| |
| |
| |
A. van Hijum
Struktueranalyse
Leo Popma.
IN KWESTY FAN HUD.
Ljouwert, Miedema Pers, 1971.
Dit bisprek wol bisykje in analyse to jaen fan Leo Popma's roman IN KWESTY FAN HUD. Op groun fan dy analyse sil dêrnei in evaluaesje jown wurde fan dizze roman.
Yn de analyse sil IN KWESTY FAN HUD op twa manearen bisjoen wurde. Yn't foarste plak wurdt neigean hoe't de roman der útsjocht nei de foarm. Dêrnei hoe't de roman ynhâldlik opboud is.
It sil dúdlik wêze dat it net oangiet en skiedt konsekwint de formele kant fan in roman fan de ynhâldlike. Dat is dêrom al net mooglik om't de ynhâld fan de roman stal kriget yn de foarm hweryn't de auteur ús dy roman oanbiedt. It is wol sinfol en bisykje de foarm en de ynhâld fan elkoar to ûnderskieden, al soe it allinne mar wêze om't it formele aspekt fan de roman - de foarm - oer't generael minder mooglikheit jowt om fan miening to forskillen as dat oare aspekt fan de roman, de ynhâld.
| |
A. De foarm fan in kwesty fan hud
As men IN KWESTY FAN HUD iependocht, blykt fuort al dat it in bytsje gefaerlik is om to praten fan haedstik 1, 2, ensfh. Dat wurdt nammentlik yn de roman sels net oanjown. Dochs is it net sa dat de hiele roman achterelkoar sûnder hwat foar in typografyske ûnderskieding dan ek, oan de lêzer oanbean wurdt. De auteur hat wol deeglik wollen dat de lêzer op bipaelde mominten even him réalisearje soe: hjir is in soarte fan ôfskieding yn de roman. En itselde is ornaris it doel ek fan haedstikken. Hwerom't der yn dit gefal dan dochs net praet is fan haedstikken sil oan 'e oarder steld wurde yn dat diel fan dizze skôging hweryn't de ynhâld oan 'e oarder komt.
De roman IN KWESTY FAN HUD kin nei de foarm ûnderfordield wurde yn sawn ‘haedstikken’. Haedstik 1: side 5/16; haedstik 2: side 17/32; haedstik 3: side 33/68; haedstik 4: side 69/91; haedstik 5: side 92/107; haedstik 6: side 108/119; haedstik 7: side 120/133.
Nou is der lykwols by de ûnderfordieling fan dizze roman noch in probleem. Sommige haedstikken binne sels ek wer ûnderfordield. Ta dizze konklúzje moat men wol komme as men sjocht dat yn fiif fan de sawn haedstikken rigels wyt steane en dat yn ien haedstik, nû. 7, mei lettertypes wurke wurdt dy't ôfwike fan it lettertype dat yn de rest fan it boek brûkt is. De haedstikken dy't ûnderfordield wurde troch ien rigel wyt, bisteane út twa perikopen. Dat wol dus yn feite sizze, dat sa'n haedstik útelkoar falt yn twa fragminten. Hjirby moat wol yn 'e rekken hâlden wurde dat dy fragminten yn sa'n haedstik tige nau hearhingje sille.
Yn haedstik 1 steane gjin rigels wyt, dus kin hjir ek gjin sprake wêze fan perikopen. Yn haedstik 2 steane rigels wyt op side 26 ûnderoan en op side 30 yn 'e midden. Dat hat fan gefolgen dat haedstik 2 bistiet út trije perikopen: perikoop I: side 17/26; perikoop II: side 26/30; perikoop III: side 30/32.
| |
| |
Yn haedstik 3 stiet ien rigel wyt op side 55 boppeoan. Haedstik 3 bistiet dus út twa perikopen: perikoop I: side 33/55; perikoop II: side 55/68. Yn haedstik 4 steane twa rigels wyt, ien op side 75 ûnderoan en ien op side 88 ûnderoan. Haedstik 4 bistiet dan ek út trije perikopen: perikoop I: side 69/75; perikoop II: side 75/88; perikoop III: side 88/91. Yn haedstik 5 steane njoggen rigels wyt. Dit hat fan gefolgen dat dit haedstik ûnder to fordelen is yn tsien perikopen: perikoop I: side 92/93; perikoop II: side 93/94; perikoop III: side 94/95; perikoop IV: side 95/96; perikoop V: side 96/98; perikoop VI: side 98; perikoop VII: side 98/103; perikoop VIII: side 103/106; perikoop IX: side 106/107; perikoop X: side 107. Yn haedstik 6 steane gjin rigels wyt. Gjin perikopen dus. Yn it lêste haedstik steane rigels wyt op side 120 midden, 125 boppeoan en 132 ûnderoan. Haedstik 7 bistiet dan ek út fjouwer perikopen: perikoop I: side 120; perikoop II: side 120/125; perikoop III: side 125/132; perikoop IV: side 132/133.
Yn perikoop II fan haedstik 7 is yn trije gefallen in stikje tekst ôfdrukt yn in ôfwikend lettertype. Yn perikoop III fan haedstik 7 is yn sawn gefallen in stikje tekst ôfdrukt yn in ôfwikend lettertype. De ôfwikende lettertypes yn perikoop II en III fan haedstik 7 forskille ek ûnderling: yn perikoop II binne it haedletters, yn perikoop III skeane letters.
Fierders moat noch oanjown wurde dat op side 99 fan de roman, sa likernôch midden yn haedstik 5, in ôfbylding werjown is fan de plattegroun fan it konsintraesjekamp Dachau. Lofts fan dizze plattegroun, ûnderoan side 98, stiet in forklearring fan inkelde, op 'e plattegroun foarkommende sifers. Dy forklearring wurdt folge troch de wurden: ‘Mar dy bin út better tiden, sa't de jierren fan Errichtung oanjowe, resp. 1965, 1960, 1965. (Wy roomsken wiene wer earst.)’ Yn dat diel fan dizze skôging hweryn't de ynhâld fan de roman oan 'e oarder komt, wurdt hjir noch op werom kommen.
It nou folgjende skema sil, oersichtlik, de útkomst werjaen fan dit ûndersyk nei inkelde formele aspekten fan IN KWESTY FAN HUD.
Haedstik 1
(s. 5-16) |
Haedstik 2
(s. 17-32) |
Haedstik 3
(s. 33-68) |
Haedstik 4
(s. 69-91) |
Haedstik 5
(s. 92-107) |
Haedstik 6
(s. 108-119) |
Haedstik 7
(s. 120-133) |
|
2, I s. 17/26
2, II s. 26/30
2, III s. 30/32 |
3, I s. 33/55
3, II s. 55/68 |
4, I s. 69/75
4, II s. 75/88
4, III s. 88/91 |
5, I s. 92/93
5, II s. 93/94
5, III s. 94/95
5, IV s. 95/96
5, V s. 96/98
5, VI s. 98
5, VII s. 98/103
5, VIII s. 103/106
5, IX s. 106/107
5, X s. 107 |
|
7, I s. 120
7, II s. 120/125
7, III s. 125/132
7, IV s. 132/133 |
Yn dit diagram stiet, it sil dúdlik wêze, bygelyks 5, VII s. 98/103 foar haedstik 5, perikoop VII, dy't to finen is op side 98/103.
In bulte konklúzjes binne noch net to lûken op groun fan it nou útwurke diagram. Wol wurdt út it diagram dúdlik dat de haedstikken sterk fariearje hwat de lingte oanbilanget; it langste haedstik bislacht 35 siden, it koartste 11 siden. Fierders falt op dat de perikopen oer it generael in tige lyts tal siden telle, binammen de perikopen yn haedstik 5. In útsûndering foarmje yn dit opsicht de twa perikopen, hweryn't haedstik 3 útienfalt: resp. 22 en 13 siden.
Yn it forfolch fan dizze analyse sille de útkomsten fan dit ûnderdiel fan it ûndersyk ynpast wurde yn it ûndersyk nei de ynhâld fan IN KWESTY FAN HUD.
| |
| |
By de evaluaesje fan dizze roman sil dan neigien wurde moatte oft krekt dizze foarmstruktuer foar dizze roman needsaeklik wie.
| |
B. De ynhald fan in kwesty fan hud
Under ynhâld fan in roman forstean ik hwat oars en mear as men oer it algemien docht. As ik it ha oer de ynhâld fan in forhael doel ik net op in úttreksel fan dat forhael, mar op al dy strukturele kenmerken fan it forhael (de roman) dy't meielkoar stal jowe oan it forhael sa't de lêzer dat ûnder eagen kriget.
Yn it folgjende haedstik sil neigean wurde hwat it perspektyf is fan IN KWESTY FAN HUD, hwat foar in plot ús yn dizze roman oanbean wurdt, op hokker wize de roman ynhâldlik strukturearre is.
| |
a. It perspektyf fan in kwesty fan hud
Yn nûmer 7/8 fan jiergong 1971 fan ‘Trotwaer’ hat in nochal wiidweidige skôging stien oer it perspektyf yn de roman. Dit nei oanlieding fan DE ROOK FAN MESJESTER fan Tj. Piebinga.
Yn it gefal fan IN KWESTY FAN HUD ha wy to krijen mei in personale roman, hwerby't it perspektyf keppele is oan ien romanpersoan. Dit hat fan gefolgen foar de lêzer, dat hy foar syn ynformaesje oer de romanwerklikheit ôfhinklik is fan ien man: de romanpersoan oan hwa't it perspektyf keppele is. De lêzer kin dan ek, per definysje, neat mear oer de romanwerklikheit to witten komme as de romanpersoan oan hwa't it perspektyf keppele is.
Dat it perspektyf fan IN KWESTY FAN HUD keppele is oan ien romanpersoan wurdt dúdlik troch de nou folgjende sitaten:
‘In momint koe er neist him even hwat fan har foarmen waernimme. Mar fuort hie er syn oandacht wer by de dyk. Hy fielde him stiif en ûngemaklik en gie hwat forsitten. (side 5)
‘Hy bisocht nochris wer it forrin fan it wykein nei to gean. Hy moast alles noch ienkear yn him omgean litte om der foargoed ûfstân fan nimme to kinnen’. (side 18)
‘Hy fielde him bidondere en walge fan it smaekloaze gesicht. Mar dat hearde der by, dat wie sy ek, dat moast er witte.’ (side 31)
‘It is dus dochs in kwesty fan hûd, tocht er, it is der gewoan net by joun’. (side 77)
‘It is dyn skuld net, Richard, lûk it dy net oan, hearde er Titia sizzen, hy makket him fiersto drok.’ (side 89)
‘Hoefaek hie er him oan Hans ergere en him skamme foar syn brike setten?
It wie syn eigen lytsens en gebrek oan moed dy't him ûnfordraechsum makken’. (side 124)
‘Hy fielde him leech, hwat bidondere en dochs in bytsje gelokkich. Mei waerd er him fan syn réaksje biwust. Tsjin de swarte loft seach er de giele neonreklame oan de ein fan de strjitte: - Golden Fiction.’ (side 133) (kursivearring a.v.h.)
Ut de hjir oanhelle sinnen, en binammen út de kursivearre dielen dêrfan, blykt dat it perspektyf koppele is oan ien persoan, Richard.
En omt In kwesty fan hûd net yn de ik-foarm stiet moat it wol in personale roman wêze.
| |
b. Relaesjepatroanen yn in kwesty fan hud
De haedpersoan fan IN KWESTY FAN HUD is Richard Reijnders. It giet der yn de roman om, fêst to lizzen hoe't dizze Richard Reijnders klear komt mei syn
| |
| |
forline. Tagelyk is dizze Reijnders de man oan hwa't yn dizze roman it perspektyf keppele is. Wy ha hjir dan ek to krijen mei in ‘he as protagonist’ (de term is foar in part ûntliend oan de literatuertheoretikus N. Friedman), hwant it perspektyf is keppele oan ien romanpersoan (i.c. R. Reijnders), de roman stiet yn de hy-foarm en der is dúdlik mar ien haedpersoan (i.c. R. Reijnders).
Dit haedstik wol ûndersykje hoe't de relaesjepatroanen binne dy't yn dizze roman ta ûntwikkeling komme tusken oan 'e iene kant Richard Reijnders en oan de oare kant syn wichtichste tsjinspilers. Ut dat ûndersyk sil nammentlik foar in part de ynhâldlike struktuer fan dizze roman nei foaren komme.
I. DE RELAESJE RICHARD REIJNDERS - NYNKE. Fourt al yn it earste haedstik fan de roman komt oan it ljocht dat der tusken Richard en Nynke in relaesje bistiet. Yn it bigjin fan it earste haedstik wurdt nammentlik werjown dat en hoe't Richard en Nynke mei de auto werom geane nei har wenplak, neidat se togearre it wykein yn in hotel trochbrocht ha. It wurdt al fluch dúdlik dat dit har lêste wykein togearre west hat, se meitsje oan de forhâlding in ein: ‘- Hwat in tryste reis, tocht er. Hy stelde him foar hoe't se neist him siet of lei. De kraech opslein tsjin de kâlde, skaibiklaeijing yn har nekke, de skonken fier ûnder it dashboard op yn 'e buert fan de hite loftstream, de hannen yn'e jasbûsen yn 'e skurte om de knibbels bidutsen to hâlden. Soe se noch oan alles tinke? Soe it har spite, of wie se bliid dat alles foarby wie?’ (side 6)
De lêzer komt der yn dit earste haedstik net dalik achter hwertroch't der oan de relaesje tusken Richard en Nynke in ein komt. It iennige hwat wy yn dit bigjin to witten komme is dat dy forhâlding meikoarten ophâlde sil: ‘Dit wie dan de ein, dêr't se al twa dagen weet fan hiene. Hy hie tsjin it momint oan sjoen dat se ynstappe soene om nei hûs ta, omt dat de ein en de oplossing wie. Der wie neat oan to foroarjen.’ (side 9)
Der wurdt yn dit earste haedstik ek noch oanjown dat Richard en Nynke middels in sekere Johan bisocht ha har forhâlding wer yn it goede spoar to krijen. Nynke seit fan Johan: ‘Hy sei dingen oer ús, oer my dy't ik sels net ûntdutsen hie. Leaust ek net, Richard, dat er gelyk hat? Dêr moat ik hieltyd oan tinke. Jim hawwe it dea praet, jim prate tofolle yn pleats dat jim hannelje.’ (side 13)
Ek de tuskenkomst fan Johan liket lykwols net foldwaende west to hawwen om har forhâlding to rêdden. Dochs wol eigenlik noch Richard noch Nynke werkelik de forhâlding definityf ôfkapje: ‘Mar foar't er útstappe koe sloech se har earms om syn nekke. - Richard. Fierder kaem se net. Har stim klonk lûd en ûnwis. Forslein liet er har bigean. Hy helle har oan en socht har lippen. Har tonge krong wyld syn mûle yn. Se klampte har fêst. (...) -Hwat wolst dat wy dogge, frege er. Se sei neat werom. Stadich makke se har fan him los.’ (side 15) By eintsjebislút rekket Richard oan 'e ein fan dit earste haedstik fan ús roman dochs by Nynke wei. Yn dit earste haedstik is it relaesjepatroan tusken Richard en Nynke dominant. Troch dit relaesjepatroan hinne spilet even de relaesje tusken Richard en Johan en Nynke en Johan.
Yn de earste perikoop fan haedstik 2 komt de relaesje tusken Richard en Nynke wer oan 'e oarder. Richard is dan op syn keamer nei't er Nynke thús ôflevere hat en bisiket foar himsels it wykein dat er krekt mei har trochbrocht hat, to rékonstruearjen: ‘Hy bisocht nochris wer it forrin fan it wykein nei to gean. Hy moast alles noch ienkear yn him omgean litte om der foargoed ôfstân fan nimme to kinnen.’ (side 18) Tidens dizze rékonstruksje komt in motyf nei foaren dat foar syn forhâlding mei Nynke, of leaver foar it forbrekken fan dy forhâlding, tige wichtich blike sil to wêzen: Richard syn relaesje neffens Gemen.
| |
| |
Yn dizze perikoop komt ek, dúdliker as yn it earste haedstik, út hwat de rol fan Johan wie yn de relaesje Richard-Nynke: Johan bisiket Richard en Nynke wer by elkoar to krijen. ‘Hwat moat ik dy noch sizze, Richard? Nynke is in frou, dêr'tst wiis mei wêze kinst. Se is in persoanlikheit mei in eigen kar, dy't har easken net sa leech stelt. Dat silst akseptearje moatte.’ (side 25)
Yn de twadde perikoop fan haedstik 2 - Richard is dan noch hieltyd dwaende mei syn rékonstruksje fan it wykein - komt de lêzer to witten dat Richard en Nynke yn dit wykein bisocht ha sa ticht mooglik ta elkoar to kommen. En as dat troch geastlik kontakt net slagje kin, wurdt it al gau lichaemlik kontakt: ‘Hy treau him ôf tsjin de muorre om oerein to kommen, die syn skuon út en gie op har lizzen. Se sloech de earms om syn nekke. Se hiene neat mear sein. Hy tute har en fielde har mûle yn sines. (...) Har hannen glieden wyld oer syn rêch en heakken yn syn klean. Alles oan har wie forpakt. Hy woe neat fan har freegje en liet har mei him bigean, sa hie er har noait kend. Har biweechlike hannen makken him razend.’ (side 29)
Yn de tredde perikoop fan haedstik twa hâldt Richard him noch hieltyd mei de rékonstruksje fan it wykein dwaende. Dan wurdt ek dúdlik dat sels it lichaemlik kontakt neat foroare hat: ‘Se hie de eagen opslein en stoarre lâns him hinne ta it finster út. Hy sloech de tekkens fierder tobek en wreau har oer de rêch om de sliep to fordriuwen. Under it opstrûpte nachtjak seach er har dijen, slop en geizenich fleis dat troch de druk fan de matras forfoarme waerd. Hy fielde him bidondere en walge fan it smaekloaze gesicht.’ (side 31)
Yn alle trije perikopen fan haedstik 2 is it relaesjepatroan Richard - Nynke dominant. Yn de earste perikoop fan haedstik 2 lykwols spilet in oar relaesjepatroan mei: it relaesjepatroan Richard - Johan. Ik mien dat dat relaesjepatroan yn dizze earste perikoop gelykwaerdich is oan it relaesjepatroan Richard - Nynke. Yn dizze earste perikoop soe ik dan ek prate wolle fan twa gelykweardige relaesjepatroanen.
Yn de earste perikoop fan haedstik 3 komt de relaesje Richard - Nynke yndirekt noch even oan'e oarder as Richard syn freon Hans fortelt oer it ôfroune wykein: ‘It wiene rotdagen, ik hie der net oan bigjinne moatten. Mar dat der in ein oan komme soe meikoarten wie dúdlik. Wy hawwe der in pear dagen foar útlutsen, dat makke it nammersto pynliker. Us forhâlding wie in slepende sykte, de ein wie dat krekt sa. It wie in útstel dêr't ik noch hwat fan forwachte. Ik soe har einlings ienkear foar mysels ha en sy soe op my oanwiisd wêze. (...)
It wie my oars nearne om to rêdden as dy konfrontaesje, dat kinst leauwe of net, al it oare wie meinommen, mar hie op it lêst neat to bitsjutten op sokke mominten.’ (side 39)
De forhâlding Richard - Nynke is yn dizze earste perikoop fan haedstik 3 in sekundair relaesjepatroan.
It relaesjepatraon Richard - Nynke spilet fierder yn de roman net mear in tige wichtige rol, mei útsûndering fan inkelde perikopen yn haedstik 5. Richard réalisearret him dan hwat Nynke krekt foar him bitsjut hat. Dit is it gefal yn de fyfte perikoop fan haedstik 5: ‘Sa wie it mei Nynke ek ûngefear. Sy joech de wrâld in gesicht en sy loek my nammersto mear oan omt se hearde ta dat stik dêrfan, dat altyd taboe west hie. Mar oft dat hwat mei leafde to meitsjen hie, ik frees fan net. Ik hong oan har as in blok. Myn eangst om har to forliezen en dêrmei de tagong ta it ûnbikende, wie se net mei op 'e hichte, mar makke har yntuïtyf achterhâldend.’ (side 96)Itselde is it gefal yn perikoop acht fan haedstik 5: ‘En hwat sei Nynke doe't wy útelkoar giene? It leit 'm net oan dy,
| |
| |
Richard. Jezus, jezus, hwat in leagen. Mar sy wist it net. It lei him oan my, ik brûkte har om op forhael to kommen.’ (side 104)
II. DE RELAESJE RICHARD REIJNDERS - HANS. De romanpersoan Hans komt foar it earst foar it fuotljocht yn de earste perikoop fan haedstik 2. Hy wurdt dan allinne noch mar neamd yn it petear dat fierd wurdt tusken Richard, Nynke en Johan. (sjoch side 26) It is net needsaeklik yn dit gefal to sprekken fan in primair of sekundair relaesjepatroan. Dêrfoar is de opmerking oer Hans net wichtich genôch. Wol wie it needsaeklik hjir dochs op de passage to wizen hweryn't dy opmerking foarkaem, hwant hjir wurdt in persoan ynfierd dy't yn it forfolch fan de roman tige wichtich wurde sil. Wy sille dat ek sjen oan de wize hwerop't syn relaesje mei Richard yn inkelde fan de noch folgjende haedstikken fan it boek in dominante faktor wurdt.
Yn de earste perikoop fan haedstik 3 is it relaesjepatroan Richard - Hans dominant. Hans komt by Richard op 'e keamer net't dy weromkaem is fan syn wykein mei Nynke. Hy wurdt sa biskreaun: ‘De âld winterjas dêr't de raffels ûnder út hongen siet him as in sek om it liif, de kraech striek syn lange nekhier omheech, hwermei syn smel en meager gesicht mei de swarte eagen, der noch wylder en skeamelder útseach as gewoanwei. Syn hege skouders forsterken dy yndruk fan de útmergele swerver noch. Algeduerich wiene syn gleone eagen en lange hannen yn biweging om syn idioatery krêft by to setten.’ (side 34) Hans liket foar Richard fan in protte bilang to wêzen; dochs is Richard syn hâlding tsjinoer Hans hwat ambifalint: ‘Ik bin bliid dat er der is, tocht er. Mar hoelang sil it duorje foar't it my bigjint to forfelen? Ik neam him in freon, myn iennichste freon, einliks, mar hoe faek meitsje ik dat wier? As ik myn nocht der ôf ha wurkje ik him de doar út. Sa giet it iderkear. Hwat soe er fan my tinke, soms is it as hat er my troch. It hat der de skyn fan as komt er even del en hie er dat krekt likegoed net dwaen kinnen. (side 36) Richard blykt sterk ymponearre to wurden troch Hans, dy't him rêdde kin mei in minimum oan jild en dy't ek oars syn easken net heech stelt: “Forrekte asceet, gjin sigretten, gjin drank, gjin froulju, noait jild om 'e hannen. (...) it hat myn idéael ek altyd west, ik sjoch by dy op. Ik bin yn ascese opbrocht, dêrom haw ik der noch lang mei ompield, it wie de iennichste wei om der net ûndertroch to gean yn ús fijne, geile wrâldtsje.” (side 45) Even letter yn dizze perikoop wurdt dúdlik dat Hans foar Richard in soarte fan idéael bilichumt: ‘Hy fielde syn swak sté slimmer as oait. Hans koe
ôfstân nimme fan de hiele bliksemse boel en him der by deljaen. It wie syn krêft him nearne oan to fortillen. Al hoe 'n lijerige yndruk er ek meitsje koe mei syn syklik lichem en alhoe opjage er de wrâld ek trochswalke, as it der op oankaem, wie er himsels.’ (side 47) Richard fortelt Hans hoe't er mei Nynke yn it ôfroune wykein ek west hie by syn âlde kostskoalle to Gemen. In kostskoalle dêr't er sels fan seit: ‘Ik lit gjin kâns foarbygean om der tsjin oan to skoppen, it is de iennichste wei om myn wjersin en wrok, dy't yn de jierren nei't ik dêr weikaem wie almar oanwoun wiene, kwyt to wurden.’ (side 49) Troch dizze sin komt hjir flak boppe sitearre sin yn in oar ljocht to stean. Nou wurdt earst dúdlik hwerom't Richard Hans binijd om syn gave ‘ôfstân to nimmen fan de hiele bliksemse boel’: hysels kin nammers net loskomme fan syn tiid yn Gemen. It frjemde is lykwols dat Richard, dy't oars gjin goed fan Gemen hearre kin, dy tiid tsjinoer Nynke yn in oar ljocht stelle woe: ‘(...) elk wurd fan ûnbigryp fan har die my sear, it wie as in twivel oan myn forstanlike formogens (...) Alles bliek my gewoan to eigen to wêzen om mysels dêr net yn herkenne to
| |
| |
wollen, it hiele doarp, de skoalle fansels, de kosthuzen en alles hwat de deistige oarder fan dy jierren by my oprôp. Ik pleite foar myn eigen brikens. Fan har koe ik hwat mear forneare, mar elk oar hie ik by sokke réaksjes tsjin de groun slaen kind.’ (side 49, 50)
Hans foralgemienet Richard's oant nou ta noch net eksakt biskreaune Gemense tiid, mei de opmerking: (...) dou bist yn it foardiel datst it rottige plak skerp lokalisearje kinst, de forskrikkingen, de glêsheldere bylden, de dagen, de jierren.’ (side 51)
Oan 'e ein fan dizze earste perikoop fan haedstik 3 jowt Richard, de forteller fan dizze roman, dy't ek fan Hans gjin paskleare oplossing kriget foar syn problemen mei Nynke, syn gedachten sa wer: ‘Hy is myn freon (...) Syn miezelich fûgelkopke komt mar amper mear boppe syn klean út, hy is siik en meager, moarn is er dea miskien. Ik haw him twinge wollen it forlossende wurd to sprekken. Hy soe hjir wenje moatte, ik soe him fordrage.’ (side 52)
Yn de earste perikoop fan haedstik 4 is de relaesje Richard - Hans wer in dominante faktor. Richard en Hans meitsje, sa stiet yn dizze perikoop, in trein-reis, om in feest dat opset is troch Titia en Frank, kunde fan Hans, mei to meitsjen. Ek yn dizze perikoop wurdt wer tige dúdlik dat de relaesje Richard - Hans tige hecht is Richard tinkt nei oer it feit dat er by Hans noait om wurden forlegen sit: ‘By elk oar hiest al lang wer sitten to stinnen op in nije frase, dy't foarearst de konversaesje wer even op gang hâlde koe. It swit brekt jin út by de gedachte dat elk momint de foarrie holle wurden op wêze kin en men einliks swijend ynelkoar klapt. By him wit ik soms amper hwat ik sein of tocht haw, der is amper in grins tusken wurd en gedachte.’ (side 72, 73)
Yn de twadde perikoop fan haedstik 4 binne twa relaesjepatroanen dominant: it relaesjepatroan Richard - Hans en it relaesjepatroan Richard - Frank.
Yn dizze perikoop bringt Richard frij dúdlik in part fan syn problematyk oan 'e oarder as hy it forhael fortelt fan de ûnderwizer út it doarp Gemen, dy't de bynamme ‘de geit’ hie. Richard fortelt dit forhael op it feest by Frank en Titia: ‘De geit hie al jierren forkearing mei it moaiste fanke fan it doarp tocht er, in skeel frommis fam likernôch tritich, dat it turfskip neamd waerd (...). De geit hie in freon dêr't er by ynwenne en dêr't men him faek it fjild mei yn gean seach mei skildersark of in plantekist. Hwant de geit skildere. (...) Op in dei fordwoun de freon, omt se rûzy hawn hiene of samar, omt er in oare baen krije koe of der genôch fan hie yn dat gat. Doe wie it dien mei de geit, hy koe net tsjin de iensumheit en tarde wei. (...) Se (...) founen in skilderij fan it turfskip sa to sjen, mar de kop paste der net op, it wie de kop fan Spanjerts (= de freon. a.v.h.), dy't op it brede frouljusliif troande.’ (side 80, 81) Frank giet hwat djipper op dit forhael yn en freget dan: ‘Is dit de parabel fan de homo-, de hetero- of de biseksueel?’ (side 82)
Hans lit dan mar al to dúdlik merke dat er wit mei hokker problemen Richard wrakselet: ‘Hans prûstte it út, mar gie der serieus op yn. -Sa ûngefear ja, de parabel fan de heterofyl, dy't bang is dat er homo is en dêrom nei de hoeren rint.’ (side 82)
Richard hat sels ek troch dat hy him faeks, mei syn forhael oer de geit, syn freon en syn freondin hwat tofolle bleat jown hat: ‘Hoe hie er him yn dizze situaesje manoevrearre? It kaem him foar as hie er him yn syn forhael, of leaver it forfolch dêrop, bleat jown. Allinne Hans koe dat formoedzje.’ (side 83)
Even letter komt út dat it Richard hjir net allinne om syn persoanlike problematyk liket to gean, mar dat hy ek hopet hwat better ynsjoch yn Hans to krijen: ‘It
| |
| |
forhael hie him yn 'e bisnijing krige, hy hie hwat losmakke sûnder sels de konsekwinsjes der fan oersjen to kinnen. Hy woe Hans útharkje, miskien soe er dingen to hearren krije dy't er earder noait meielkoar yn forbân brocht hie.’ (side 84)
Yn de tredde perikoop fan haedstik 4 is it relaesjepatroan Richard - Hans wol wer in dominante faktor. Richard is yn haedstik 5 dwaende mei it skriuwen fan in brief oan Johan en wylst er oan it skriuwen is dwale syn gedachten sa nou en dan min ofto mear assosiatyf ôf fan it eigentlike ûnderwerp fan syn brief: de ynfloed dy't syn tyd op it seminary to Gemen op him hawn hat. Hy tinkt dan werom oan de foarige simmer, doe't er mei Hans it konsintraesjekamp Dachau bisocht hie. En Hans kaem doe mei in forklearring faor it feit dat de minsken 25 jier nei dato noch hieltyd kampen as Dachau bisykje: ‘In folkse wiisheit seit, dat de moardner weromkeart nei it plak fan syn misdied. Wy herkenne hjir hwat fan ússels. En hwat de measten hjir mei stomheit slacht, neame sy de ûntsteltenis, har ûnleauwe, har ûnútsprekbere forbazing om de wredens dy't hjir bigien is. Ik foar my, ik haw itselde ûndergien, dat momint dat je je azem ynhâlde, dat je je eagen even tichtdogge om de draeijerichheit yn je holle de baes to wurden. Mar dat net om hwat hjir bûten my om bard is, mar om hwat ik hjir yn mysels weromken, libbensgreat. Dit hiele kamp mei alles hwat ik dêrfan wit en sjoch, is de iennichste ôfbylding dy't ik ken, dy't bineikomt oan hwat ik yn mysels bilibje. Dêrom wurde wy hjir ûren fêstholden, omt wy der fan swolgje. Dit is hwat wy binne, wêze kinne, wêze koene bitiden, mer ek net wolle en net doare.’ (side 102)
Ek yn perikoop IX fan haedstik 5 is de relaesje Richard - Hans dominant. Hans jowt dan in soarte definysje fan himsels: ‘(Ik woe) dat ik de paus wie (...).
En as guon dêr perfoarst op oan stiene soe ik se net wegerje myn ring to tútsjen, en yn alle ear en deugd de kasteleinsdochter yn de billen knipe. (...)
Dan wie ik it summum fan hillichheit, de nar mei it dûbelde gesicht.’ (side 106, 107)
De earste perikoop fan haedstik 7 bistiet út in brief fan Hans oan Richard. Yn dizze brief fortelt Hans dat er forhúzje sil, hy kriget in baen yn in oar plak. Dit oerfalt de lêzer net, al yn de earste perikoop fan haedstik 3 fortelt Hans Richard dat er sollisitearre hat by in útjowerij yn Amsterdam.
Yn de twadde perikoop fan haedstik 7 is wer sprake fan dominanty fan it relaesjepatroan Richard - Hans. Richard is, sadré't er Hans syn briefke krige hie, nammentlik nei Hans syn keamer gien, yn de hoop dat er dy noch even treffe soe eart er fortrekke wie. Doe't Richard op Hans syn keamer oankaem, wie Hans lykwols al fuort. Yn dizze twadde perikoop fan haedstik 7 bringt Richard him in tal opmerkingen fan Hans to binnen. Dizze opmerkingen steane drukt yn kapitalen, in lettertype dat yn dizze roman fierders net tapast wurdt.
III. DE RELAESJE RICHARD - JOHAN. De romanfiguer Johan, Richard's learaer op it seminary to Gemen, komt foar it earst yn dizze roman oan 'e oarder yn it earste haedstik. As yn B.b. I sein, Johan is de figuer fan hwa't Richard forwachtet dat er syn forhâlding mei Nynke, dy't op dead spoar stiet, wer op 'e nij libben yn blaze kin. Dizze forwachting kaem net út. Yn B.b. I. is konkludearre dat it relaesjepatroan Richard - Johan dêr in faktor fan sekundair bilang is.
De romanfiguer Johan wurdt dêr eins allinne mar yntrodusearre.
Yn de earste perikoop fan haedstik 2 lykwols is de relaesje Richard - Johan in dominante faktor. It is al even oan de oarder steld by it relaesjepatroan Richard -
| |
| |
Nynke. Yn de earste perikoop fan haedstik 2 wurdt nammentlik forteld dat en hoe't Johan bisocht Richard en Nynke wer byelkoar to bringen, eat hwat net slagge. Johan is foar Richard de yntermediair tusken it forline en it heden, sa wurdt stadichoan dúdlik. En al yn dizze earste perikoop fan haedstik 2 bigjint dat dúdlik to wurden. Johan hat yn Richard syn Gemenske tiid ien fan syn learaers west, en krekt it feit dat Richard omtilt mei de morael en de ûnderfiningen út dy tiid kin hy de relaesje tusken him en Nynke net wurde litte ta in normale relaesje tusken man en frou. Johan seit oer Richard syn motiven om de relaesje mei Nynke to forbrekken: ‘Dyn oerwegingen om der fan ôf to sjen binne falsk, dyn morael is dyn swakte. Hwat Nynke sei oer Gemen wie foar it greatste part wier, dat witst, al falt it net ta dat bikenne to moatten. Forjit dat saekje hast ris, it set dy op dea spoar.’ (side 25)
It relaesjepatroan Richard - Johan wurdt tige wichtich yn haedstik 5. Richard is dan dwaende mei it skriuwen fan in brief oan Johan. Yn de earste perikoop fan haedstik 5 is dit relaesjepatroan dominant. Richard leit dan yn dy brief oan Johan út hoe't hy har relaesje sjocht: ‘Skriuwendewei docht men ûntdekkingen. It proses spilet him ôf yn de iensumheit, dy't de durf oanwakkeret en oan jins gedachten de tiid en de frije loop lit. (...) foarearst sil ik noch achterfolge wurde troch myn learaers, en komselden dat ik yn ien fan har myn master sjen sil, om fan freonen mar to swijen. Men wurdt ringe troch de mannichten dy't de bek yn it wiidst iepenskuorre, de politisi, de machtige amtners, ús bazen en ûnderbazen foaral (...). It wurdt in toer en bliuw langer op goede foet mei dizze diktatuer, sûnder je eigen weardichheit en in bytsje stribjen nei wierheit to forliezen. Dou bist de master fan it kompromis, foar my alteast, al moat ik tajaen datst dy konformearrest op in wize dy't dysels oerein hâldt.’ (side 92,93)
It wurdt út dit fragmint wol dúdlik, Johan is foar Richard de man dy't, oars as hysels, wol bysteat is en bring de eigen gefoelens en idéën yn lykwicht mei de easken fan de maetskippij.
Yn de tredde perikoop fan haedstik 5 is de relaesje Richard - Johan wer dominant. Richard giet dan troch mei syn brief oan Johan. Yn dizze perikoop fortelt Richard foar in part hwer't syn problemen om it lykfine to kinnen mei de maetskippij, weikomme. Hy fielt, om it sa ris to sizzen, dat hy yn en troch de maetskippij net de optimale kâns kriget syn persoanlikheit to ûntploaijen: ‘Dy midsmjitte is ûnfordraechlik, jonge. It biwust wurden dêrfan makket jin ta alles yn steat. Dy makket de ûnbitrouberheit út fan de learaers en skriuwers, de korrupsje fan ús politisi, ús morael en ús justisy. (...) it gros, de ûnbikinde massa om ús hinne, dy foarmet it deistige gefaer, mei har forburgen haet en smeulende wredens. Dêr heart men sels ta.’ (side 94) Yn dizze perikoop ek komt Richard der ta oan to jaen hwat de werklike oarsaek is fan syn problemen mei de maetskippij. Hy seit fan de learaers dy't to Gemen syn opfieding en oplieding forsoargen: ‘En it idioate is, ik haetsje se net iens, de learaers dy't my myn eangst en ûnderdienigens bybrocht ha foar elk oer dy't hjoeddedei de finger tsjin my opstekt. Se wiene geweldich yn har lytsens, yn it biwustwêzen fan har mislearring en it duldzjen fan it izeren systeem dat har yn de stringen hâldde.’ (side 95)
Yn de fyfte perikoop fan haedstik 5 wurdt Richard tsjinoer Johan tige eksplisyt oer syn problematyk. It blykt dat hy net by steat is to libjen mei de gedachte dat yn dizze maestkippij it yndividu net de kâns krijt earlik himsels to wêzen.
‘Us maskers, ús koele gesichten jowe neat priis fan de ûntreddering, de folseine ûnwissichheit hwermei't wy al den dei it bistean op ûs ôfkommen sjogge. Wy binne huchelders, komedianten út needwar. (...) Wy huverje fan ús frijheit, wy
| |
| |
binne der as de dea foar en stean oaren net ta hwat wy sels net oandoare. Richard projektearret syn wjersin tsjin dizze wrâld, dy't allinne mei de middelmaet, mei de grize massa forneare kin, op it seminaer, hwer't hy yn syn jeugd in skoftsje tahâlden hat: Gemen. “Salang't der earne noch in Gemen bistiet, is alle sykjen nutteloas. Hwant alle jierren weroan sil der in nije lichting frijkomme dy't yndoktrinearre is, dy't folspuite is mei in ôfgryslik forgif fan eangst, dat is ûnmacht, dat is rankune, dat is terreur, dat is rotsoai wech-endewear.” (side 97) Hy fynt dat yn ynstitúten as it seminaer to Gemen tofolle en allinne mar oandacht jown wurdt oan it opfieden ta midsmjittichheit. Om't yn dizze perikoop Richard syn problematyk oan Johan foarleit kin man sizze dat ek hjir de relaesje Richard-Johan dominant is.
Yn de achtste periskoop fan haedstik 5 kriget de lêzer wer in stik ûnder eagen fan de brief dy't Richard oan Johan stjûrd. Richard giet hjir hwat djipper yn op syn releasje neffens Gemen. Elk sit oantangele mei syn forline. Hwat haw ik sein doe't wy lêst by dy wiene? Gemen? Och hwat soe it, hwat seit it jin noch, je ûntgroeije it. Jezus hwat in leagen.’ (side 104) Richard is him, blikens dit fragmint, mar al to goed biwust fan it feit dat syn forline syn greatste probleem is. Op groun fan de oerwegings dy't al neamd binne by it bisprek fan it relaesjepatroan Richard - Johan yn de earste, de tredde en de fyfte perikoop fan haedstik 5, is it relaesjepatroan Richard - Johan ek yn dizze achtste perikoop dominant.
Dit jildt ek foar it relaesjepatroan yn de tsiende perikoop fan haedstik 5, hwer't it slot stiet fan Richard's brief oan Johan.
IV. DE RELAESJE RICHARD - GIJS HOEFNAGELS. Binammen yn de earste twa haedstikken fan de roman is it relaesjepatroan Richard - Nynke dominant. Dat is al oan de oarder west. Yn de earste perikoop fan haedstik 3 is de relaesje Richard - Hans dominant. Ek dat is oan de oarder west. Yn de earste perikoop fan haedstik 3 is de relaesje Richard - Nynke fan sekundair bilang. It kin ek oars formulearre: yn it bigjin fan de roman is de relaesje man - frou dominant, geleidelik lykwols wurdt de relaesje man - frou minder wichtich en komt it aksint to lizzen op de relaesje man - man. Is de man - man relaesje yn de earste perikoop fan haedstik 3 noch de relaesje Richard - Hans, yn de twadde perikoop fan haedstik 3 is it de relaesje Richard - Gijs Hoefnagels. En dizze relaesje leit dúdlik op it homoseksuele mêd. Richard tinkt yn dizze perikoop werom oan û.o. syn tiid to Gemen: ‘Syn forhâlding mei Gijs hie de yngripendste west yn dy tiid, en syn wearze dêr tsjin wie nammersto sterker omt er yn dat gefal sels it inisiatyf nommen hie. De earste leafdes hiene har yn de leechste klassen ôfspile, doe't er sels de biminde wie en op de oansiken fan alderejiers yngie. (...) Hy siet yn 'e sechsde klasse doe't it aventûrke mei Gijs bigoun. Hy wie de minner dy't de folk fan de Allerheechste oer him helle. (...) Se hiene him fan skoalle stjûrd nei't Van Velzen har trappearre hie. Op deselde mislike wize as hwerop't elk rendez-vous ta stân kaem, hie er de jonge achter op it sportfjild yn it hege gers krige. De details misten him, it wie in plak dêr't selden ien kaem. Hy woe de details net mear witte, se moasten elkoar ôflutsen ha. Deselde jouns wie alles bislikke en siet er yn 'e trein nei hûs.’ (side 61/63)
Yn de twadde perikoop fan haedstik 3 is de relaesje Richard - Gijs Hoefnagels dominant. Dat is hja ek yn haedstik 6. Richard hat in ôfspraek makke mei Gijs, dy't op dat stuit manager is fan in hotel. Hy bisiket, troch ien fan de wichtichste mominten út syn Gemenske tiid nochris ûnder eagen to sjen, ûnder
| |
| |
de biklemming fan dy tiid wei to kommen: ‘Under syn klean fielde hy it swit stadich út syn earmsholten drippen en yn syn maechstreek briek in senuwoarloch út. Hy bisocht syn gedachten to oarderjen. (...) Tachtich prosint dat er der ûnderstrûpe soe, mar it wie de iennichste methoade langer en kom dy forlamming to boppen, dy't oer him kaem sadré't er út syn kouwe stapte. (...) Dagenlang hie er him taret op dizze moeting en him foarsteld syn réaksjes op dizze konfrontaesje mei syn forline ûnforbidlik to registrearjen. (...) Miskien hie dat hiele Gemen ek in dream west en soe er alle middels to baet nimme moatte om syn formogens om to haetsjen en leaf to hawwen to ûntdekken.’ (side 108, 109)
As Richard al tocht dat hy mei Gijs har Gemenske tiid noch werris oereidzje kinne soe, dan wie dat wol mistocht. Gijs is, sa docht bliken yn dit haedstik 6, folslein tofreden mei it bistean dat er opboud hat en tinkt net mear oan dat forline: ‘De skoalle wie foar Gijs foargoed histoarje, it wie to ûnbilangryk om oer to praten. It wie him forgetten (...). Dy Gemenske tiid wie ûnbitsjuttend en hie amper in plak yn syn libben.’ (side 117) Richard sjocht dan ek al gau yn dat der tusken him en dizze Gijs Hoefnagels eins gjin relaesje mear bistiet. Gijs is folslein in man wurden fan de wrâld hwer't er yn libbet, hat him oanpast oan de easken dy't dy wrâld stelt en hat dêr frede mei. Hysels kin him mar net oanpasse oan dy wrâld, bliuwt mar dwaende mei syn forline en dan noch foar it greatste part mei syn Gemenske tiid.
V. DE RELAESJE RICHARD - FRANK (EN TITIA). Yn de earste perikoop fan haedstik 4 wurdt de lêzer dúdlik makke dat Richard en Hans op 'en paed binne nei in feest dat jown wurdt troch Frank en Titia, goekunde fan Hans. Richard is ek útnoege foar dat feest omt hy in freon fan Hans is. It is net goed mooglik en siz dat it relaesjepatroan Richard - Frank (en Titia) al yn dizze perikoop in wichtige rol spilet. Wol wurdt yn dizze perikoop de lêzer oannimlik makke dat it relaesjepatroan Richard - Frank (en Titia) in rol spylje sil fierderop yn dizze roman. It relaesjepatroan Richard - Frank (en Titia) is yn dizze perikoop dus fan sekundair bilang.
Yn de twadde perikoop fan haedstik 4 lykwols is it relaesjepatroan Richard - Frank (en Titia) in dominante faktor. Richard sjocht Frank as ‘(...) in skriel mantsje, in jonkje einliks noch, dat him mei forsearre opmerkings in hâlding bisocht to jaen.’ (side 76) De forhâlding Richard - Frank sil, hwat Richard oangiet, nea tige yntym wurde: ‘Hy mocht syn skriemerich gesicht net lije, (...)’ (side 86) Ik ha de yndruk dat de relaesje Richard - Frank yn de roman in biskiedende rol spilet.
Richard is - it is út hwat foarôfgien is yn dizze analyse al dúdlik wurden - de man dy't him net oanpasse wol of kin oan de maetskippij hwer't er yn libje moat. Richard syn oanpassingsproblemen fine har oarsprong ûnder mear yn de tiid dy't hy to Gemen op 'e kostskoalle trochmakke hat. Yn Gemen, hwer't allinne it gewoane, it midsmjittige tolerabel wie, kaem hy ta in homo-erotyske relaesje, eat hwat dêrre seker net goedkard waerd. Dizze homo-erotyske relaesje, of better noch it feit dat Richard him dêrfan biwust waerd dat hy by steat wie en bou in yn dizze maetskippij net to tolerearjen homo-erotyske relaesje op, waerd foar him eins it symboal foar syn net by steat wêzen him oan dizze maetskippij mei al syn grauheit en midsmjittichheit to konformearjen.
Dêrtsjinoer stiet Frank as de man dy't him al oan de maetskippij konformearre hat. Dêrfandinne ek dat Richard yn de twadde perikoop fan haedstik 4 earst
| |
| |
geastlik en letter ek lichamelik mei Frank oan it wrakseljen giet. As hy Frank letterlik de baes wurden is, fortelt hy dan it forhael dat hy op in nacht de stêd yn giet. Dat forhael bislút er sa: ‘Myn hân is noch oan de gulp, geijend meitsje ik it ynternasionale dikke tamp-gebaar. Authoriteit, raes ik, dwyl troch de sweveldampen út de pisbakken, authoriteit, en naei as in kranksinnige út.’ (side 88) It leit frij foar de hân in parallel to sjen tusken it krekt sitearre fragmint en it feit dat Richard Frank letterlik de baes wurdt: yn beide gefallen wint hy it fan de autoriteiten dy't it yn dizze maetskippij foar it sizzen ha.
Yn de tredde perikoop fan haedstik 4 is it relaesjepatroan Richard - Frank ek in dominante faktor. Ek yn dizze perikoop set Richard him ôf tsjin Frank. Richard sels sjocht syn krewearjen om Frank en de lju dy't by Frank op bisite wiene biwust to meitsjen fan har werklike plak yn dizze maetskippij sa: ‘Hwat in joun, hwat in nacht fan stompsinnich fortier. Hy hie har útklaeije wollen, útbonkje, mei syn útsinnige biwearringen om har bleat to krijen. (...) Hy hie hope har like kwetsber út dat gefjocht tofoarskyn komme sjen to sillen as hysels. Mar se hiene har net bleatjaen wollen, it wie in lullich en ûntearjend spultsje wurden fan pratende apen.’ (side 89, 90) Richard hat ûntdutsen dat de oaren der net ta to bringen binne harsels biwust to wurden fan har problemen. Problemen dy't dan foar in great part anneks binne mei de problemen fan it yndividu, dat bisykje moat him yn dizze maetskippij steande to hâlden. Dizze maetskippij, dy't útgiet fan de middelmaet en dy't nimmen tastiet oars to wêzen as dy middelmaet. As Richard ynsjocht dat hy om 'e nocht bisocht hat hwat by Frank wekker to roppen fan ynsicht yn de eigen sitewaesje, fielt hy der neat mear foar dêrre noch langer to bliuwen: ‘Frank stie him tsjin, hy fordomde it om nochris wer oan dy komeedzje to bigjinnen. Hy soe him net ûntmaskerje, hy mocht om him de flinke jonge wêze, sa meager en siik en ynwyt as er dêr siet.’ (side 90)
VI. DE RELAESJE FAN RICHARD TSJINOER GEMEN. Boppe is al even oan 'e oarder west dat Richard's problemen foar in great part werom to bringen binne op it feit dat hy him net deljaen wol en kin by hwat de maetskippij him foarskriuwt. Hy wol him der net by deljaen dat hy him hâlde en drage moat sa't dat foarskreaun wurdt troch dyselde maetskippij, of leaver de yndividuën dy't meielkoar dy maetskippij foarmje. Dizze problematyk is hy him foar it earst biwust wurden yn 'e tiid dat hy to Gemen op de kostskoalle siet. Dêr, op in jongensskoalle, rund troch paters, wie it bygelyks sûnder mear forbean dat jongens mei jongens diene hwat jongens mei jongens op in bipaeld stuit yn har ûntwikkeling wol gauris dogge. Doe't Richard, nettsjinsteande it forbod dochs in homo-erotyske relaesje oangie mei ien fan de jonges fan de kostskoalle, waerd hy trappearre en fan skoalle stjûrd. Dit hat foar him in tige wichtich punt west yn syn ûntwikkeling. Dêrút is to forklearjen dat hy yn syn letter libben, sa't dat yn IN KWESTY FAN HUD biskreaun wurdt, hieltyd slingere wurdt tusken syn gefoelens foar de leden fan de eigen sekse en syn gefoelens foar leden fan de oare sekse. Boppedat binne út syn Gemenske tiid to forklearjen syn problemen tsjinoer de maetskippij. Dêrre, yn Gemen, moast blyn dien wurde hwat de learaers seine; hjirre, yn de maetskippij, moast sûnder freegjen foldien wurde oan de easken fan dy maetskippij. Hjirmei is ek de sintrale problematyk dy't yn dizze roamn oan 'e oarder steld wurdt, oanjown.
It sil dúdlik wêze, dat Richard's forhâlding tsjinoer Gemen de hele roman troch ûnder de oerflakte in rol spilet. Hiel eksplisyt wurdt dy relaesje yn de earste perikoop fan haedstik 2; Richard tinkt dan werom oan syn wykein mei Nynke
| |
| |
hweryn't sy ûnder mear yn Gemen west hawwe. Yn dizze perikoop komt dan ek foar in part oan 'e oarder hokker mentaliteit der yn Gemen hearske. De relaesje Richard - Gemen komt wer hiel eksplisyt oan 'e oarder yn 'e twadde perikoop fan haedstik 3. Dêr wurdt it de lêzer foar it earst goed dúdlik dat Richard's problemen foar in part werom to bringen binne op de homo-erotyske relaesje dy't der yn syn Gemenske tiid west hat tusken him en Gijs Hoefnagels. Richard komt wer eksplisyt werom op syn Gemenske tiid yn de 5de perikoop fan haedstik 5. Hjir seit hy hiel dúdlik dat hy yn dy tiid nea de mooglikheit krigen hat sels syn wei to sykjen: ‘Salang 't der earne noch in Gemen bistiet, is alle sykjen nutteloas. Hwant alle jierren weroan sil der in lichting frijkomme dy't yndoktrinearre is, dy't folspuite is mei in ôfgryslik forgif fan eangst, dat is ûnmacht, dat is rankune, dat is terreur, dat is rotsoai wech-ende-waer.’ (side 97) Yn de 6de en 7de perikoop fan ditselde haedstik 5 komt Richard op it aljemint mei it forhael dat en hoe't hy forline simmer mei Hans yn Dachau west hie. Der is in heap foar om ek yn dit gefal to sizzen dat wy hjir yn wêzen to krijen ha mei Richard syn forhâlding tsjinoer Gemen. Hwant dat Dachau en alles hwat der ea bard is, is foar Richard ienselde greatheit as hwat der yn syn tiid to Gemen barde: yn beide gefallen binne minsken der ta brocht dingen to dwaen of to ûndergean hwerfan't Richard seit dat hy it sa net dwaen of ûndergean wol. Hy sjocht in dúdlike parallel tusken syn kostskoalletiid to Gemen en hwat der barde yn de konsinstraesjekampen. Yn beide gefallen gie it derom in unifoarm minsktype to skeppen en to forneatigjen hwat net oan dy eask fan uniformiteit biantwurdzje koe of woe. Ek yn de achtste perikoop fan haedstik 5 forwiist Richard hiel eksplisyt nei syn tiid to Gemen: ‘Dit is in statysk bistean. Ik fal tusken wâl
en skip. Haet noch leafde jowt my kleur. De skoalle, dat forrekt Gemen hat ús ûnsidich makke. Us bloed nimt de temperatuer oan fan elke omjowing.’ (side 106)
| |
c. Richard's oerwinning op syn forline.
Yn IN KWESTY FAN HUD is it thema - it is al oan de oarder west - Richard's muoite om him oan to passen oan de maetskippij. Dizze oanpassingsproblemen, sa ha we sjoen, komme foar it greatste part fuort út it feit dat hy yn syn jeugd yn Gemen op in tige autoritaire kostskoalle west is, hwer't it yndividu him to hâlden en to dragen hie nei de noarmen dy't fan boppe ôf oplein wiene. Yn Gemen hie Richard in homo-erotyske relaesje hawn. Dizze relaesje waerd dêrre net tolerearre. As hy fan dy kostskoalle yn de greate maetskippij komt, wurdt hy gewaer dat er gjin prinsipieel forskil bistiet tusken de mentaliteit op de kostskoalle en de maetskippij. De homo-erotyske relaesje dy't hy to Gemen hawn hie en dy't dêr net tolerearre waerd, wurdt foar him sa likernôch it symboal foar syn him net oanpasse wollen oan de maetskippij. Yn dizze roman wurdt troch himsels forteld hoe't hy yn lêste ynstânsje der yn slagget mei in frou to dwaen hwat mannen ornaris mei froulju dogge, en dêrmei is hy dan ek frij kommen fan syn forline.
Yn perikoop 3 fan haedstik 7 - Richard is dan op de keamer fan Hans, dy't krekt nei Amsterdam forfearn is - wurdt biskreaun hoe't Richard ôfrekkenet mei syn forline en dan ek direkt dwaen kin hwat him mei Nynke nea folslein slagge is: Klearkomme by in frou. Dizze perikoop bistiet eins út twa parten. Yn it earste part sjocht Richard yn in soarte fan hallusinaire tastân Gemen werom: ‘It ieuwige doarp mei de balstienstrjitten (...). Wy neame it Gemen, mompele er.’ (side 125) Richard sjocht in prosessy hweryn't al syn âld-learaers
| |
| |
meirinne. Ek Hans is oanwêzich, en lykas er him net oanpasse wol yn de maetskippij, sa docht er ek by de prosessy krekt oars as alle oaren: ‘Hy (= Hans. a.v.h.) hinget tsjin de steunder fan it baldekijn en kôget earbiedich op syn kougom. (...) hy is de iennichste dy't oerein bliuwt.’ (side 129) Ek Nynke is oanwêzich: ‘Nynke kringet út de mannichte nei foaren en bliuwt ûnder oan de trimen fan it alter stean to skreauwen - Hiest my mar, hiest my mar.’ (side 129) Nynke is, krekt as Hans, yn dizze hallusinaire tastân foar Richard bleaun hwat hja altyd al wie: ûnbirikber.
Richard komt dan wer ta himsels: ‘Alles hold syn geheim fêst, dêr soe er frede mei nimme moatte. Hans, Nynke, Johan, se wiene der net mear, dy skarrelen withwersanne om. (...) Hoe faek soene se har fortild hawwe, hoe faek soe de ûnwissichheit har it near oplein ha? Mar se wiene tofreden mei har ûnfrede. (...)’. (side 130)
Dêr komt it, sa wurdt dúdlik yn it forfolch fan dizze perikoop, foar Richard nou ek op oan: him net mear fortille oan syn forline, frede to hawwen mei syn ûnfrede. As Richard him dat réalisearre hat, komt hy by in hoerke tolânne: ‘Hwat bist sénuwachtich, leave. Hast doch wolris in nûmerke makke? (...) foar't er op har delstrike koe fielde er dat it him ûntkaem.’ (side 132)
Hwa't earst tocht dat er it mei in frou net koe, komt ta in ejakulatio praecox. Dêrmei is it forline oerwoun.
Yn de lêste perikoop fan dit lêste haedstik komt Richard ta it ynsjoch dat dizze man - frou relaesje noch net alles is:
‘Hy fielde him leech, hwat bidondere en dochs in bytsje gelokkich. Mei waerd er him fan syn réaksje biwust. Tsjin de swarte loft seach er de giele neonreklame oan de ein fan de strjitte: -Golden Fiction.’ (side 133).
d. DE MOTIVEN YN SKEMA (de relaesjemotiven, Richard's oerwinning op syn forline). Yn B,b en B,c is wiidweidich yngien op de wichtichste motiven fan de roman. Dêr is oanjown yn hokker part fan de roman dy motiven in rol spilen. Dizze gegevens kinne ynpast wurde yn it skema fan de foarm fan dizze roman. Sjoch taheakke en side
DE PLOT FAN IN KWESTY FAN HUD. Yn dizze stúdzje wurdt gebrûk makke fan de plottheory dy't troch Friedman en Crane ûntwikkele is.
Sy skiede de plots yn trije kategorieën: 1- plots of action; 2- plots of character; 3- plots of thought.
Sy stelle dat yn de plot of action dominant wêze sil de ûntwikkeling dy't him foardocht yn de úterlike omstannichheden fan de haedpersoan fan de roman; dat by de plot of character sintrael stiet de ûntwikkeling yn it karakter fan de haedpersoan fan de roman; dat by de plot of thought dominant is de ûntwikkeling yn de tinkwrâld fan de haedpersoan fan de roman.
It is dus - it sil dúdlik wêze - allerearst fan bilang fêst to stellen hwa't yn IN KWESTY FAN HUD de haedpersoan is (evt. hwa't de haedpersoanen binne). Ut it haedstik hweryn't de relaesjemotiven útdjippe binne, docht bliken dat mar sprake wêze kin fan ien haedpersoan: Richard Reijnders.
Dúdlik wurdt dan hokker plot ús yn dizze roman oanbean is: dat moat wol in plot of character wêze. Yn IN KWESTY FAN HUD wurdt ommers it forhael forteld fan Richard, dy't him net oanpasse wol oan de noarmen dy't him troch de maetskippij oplein wurde. Dizze wjersin tsjin it libjen nei opleine noarmen is foar in great part werom to bringen op syn tiid to Gemen, hwer't er ek yn in tige
| |
| |
| |
| |
autoritair formidden forkearde. Richard's oanpassingsproblemen wurde manifest troch it feit dat hy mient net in ‘normale’ man-frou relaesje opbouwe to kinnen. De roman biskriuwt de wei dy't Richard ôflizze moat eart hy fan it idé ôfbrocht is (of better himsels ôfbrocht hat), dat hy net by steat is to it ‘normale’ kontakt tusken man en frou. De roman biskriuwt yn wêzen de ûntwikkeling yn Richard's karakter.
De evaluaesje fan IN KWESTY FAN HUD sil oan 'e oarder steld wurde yn it folgjende nûmer fan dit tiidskrift.
(jan.-febr. '72)
|
|