Trotwaer. Jaargang 4
(1972)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 233]
| |
[Nummer 5] | |
[pagina 234]
| |
Soldatepraet ut de sawntiger jierrenDe soldaet wie net yn tel, de soldaterij waerd op delsjoen en it militarisme kaem yn Nederlân net oan bod. Sa moat men de sitewaesje sketse yn 'e tiid doe't Auke (Jouwert Jouwertsma) yn '77 ûnder de wapens kaem. It wie in tiid dat net ien partij of rjochting tofreden wie mei de gong fan saken op it militaire flak en der hat net in desennium yn ús parlemintaire skiednis west dat safolle ministers fan oarloch forsliten hat as it tiidrek 1870-1880. Telt men de ministers ad interim mei dan komt men op in tal fan tolve. Wiist dit feit net op folle ienriedigens, yn ien opsicht wie men it iens: mei de lânsfordigening stie it der alderbiroerdst foar. Ein '76 forklearre de minister fan oarloch yn'e Twadde Keamer ‘dat wij bij het eerste ernstige conflict, waarbij Nederland mogt betrokken worden, groote kans liepen Nederlands nationaliteit verloren te zien gaan’Ga naar eind1). Abraham Kuyper syn oardiel út 1878 liicht der ek net om: ‘Immers veertig millioen per jaar uit te geven en dan nog de vrij stellige zekerheid te bezitten, dat de Engelschen in vier en twintig uren op het Binnenhof, en de Pruischen in tweemaal vier en twintig uren op den Dam kunnen zijn, is voor een klein volk om razende van toorn tegen zijn militaire overheid te worden en zich allen moed voor de toekomst te laten ontzinken’Ga naar eind2). Der wie gjin byt fortrouwen yn'e nasjonale milysje dy't yn tiid fan oarloch bijstien fan'e skutterij it lân frijhâlde moast fan'e fijân. Foar de milysje waerd jierliks in nije lichting oproppen dy't 11.000 man sterk wie. Foar earste oefening moast de rekrút in jier ûnder de wapens. Hy wie dan krekt tweintich of yn syn tweintichste jier. Yn 1876 is bisocht it tal op 14.000 man to bringen, mar dit foarstel kaem der yn'e Keamer net troch. De maximum-sterkte fan it leger lei om en de by de 55.000 man. Yn 1876 is bisocht wurden it tal op 65.000 man to bringen, mar ek dat mislearre. De namme Nasjonale Milysje doogde eigentlik net. Der wie gjin algemiene tsjinstplicht, hwant by lotsjen waerd útmakke hwa't ûnder tsjinst moast. Luts de lotteling in leech nûmer dan wie hy ‘der yn lotte’. Hy koe lykwols in ramplesant stelle, wylst ek nûmerruil tastien waerd. De kosten fan forfanging kamen trochstrings op f 800, it tal forfangers waerd yn 1876 skat op 700 by in lichting fan 11.000 manGa naar eind3). As men bitinkt dat yn dy dagen in boerearbeider mei twa jier wrotten lang net oan f 800 takaem, dan is it dúdlik dat allinne lju mei jild in forfanger nimme koenen. It plakforfangen waerd yn'e jierren '70 al forheftich bistriden. Der bistie in ‘antidienstvervangingsbond’, mar der soe noch in generaesje oer hinne gean, foardat de persoanlike tsjinstplicht in feit waerd. It ramplesantestelsel foarme in dúdlik biwiis fan de klassemaetskippij út dy dagen. In foarstander fan dit stelsel doarst it sels bistean to sizzen dat it op groun fan kristlik bigjinsel net ôfskaft wurde mocht: ‘... om hunne zonen te vrijwaren tegen het gevaar, dat zij loopen door de verleiding, waaraan zij in den dienst zijn blootgesteld, en de verfoeilijke gewoonte, die zij daar kunnen aannemen van het misbruik maken van de sterke drank...’Ga naar eind4). Kuyper lykwols, in fûleindich bistrider fan dit stelsel, skreau yn 1878: ‘Thans vloekt heel het | |
[pagina 235]
| |
platteland een instelling, die een deel onzer landsbevolking letterlijk demoraliseert... Vloekt de lagere klasse der bevolking een legerinrichting die, noodzakelijk tot plaatsvervanging nopend, háár zonen bij voorkeur ten offer kiest’.Ga naar eind5) En de liberale ‘Winkler Prins’ konstatearret yn itselde jier: ‘Van hen die niet in staat zijn, zich een remplaçant te bezorgen, dienen velen met weerzin’.Ga naar eind6) De Friezen foarmen yn dit opsicht gjin útsûndering. In wykmannich foardat Auke yn tsjinst gie hie it Friesch Volksblad in haedartikel oer it lotsjen: ‘Is het waar, dat het voor ieder burger van den staat plicht is, het zijne bij te dragen om het land voor binnen- en buitenlandsche vijanden te beschermen, dan is het toch een treurig verschijnsel, dat iedereen het als een ramp beschouwt, door het lot te worden aangewezen als soldaat. Dat dit de werkelijke toestand is, zal niemand ontkennen’.Ga naar eind7) Dat de soldaet net yn tel wie, docht bliken út tal fan publikaesjes sawol yn it komike as yn it earnstige flak. It studinte-almanak jowt yn 1879 in biskriuwing dan ‘De soldaet’ yn de trant fan ‘De schoolmeester’: ‘Van zijn uiterlijk zal ik je geen beschrijving geven,
Alleen zij dit je nog onder de oogen gebracht:
Hij behoort niet tot het menschelijk geslacht.’Ga naar eind8)
Kuyper (1878) seit it op syn manear: ‘...elk man van nobelen zin (heeft) een woord van toorn en afkeuring op de lippen voor een organisatie van onze levende strijdkrachten, die met menschen manoeuvreert, zonder “den mensch” in hen te eeren’.Ga naar eind9) As Stellingwerf yn syn ynlieding op'e Soldatebrieven dan ek skriuwt oer minsken, dy't men ta bisten makket, as men har as bisten bihandelt, dan hat er de saek wol aerdich sketten. Mar net allinne de bihandeling wie hounsk, ek de húsfesting wie by de bisten om ôf. Yn 1875 kaem de ‘Vereeniging ter verspreiding van kennis aangaande 's lands verdediging’ mei in publikaesje oer it kasernelibben. De konklúzje wie ‘dat de soldaat over het geheel genomen slecht, zeer slecht gehuisvest is, het is tevens niet onbelangrijk te constateeren, dat de misdadiger in onze gevangenissen, meer speciaal nog in onze cellulaire gevangenissen, eene veel betere huisvesting vindt’.Ga naar eind10) Dit rapport út liberael formidden joech forslach oer in kaserne, dy't ta de ‘goede’ rekkene waerd. It kaem yn't koart hjir op del: forpestende stank, sigerige keamers, jouns to min ljocht om to lêzen of to skriuwen. De iterij waerd klearmakke yn in romte, hwêr't ek hout en turf delsoaid waerd omdat der gjin berchplak foar brânstôf wie. Fjirder wie der gjin plak foar de soldaet om him bihoarlik to waskjen. ‘Men wijst ons vrij nauwkeurig waar o.a. een der riolen uitkomt en juist op die plaats.... zien wij een soldaat zich aan de gracht wasschen. Daar in de kazerne geen andere gelegenheid bestaat om zich te reinigen, kunt ge iedere morgen kort na de reveille gaandeweg alle bewoners de gracht zien naderen om zich, ook ter plaatse waar de privaten hun inhoud in de gracht ontlasten, te wasschen’.Ga naar eind11) It iten wie ek net bêst: Voor een soldaat zijn rantsoen
Zou een fatsoenlijk dief zijn mond niet open doen;
Hij zou zeggen: ‘parbleu Mijnheer!
Op mijn woord van Eer
Als fatsoenlijk man,
Dat's kost waar ik niet van leven kan.’Ga naar eind12)
En mocht dit wer studintepraet hjitte, it wie net binjonken de wierheit. ‘De | |
[pagina 236]
| |
voeding evenals de huisvesting ver beneden die van achter grendelen opgesloten gevangenen, eischt krachtige en onverwijlde verbetering’, skriuwt in militair ekspert yn 1876.Ga naar eind13)
As immen fan Auke syn brieven tinke mocht dat er it hjir en dêr al to moai of to mâl makket, dan kin sein wurde op groun fan publikaesjes út dy tiid, dat Auke net oerdreaun hat. Bliuwt lykwols de fraech, as de klachten oer it leger sa algemien wiene, hwat hat dan de reden west dat der sa'n bytsje forbetteringen ta stân brocht waerden. Woe men it leger ‘forbetterje’ dan moast der jild op't kleed komme, it ramplesantestelsel ôfskaft en it moreel fan'e soldaet opkrikt wurde. Kuyper woe gjin jild skrome: ‘Dan moet ons volk het in alle rangen en standen weten, dat de militaire defensie niet anders dan op dure en zeer dure voet ingericht worden kan...’ Mar Kuypers partij wie noch mar yn't opkommen, en de konservativen en liberalen dy't om bar doedestiids it regear yn hannen hiene, woene sa rij net wêze. Der kaem noch by dat de liberalen, dy't it lek en brek fan it leger blinders goed seagen, fan militarisme neat ha moasten. Yn'e selde moanne dat Auke ûnder de wapens kaem, waerd yn'e Twadde Keamer de konservative minister omseame troch in liberael, omdat de minister it almar hie oer in ‘militairen geest’. ‘Het is mij nooit recht duidelijk geworden, ofschoon ik toch ook vijftien jaren in het leger gediend heb’, sei de âld-ofsier Stieltjes, ‘wat met echt militairen geest bedoeld wordt. Een officier moet zijn een gentleman.... Dat onderscheid dat men tusschen militairen en burgers maakt, is vooral in ons land een ongeluk, juist dat maakt ons leger impopulair....’.Ga naar eind14) Hy wiisde op it gefaer dat de ofsieren to iensidich ûntwikkele wiene, net wisten fan de wetten dy't de ûntwikkeling fan de folken bihearsken. Dy ûntwikkelingswetten woene ha dat tusken biskaefde folken de oarloch útband wurde soe. Dêrmei sitte wy midden yn 'e liberale problematyk fan dy tiid. ‘De richting der eeuw leidt tot vermindering van het getal der oorlogen, het is echter niet aan te nemen dat de oorlog ooit van de wereld verdwijnen zal’, forkundige in oare knappe militaire spesialist, de Roo van Alderwerelt, dy't troch de Ljouwerter liberalen yn'e Keamer brocht wie. Der soe neffens him in leger bliuwe moatte foar fordigening, mar ‘de inrigting dier legers (van de 19e eeuw) is in strijd met de natuurlijke regten van den mensch en de ware belangen der volken’.Ga naar eind15) Sa sieten de liberalen mei twa fuotten yn ien hoas en yn'e praktyk brocht dat in hwat twaslachtich optreden mei. Ek al omdat se der net sa hjit op wiene om greate slompen jild yn'e definsje to pompen en foaral net as se der net wis fan wiene dat it jild effektyf brûkt waerd. Al binne út dit formidden letter wol antimilitaristen fuortkommen, men kin dochs ek wer net sizze dat de liberalen omdat se tsjin it militarisme opkamen nou fuortendaliks anti-militaristen wiene. It militarisme stelde yn Nederlân ek net folle foar. Goed, der wie in lytse militaire kaste, mar dy hie bûten leger en marine net folle earmslach. En der wie nou ienkear net folle animo, ek net yn heger kringen, om birops to wurden. ‘De krijgsmansstand is hier te lande veracht, en waarlijk niet zonder grond.... Uit de aanzienlijke kringen vindt men er eenigen als officieren, evenals uit den gegoeden burgerstand. Daar echter de officierstraktementen niet hoog zijn en vele officieren in blinkende armoe moeten leven, gaan de ouders er niet licht toe over, bij voorkeur van hunne kinderen soldaten te maken. Als men kans ziet hen op andere wijze een plaats in de maatschappij te doen innemen, dan geen officier’.Ga naar eind16) It ûntbrekken fan in militant militarisme yn'e jierren '70 jowt ek | |
[pagina 237]
| |
datjinge hwat dêrfoaroer as pasifisme trochgean moat, in slop karakter. Nim bygelyks Stellingwerf: ‘As wy yette in leger hawwe moatte...’. Dat wiist al net op in resolute ynset. Fierderop seit er: ‘... gjin cint foar de soldaterij... salang dy net forbettere is’.Ga naar eind17) Mar ien fan beiden, of de hiele blinderse boel ôfskaffe, of sinten op tafel om forbetteringen oan to bringen, dat heart men net fan him. Stellingwerf hopet dat de Soldatebrieven by't lêzen hwat nocht jaen sille, men soe ha wolle dat se argewaesje joegen. In foarbyld fan dy sloppens fynt men ek werom yn ‘Het Algemeene Nederlandsche Vredebond’, oprjuchte yn 1871, as réaksje op 'e Frânsk-Dútske oarloch. Fan de 2500 leden meast út liberael formidden wiene twa jier letter noch mar 1350 oerbleaun, it tal ôfdielingen sakke fan 26 op 17. Ek yn Fryslân wiene ôfdielingen. Domela hie warber west yn Harns, de ôfdieling Knipe hat sels bistien oan't 1890. Dat de biweging sa gau tobek foel wie net allinne it gefolch fan it ôfnimmen fan'e direkte oarlochsdriging, mar ek fan de twaslachtigens yn har formidden. Yn'e grounslach wie opnommen ‘dat de oorlog is een wanklank in onzen tijd van beschaving en verlichting....’.Ga naar eind18) Wanklanken forsteurden lykwols ek de ienriedigens yn it Fredeboun. Der kaem forset tsjin it haedbistjûr omdat it de Atjeh-oarloch net foroardiele. It bistjûr lykwols achte him net roppen in foroardieling hearre to litten hwant it Boun ‘zoekt den vrede te bevorderen tusschen beschaafde natiën, krachtens het beginsel van de groote mate van verstandelijkheid en zedelijkheid, in beschaafde volkeren verondersteld, en de Atjehers wilde men vooralsnog niet in de klasse der beschaafde volkeren opnemen, terwijl men aan de expeditie tegen Atjeh het karakter van oorlog ontzegde; men beschouwde haar als de tuchtiging van een rooverstaat tot beveiliging van den handel en tot handhaving van het Nederlandsch gezag in gansch den Indischen archipel’.Ga naar eind19) Yn 1879 wyt admirael Fabius it ôfnimmen fan it ledental fan it Boun oan'e laksens en sleauwens ‘van zoovelen onzer natie omtrent die belangen, die het meest moesten aantrekken: de volksbelangen’.Ga naar eind20) Dûmnys en pastoars hawwe it ek bidoarn by de admirael; hja sette har net genôch yn foar it fredewurk. Nou moat men ek wer net tinke dat Fabius fan de tsjerkemannen anti-militaristen meitsje woe. In figuer as Domela bygelyks gie him to fier. Domela koe men yn'e eartse jierren '70 noch gjin anti-militarist neame, mar al gau die bliken dat de pasifisten fan it Fredeboun him to mak wiene.Ga naar eind21) Yn 1872 woe Domela de East frij ha mar dêr woene de lieders fan it Fredeboun net oan. Nei eigen sizzenGa naar eind22) stie Domela yn 1879 op anti-militaristysk stânpunt, mar syn ynfloed wie noch lyts en de stikmannich sosialisten - en ûnder harren sieten de anti-militaristen - hiene neat yn to bringen.
Sa kaem yn'e jierren '70 nóch it militarisme nóch it anti-militarisme rjocht oan bod. De soldaterij lei op in minne namme mar it is de fraech of by bettere húsfesting en minskliker bihandeling it folk oars reagearre hie. In forliking mei de skutterij leart ús dat men dêr ek letterlik en figuerlik sprutsen net waerm foar roun. Dochs gie it by de skutterij hiel hwat gemoedliker ta as yn it leger. Kommando's waerden net mei grouwe wurden yndruid, it wie mear yn'e trant fan: ‘Haye, draei din gat hwet nei Pieteromme stek’.Ga naar eind23) Hwa't de brieven fan in skutter yn it Friesch Volksblad lêst, heart fan forgriemde tiid en weismiten jild. As de skutter fan hwa't sprake is yn'e brieven, foar it earst yn syn skuttersútris syn wiif ûnder eagen komt, seit dy dat se him yn dy plunje | |
[pagina 238]
| |
foar har eagen net sjen mei. Nou sille net alle froulju der sa oer tocht ha, mar it falt jin wol op dat yn'e geskriften fan dy jierren dy ta doel hiene de skutterij to forbetterjen, de bisteande organisaesje sa faek it wurd ‘belachelijk’ neijown wurdt.Ga naar eind24) Gearfetsjend kin men sizze dat der yn Auke syn tsjinsttiid by it regear gâns praet waerd oer militaire saken sûnder dat it fortuten die. It folk dat yn brede lagen noch gjin tagong ta de stimbus hie, koe neat ynbringe as lege bryfkes en kaem sels dêr net oan ta. Dat der in algemiene ôfkear fan de soldaterij wie wurdt ús fan forskate kanten trochdien, mar it utere him net yn in biwust anti-militarisme. Yn dat stik fan saken binne Auke syn brieven ek net révolusjonair. Hwa't soks hwat ôffalt, mei lykwols bitinke dat hjir in jongkeardel wie mei in heldere kop en in skerp each, dy't lek en brek fan it leger ûnder wurden wist to bringen en sa dokumintaesje op tafel brocht, dy't de lêzers oan it tinken sette. Dat sil ek Stellingwerf syn bidoeling mei west ha, doe't er de brieven apart útjoech, al wol hy der dan net mear fan sizze as dat er hopet dat de brieven by't lêzen hwat nocht jaen sille.
DR. T. VAN DER WAL | |
[pagina 239]
| |
|