn 'e Hollemer dúnnen lizzen seag’, nochris opnim, dan sjoch ik mei nocht, dat Riemersma in kat net allinne in kot neame, mar ek as kot skriuwe wol. Wy krije dan fansels nêst de doubletten dy't wy al hawwe: kop-kop, roppe-roppe, sokke-sokke en oare der noch in stikmannich by, û.o. it fameuze stel kont-kont. Ien fan ús greatste 19-de-ieuske foarmannen, Joast Halbertsma, tilde net sa swier oer sokke kwestjes. Hy docht in biswier dat tsjin syn Friesche Spelling fan 1834 ynbrocht wurde koe n.l. dat mâl en moal beide as moal op papier komme, ôf mei de snútslach: ‘Men gaat hier uit van het beginsel, dat ieder die dit onderscheid niet uit den samenhang weet op te maken, van alle verplichting tot denken en dus ook tot lezen ontheven is.’
Mar wy geane fierder de Hollemer dúnnen yn, dy't ik mar Hollumer dunnen bliuwe litte woe, en as ik dan seag stean sjoch, dan siz ik wer: yn oarder! Dat healewize omgûcheljen mei g-ch moat ophâlde en dan asjebljift gjin útsûndering foar de forlytsingswurden. Dy binne yn it Frysk krekt sa'n apart gefaltsje as yn it Nederlâns: Berg je dat bergje paperassen even op? Lit ús dêr nou net hwat apart Fryskichs fan meitsje. Sa wol ik der ek mar in touw by helje, as de touwen it net hâlde kinne. De ou - au-kwestje krij ik by Riemersma net rjocht hichte fan: nêst frau en bauwurk kaem ik flatgebou en fjouwer tsjin. Ik leau net dat wy dêrmei oan it foroarjen moatte, salang't it Nederlâns ou en au hat.
De twadde sin bigjint mei ‘Ut waaide’ en even fierder sjoch ik ‘swaaiende banen’. Yn oarder, hwant it wurdt tiid, dat dy ae der wer út giet. Dy hie de Lapekoer fan 1822 ek net. Dêr kin men lêze, dat Gabe Skroor dogs leaver ien jongfaam op 'e knibbel hie as ien aad broek. (aad dus sûnder l en ek hud sûnder r). F. Buitenrust Hettema seit der yn it foarwurd by de werútjefte fan 1899 fan: ‘Joost hie earst yn't sin om safolle 't er koe to skriuwen as min praten hearde. Mar do kaem er yn it selskip fan ljue dy it bigrepen hiene op it âde! âde! Dat wie better. Dy't er nou wieen, wie forbastere skaei!.... Nou, doe het er yn 'e fryske boekstavering ik letters ynfierd dij't neane sprutsen wuddene, sa det bygelyks folle Friezen yn ús tiiden dij't altiten frysk prate, datselde frysk net lêze kinne.’
As Joast Halbertsma yn it lêste Friesch Jierboeckje (1834) syn Friesche Spelling publisearret, dan is de aa fan de Lapekoer ae wurden. (langstme nei âldere foarmen b.g. dy fan it Middelnederlâns?) Hy is dan ek al safier, dat er de stavering brûke wol om grammatikale forskillen útkomme to litten. Sa stiet er oan op ‘hy laekke’ nêst ‘hy hat lake’, ‘it lykke’ nêst ‘it hat like’. Hy skriuwt derby: ‘Het is niet meer dan een orthographische onderscheiding’. (m.o.w. Soks hat mei de tael sels neat mear to krijen.) Dan komt er ek mei de l yn âld en de r yn hurd. Dat sit him blykber noch net hielendal noflik, hwant as in soarte fan forûntskuldiging komt der achteroan: ‘Het innig gevoel der etymologie worstelt tegen de wet der spraakorganen.’
Fansels siet achter it forwurkjen fan sokke taelgeleardens yn 'e stavering in stribjen om it Frysk yn oarmans en ek yn eigen eagen mear oansjen to jaen.
| |
| |
Itselde siet Harmen Sytstra yn 'e holle mei syn Iduna-stavering. De greatste mallichheden fan dat gestaver binne moai gau wer loslitten, mar dochs is der fan dat ûnrant noch frijhwat oerbleaun. Hwerom't it sa taei is, kom ik strak wol op. Mei de swaaiende banen fon 'e ljochttoer forlost Riemersma ús net allinne fan de ae, mar ek fan de folslein oerstallige j yn swaeije. (de ‘moaije jest’ yn de twadde alineä sil wol in printflater wêze)
Hwat de oare klinkers en twaklanken oangiet, kom ik daedlik by it lestichste gefal tolanne, as ik de tekst fierder folgje. Riemersma skriuwt ‘Ut waaide fûûl en mei dy ûû wol er blykber de lange klank oanjaen. By my is de û fan fûl koart, mar dat docht der fierder net ta. It giet der my om, oft de eksperimintele oplossing fan de û-oe-kwestje wol handich is: foar de klinker û, ûû en foar de twaklankachtige fariaesje yn boer en sûr: oe. Foar it allerearste bigjinûnderwys sil it wol foldwaen, mar al hiel gau wurde de jonge lêzers en skriuwers konfrontearre lit my dat moaije klisjé ek ris brûke) mei it feit, dat sadwaende tige frekwinte gelikense nammen foar deselde dingen yn it Frysk en yn it Nederlâns ûngelikens skreaun wurde: bûk nêst boek en brûk nêst broek (mei bûkken en brûkken binne wy noch fierder fan hûs.) Né, ik sjoch der oer de hiele liny noch gjin forbettering yn. Miskien soe dy socht wurde kinne (ik skriuw dit tige skruten) troch foar de koarte klinker dochs mar de ûngelokkige Nederlânske oe to nimmen, foar de lange (yn it Nederlâns net mear oanwêzich) de û, foar de r de kar frij to litten (hwat dan wol útrinne sil op boer en sûr) en dan foar de twaklankachtige fariaesje yn hoed en stoel in oplossing to sykjen as yn nuet en flues, b.g. huêd en stuêl. Mar ik jow dizze suggesje graech foar in
bettere. De oare klinkers jowe net folle swierrichheden: ik soe kou ek as ko skriuwe wolle en de sé as see.
Dan noch in pear wurden oer de saneamde brutsene lûden yn beammen, stiennen, doarren en skuorren. Fan stjerren en bjirken is it mar sa'n ûnnoazel stapke nei bjemmen en stjinnen, dat gjin mins (just Riemersma, meens) der lêst mei hawwe sil. Fan doarren nei dwarren liket my ek net slim ta; wy hawwe al wurden as dwars en dwaen. It is eins nuver, dat wy yn de gongbere stavering wol stjer en bjirk skriuwe, mar net dwarp en twar. Nou haw ik ris ien oan it wurd heard, dy't great biswier makke tsjin kwa(r)t foar koart, om't er it wurd sa net útspriek. De man moat him in kear sa lulk makke hawwe by it idé allinne, dat koart foroarje soe yn kwa(r)t, dat hy woe himsels mar to koart dwaen. Hy pakte in stik tou, biseach it mei stúdzje en preuvele doe: In kwart jellen to koart.
En doe..... doe bisaude er. Hy moat it noch wol sawn kear achterinoar sein hawwe, sels de banrekorder moat op 'e lappen kommen wêze, mar it joech allegear neat: kwart en koart kaem der net ûngelikens út. Doe moat er it tou opburgen hawwe en bigoun wêze oan in ynstjûrd stik foar de L.C. om de minsken oan it forstân to bringen, dat staveringskwestjes net mei de gleone holle, mar mei in kromke koel forstân bisjoen wurde moatte. Mar dat stikje is er blykber yn stykjen bleaun, hwant ik haw it noait yn 'e L.C. sjoen.
Datselde bytsje forstân sil ek wol warskôgje foar al to ûngewoane letter kombinaesjes as bw (bwatsje), fw (fwotten) of mw (mworre). Soks skrikt de minsken ôf en dat is de bidoeling krekt net. By de hw is de rjochtlinichheit al fêstroun en oerstapt op wu. Sa krije wy dan as meartal fan hoed: wuodden en fan hoas: wuaz(z)en. Mar as lêzer sjoch ik yn h-d-n wol it meartal fan hoed, yn w-d-n út-noch-yn net.
| |
| |
Ja, by staveringsforoaring moat mei hiel hwat dingen rekken holden wurde en dat kin yn alle saeklikens, as foartiid útmakke is, hwer't op oanstjûrd wurde moat, m.o.w. as der foartiid taelpolitike rjochtlinen jown binne. It hat gjin inkeld doel der wer foar sitten to gean sûnder sokke dúdlike rjochtlinen b.g. yn 'e foarm fan in opdracht om mei it each op de algemiene ynfiering fan it Frysk ûnderwys in stavering"op to meitsjen, dy't safolle mooglik koördinearre is oan de Nederlânske stavering en fierder sa forienfâldige, dat Frysk lêzen en ek Frysk skriuwen foar in gewoan mins net langer in poepetoer is. Sa'n opdracht sil der lykwols net komme, of der moat yn Fryslân earst hwat útfochten wêze, dêr't wy al jierren lang tsjinoan skoarje.
De 19-de-ieuwers, dêr't ik in pear fan neamd haw, woenen it Frysk sa graech hwat mear oansjen jaen en sochten dat net yn 'e lêste plak yn in fornimstich staveringspakje. Dêr kin men ynkomme: it Frysk wie sa lang yn 'e hoeke treaun, it moast nou hwat kreas foar de kreammen lâns, ja, der leafst hwat útrinne. Sa rinne yn ‘Sûnder Sûker’ fan Jo Smit de mannen dy't ‘derby’ hearre, yn jaskes sûnder revers om. Opfalle, hwat provosearje hat altyd it middel west om lytse formiddentsjes op 'e hael to krijen. Dat slagget yn Jo Smit syn forhael ek: Greate Jelle, dy't it earst oer ‘dy idioate jaskes’ hie, komt der ek by en wurdt in bêsten-ien foar de saek. Fan dy jaskes falt dus wol hwat goeds to sizzen. Mar as dat jaske to binypt wurdt, to krap foar wider earmslach, dan moat it út en gau! Dat is in min momint foar in biweging, hwant der binne altiten guon foar hwa't it jaske safolle as de saek sels wurden is.
Sa stiet it ek mei de Fryske stavering; dat hat njonkenlytsen dúdlikernôch bliken dien en dêrom hawwe strideraesjes oer de stavering sels of oer ûnderdielen dêrfan gjin inkeld doel. Hjir moat in kar dien wurde en wol troch it politike lichem dat him dêr sels foar oanwiisd hat, de provinsiale steaten. Dêr sil lykwols earst hwat fan komme kinne, as de Frysk-progressiven d.w.s. alle lju út alle partijen, dy't hwat foar de progressy, de bifoardering fan it Frysk dwaen wolle, har forienje ta in sterke Fryske fraksje. As dy it paed yn Fryslân frij makke hat en der dus saken dien wurde kinne, dan leit ek de nasionale wei nei Den Haech iepen om de middels foar dizze kultuer-technyske ûndernimming foar de forneamde helsdoarren wei to heljen. Dy middels binne der wol, as de Fryske Pressy mar fêst en stevich genôch is. Net fansels, salang't wy neat oars dogge as nou en dan in slop hantsje ophâlde.
Sa soe it kinne, mar is it wer net to moai om wierheit to wurden? It biroerde yn Fryslân is net de taelsituaesje op himsles. Al wurdt ek Fryslân mear en mear yn greatere forbannen opnommen, der bliuwt noch gâns romte oer, dêr't it Frysk him ûntjaen kin. Mar dy romte moat frij makke wurde en yn kultuer brocht. Dat kin allinne, as it komt ta in foarse Fryske taelpolityk, dy't syn doel wit en de middels gripe wol om ta dat doel to kommen. Kin Fryslân dat opbringe? Dât is de fraech!
|
|