Trotwaer. Jaargang 5(1973)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 212] [p. 212] Bartle Laverman Lanfolk soms foar it neimelken knypt noch in wrede hân it ûr hastige neitins oan archaysk lânfolk de groun hat harren ruile foar in bernsbernromantyk guon mei dwylmûts op noch wol hwat omdangelje fortellers fan forgetten forhalen (hurry ype, hein dit lêste lûd!) mar ek it hea hat oan syn eigen rook genôch hjoed noch is harren tael de tekens dy't ik skriuw: in ûnbrûkber rudimint [pagina 213] [p. 213] Metamorfose mei rotsjende rein modder oer de lea tiid foar de sappen suorjend al ré troch de ieren fan knikelsblêdden: goeije dêr wie ik wer (hwat is in beitele stien langer yn dizze sirkel) ah, neat better as goeije godleas waeksje útsiedde oer it fjild gers stikels bûterblommen bolbjirken tjirgje om it swit fan de boeren sûr as molke foedsum as weet wachtsje jimme mar op dy hear ik oerwinterje dochs Vorige Volgende