Trotwaer. Jaargang 3
(1971)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 44]
| |||||
Persoanen:
De wenkeamer fan Alfred (dûmny) en syn suster Elizabet. Sy docht de húshâlding foar him.
Alle scènes spylje har yn'e selde keamer ôf, altyd jouns. | |||||
[pagina 45]
| |||||
1
Alfred studearret. Elizabet least hwat, is ongeduerich en rint om. Sjocht by Alfred oer it skouder, stiet foar it rút to stoareagjen.
ELIZABET:
Wolst ek noch thé ha? ALFRED:
Hwat seiste? ELIZABET:
Ik frege ofst ek noch thé ha woeste. ALFRED:
Né, tanke. ELIZABET:
Hast noch mar ien hawn. Drinkst oars mear. Ik miende, datst jouns sa slei nei thé wieste? ALFRED:
It wol wol aerdich wurkje joun. Ik ha net alle dagen de kâns om myn holle by de boeken to hâlden. Ik moat der nou fan profitearje. ELIZABET:
Yndie. (Stilte)
ALFRED:
Is der noch nijs kommen út'e gemeente? ELIZABET:
Ja fannemiddei hat hjir ien west... ALFRED:
Lit mar. Kinst it my aenst better sizze. Ik bin it dochs fuort wer forgetten. ELIZABET:
Goed. Sa'st wolste. Dou hast it hjir foar't sizzen. Dou bist de achteneare dûmny hjir yn dit plak. De lytse God dy't de septer swaeit. Strieljend hwannear't in nij libben berne wurdt en foeglik yn'e stimming by hwannear't ien stjert. Dou spilest dyn rollen goed, Alfred. ALFRED:
Dou witst wol dat ik min wurkje kin as't hieltyd tsjin my praetst. Yn myn studintetiid hie'k al lêst fan konsintraesjeswirrichheden. ELIZABET:
Ik ha neat sein! Né wier, ik swei as it grêf! (Se blêddet hwat yn in boek om, rint troch de keamer, docht de gerdinen ticht)
ALFRED:
Elizabet, gean alsjebleaft sitten! ELIZABET:
(Smeulsk laitsjend) Fuort dan mar wer, omdatstou it biste.
| |||||
[pagina 46]
| |||||
Omdat it myn leave lytse broerke is, dy't altyd yn dikke boeken studearje moat oer God en de hege himelen. En dêr past allinne de stilte by. Wijde stilte. Hwerom baerne hjir gjin kearsen, Alfred? ALFRED:
Ik sil openij mei dit haedstik bigjinne moatte, ik... ELIZABET:
Der hearre kearsen op dyn bureau! Hwerom hast dat nea tsjin my sein? Dou witst dochs wol dat ik al safolle jierren de hillige rûmten ûntwend bin? Dat witst dochs wol, hoopje ik? ALFRED:
Hwat seiste? ELIZABET:
Ik koe it net witte dat der kearsen om dy hinne heare to stean. Ik ha it fannewike krekt op in foto sjoen. Dou bist tokoart sketten! Dou hiest my op'e hichte hâlde moatten fan'e dûmnysmoade! Ik sil moarn dealk kearsen keapje. Tink erom dat ik it net forjit! Se moatte fral in stik opbaernd wêze as Monica hjir komt. Dan moat de hillichheit yn dizze keamer rounstrielje! ALFRED:
Hâld dy alsjobleaft stil! ELIZABET:
Hwer bist mei dwaende? ALFRED:
Dat sil'k dy aenst wol útlizze. ELIZABET:
Hast dêr genôch ljocht? Sil'k oars op'e souder om in kears sykje? (It bliuwt stil) Goed, dan sil'k bisykje stil to wêzen.
(Se stoarret hwat om har hinne, rint sacht de keamer út, komt werom mei in wynflesse en glêzen. Docht twa romers fol, set foarsichtich ien op'e hoeke fan it bureau en giet achter Alfred stean)
ELIZABET:
Proast! ALFRED:
Hwat haste? ELIZABET:
Proast! Op myn broerke en op my! Op dizze deade hûsmosken dy't yn stilte weikwynd binne! Proast! Op dat deade broerke fan my! Siz ris hwat! Wy moatte hjir hwat bilibje! Siz ris hwat, deade rôt! ALFRED:
Hwat skeelt dy? ELIZABET:
Proast! (Drinkt ek syn glês leech) Proast!
ALFRED:
Elizabet! | |||||
[pagina 47]
| |||||
ELIZABET:
Skatsje docht syn boekjes ticht en harkje ris nei mem. ALFRED:
Ik bin net fan doel my op dy bernachtige... ELIZABET:
(Sprekt elk wurd mei klam út) It skatsje docht syn boekjes ticht!
ALFRED:
Dou moatst net tinke datst my yn myn stúdzje... ELIZABET:
(Docht de boeken ticht) Ticht dy boekjes.
ALFRED:
(Forslein, rint de keamer op en del)
Nou moat ik yn alle earnst ris mei dy prate. ELIZABET:
Goed leaf bern. ALFRED:
Ik winskje net datst my op dy bernachtige manier oansprekst en as twadde... ELIZABET:
Goed skat. ALFRED:
Ik bin dyn skat net en as twadde... ELIZABET:
Myn hert kloppet fol forwachting leave. ALFRED:
Ik haw sein ik bin dyn skat net en boppedat: dou bliuwst fan myn boeken ôf! ELIZABET:
Goed hjer jonge. ALFRED:
Ik winskje net op dy manier oansprutsen to wurden! ELIZABET:
Mar mem dy it ek. En ik haw dochs tasein har taek oer to nimmen? Dou hast gjin idé hwat dat allegear bitsjut. Dou silst noch kjel wurde, skat. Doe't sy forstoar, tocht ik dat ik allinne mar hoegde to itensiden en foar gastfrou to spyljen. Mar bern opfiede hearde der ek ta. Dat hie'k doe noch net yn'e rekken. Ik kaem faeks, omdatstou yn dy tiid noch studint wieste. Hy is mar in bytsje thús, mei him bin'k klear, tocht ik. Ik sjoch nou earst yn hwat ik allegear forgetten ha. Ik ha tofolle mei mysels dwaende west en dou witst it resultaet: dyn wurk lit my stienkâld. Yn myn hert laitsje ik der om. Dêr prate wy nea oer. Faeks komt it nochris. Ik hoopje it. It draeit hjir allegear om dy. Dat hat myn fout west. Ik ha dy nea folwoeksen makke. ALFRED:
Mar ik... ELIZABET:
Ik sil in man fan dy meitsje moatte. Dat sil sear dwaen en hopelik hâld ik sels de holle koel. It is foar ús beiden in saek fan swimme as forsûpe. Mar it giet oan. Ik ha genôch fan: | |||||
[pagina 48]
| |||||
Komt u binnen. Gaat u zitten. Ik ha hjir al jierren weiwold, mar ik sit oan dy fêst. ALFRED:
Dou hoechst hjir net om my to bliuwen! Ik kin dochs om in húshâldster sjen! ELIZABET:
Om dy hjir dea gean to litten! Witst hwat it is Alfred: der wurdt hjir to min flokt. It is hjir allegearre like hillich en ik rin der as in pop tuskentroch. Ik soe hjir bêst bliuwe wolle as it moast, mar dan helendal oars. As in gewoane frou, in frou dy't flaters slacht, dy't wille hat, dy't net de hele dei de eagen fan in sabeare God op har rjochte fielt. ALFRED:
Bidoelst my dêrmei? ELIZABET:
Yndie. Dou byldest dy yn datst binei God sels biste en yntusken giest dea foar de eagen fan dyn gemeente. Dou sjochtst de minsken net, lit stean har swirrichheden. ALFRED:
Wy soene it hjir oars ynrjochtsje kinne as't woeste. ELIZABET:
Oare meubels woest sizze? ALFRED:
Bygelyks. ELIZABET:
Dou bist blyn, jonge. Folslein blyn as in bern. Ik sil dy great meitsje. In man. In echte, greate man. Ik tink, ik... ALFRED:
Ik woe mar wer oan't wurk, as't der gjin biswier tsjin hast. ELIZABET:
Hwat tochste? ALFRED:
Ik wit net. ELIZABET:
Ik wit it wol. Ik sil dy fral net steure! Dan kinst dyn sillichheit mar yn dy opsûge! By't romers fol! Mar koarje it net oer my út! (Se docht de measte lampen út. De bureaulampe baernt noch)
Ik wol op bêd. Sliep lekker God.
(Hy heart har net) Sliep lekker.
ALFRED:
Hen? ELIZABET:
Neat. Ik sil op bêd. (Healwei nei de doar)
ALFRED:
Elizabet? ELIZABET:
Ja. | |||||
[pagina 49]
| |||||
ALFRED:
Eh... nim my net kwea. ELIZABET:
Hwerfoar? ALFRED:
Ik soe it eins ek net witte. ELIZABET:
Dou bist to goed, Alfred. ALFRED:
Hoe woest sizze? ELIZABET:
To goed foar dizze wrâld. Dou tinkst dat alles fan sûker is en sacht. Heel foarsichtich oanreitsje. It soe ris smelte kinne. Of sear dwaen. Dou moatst fral heel foarsichtich weze. En mei de eagen ticht rinne. Fral net tofolle sjen. Ik soe ris sear dwaen kinne. ALFRED:
Dou bist hurd yn dyn wurden. ELIZABET:
Och, dou bist neat wend. Folslein neat. In elk plûmstrykt foar dy en bûgt as in knipmes. ALFRED:
Dat is net wier! De minsken... ELIZABET:
By wize fan sprekken. ALFRED:
Dou kinst my net. Ik bin heel oars as datstdou my sjochst. ELIZABET:
Dat sil't wol. It wurdt tiid dat ik dy better kennen lear. ALFRED:
Wy ha al salang de tiid hawn. ELIZABET:
En nea de tiid der foar nommen. ALFRED:
Faeks wolle wy net. Of doare net. ELIZABET:
Dat soe kinne. ALFRED:
Wy bliuwe it leafst yn ús eigen feilige húske en litte sa min mooglik der yn. ELIZABET:
Ik jow my fan nou ôf bleat. ALFRED:
Tochste? ELIZABET:
Fansels. En dou? ALFRED:
Ik hoopje it. ELIZABET:
Bist der net wis fan? ALFRED:
Dou sjochst it fansels. ELIZABET:
Sliep lekker (ôf)
ALFRED:
Oant moarn. | |||||
[pagina 50]
| |||||
2
Alfred sit oan syn bureau. Twa kearsen oan wjersiden.
ALFRED:
(Lêst psalm 69)
Forlos my, o God, hwant de wetters binne oan'e siel takommen. Ik sink wei yn grounleaze modder, dêr't men net stean kin; ik bin yn djippe wetters rekke en de floed oerstjalpet my. ELIZABET:
(Achter) Alfred! Alfred!
ALFRED:
Ik bin wurch fan it roppen, myn kiel is heas, myn eagen bijowe har... ELIZABET:
(Komt op) Ik bin der wis fan... ik ha my forsind. Se komme net moarn mar oaremoarn.
ALFRED:
Dus oaremoarn. ELIZABET:
It sil my binije. ALFRED:
Hwat? ELIZABET:
Hoe't it mei Monica giet. Mei Alex en Monica, woe'k sizze. ALFRED:
Se hawwe hjir yn lang net west. ELIZABET:
Se passe hjir net. It binne minsken dy't fan wille hâlde. Se meitsje simmers reizen en binne in bulte fuort. Nei bars en nachtclubs. Se genietsje fan it libben. ALFRED:
Altyd mar fuort. ELIZABET:
In bulte nije klean. En tige apart. Ja, se wit har goed to klaeijen. Ik ha in kear mei harren fuort west. ALFRED:
Doest dêr útfanhûs wieste? ELIZABET:
Ja doe. Wy giene jouns om tsien ûre fuort. It wie moai waer. Earst riden wy nei in bar en doe noch nei in nachtclub. Soks dogge wy nea. Dat kinstdou net weagje hjir. Dou bist bang, dat der oer dy praet wurdt. Elke stap moast rekkenskip foar ôflizze. kinne. Wy sitte fêst oan'e eagen fan'e minsken. ALFRED:
Hawwe se gjin bern? ELIZABET:
Hwa bidoelste? ALFRED:
Hoe lang binne se troud? ELIZABET:
Ik wit it net. Oer hwa hast it? | |||||
[pagina 51]
| |||||
ALFRED:
Hast it der wolris mei Monica oer hawn? Se hat immen nédich om mei to praten. Doe't se yn'e hûs wie, wie se al sa. Hele dagen gjin mûle iepen dwaen. En dan yn ienen gûle. Wy seagen dan allegearre fornúvere en fregen hwat der to rêden wie. Dan skodde se har holle en roun de keamer út. Ik ha faek mei har nei de mar west. Ik sil it nea forjitte. ELIZABET:
Fortel ris? ALFRED:
It is better fan net. Né, dou kinst it better net witte nou't se hjir útfanhûs komme. It soe... ELIZABET:
Ik hâld der net fan datst alles foar dy hâldst! ALFRED:
It wie prachtich waer. Wy ha gâns in tiid yn it gers lein. ELIZABET:
Hwat seiste? Siz it nochris? ALFRED:
Wy ha ús harten dêr bleatlein. It wie deastil. Wy koene alles oan elkoar kwyt. ELIZABET:
Hwer wiene jim doe? ALFRED:
Wy leine op'e rêch yn it gers. De loft wie hiel blau, sûnder wolken. ELIZABET:
Se wie âlder as dy. ALFRED:
Hoe woest sizze? ELIZABET:
Né... ik wit it sels net. Né... neat. ALFRED:
It wie myn âldste suster. It sil my binije hoe't it mei har giet. ELIZABET:
Jim bipraetten jim hartsgeheimen? ALFRED:
Sa soest it neame kinne. ELIZABET:
Jim leine yn it gers ûnder de sinne. Samar yn it moaije waer. ALFRED:
It wie allegear sa gewoan, wy fortrouden elkoar folslein. ELIZABET:
Mem soe it net lije wolle! Se wie der op tsjin dat jonges en famkes meiinoar op en út wiene! Dêrom ha ik ek nea mei west. It is net goed foar jim, sei se... Mei waerm waer komt it net goed as jonges en fammen bijinoar yn it gers lizze. ALFRED:
Se wie doe al mei Alex. Ik bin in bulte to witten kommen. ELIZABET:
As jonges en fammen bijinoar binne sûnder tasicht, barre der ûngemakken as de sinne op it heechst stiet, sei mem altyd. ALFRED:
En nou is se mei him troud. | |||||
[pagina 52]
| |||||
ELIZABET:
Hwat seiste? (Stilte) Hwat seiste, Alfred?
ALFRED:
It wie in moaije tiid. En eins ek noch net sa lang lyn. Se hat my in bulte forteld oer Alex. ELIZABET:
Ik kin Alex kwalik, dou? (Stilte) Kinstou him eins? Hawwe se hjir wolris earder west? Ik... ik leau net dat ik my him foar de geest krije kin. Se binne troud, dat is alles hwat ik wit. Gjin bern. Miskien wol lokkich. Se binne oars as ús. Se ha mear kânsen hawn.
Soestou hjir bern yn'e hûs ha wolle? Twa as trije? Miskien mear as minder. Samar hwat omrinne en prate... Twa as trije... ALFRED:
Ja, faeks hat se it wol swier. In frou sûnder bern hat it faek swier. Miskien kinne wy har helpe. ELIZABET:
As se twa as trije hiene, soe it heel oars wêze. In sânbak yn'e tún. In skommel. Fral in bulte boatersguod. Ik sil hwat keapje, foar't se hjir komme. Yn in pear jier ha wy net fan har heard. Mooglik is der yntusken in bern kommen. In lyts rôze bern yn'e widze. It moat de hele dei yn'e sinne stean. Soestou in bern ha wolle? ALFRED:
Hwat seiste? Komme se earder? ELIZABET:
Hwerom bistou net troud? ALFRED:
Ik? ELIZABET:
Ja, dou. ALFRED:
Hm? Ik? Ik wit it net. ELIZABET:
Hwerom bin ik nea troud? ALFRED:
Dou? Ik soe it net witte. De gedachte is sels nea by my opkommen. Né, ik kin my net yntinke datstou troud wêze soest. ELIZABET:
Ja? Tinkstou dat? Soe ik der net gaedlik foar wêze? Alfred? Tochst dat?
(Stilte) Alfred? Kin ik it net leare? Kin ik it net by immen leare?
ALFRED:
Monica sei: It is in frjemd spul. Foarôf tinkt men: it rint sa en sa. Men hat gjin idé hwat der to wachtsjen stiet. It is heel oars as men ea tocht hie. Fijner. Mar soms ek mei fortriet. Mear as hwannear't men allinne fortriet hat. Togearre kin men tige | |||||
[pagina 53]
| |||||
iensum wêze en ûnwis. Dat hat Monica soms tige. Dêrom gie se doe al net mear nei't tsjerke. ELIZABET:
Krekt as ik. Dou bist de ienige noch. Wy ha sjen litten, dat wy der sûnder kinne. Dat wy op eigen fuotten stean kinne. Dou hast in byld nédich, hwêrst dy oan fêsthald kinst. In selsbitocht byld. Dou bist der in leave jonge troch bleaun. Dyn eagen binne noch altyd sletten foar de wurklikheden fan it libben. It wurdt tiid dat ik se iepenmeitsje. ALFRED:
Ik leau út oertsjûging. God is in wissichheit foar my. ELIZABET:
En dêrom bist nou net troud. ALFRED:
Ik kin my better oan myn wurk jaen sûnder de drokte fan in hûshâlding. ELIZABET:
Dou doarst net. ALFRED:
Hwat soe ik net doare? ELIZABET:
Mei in frou op bêd... ALFRED:
It past net hjir sokke tael to brûken. ELIZABET:
Dou soest der tsjinoan sjen as de dea. Dou... ALFRED:
Foar de dea bin ik net bang! ELIZABET:
Dou hast nea leard mei froulju om to gean. Dou bist noch in bern, dou... ALFRED:
Ik sil dy bisparje hwat Monica en ik allegear bisprutsen ha. ELIZABET:
Monica wie in mem foar dy. Se gie mei dy om as mei in bern. En dou mei dyn domme kop, dou hiest neat troch! Dou tochtest datst folwoeksen wiest! Dou hast... ALFRED:
Hâld dy stil! ELIZABET:
Dou hast dy altyd... ALFRED:
Elizabet! ELIZABET:
...sân yn'e eagen struije litten! ALFRED:
Hâld dy stil!! (Hy rint de keamer út)
ELIZABET:
Dou bist in leaf knyntsje bleaun. Sacht en tear. En samar op'e rin. In earme lytse jonge, dy't in kammeraedske nédich hat. In leaf kammeraedske dat as in suske mei him boartet. (Alfred komt werom)
| |||||
[pagina 54]
| |||||
In leaf suske dat him stadich bifrijt út syn hokje. Komst werom? ALFRED:
Miskien. ELIZABET:
Miskien? ALFRED:
Ja miskien. Miskien ek net. ELIZABET:
(Rint nei de doar) Nou daag. Dag leave jonge. Elizabet giet fuort en Elizabet komt nea werom by Alfred. Faeks giet se wol dea. Hwa sil it sizze. Dag Alfred. Dag jonge.
ALFRED:
Hwat siste? ELIZABET:
Dag Alfred. Dag jonge. ALFRED:
Hwer silst hinne? ELIZABET:
Miskien gean ik wol dea, hwa sil it sizze. ALFRED:
Elizabet, bliuw hjir! ELIZABET:
Mei ik net fuort? Mei ik net by dy weigean? ALFRED:
Ik soe net witte hoe't it hjir kaem. Ik leau... ik leau dat... ELIZABET:
Dou leaust yn sprookjes. Kom hjirris. (Se giet mei de rêch tsjin'e muorre stean. Hy ring stadich op har ta, inkelde stappen fan har ôf bliuwt er stean)
Jow my in tût. (hy bliuwt stean)
Jow my in tût, Alfred. ALFRED:
Ik... ik kin sa net! (Hy draeit him om en rint fuort)
ELIZABET:
Alfred, kom hjirris. (Hy bliuwt stean, mei de rêch fan har ôf) Ik sil dy net sear dwaen. Kom hjirris.
ALFRED:
Ik kin net!! ELIZABET:
Hoechst net sa to razen. ALFRED:
Ik wol net mei myn eigen suster!! ELIZABET:
(Rint nei him ta) Ik doch dy neat. (Se streket oer syn wang)
ALFRED:
Bliuw fan my ôf! ELIZABET:
It docht net sear. (Bisiket him wer to reitsjen)
ALFRED:
Bliuw fan my ôf! Bliuw fan my ôf! ELIZABET:
Jow my dyn hân ris. (Hy sil nei de doar ta, mar sy is him yn't foar en giet mei de
| |||||
[pagina 55]
| |||||
rêch tsjin'e doar oan stean)
Smyt my mar fan siden. Toe mar... smyt my mar oan kant. Pak my mar! ALFRED:
(Stiet spand foar har, doar har net to pakken, Ynienen rint se op him ta en slacht har hannen om him hinne) Bliuw fan my ôf, fordomme!
(Sy skrikt, lit him los. Hy rint de keamer út. Sy drinkt hwat. Dan komt er werom)
Ik leau... ik... ik... kom hjirris. (Sy rint nei him ta.) Dou bist moai, Elizabet. Ja werklik. (Hy streket har tige foarsichtich) God God hwat hast hjir hwat mei my.
ELIZABET:
Flok net sa, Alfred. ALFRED:
It muoit my, mar ik moat Gods namme brûke. It leit allegear sa ticht bijinoar, wist dat? Sex en godstsjinst, it iene is in foarm fan it oare, sizze guon gelearden. En ik bin allinnich mar godsjinstich, oars neat. Ik mis de helte. Ik hâld mysels foar de gek. ELIZABET:
Wolst hwat drinke? ALFRED:
Jow mar hwat. (Sy jowt him in romerfol. Hy nimt har hân en streket har)
ELIZABET:
Giest mei nei boppen ta? (Hy sjocht har oan, swyt)
ALFRED:
Eh... eh... (oerwint himsels) Sille wy it bisykje?
(Se hawwe elkoarren beet as bern en sille ôf. Dan giet de bel. Alfred bliuwt yn'e keamer, Elizabet giet nei de doar ta. Stimmen)
ELIZABET:
Alfred, der is Monica al! (Elizabet komt op mei Monica. Dizze draecht in koffer. Se sjocht om har hinne, laket hwat forlegen, bliuwt yn'e doar stean)
ALFRED:
Aah... Monica! MONICA:
Dei. ALFRED:
Hoe is't? MONICA:
Goed. ALFRED:
Bist allinne? MONICA:
Hy komt noch. Miskien. | |||||
[pagina 56]
| |||||
3.
It toaniel is leech. Lege pannen en skalen op'e tafel: it iten is op. Monica komt nou en dan op en rûmet de tafel ôf.
MONICA:
(sjongt)
Der wie in man hjir heel fier wei
Dy dounse as in dronken haei
Dy song lyk as in dronken fisk
Fan: ik sil dy krije.
In kapitein al op in boat
Wie dei en nacht yn't selde skoat
Mei klompen wol sa okergiel
Woe hy my krije.
En dan dy frjemde goechelder
De man dy't alle herten lies
Hy sei tsjin my: myn leafste frou
Ik sil jo krije.
En nou hat er my
En nou hat er my
Sawn nachten yn'e wike
Mar 'k haw him troch
Mar 'k haw him troch
Hij mag alleen maar naar mij kike.
(Sy laket, súver hwat to bot)
ELIZABET:
(komt yn) Hy komt dochs wol, net?
MONICA:
Fansels, hwat tochste. Dat er hjir nou al wêze soe? Ik bin amper in dei fuort. Hy hat it drok mei saken. Hwer sit Alfred? ELIZABET:
Op bisite. Hy is mar in bytsje thús jouns. Dat sit oan syn birop fêst. MONICA:
Dy Alfred. Dûmny. De Here zij geprezen, de Here zij geloofd. En dy earme sieltsjes mar treastgje. ELIZABET:
It wurk leit him wol. MONICA:
Och dûmny, kinne jo joun noch komme? Us Alex is sa syk. Ja dûmny, hy is tige siik. Hy wol graech dat jo joun noch komme. ELIZABET:
Hy docht syn wurk mei leafde. De minsken hâlde hjir in bulte fan him. | |||||
[pagina 57]
| |||||
MONICA:
Binne hjir kreaze froulju? ELIZABET:
Hoe woest sizze? MONICA:
Sa'k sei. ELIZABET:
Ik bigryp dy net. MONICA:
Hy is net troud. Is hjir gjin frou foar him? ELIZABET:
Dou bist skerp, Monica. MONICA:
(Laitsjend) Hy droeget op, dy knappe fint. It is dyn plicht in frou foar him to sykjen. Dou hast mem dochs tasein goed noed foar him to stean, is't net?
ELIZABET:
(Skerp) Hy is âld genôch om sels ien to sykjen. Dêr hat er my net by nédich. Ik foldocht him goed, sa't wy hjir wenje. Ik hâld net fan dit soarte fan praet.
MONICA:
Leave hwat bistou dochs efterlik. Ik wurdt heech tiid datst werris by ús útfanhûs komste. Dou soest dy deaskrikke. Soes't mei de mûle fol tosken stean. De wrâld is oars tsjintwurdich. Iepen. Frij. Dou hoechst neat mear foar dy to hâlden. Taboes bisteane net mear. Der wurdt men mar siik fan. Troch jimme soart minsken hawwe de psychiaters it sa drok. Dou hast in oare ynstelling nédich. Frijer. Dou bist to bang datst dyn tonge foarby praetst. Sil ik in moderne frou fan dy meitsje? Ien dy't nearne foar weromskrikt? ELIZABET:
Ik haw it hjir net nédich, in... MONICA:
Dou hast it wol nédich. ELIZABET:
It libben is mear as allinnich mar rollen spylje. Men wurdt in frou sûnder ynhâld as men tinkt dat in moai masker genôch is. MONICA:
Dou likest wol in widdou. En as ik widdou wie, wist ik wol hwat ik die. ELIZABETH:
Ik doch sa't ik wol. Hwatstou wolste, moatst dou witte MONICA:
Sille wy in spultsje dwaen? In praetspultsje, bygelyks? ELIZABET:
Ik ha der gjin bilang by. MONICA:
Bliuw stean hwer'st stieste. Ik bleau hjir. Dou meist my in fraech stelle. ELIZABET:
(Hat der gjin nocht oan. Dan ynienen:) Hwerom bist hjir hinne kommen?
| |||||
[pagina 58]
| |||||
MONICA:
Ik freegje my ôf, hwatfoar bilang datstou by it antwurd hast. Myn man is... ELIZABET:
Hy hat gjin nocht om hjir hinne. MONICA:
Hwerom bistou net troud? ELIZABET:
Hoefolle bern ha jim yntusken? (Stilte) Nou? Siz ris hwat. Hoefolle bern ha Alex en dou?
MONICA:
Ik biskuldigje dy der fan, datst Alfred ta in kluzener makkest. Dou hâldst him hjir fest! Dou bist bang datst allinne komst... ELIZABET:
Hou. Nou ik. Ik ha noch altyd gjin antwurd op myn fraech hoefolle bern jim ha. Of ha jim gjin. Siz op! MONICA:
Dou hâldst dy net oan'e tasizzing dy'st mem dien hast. Dou soest... ELIZABET:
Nou ik wer. MONICA:
Né! Ik bin noch net útpraet. Dou hast mem tasein... ELIZABET:
Ik freegje dy yn alle earnst hwerom't Alex hjir noch altiid net is. Hwerom jowst gjin antwurd op myn fraech? MONICA:
Lit ús ophâlde. Dou hast woun. (Giet sitten, stekt in sigaret oan.)
ELIZABET:
Sokke spultsjes binne net slim. Allinne mar opwinend foar dy. En gemien. MONICA:
It hele libben is gemien. In oanienriging fan liegerij en elkoar bidonderjen. Men wurdt bisoademitere hwêr't men by stiet. En men docht sels likehurd mei. Men moat wol, oars giet men der ûndertroch. ELIZABET:
Dou hast it swier, Monica. MONICA:
O God men moat wol meidwaen as men wol as net. Der bliuwt neat fan jin oer as jin net wolle sa't in oar wol, as jin net dogge sa't in oar docht. ELIZABET:
Moatst dy dan folslein oanpasse? MONICA:
Oanpasse. Altyd mar oanpasse. Leaf dwaen. Nou oant sjen. Komme jim werris? Tige gesellich. Kom gauris werom. En: Ja skat. Ja skat. Nim my net kwea, moat ik oars lizzen gean? Wolst joun mei in oaren? Bist op my útsjoen? Goed | |||||
[pagina 59]
| |||||
hear. Gean dyn gong. Dou witst dochs, dat ik dy frij lit yn alles? ELIZABET:
Monica, Hast it oer Alex? MONICA:
Alex? Dy skat leit nou by in oaren moatst tinke. Hy had sa'n forskaet nédich. Hy is allang op my útsjoen. Mar it is in skat hjer. Hy is tige leaf. Ja... in skat fan in man. ELIZABET:
Stiet soks elke frou to wachtsjen? MONICA:
Och, hwat bist noch in bern. Tochst dat ik as widdou op bêd lei? Der binne genôch mannen op'e wrâld. Genôch, bern. Dou witst net hwatst miste. Kom ris by my. ELIZABET:
(Rint ûnwis nei Monica ta. Dizze draeit om har hinne)
MONICA:
Moai figuer. Hast wol kâns. Hwerom dochst it net? Doarst net? Hoefolle mannen hast hawn? ELIZABET:
Ik... ik leau net dat... (De doar giet)
Dêr komt Alfred oan. ALFRED:
(Komt op) Goejoun.
ELIZABET:
Joun. MONICA:
Dei, skat. (Alfred giet achter syn bureau sitten, stoppet in piip. Stilte. De froulju sjogge mei spanning nei him)
ALFRED:
En hoe foldocht it hjir, Monica? MONICA:
It muoit my, dat ik net earder kommen bin. It is hjir tige gesellich. Allinnich spitich, datstou sa'n bytsje thús biste. ALFRED:
Is der noch thé? MONICA en ELIZABET tagelyk:
MONICA:
Fansels. Twa tellen geduld. ELIZABET:
Ik sil ris sjen. (Beide froulju nei de thépot ta)
ALFRED:
Lit mar Monica, Elizabet docht it wol. MONICA:
Oh. Goed. (Se draeit om Alfred hinne)
ALFRED:
Wolst net sitte? (Monica swijt, bliuwt stean)
Der is neat wol? | |||||
[pagina 60]
| |||||
MONICA:
Ik moat hwat mei dy biprate. It is needsaeklik. It moat barre foar't Alex komt. ALFRED:
Kin Elizabet hjir bliuwe? MONICA:
Ik ha leaver dat se der út giet. Ik moat mei dy prate as dûmny. (Elizabet giet de keamer út. Monica rint nei de doar ta, sjocht der achter en docht him dan ticht. Se bliuwt mei de rêch tsjin'e doar oan stean, Hy sit mei de rêch nei har ta)
ALFRED:
Siz it mar. (It bliuwt stil)
Kinst it my rêstlich fortelle. Ik praet der mei gjinien oer. Ek net mei Elizabet. Ik kin swije, dat ûntjit ik dy. (Sy laket sacht. Hy sjocht om)
Hwat is der? Hwerom lakest? MONICA:
Domme esels. Domme domme esels. ALFRED:
As ik it goed bigryp, binne der swirrichheden mei Alex en dy. Dêrom bist earder kommen en wolst der yn fortrouwen mei my oer prate. Is't net? (Monica laket)
Makkest der in potsje fan? (Sy laket noch fûlder)
MONICA:
Domme domme esels. Mei ik dy hwat freegje? ALFRED:
Wolst net leaver hjir komme to sitten? MONICA
Hoe faek hastou mei in frou op bed west? ALFRED:
(Untwikend) Fortel ris fan dyn swirrichheden. Binne jim net lokkich, togearre? Dou witst, dou kinst alles oan my kwyt. Hwat ha wy togearre net in bulte bipraet doe't wy jonger wiene. Wy leine hele dagen oan'e mar. Witst dat noch?
MONICA:
(Mei klam) Ik bin tige lokkich. Ik bin...
ALFRED:
Witst noch... MONICA:
Tige lokkich. Tige. ALFRED:
Hwannear komt... MONICA:
En dan to bitinken dat ik troud bin! Dat ik mei in greate sak troud bin! In greate sak!! ALFRED:
Bisykje kalm to bliuwen. MONICA:
Dou bist in greate kloatsek! | |||||
[pagina 61]
| |||||
ALFRED:
Hoe komst der by, sa ynienen... MONICA:
In hele greate kloatsek!!! (Sjongt:) Amen. Amen.
(Sy laket oerdwealsk, pakt in boek en smyt it op'e flier)
ALFRED:
Ik forbied dy op slach... MONICA:
Dou doarst net!! Dou doarst net!! ALFRED:
Hwat soe ik net doare? Hwat soe ik net doare? MONICA:
Dou doarst my net oan to reitsjen! Dou bist.,.. ALFRED:
Hâld dy stil! MONICA:
Dou bist... Dou bist... (Alfred rint op har ta, jowt har in klap yn it gesicht. Se lit har op'e flier falle, bliuwt lizzen. Hy rint om har hinne)
ALFRED:
Oerein. MONICA:
Ik bliuw leaver lizzen. ALFRED:
Gean stean! MONICA:
Asjobleaft, lit my lizze. (Alfred pakt har en set har oerein)
ALFRED:
Hwat skeelt dy? Monica? (Monica swijt)
Siz ris hwat. Bisykje it mar. Toe mar, bisykje it marris. Dou meist alles sizze. Alles kin hjir. Dou hoechst neat foar dy to hâlden. It bliuwt geheim. Allegear. Ja? Giet it? (Monica falt tsjin syn skouder oan, gûlt)
MONICA:
Ik kin net mear. Ik kin net mear libje. Ik kin it net mear! ALFRED:
Rêstich mar. It komt wol wer goed. MONICA:
Ik wol nea wer werom! ALFRED:
Sil ik dy nei boppen ta bringe? MONICA:
Né! Hâld my beet! Asjobleaft, stryk my troch it hier. Ik ha dy nédich. Myn hele libben. Ik kin net sûnder dy. (Sy lûkt him nei har ta. Der wurdt kloppe. Elizabet komt yn. Draecht in blêd mei glezen. Sjocht fan de iene nei de oare.)
ELIZABET:
Asjobleaft. Op dizze bisûndere joun. (De oaren swije) Steur ik? Mar fansels! Wiene jim noch dwaende? Nou? Is er net leaf, ús dûmny!
(Monica rint de keamer út)
Skammestou dy net? Skammet hy him net foar God, jonge? Fansels, hy is ek in minske. En hy joech him in frou. Ien frou! | |||||
[pagina 62]
| |||||
Rotsak! Greate gemiene húchelder! Dou doarst hjer. Earst doar er mei my en dan doar er ek noch mei syn oare suster! Dat is kreas wurk! Mar dat is mannewurk! Hwa hie dat tocht! Dat er safolle doare soe! Dat er himsels sa oertreffe koe! Rotsak! (Elizabeth falt tsjin him oan, gûlt. Se steane in tel-minnich, dan giet de bel. Se bliuwe stean. De bel giet wer. Monica komt yn. Se skrikt as se Alfred en Elizabet sjocht)
MONICA:
Hwa docht iepen? ALFRED:
Dochstou it? MONICA:
Né. ALFRED:
Dan gean ik sels (Alfred ôf. Mannestimmen op'e gong. Alfred komt yn mei Alex. Alex bliuwt op'e drompel stean)
ALEX:
Hallo. ALFRED:
Dit is myn suster Elizabet. (Elizabet en Alex fûstkje. Alfred en Elizabet geane hwat fansiden)
ALEX:
(Tsjin Monica) Hallo.
MONICA:
Hallo. (Pynlike stilte. Alfred en Elizabet fordwine ûngemurken)
ALEX:
Hoe giet it? MONICA:
(Rint nei de doar. Alex sjocht om him hinne)
Goed. ALEX:
Goede reis hawn? In kreas hús, net? Goede reis hawn? Monica? (Hy draeit him om. Monica is fordwoun)
| |||||
4MONICA:
(achter it toaniel) Skat! (Stilte)
Skat! (stilte)
Alex! Alex! (Monica komt op)
ALEX:
(Komt koart nei Monica op) Hwat is der? Hwerom stiest sa to razen?
MONICA:
Hoe giet it. Goed slept? Wie it bêd lekker sacht. Hen? Skat? Hoe fynst it hjir? Is it net in hearlik rêstige omjowing? | |||||
[pagina 63]
| |||||
ALEX:
It wie justerjoun drok. In bulte forkear. Ik moat sizze, it wie my to drok. MONICA:
Mar dou wurdst âlder, skat. ALEX:
Ik hie al myn oandacht nédich. Der sit tsjintwurdich in protte jeugd op'e dyk. Gjin inkelde erfaring, moatst tinke. Dy knapen miene dat alles kin. MONICA:
Hwat bist aerdich yn 'e klean. ALEX:
Forline wike kocht. Meist it lije? MONICA:
Ja. (Stilte)
It is hjir sa'n hearlike omjowing! ALEX:
Dêr ha wy it al oer hawn. Hoe binne dy lju hjir? MONICA:
It binne skatten. Allebeide. Wier, dou silst dy wol formeitsje. Allinne, se binne nou en dan in tikkeltsje âlderwetsk... Se binne gjin grapkes wend. Wy moatte harren eins noch in bytsje folwoeksen meitsje. Harren ûnwissichheden hwat weinimme. Se witte harren bytiden gjin rie mei har sels. ALEX:
Nou en dan in lekker spultsje? MONICA:
Bygelyks. ALEX:
In bytsje útdaegjend? MONICA:
It soe gjin kwea kinne. As wy hjir oer in deiminnich wei geane, binne se mooglik in heel ein opknapt. ALEX:
Wurde hjir ek feestjes boud? MONICA:
Ik tink it net. Dêr binne it de minsken net ta. Se soene fan harsels skrikke. ALEX:
It binne net al to deade, hoopje ik? MONICA:
Dou moatst harren earst kennen leare. Gewoan de tiid nimme.
In fijn petear opbouwe. Harren lekker ûnder hannen nimme en sjen hoe fier'st gean kinste. Gewoan bisykje. ALEX:
Lyk as wy wend binne. MONICA:
Fral net to bang. Se stjûre ús hjir wier net wei. It binne op lêst myn broer en suster. Se binne bliid dat se ús werris sjogge. Alfred tinkt: Monica, dy skat, mei hwa't ik sa fijn prate koe. O, hwat is it noch in bern. In great bern dat mei syn suske yn | |||||
[pagina 64]
| |||||
it great hûs wennet. Twa poppen yn it greatminske-hûs. ALEX:
Nea troud? MONICA:
Gjinien fan beiden. ALEX:
Nijsgjirrich. Hwer soe him dat oan sitte? Aerdich spultsje fan to meitsjen. MONICA:
Dou moatst net to fier gean. ALEX:
Ik gean safier't ik wol. Ik bin der sels by. Brokken sille der wier net fan komme. Hoe is dat wyfke? MONICA:
Elizabet? ALEX:
Hyt se sa? Net ûnaerdich op it earste gesicht, sa to sjen justerjoun. MONICA:
Tige leaf. (Elizabet komt yn)
ELIZABET:
Ik bin bliid, dat jim jim sa deljaen kinne. Wolle jim hwat drinke? ALEX:
In goede gastfrou siert it hûs. Ik ha froulju meimakke, dy't de hele dei op bêd bleaune as der gasten wiene, de himel mei witte werom. Faeks tochten se dat dêr de bisite kaem. Fan'e manlju bygelyks. Mar dat foel ôf. Hast cognac? ELIZABET:
En dou Monica? MONICA:
Jow my ek mar in cognacje. In lytsen. Ik bliuw net al to lang ûnder, fannejoun. Noch in pear brieven skriuwe. Dat kin ik better boppe dwaen. Jim formeitsje jim wol, togearre. Jim ha it hele hûs allinne. Alfred fuort en ik djip ûnder de tekkens. Ik sil neat heare. Jim kinne dwaen en litte hwat jim wolle. ALEX:
Goed. Sa'st wolste. It is noflik, better meiinoar yn'e kunde to kommen. It soe forplichte wurde moatte jins gastfrou en gasthear sa goed mooglik kennen to learen. En ik kin noch gjinien fan beiden. Fielt de gastfrou derfoar gesellich dizze joun mei my troch to bringen? ELIZABET:
Wy sille wol sjen. ALEX:
Net botte oertsjûge. ELIZABET:
Ik wit it net. ALEX:
Mooglik is myn foarkommen hwat strûf en net botte oantrek- | |||||
[pagina 65]
| |||||
lik, mar ik doch myn bêst, om it myn geselskip sa noflik mooglik to meitsjen. ELIZABET:
Ik bin bineid. ALEX:
(Tsjin Monica) Hoe fier bist mei de cognac?
MONICA:
Ik gean al, skat. In gesellige joun hen, leave. (Se jowt him in tút. Hy docht as fornimt er neat. Monica ôf)
ALEX:
Is it tastien dat ik myn jaske en skuon útdoch? ELIZABET:
Gean dyn gong. Doch mar krekt as't thús biste. As't yn in oare stoel sitte wolste? ALEX:
Ik sit hjir goed, tanke. En hwer sille wy it ris oer ha? ELIZABET:
Doe't heit en mem noch libben diene wy soms dit: elk skreau hwat op paier om oer to praten. Alle papierkes yn in hoed en ien fan ús mocht lûke. Oer it lutsen ûnderwurp waerd dan praet. ALEX:
Binne der gjin better spultsjes to bitinken? ELIZABETH:
Hwat dan bygelyks? ALEX:
Ik wit it sa net op dit stuit. Miskien as wy aenst fierder op'e joun binne. Mei'k dy ien ynjitte? ELIZABET:
Graech. ALEX:
Cognac? ELIZABET:
In bourgogne graech. De flesse stiet dêr boppe. Ja, dêr. (Hy jit yn)
ALEX:
Proast. ELIZABET:
Proast. ALEX:
Hoe giet it mei dyn broer? Ik sjoch him hjir kwalik. Justerjoun krekt even en oars noch net. Hat er it sa drok? ELIZABET:
Hy set him folslein yn foar syn wurk. De minsken meije hjir graech oer him. ALEX:
Hwerom is er eins net troud? ELIZABET:
Dat soest him better sels freegje kinne. ALEX:
Yndie. En dou? | |||||
[pagina 66]
| |||||
ELIZABET:
Ik bigryp dy net. ALEX:
As moat ik dat ek oan him freegje? ELIZABET:
Ik kin mysels wol rêde. ALEX:
Lokkich. Der binne froulju dy't sa folslein op har man driuwe, dat de earme stumper der súver ûnder biswykt. Dan hâldt er it net lang út fansels, en dan dy earme wyfkes mar kleije. Mar it is har eigen skuld. Se ha nea leard om selsstannich to wurden. En dermei jeije se har eigen man it grêf yn. Sa soe it ek mei Monica gean yn it bigjin fan ús trouwen. Ik haw it har ôfleard. En gau. Man en wiif moatte harren frijheit hâlde, ek yn it houlik. Men moat gean en stean kinne hwêr't men wol. Hoe tinkstou dêr oer? ELIZABET:
Ik ha gjin erfaring. ALEX:
En dêrtroch ek gjin miening? ELIZABET:
Ik soe it net witte. ALEX:
Dus dou bist noch net folwoeksen? ELIZABET:
Miskien. Ik kin slim mysels bioardielje. ALEX:
(Hy glimket tsjin har. Sy reagearret net)
Sil ik dy it examen ôfnimme? ELIZABET:
Net nédich. ALEX:
Net nédich? ELIZABET:
Dêryn bin'k wol folwoeksen. Wês mar net bang. ALEX:
Dat moatst noch biwize. (Stilte)
Kom hjirris. ELIZABET:
Hwer dat foar? ALEX:
Kom ris by my. ELIZABET:
Hwat wolste? ALEX:
(Nei har ta) Ik ha dy dochs net sear dien, wol?
ELIZABET:
Né. (koel)
ALEX:
Liichst net in bytsje? Dou... ELIZABET:
Reitsje my net oan! | |||||
[pagina 67]
| |||||
ALEX:
Hwa seit dat? (Komt noch tichterby)
ELIZABET:
Bliuw fan my ôf! ALEX:
Berntsje, net sa binaud. Wy sille in spultsje dwaen om hwat ta rêst to kommen. ELIZABET:
Ik wol op bêd. ALEX:
Wy ha kwalik mejinoar praet! ELIZABET:
Ik wol net langer! ALEX:
Dou bist om'e nocht sa bang. Dou bist in earm lyts earnstich famke dat elke kat foar in tiger oansjocht. Dou hast hjir to lang allinne wenne. Dou hast to min minsken sjoen. Dou bist minskeskou wurden. ELIZABET:
Miskien... ik... ik... ALEX:
Elke man dy't him mar in bytsje oars foardocht as dyn broerke, sjochst foar in misdiediger oan. In gefaerlik man! Hwant manlju meije froulju net oanreitsje. Dat is gefaerlik. En fral tige sûndlich. Elizabet moat in reine maegd bliuwe en op Alfred passe oant de dea harren skiede sil. Hwant... se binne mei bannen fan bloed oan inoarren forboun. ELIZABET:
Né! ALEX:
Né? Dogge jim nea spultsjes togearre? Nea? Mar dat dogge dochs alle famkes en jonges? Dat heart der dochs by om in greate frou to wurden? Nou en dan mei broerke boartsje. Him oer syn rêch aeije, faorsichtich fiele. Broerke hâldt dochs ek wol fan boarstjes? Suske lekker kitelje... ELIZABET:
Dou liichst, dou... ALEX:
Suske wol dochs ek wolris kraeije fan nocht? Net? Elizabet? ELIZABET:
Dou bist in gemiene liichbek... dou... dou... bitinkst mar hwat! Dou wolst roddelje! Dou makkest praetsjes om'e nocht! ALEX:
(Yn himsels) Dus dochs. Hwa hie tocht dat broerke en suske togearre boarten yn it greate dûmnyshûs? Mei dat wol fan God? Wurdt er dan net lulk op syn feintsje? Op dy lytse Alfred, dy stoute jonge dy't elke snein de geboaden preket?
ELIZABET:
Ik ha it net dien! Ik ha it net dien! Ik wol der net mear oer prate! Ut! | |||||
[pagina 68]
| |||||
ALEX:
Gean ris rêstich op'e bank sitten. (Elizabet docht it) Dou bist in heel lyts iensum famke. Dat famke wol sa graech in spultsje dwaen, mar se hat allinne mar har broerke. En broerke hat allinnich mar syn suske en hy wol ek sa graech. Mar it is better dat suske in oar feintsje siket, hwant spultsjedwaen mei broerke is gefaerlik. Hwerom soest net in oare kammeraed sykje? Al wie it mar foar in pear dagen. In pear dagen lokkich wêze, is dat net fijn? Elizabet?
ELIZABET:
Alfred kin my net misse. Ik... ik kin it net dwaen. It... it mei net. It mei net, siz ik dy! ALEX:
Fan hwa net? ELIZABET:
It mei net! ALEX:
Fan hwa mei it dan net? ELIZABET:
(Sil de keamer útrinne)
ALEX:
(Pakt har, triuwt har op'e bank werom)
ELIZABET:
Né!! Lit my los!! ALEX:
Raes net sa! Der bart dochs neat? ELIZABET:
Ik wol net! Ik wol hjir net mei dy... ALEX:
Dou moatst ta rêst komme. Wacht, ik doch dyn eagen ticht. Ja, toe mar. Bisykje it mar Ik doch dy neat. Ja, gean mar rêstich sitten. (Elizabet komt ta rêst. Alex bigjint har tige forsichtich to streakjen) Sa, ûntspan dy mar. (Hy wurdt aloan frijer) Sjochst wol, ik doch dy neat. Helendal neat. (De doar is iepen gien en Monica stiet to sjen) Dou bist in heel bang lyts fûgeltsje dat streake wurde moat. Dyn fearkes trilje fan'e kjeld. Wy binne hjir as fûgels yn dit hûs. Wy fladderje hwat om, fleane tsjin inoar oan, tsjilpe fûl of sacht en aloan sykje wy plak om to waermjen. Wy slagge ús fleugels nei inoar út en reitsje elkoar soms oan. Dat docht sear. Mar as wy ien kear itselde nêst foun ha, krûpe wy ticht tsjin inoar oan. Sil ik dy waermte jaen? Elizabet? (Hy hellet har oan. Monica komt tichterby)
MONICA:
Kreas Alex. Knap wurk. (Elizabet wol fuortrinne, Monica pakt har by de earm, hâldt har beet)
ELIZABET:
Ik fiel my... ik fiel my net goed. MONICA:
Stil mar. It jowt neat. Dou bist waerm en dat is it wichtichste. | |||||
[pagina 69]
| |||||
It libben is nimmen en jaen. En it wurdt tiid datstou hwat nimst. Dou hast altyd mar jown, jown. Kinst op Alex oan. Hy sil dy net deameitsje en fan my mei it. Alex kin in frou fan dy meitsje. Wês mar net bang. Kom, ik bring jim op bêd. ELIZABET:
Né... ik... Alfred is noch net thús. MONICA:
Ik sil op him wachtsje en sizze datst bitiid op bêd gien bist. Pine yn'e holle. Moarn is't wer oer. ELIZABET:
Ik doar net! MONICA:
Skat hy docht dy net sear. It is heel fijn by him. Wier. Dou silst dy folslein lokkich fiele. ELIZABET:
Mar... mar... ik... Alfred sil... MONICA:
Dou witst hoe goed ik mei Alfred oer de wei kin. Hy krijt neat yn'e gaten. Kom mar. Giest mei? (Monica nimt Elizabet by de hân)
Alex? ALEX:
Ja skat, ik kom. (Monica lit Alex en Elizabeth togearre foar gean troch de doar. Dan folget se sels).
| |||||
5
Alex en Monica lizze op'e flier, elk mei de fuotten in oare kant út.
MONICA:
Witst dat noch, skatsje? Doe't ik dronken wie? Doe't wy fan dy spultsjes diene hwêr't wy net by hoegden to praten? Dou diest it foar en ik die it nei. Sa maklik. Men koe it soms lizzende dwaen. Sa simpel. Jow my noch ien! (Alex giet oerein, jit twa romerfollen yn)
Hwannear komme se thús? Fannacht? Of komme se fannacht net thús? Alex? Skat binne wy helendal allinne fannacht? Né dochs? Doarstou dat? Samar allinne yn sa'n frjemd hûs? En al dy kasten mei dy deade klean. Yn elke jurk in deade man dy't... ALEX:
Wistou noch doe't ik dronken wie? MONICA:
Doe't wy dat spultsje diene fan... ALEX:
Ik wie sa dronken as in idioat! | |||||
[pagina 70]
| |||||
MONICA:
(laket skel) Dou hiest wol fiif froulju!
ALEX:
Ik hie wol tsien froulju! Allegear op it liif. Ik woe sizze, allegear in read liif... in read mei giel ferve liif... MONICA:
Jow my in sigaer! ALEX:
(Pakt in sigaer, smyt har dy ta)
Ik ha se helendal allinne skjinmakke. En nou wol'k lêze. (Mei in bulte klam) In goed boek wol ik lêze! Jow my in boek!
(Monica laket, blaest greate reekwolken út)
MONICA:
Sjoch, sa'n wolk! In kleurde sigarewolk! Hy klimt hieltyd heger en heger! (Se giet stean, sjocht omheech) Hwat is it hjir rûm! Ik wol fleane! Op dyn rêch! Hynderride wol ik! Kom hjir! Hynderride! Tsien lessen haw ik hawn! Ik kin it goed! (Laket) En sa't ik dy swipe brûk! As in frou! Mei kracht! Kom hjir! Ik sil dy slaen!
ALEX:
(Leit op'e groun) Ik driuw op it wetter! Sjochst dat dan net? Ik bin noch net klear ta hynder! De oséaen is fiersto great!
MONICA:
(Wol fleane) Ik sil fleane! Hâld my beet! Hâld my beet!
ALEX:
(Oerein, slacht syn earms om har hinne) Flean net fuort! Dou soest mar falle! Op'e hege bergen topletter slaen! En dea frieze! Dea!
MONICA:
Ik wol op dyn rêch sitte!
(Alex giet op it liif lizzen, Monica giet op him sitten) Hop hop! Hurder hynder! Hurder! (Se bliuwt sitten, drinkt in wynglês leech dat op'e groun stiet, stoarret om har hinne. Dan skeukt se hwat op Alex om en giet dan langút op him lizzen. Beide lizze deastil.
Dan sjongt Monica sacht yn harsels:) Ik ga slapen, ik ben moe 'k Sluit mijn beide oogjes toe Here houdt ook deze nacht Over mij getrouw de wacht (Se giet oerein sitten, harket)
Hearst dat? Der rint ien troch it hûs! Moardners! Se wolle ús deameitsje! Alex! Sjoch ris even! Hearstou neat? Alex? Belje de polysje! (Monica rint troch de keamer, sjocht achter de gerdinen)
Ik sjoch neat. Kom op'e lappen! Toe dan, lafbekken! | |||||
[pagina 71]
| |||||
(Laket) Se doare net! Nou't se my sjogge, geane se op'e rin, dy stumpers!
ALEX:
Net sa'n drokte! Dou bist dronken. MONICA:
Is dat net fijn? Hynderride yn'e nacht? Dou bist gek, leau'k. Wy moatte dy mar opslute. Dou bliuwst op'e groun lizzen. Dat doocht net! Dat is neane goed ta! Set mesyk op! Ik sil dy de mûle snuorje! Dat aeklik gekeakel fan dy altyd! Der ha ik genôch fan! (Mesyk. Se bisiket to dounsjen, mar it slagget min) Dêr wei dou! Dou leist my yn't paed! De dounsers moatte oer dy hinne stappe, as't sa yn't paed leist! (Se jowt him in traep. Hy giet stean)
ALEX:
Bliuw fan my ôf! MONICA:
(Sjongt) Dou kinst net dounsje, dou kinst net springe... eh... (Wit de tekst net mear) Dou kinst net dounsje, dou kinst net springe...
ALEX:
Hou!! MONICA:
(Wol him oerraze) Dou kinst net dounsje, dou kinst net springe... (Se stroffelet en falt. De doar giet iepen en Alfred en Elizabet komme yn. Monica sjocht harren net)
ALFRED:
(Set mesyk ôf) Goejoun.
MONICA:
Lit stean dat ding!! ALFRED:
Ha jim jim hwat formakke, togearre? Gesellige bende, net? Hwerom komme jim net oerein? (Alex giet oerein en helpt Monica op fuotten. Hy steunt har. Togearre rinne se nei de doar)
MONICA:
(Yn it ôfgean) It wie tige gesellich. Jim moatte ris wer komme. Nou daag! (Achter:) Ik wol net op bêd! Ik wol noch net!
ELIZABET:
(Rint hwat om) Hoe lang hie er nou yn't wetter lein?
ALFRED:
Ik tink in dei. Hwat koarter miskien. ELIZABET:
Slim. ALFRED:
Ja. ELIZABET:
Dan kin men better mar gjin bern ha. ALFRED:
Ik wit it net. ALEX:
(Komt werom)
Dy leit op bêd. Mei klean en al. | |||||
[pagina 72]
| |||||
ELIZABET:
Ik sil ek nei boppen ta. Nacht. ALFRED:
Sliep lekker. ALEX:
Wolst ien? ALFRED:
Graech. ALEX:
Gesellich hawn? ALFRED:
Né. ALEX:
Dat leit oan dysels. Dou bist in deade harke. ALFRED:
Der is in bern stoarn. (Alex sjocht him oan)
ALEX:
Oh. (Bigjint om to rinnen) Hm. Net sa moai. Né. Né.
ALFRED:
It is slim as jin soks oerkomt. ALEX:
Eh... ja. Ja... dat wit ik. It... it is ússels ek oerkommen. ALFRED:
Hwat seiste? ALEX:
Twa dagen en doe gie't hartstikke dea. Samar ynienen. In heel lyts blau fûgeltsje. It hat net iens pipe. It hat my sels net iens oansjoen, fordomme. It fleach fuort dêr't ik by stie. Hoe âld wie dat bern? ALFRED:
Fiif jier. Forsûpt. ALEX:
Wy hiene wol tsien nammen bitocht. Dines wie der ek by, leau'k. Mar it hoegde net mear. O God, hwat wie my dat hwat. ALFRED:
Jim hawwe it ús nea skreaun. ALEX:
It kaem tofoarskyn en ik seach mei greate eagen. Doe gie'k noch nei't tsjerke ta. Katholyk. Ik sloech in krús fan blidens. Mar twa dagen letter... fordomme. (Hy glimket wrang om syn triennen to forbergjen)
Oh... oh... oh... Hwat binne wy doe op'e rin rekke. Togearre op'e rin. Monica mei net witte dat ik dy dit forteld ha! ALFRED:
Fansels net. ALEX:
Se wie sa wiis. Ik ek trouwens. Heel oars as nou. Dou soest ús net werom kend ha, sa binne wy foroare. Lit har net merke datst it wist! Se hat deasiik west fan ellende. Earst net. Se lake, doe't ik it har fortelde. Se hiene it bern fuort by har weihelle. Se hat it | |||||
[pagina 73]
| |||||
nea wer sjoen. Dou bist in raren ien, sei se. Altyd grapkes! Dou hiest my fiele moatten. It wie gjin grapke. En troch har bigoun ik ek to laitsjen. Earst in bytsje, mar aloan mear en mear. Hâld op, rôp se. It docht sear! Mar ik koe it net mear litte. Ik rôp: It is echt wier, it bern is dea! Echt dea! Werklik wier! As in rôt! Doe seach se my oan en pakte myn hân beet. Hast dat wolris field? De hân fan in frou yn deadsneed? Né? Giest troch de groun. Werklik. Net to biskriuwen fordomme. Se draeide har holle yn't kjessen en witst hwat se sei? ALFRED:
Siz it mar. ALEX:
Né. Better fan net. ALFRED:
Jowt neat. Fortel mar. ALEX:
Se draeide my de rêch ta en sei... ALFRED:
Toe mar. ALEX:
Se sei... né... ik kin it net sizze. ALFRED:
Se leit op bêd. Se heart der neat fan. ALEX:
Se... se raesde GOD IK WOL DIT NET WER. ALFRED:
Sei se dat? ALEX:
Se draeide my de rêch ta... ik... ik... ALFRED:
Dou moatst bisykje alles to fortellen. Dou moatst it kwyt, it luchtet op. ALEX:
Tinkste? Soe it helpe? Mienst dat nou wier? ALFRED:
Ja wier. ALEX:
It is út tusken ús. Wy sûpe en reizgje fan it iene feest nei it oare. Se wol net mear. Se wol nea wer en ik krij de skuld fan alles. Earst net. Mar né, ik praet myn mûle foarby. Ik rattelje as in âld wiif. Hwat kin it dy ek skille. Fortel ris hwat oer dysels? ALFRED:
Dus se wol net mear mei dy? ALEX:
As wy dat bern mar hawn hiene, wie it wol goed kommen. Dat is de skuld fan alles. Hâldstou fan bern? ALFRED:
Ja. ALEX:
Hwerom hast dan gjin? | |||||
[pagina 74]
| |||||
ALFRED:
Ja, dêr seist hwat. ALEX:
Hjir, in buorrel. ALFRED:
Né, tanke. ALEX:
Bist bang datst dronken wurdtst? ALFRED:
Ik ha genôch hawn. It wurdt stadichoan tiid om op bed. ALEX:
Wy moatte earst nochris prate. ALFRED:
Letter dan. It is better foar dy datst nou nei boppen ta giest. ALEX:
Wy binne oan'e drank rekke, witst dat? Troch ien sa'n bern. En ek noch wol dea! Wy ha ússels folslein forlern. Mar ik bin by har bleaun. Ik ha har net sitte litten! Nettsjinsteande alles binne wy in idéael pear! En jim hjir? ALFRED:
Hoe woest sizze? ALEX:
Ik fortrou dy net. Dou hast se achter de earmtakke! ALFRED:
As wy moarn de saek nochris trochpraetten, dan geane wy nou nei boppen ta. ALEX:
Wolst fuort! Fortroust dysels net? Dou bist in húchelder! In stiekemen ien! ALFRED:
Dou hast tofolle drank hawn. Gean nei boppen ta. ALEX:
Silstou my hjir de wet foarskriuwe? ALFRED:
Ik wit net hwatstou fierder wolste, mar ik gean op bêd. (Alfred sil ôf, Alex pakt him)
ALEX:
Dou witst myn geheim en nou rinst fuort hen? Gau oan Elizabet fortelle. Wit dy it ek. Hwa hie dat tocht hen? ALFRED:
Alex dou hellest dy dingen yn'e holle dy't... ALEX:
Gean sitten! ALFRED:
Ik wol nei boppen ta. ALEX:
Gean sitten, siz ik dy! (Alfred docht it)
ALFRED:
As't sa wolste, ha leaver dat jim... ALEX:
Fortel op! Hast gjin geheimen? ALFRED:
Ik soe it net witte en nou wol ik... (Hy sil oerein, Alex drukt him werom, hâldt him beet)
| |||||
[pagina 75]
| |||||
ALEX:
It is nou dyn beurt om to fortellen. ALFRED:
Ik ha neat to fortellen. Gjin bern dy't stoarn binne, gjin greate avontûren. Allegear heel gewoan. In deadsk libben. ALEX:
Allinne in suster dy't... ALFRED:
Allinne in suster. Foar de húshâlding. ALEX:
Allinne foar de húshâlding? ALFRED:
Allinne foar de húshâlding! En nou wol'k op bêd! Lit my los! ALEX:
Allinne foar de húshâlding? By hwa sliepst dan? ALFRED:
Yn myn eigen bêd. ALEX:
Allinne. ALFRED:
Sa is 't. ALEX:
Altiid allinne? Hen? (Skoddet him trochinoar) Maet? Dûmny! Altyd allinne yn dat greate bed?
ALFRED:
(Skuort himsels los, rint fuort. Alex pakt him. De manlju falle. Alex sit boppe op Alfred)
Lit my los, siz ik dy! Lit my los!! ALEX:
Kinst der net oer dat ik op dy sit, leave? Is it dat? Is it dat? Né, wrakselje mar net tsjin. Ik wol it fan dy heare. Ik krij it wol út dy. (Hy fearret licht op en del)
ALFRED:
Hâld op! Ik bigjin noch mear to razen! ALEX:
Lekker? Skat? It kidelt lekker, nou? Dochst dat nea by Elizabet? Moat dat earme famke altyd allinne sliepe? ALFRED:
Hâld op!! Daelk komt der ien fan boppen! ALEX:
Leist sa lekker? Sil 'k dy in tútsje jaen? ALFRED:
DONDERJE OP! DONDERJE OP! (Elizabet stiet yn'e doar)
ELIZABET:
Hâld op, asjobleaft! ALEX:
(Skrikt. Komt oerein)
Hallo. Leistou noch net op bêd om dizze tiid? Froulju moatte jouns bitiid op bêd. Dat is soun. En goed foar de kondysje. ELIZABET:
Kom hjirris. (Alex rint stadich nei har ta, stiet foar har. Se jowt him in klap yn't gesicht)
| |||||
[pagina 76]
| |||||
ALEX:
Tanke. (Hy laket hwat forlegen) Falt my neat fan dy ôf. Hie'k al oars forwachte.
ELIZABETH:
Sjoch datst op bêd komste mei dyn dronken kop. ALEX:
Ik sil it dwaen hjer leave. (Tsjin Alfred:) Giest mei, lekker togearre ûnder de wol?
(Elizabet hâldt de doar foar him iepen)
ELIZABET:
Nacht Alex. (Alex giet wifeljend de keamer út. Komt daelk werom. Bliuwt stean, wiist nei Alfred en bigjint to laitsjen.
Of. Stilte. Alfred rint om) ALFRED:
Sliept Monica? ELIZABET:
Miskien. ALFRED:
Soks is net aerdich, Elizabeth. ELIZABET:
Hoe woest sizze? ALFRED:
Ik kin it dy net sizze. ELIZABET:
Moarn faeks? ALFRED:
Ek dan net. Der binne net folle minsken dy't werklik fan elkoar halde. Hoefolle minsken Soene echt bijinoar heare? Wat tochste? ELIZABET:
Soene it sa'n bytsje wêze? ALFRED:
Miskien wol gjinien. Allegear skyn. Allegear lytse eigen godsjes. Elke man siket in lytse goadin. Elke frou hopet ienkear har god to finen. Al is't mar in heel gewoanen, men moat him oanreitsje kinne. Elke nacht. Men moat him in tút jaen kinne. Dat hie ik noch nea dien. ELIZABET:
En ik dan? ALFRED:
Dou hast it plak ynnommen fan hwa't ik eartiids socht. De bist de plakforfangster. God hoecht net mear foar my to bistean. ELIZABET:
Mar hy bistiet! ALFRED:
Dat seistou? ELIZABET:
Né, ik ha't net sein. ALFRED:
God is op'e ierde, miskien. Mar ik ha him nea sjoen. Miskien | |||||
[pagina 77]
| |||||
allinne mar yn'e foarm fan'e sex. Ik wit it net mear. Ik gean nei boppen ta. ELIZABET:
(Yn'e war) Hwat moat ik hjir nou op sizze? Ik... ik wit gewoan net hwat ik tsjin dy sizze moat.
ALFRED:
Siz mar neat. (Hy blaest de kearsen út) Kom mar mei. (Hy nimt har by de hân. Togearre ôf)
| |||||
6MONICA:
Hast se jouns al sjoun? ALEX:
Né, noch net. MONICA:
Soene se bang foar ús wêze? ALEX:
Hwa wit. Wy binne ek sokke frjemde gasten! Elk in eigen keamer en sa freonlik tsjin elkoar! En sa ynnimmend tsjin'e gastfrou. Om oer de gasthear mar net to praten. MONICA:
Dou bist to fier gien. Dizze minsken moatte foarsichtich oanpakt wurde. Dat hast forgetten. ALEX:
Hwat? MONICA:
Dou hast my wol bigrepen. Mar it is wol goed foar him. Ik moat sizze, hy foroaret... Doe't ik froeger noch yn'e hûs wie, wie it in heel stil bern. Altiid allinne op'e souder boartsje mei deade bisten, dy't er yn in greate kast hie. By elk bist in papierke. Ik bigriep er neat fan. Allegear Latynske nammen. Hy siet doe op it gymnasium. ALEX:
In ynteressant forhael. MONICA:
Dou hast er de gek mei... ALEX:
Fansels net. Ik harkje mei bilangstelling. MONICA:
Ik ha dy eins nea oer ús famylje forteld. Miskien... né... it ynteressearet dy dochs net. Dou ynteressearst dy foar neat. Allinne mar foar dyn saek en foar froulju. En dêr fal ik bûten. ALEX:
Dat mienst net. MONICA:
It is eins in wûnder dat wy noch bijinoar binne, dat wy it safolle jierren togearre úthâlden ha. Foar de bûtenwrâld is der neat foroare sûnt it bigjin fan ús trouwen. Of net? ALEX:
Hm hm. | |||||
[pagina 78]
| |||||
MONICA:
En dan to bitinken hoefolle oare froulju sûnt dy tiid yn dyn earms lein ha. Dou hiest maklik fiif kear trouwe kind. Ja minstens. ALEX:
En ik haw it noch altyd net dien. MONICA:
Stom eins. ALEX:
Fynste? MONICA:
Dou witst, ik kin my bêst allinne rêde. En oars slach ik wol wer in man oan'e heak. De iene of oare âlde keardel mei in bulte jild of sa. Men kin mei my foar't ljocht komme. Of net? ALEX:
Miskien wol. MONICA:
Ik wurd âlder, woest sizze? ALEX:
Sa'st seiste. MONICA:
Frjemd dat se joun boppe bliuwe. ALEX:
Lit se har gong gean. Ha wy it hjir rêstich. MONICA:
Ik hâld net fan dy stilte. Ik kin der min tsjin. ALEX:
Gjinien dy't dy hwat docht. MONICA:
Dat is't net. Alles komt op my ôf. As ik dy boeken om my hinne sjoch, is't krekt as bin'k wer thûs, lyk as froeger. By heit en mem. Se binne beide al dea. Dat witst dochs wol, net? ALEX:
Dat sil't wol. MONICA:
Se wiene sa leaf... ja... dou kinst dy net yntinke hoe geduldich dy twa mei ús wiene. Mei mem koe'k oer alles prate. Ik woe, dat se nea dea gien wiene. ALEX:
Wy geane allegear in kear. MONICA:
Dea woest sizze? ALEX:
Fansels. Gjinien ûntkomt der oan. MONICA:
Mem soe alles bigrepen ha. Alfred en ik giene elke sneon mei har fuort. Dan mochten wy hwat keapje en... ALEX:
Lit ús der oer ophâlde. MONICA:
Elizabet mocht ek mei. Ien kear ha wy sparre mei ús trijen. Doe kochten wy in fûgelkouwe mei in fûgeltsje. Ien fûgeltsje mar. Letter kamen der noch twa by. Doe hiene wy alle trije ien. | |||||
[pagina 79]
| |||||
ALEX:
Alle trije yn ien kouwe? MONICA
Ja. Nou en dan kamen se der út, even fleane troch de keamer. Mar it frjemde wie, se fleagen elkoar altyd achternei. As bange dierkes krûpen se mei har trijen yn itselde hoekje. Doe hôlden wie ien fêst yn'e kouwe. Wy woene harren selsstannich ha. Mar dy iene gie dea. Hy koe der net oer. Hy koe net allinne wêze. ALEX:
Hwa syn fûgeltsje wie dat? MONICA:
Ik... ik wit it leau'k net mear. ALEX:
Bist it nou al forgetten? MONICA:
As ik goed neitink, komt it my wol wer yn't sin. Ik wit it sa net mear. It is my ûntsketten. ALEX:
Sa lang is it oars noch net lyn. MONICA:
Né. Hwa syn fûgel gie nou dea? Of gie der gjin fûgel dea? Haw ik my forsind, Alex? ALEX:
Lit ús der oer ophâlde. MONICA:
Mar der is dochs ien dea gien? ALEX:
It bern, woest sizze. MONICA:
Dêr wolle wy it net wer oer ha! ALEX:
Dêr soene wy net wer oer prate! MONICA:
Mar it is dochs deagien? Ien fan'e trije. Hwa syn fûgeltsje wie it nou mar wer? ALEX:
Dou soest der net wer oer prate! MONICA:
It is deagien! Dat kinst net samar weisiferje! Dat is bard! ALEX:
Wy soene alles forjitte! Ek dat it berne is, heel blau en lyts. En dat it doe dea gien is. Nei twa dagen al. MONICA:
Altyd yn itselde hoekje. Mar dy iene ha wy achter holden. Apart. Faeks woe dy út himsels net mear. ALEX:
(Mei klam) Wy wolle it der net mear oer ha!! Dea is dea. It wie syn eigen skuld. Dan hie er mar meidwaen moatten.
MONICA:
Hoe? ALEX:
Hy hat him net oan'e rigels holden! MONICA:
It wie dochs ús skuld? | |||||
[pagina 80]
| |||||
ALEX:
Hy hie mar flinker wêze moatten! MONICA:
Mear ite, bygelyks? ALEX:
Hy krige goed foer en... MONICA:
Drinken genôch. Ja, in prachtich giel wetterbakje. ALEX:
Mar hy hat it net wold. Hy hat it fordomd! MONICA:
Hwa? Alex? Oer hwa hast it? ALEX:
Wy ha it dochs oer deselde? MONICA:
Wy er fan my? Wie it myn fûgeltsje? Woe myn fûgeltsje net mear meidwaen? ALEX:
It wie dyn eigen skuld! Dou wiste net hoe't it syn gerak ha moast! MONICA:
Myn skuld? Hast it tsjin my? ALEX:
Dou hast it gjin goede bihanneling jown! It moast waerme wurde. Dat hast net dien! Folslein forgetten! Dou hast it as in bist bihannele! Werklik as in bist! MONICA:
Wie it myn skuld? Dou hast nea ien boek kocht! Net ien! Sels net ien pocket! Sels net sa'n heel guodkeape pocket hiestou der foar oer! Hwêr't alles ynstiet fan A oant Z! Hwêrst it mar neislaen kinste! As't sa's kocht hiest, soe it nea bard wêze! ALEX:
Dyn fûgel is dan dochs mar dea gien. Op sa'n heel gemiene goudkeape manier! Wylst der sels by wiest! MONICA:
Ik hie in hânboek kocht! In dik hânboek! ALEX:
Net wier! MONICA:
Ik ha it dy nea sjen litten! Ik woe sjen hwatstou der foar oer hiest! Ik ha mei spanning op dyn part yn'e saek wachte! Mar neat hjer! Helendal neat! Hy hie er helendal neat foar oer! ALEX:
It wie dyn fûgel. Ik bimuoide my net mei dyn saken. MONICA:
DOU HIEST DER HELENDAL NEAT FOAR OER! ALEX:
Wy wolle der net mear oer... MONICA:
Ik ha sels allinne in kouwe kocht. Net? ALEX:
It moat nou útwêze... MONICA:
Wistou wol dat ik in kouwe nédich hie? | |||||
[pagina 81]
| |||||
ALEX:
Ut! Net mear! MONICA:
Ik ha it allegear allinne útsocht. Foar dat earme dier fan my. ALEX:
Hy doarde allinne mar yn in hoekje to sitten! MONICA:
Ik ha noch pine yn it liif as ik dêr oan tink! Wistdat noch? En dou mar laitsje! Al mar mear en mear. Hwat hie'k doe in pine yn it liif! Freeslik! Die iene winkel yn en de oare út. Hwêr wiestou doe, skat? ALEX:
Ik wit it net mear. Al wer salang lyn. MONICA:
By in oare frou fansels. Dy't ek sa graech in fûgeltsje ha woe. Net? ALEX:
Dou hiest my tasein der net wer oer to praten. MONICA:
Hwat hie'k doe in pine yn't liif. En dou lakest mar. Hâld op, raesde ik... ALEX:
Raes net sa! MONICA:
HALD OP!, raesde ik. IK WOL NEA WER MEI DY! IK WOL NEA WER MEI DY OP BED! ALEX:
Se kinne ús boppe wol heare! MONICA:
Lit se it mar heare! It mei wol! Se meije it wier wol witte! ALEX:
Dou mienst net hwatst seist! MONICA:
Allinne mar pine yn'e holle krij ik fan dy! ALEX:
Sil'k hwat foar dy helje? In tabletsje? MONICA:
Jow my hwat to drinken. Gau! Ik droegje út! Ik wurd sa droech as in deade beam! Myn holle barst hast! ALEX:
(Jowt har ien) Hjir.
MONICA:
Set der noch ien neist! ALEX:
Dou moatst it ôfleare! MONICA:
Hoe woest sizze? ALEX:
It komt net goed as't safolle drinkst. Giest der oan kapot. Dat wist sels ek wol. Jierren giet dat nou al. En it wurdt aloan minder. MONICA:
Ik moat dochs hwat! Ik bin gjin man, lyk as dy. Om'e safolle nachten in oaren. Dan hie'k it net nédich. Leau mar net dat dit dan barde. | |||||
[pagina 82]
| |||||
ALEX:
En ik dan? MONICA:
(Laket) Kom hjir. Krijst in tút. Dat hast wol fortsjinne. In lytsen. (Se jowt him in tút)
Ik fiel my net goed, Alex. De hele dei ha'k al pine yn'e holle. ALEX:
Ik ha't dy al sein, it komt fan'e drank. MONICA:
Stil dou! Dat is't net! It komt troch dy! Om't ik oan dy fêst sit! Omdatstou my net loslitte wolst! Hâldst my fêst yn'e kouwe! len kear fongen, nea wer frij! Alfred en Elizabet kinne dwaen en litte hwat se wolle. Oan nimmen boun. Mar ik sit fêst! Hwat ha'k in pine yn'e holle. ALEX:
Ik sil tabletsjes helje. MONICA:
Dou kinst se net fine. ALEX:
Dan sykje ik. MONICA:
Dat dochst net! Dou weagest it net en gean hjir by my wei! (Alex rint nei de doar) Dou weagest it net en lit my hjir allinne deagean!!
ALEX:
Mar skat, dou giest net dea! MONICA:
It fûgeltsje is dea gien. Ik bin der wis fan. It wie myn fûlgeltsje. De oare twa mochten fleane. Se libje noch. Se wurde wol hûndert jier. En ik sit finzen. ALEX:
Skat it is de drank. MONICA:
It is de drank net! Ik wol dea en ik sil dea! Mar net werom! Hearst dat? Net werom! Nea! Ik bin in fûgeltsje en ik bliuw in fûgeltsje en ik sil tsjilpe! In ôfskiedkonsert. Rop de oaren ek! ALEX:
De oaren binne boppe. Wy kinne har better net steure, Monica. MONICA:
(Slacht mei beide hannen op'e toetsen fan'e piano)
Ik siz dy rop de oaren!! ALEX:
Kom der wei! Dou kinst net iens pianospylje. (Se slacht openij op'e toetsen)
MONICA:
Sil ik harren sels roppe? Ja? Of né? Hwat dogge se dêr boppe? Dou bist húswarder, dou hearst to sjen hwat der bart! ALEX:
(Pakt har beet) Monica nou hâldst dy stil en direkt!
MONICA:
Lit my los! Ik moat spylje! Sliepferskes foar de lytse jonge. | |||||
[pagina 83]
| |||||
Hy kin net sliepe as syn mem net foar him spile hat. Hwat dochst dêr boppe, Alfred? Kinst net sliepe, jonge? Hat mem to folle leven? ALEX:
Dou bist siik! Dou bist... MONICA:
Jaloersk? ALEX:
Dou moatst... MONICA:
Alfred! ALEX:
Dou moatst op bêd. Dou bist lang net goed. MONICA:
Ik bin net goed! (Laket) Helendal net goed! In forskriklike pine yn it liif. Haw ik dat net earder hawn? Alfred? Alex?
ALEX:
Ik sil dy op bêd bringe. (Hâldt har stevich beet)
MONICA:
Mei dat blauwe fûgeltsje, hie'k doe ek pine yn't liif? ALEX:
Sjit op! MONICA:
(Sjongt) Ik gean al, ik flean al, de doarkes bin noch lang net ticht. (Se sille togearre ôf. Dan stiet Alfred yn'e doar)
ALEX:
Leist noch net op bêd? ALFRED:
Sa'st sjochste. ALEX:
It wurdt heech tiid foar dy. ALFRED:
Sil'k dat sels mar regelje? ALEX:
Hwat wer in domme set fan dy, Monica. MONICA:
Hâldt dy stil. Dou bist dronken. ALFRED:
Gean dou mar op bêd, Alex. Ik moat krekt even mei Monica prate. ALEX:
Goed. Sa'st wolste. (Giet ôf)
ALFRED:
Gean sitten. MONICA:
Hwêrre? ALFRED:
Foar myn part op'e groun. (Se giet op'e groun sitten, tsjin'e bank oan. Fuotten langút. Alfred giet langút op'e bank sitten)
MONICA:
Goed. (Stilte)
Wolst ek in sigaret? ALFRED:
Jawol. Tanke. | |||||
[pagina 84]
| |||||
Bist noch dronken? MONICA:
Pine yn'e holle. In bytsje mar. Heart der by. ALFRED:
It komt net goed mei dy. MONICA:
Miskien. Wy sjogge it wol. ALFRED:
Dat seiste froeger al, doest noch yn'e hûs wieste. Wy sjogge it wol mem, meitsje jo net drok. It komt fansels. MONICA:
Se is der net mear. ALFRED:
Né. MONICA:
Wy ha gjinien mear. ALFRED:
Hoe woest sizze? MONICA:
Hen? Ik ha myn holle der net goed by. Dat haw ik altyd as ik drink. Kinst hwat lûder prate? Hwat dúdliker? Ik wurd âlder. Ik bigjin in âld wiif to wurden, jonge. Dat krijst, as't in bulte meimakke hast. Dat bliuwt jin net yn'e klean sitten. Leau dat mar net hjer. Soks forjitst net maklik. ALFRED:
Hoe woest sizze? MONICA:
Och, lit mar. Safolle. Tofolle om op to neamen. Al dy keardels dy'k hawn ha. Soms fijn. Fral as't allinne yn'e ellinde sitst. Dan is waermte kostber. As't it wol útraze kinst, dan dochst hwat jonge. Dat sil'k dy sizze. Dan giest troch alles hinne. As't gjinien mear fortrouwe doarst, bist bliid mei de waermte fan in deade mosk. ALFRED:
En Alex dan? MONICA:
Dat is út. Al jierren. Foar de wrâld in lokkich pear en fierder giet elk syn eigen gong. Ja, dêr hoecht net wer oer praet to wurden. ALFRED:
Alex hâldt fan dy. Witst dat? MONICA:
Hoe witstou dat? ALFRED:
Dat hat er my forteld. MONICA:
Ik leau dy net. ALFRED:
Oars hie er dochs al jierren mei in oaren troud west. MONICA:
Hy hat my nédich. ALFRED:
Hwerom helpst him dan net? | |||||
[pagina 85]
| |||||
(Stilte)
Monica? Hwerom stekst gjin hân nei him út? MONICA:
Ik praet der leaver net oer. (Alfred giet neist har sitten)
ALFRED:
Hy hat dy nédich, witst dat? MONICA:
Miskien. ALFRED:
Hwerom dochst it dan net? (Stilte)
MONICA:
Ik kin it net sizze! (Stilte)
Ik kin it net sizze!! (Stilte)
Siz ris hwat!! (Stilte)
Siz ris hwat fordomme!! (Se falt tsjin syn skouder oan. Gûlt. Krûpt tsjin him oan)
Ik wol net wer by dy wei. Ik wol it net! Hearst my? Ik bliuw hjir altiid. Altiid!! Ik ha it mem tasein. Ik hâld my oan myn wurd! Nea gean'k werom. Nea! ALFRED:
It sil wol moatte, Monica. MONICA:
Dan hingje ik my op. ALFRED:
Dat mienst net. MONICA:
(Sjocht him mei greate eagen oan) Né? Tinkste? Soe it dom fan my wêze en doch it?
ALFRED:
Kom hjir in kear faker útfanhûs. MONICA:
En Alex dan? ALFRED:
Dy nimst mei. Gesellich. Krekt as nou. Allinne in bytsje minder drank. Allegear hwat rêsticher, hwat minder spannend. MONICA:
En dou dan? Bliuwstou hjir allinne? ALFRED:
Elizabet bliuwt hjir, krekt sa as altyd... MONICA:
In hoerekeet is't hjir! ALFRED:
Sille wy mar dwaen hwat ús it bêst taliket, Monica? MONICA:
Moatst it mar witte! Jim mei jim moaije glêdde maskers foar! | |||||
[pagina 86]
| |||||
En mar glimkje! Mar yntusken! As bisten libje en ús de les lêze wolle! ALFRED:
Haw ik dat dien? MONICA:
Ik wit it net. Noch nea ha'k witten hoe't de wrâld yn elkoar sit. Hwat bijinoar past en hwat net, ik ha de dingen noch nea útinoar hâlde kinne. Allinne tsjin'e tralies oanfleane. Ik kin nea de juste doar fine. Ik fljoch altyd to pletter. ALFRED:
Hwannear sille jim fuort? MONICA:
Ik wit net hwannear't Alex ôfstekt. ALFRED:
Allinne? MONICA:
Allinne. Dou kinst net sûnder my. Werklik wier net. Mem is to gau stoarn. Dou hast safolle misse moatten. Ik bliuw hjir om foar dy to soargjen. Oant de dea ús skiede sil. Wolst my ris oer it gesicht aeije? ALFRED:
Foar in leafdesforhâlding moast by Alex wêze. Dy heart by dy. MONICA:
Dou doarst net, dat is't him. Dou soest graech wolle, mar dou doarst net. Ik sil dy helpe. Moast dochs in kear troch it fjûr. ALFRED:
As ik siz dat ik der gjin bihoefte oan ha, bin ik dan dúdlik genôch, Monica? MONICA:
Myn foet is sa sacht. Fiel mar. (Leit har skonk op syn knibbel) As in sacht foarjier. Toe mar. (Se pakt syn hân)
ALFRED:
Nei boppen en oars ha'k leaver datst moarn daelk fordwynst! MONICA:
Mienst dat? Rin ik to fluch út ein? Stadichoan is better nou? In man moat net oerrompele wurde. Stadichoan. (Elizabet komt yn, bliuwt by de doar stean)
ELIZABET:
Steur ik jim? MONICA:
Hwat dochstou hjir? ALFRED:
Net yn't minst, Elizabet. Nim Monica mei nei boppen ta. ELIZABET:
Ja..., ja goed. Ik..., ik sil it dwaen. MONICA:
Dou skrikst dochs net, skatsje? Giest mei? Ik gean op bêd. (Elizabet stiet yn twifel)
Of hast ek hwat to bipraten? (Elizabet swijt) Nou goed, oant moarn dan. Oant moarn. (Of)
| |||||
[pagina 87]
| |||||
(Elizabet en Alfred steane tsjininoar oer)
ELIZABET:
Ik... ik... ALFRED:
Is der hwat? ELIZABET:
Alfred ik... ALFRED:
Siz it mar. ELIZABET:
Giest... giest mei nei boppen ta? (Se rint daelk de keamer út. Hy bliuwt stean)
| |||||
7ALEX:
(Komt op mei koffer. Ropt:) Nimstou de oare, Monica?
(Stilte. Hy rint nei de doar ta, ropt:) Bringstou de oare koffer ûnder?
MONICA:
(Boppe) Ik kom!
(Alex rint hwat yn'e keamer hinne en wer. Monica bliuwt wei. Alex werom nei de doar ta)
ALEX:
Slagget it? MONICA:
Ik kom der oan! (Monica op mei in lytsere koffer)
Dêr is er dan. Asjobleaft. ALEX:
Tanke. Ha wy neat forgetten? MONICA:
Ik soe't net witte. ALEX:
Skuon, strikken... MONICA:
Alles sit der yn skat. Meitsje dy mar net drok. Hoe lang ha wy riden? ALEX:
In ûre as trije hie'k wurk om hjir hinne. MONICA:
Dan moatte wy nou fuort. ALEX:
Elizabet makket sterke kofje en dan sette wy ôf. MONICA:
Noch even boppe sjen of't er neat mear leit. (Monica ôf. Stilte. Alex wachtet. Op't lêst nei de doar)
ALEX:
Monica! Hwer bliuwst? (Elizabet komt mei kofje)
ELIZABET:
Hjir is dyn kofje. Dêr bliuwst wekker fan. | |||||
[pagina 88]
| |||||
ALEX:
Tanke. ELIZABET:
Oan alle feest komt in ein. ALEX:
Siz dat wol. ELIZABET:
Komme jim werris werom? ALEX:
Fansels! Hwer sit Alfred? ELIZABET:
Op syn keamer. Komt daelk nei ûnderen. In pear dingen moatte heech nédich op'e post. ALEX:
Hy mei dêr wol bliuwe as er it to drok hat! ELIZABET:
Hoe bidoelst dat? ALEX:
Sa'k siz. ELIZABET:
Hy komt daelk wol. Hwer is Monica? ALEX:
Boppe, om to sjen of't der neat mear leit. ELIZABET:
Oh. (Stilte)
ALEX:
Wy binne oan heel hwat plannen net takommen. ELIZABET:
Hwat seist? ALEX:
De tiid wie to koart om alles nei to kommen. Men tinkt yn in foech wike de heale wrâld ôfreizgje to kinnen. Mar dat falt ôf as men sa'n hûs treft as dit. ELIZABET:
Dus goed foldien? Moai sa. (Alfred komt yn)
ALFRED:
Hast kofje? (Tsjin Alex) Ha, jim koffers steane klear. Der is wer in ein oan it feest kommen.
ALEX:
Spitigernôch wol. ALFRED:
Gauris weromkomme fansels. Jim binne altyd wolkom. Dit âlde dûmnyshûs hat fan tiid ta tiid in pear fan dy stêdsminsken as jim nédich. ALEX:
Hwer bliuwt Monica nou salang? ALFRED:
Se siket hwat, tink? Froulju ha sa'n bulte fan dy lytse dinkjes. ALEX:
Mooglik bliuwt se wol boppe... se... ALFRED:
Meitsje dy net ûngerêst. Of moatst sa nédich fuort? ALEX:
Ik net. Se hat wol faker kuren. | |||||
[pagina 89]
| |||||
ELIZABET:
Sil ik ris boppe sjen? ALEX:
Moatst har net twinge... né, bliuw hjir mar. ALFRED:
Mar jim moatte al hast fuort net? ALEX:
Eh... ja... hwat sil'k sizze. ALFRED:
Of woene jim leaver bliuwe? ALEX:
Der is in tiid fan kommen en in tiid fan gean. Hwat better it foldocht, hwat minder men fuortkomme kin. Mar it moat nou wer útwêze. Hat it jim hwat foldien? ALFRED:
Hm hm. ALEX:
In frjemd stel net? ALFRED:
Och, ik wit net. ALEX:
(Tsjin Elizabet) Soest wol ruilje wolle?
ELIZABET:
Slim to sizzen. In elk hat sa syn eigen plak. Men foroaret net maklik. Soe se it net fine kinne? ALEX:
Ik soe wol ruilje wolle... ja... dêr hoegde ik net lang oer to tinken (Monica komt op)
MONICA:
Bist noch net fuort, skat? ALEX:
Ik stie hjir op dy to wachtsjen. ELIZABET:
(Tsjin Monica) Hjir is dyn kofje.
MONICA:
Ik bliuw hjir noch in dei. Dat wiene wy ôfpraet. ALEX:
Dat wiene wy net ôfpraet! MONICA:
Dat wiene wy wol ôfpraet! Wolst forfelend wurde op it lêste momint? Wylst alles sa fijn west hat? Och né, lit my net sa'n drokte meitsje om neat. Dat is net aerdich tsjinoer jim. ELIZABET:
Ik sil dyn jas helje. It wurdt tiid dat jim fuortgeane. MONICA:
Lit mar. Ik doch it sels wol. (Rint nei de doar ta, bliuwt stean) Fine jim it net goed dat ik hjir noch in dei bliuw?
ALFRED:
Och... fansels... ELIZABET:
Alex wol graech datst... MONICA:
Hwerom meitsje jim dan sa'n drokte? It is krekt of wolle jim my fuortstjûre! (As in bern:) Nou moat it lyts fanke wer mei
| |||||
[pagina 90]
| |||||
heit nei hûs. It hat hjir al salang west. Letter mar werris komme. As muoike better is. ELIZABET:
Hwer hast it nou oer? MONICA:
Wachtsje mar, dat komt noch wol. Hwat stiest dochs to treuzeljen, Alex. As't op tiid thús wêze wolst, moast nou fuort. It wurdt heech tiid. Jouns faek mistbanken op'e wei en dou bist al sa'n minne rider. It wurdt nou dochs heech tiid hjer. Wy moatte gjin ûngemakken ha. Dat hoechst net, as't mar net to let fuort giest. Dat gejei is nearne goed ta. Dou moatst nou opstappe, Alex! ALEX:
En dou dan? MONICA:
Doarst net allinne to riden? Dou bist hjir ek allinne kommen en dat is ek goed gien. Gjin skramke op'e auto en dat mei al dy drokte. Dou kinst bêst allinne. ALEX:
Mar wy wiene oars ôfpraet! MONICA:
Meitsje hjir gjin scène! ALEX:
(Lilk en machteleas) Mar wy wiene oars ôfpraet!! Dou soest mei my werom nei hûs! Wy soene dizze kear togearre! As in pear! In echt pear!!
MONICA:
Dat is nou net oan'e oarder. ALEX:
DOU GIEST MEI MY NEI HUS! EN NOU DAELK! ALFRED:
Sille wy... ELIZABET:
Jim wolle tink... MONICA:
Bliuwe jim hjir mar, bern. Alex is daelk fuort. Dan is jim rêst werom. ALEX:
(Machteleas) Astou nou net meigiest dan...
MONICA:
(Laitsjend) Dan riidst dysels topletter tink?
ALEX:
Astou net meigiest dan... MONICA:
Hjir binne dyn koffers. (Alex bliuwt stean mei de koffers yn'e hân)
Sil ik de doar foar dy iepen dwaen? (Se rint nei de doar)
ALEX:
Hwannear komst werom? MONICA:
Moarntojoune om dizze tiid bin'k thús. Ik biloof it dy. Wier. Dou kinst op my oan. | |||||
[pagina 91]
| |||||
ALEX:
(Hy hat it opjoun) Toe dan mar. Omdatstou it bist.
Omdatst it sa graech wolst. (Hy rint mei de koffers nei de doar, sûnder Alfred en Elizabet oan to sjen, tryst:)
Nou eh... bitanke hen. (Hy draeit him om) Ja, wol bitanke. Oant sjen. (Giet ôf)
ALFRED:
Oant sjen. Goeije reis. (Hy is al troch de doar) Goeije reis hjer.
MONICA:
Sa, dat is ek wer klear. As er foarsichtich riidt, kin er krekt yn twa ûren thús. Hwat steane jim dêr stom to sjen. Wy rûmje de boel op en dan meitsje wy it ús gesellich. ELIZABET:
Hwa soarget nou foar him? MONICA:
Hy rêdt himsels wol. ELIZABET:
Kinstou dat oer dyn hart krije? MONICA:
Hwerom net? Hy is tige selsstannich. Ald en wiis genôch. ELIZABET:
Kin er itenside? MONICA:
Ik leau it net, hy rêdt him mar. ELIZABET:
Ik hie leaver datst mei him gien wiest. ALFRED:
Sille wy dêr mar oer ophâlde? In dei is noch wol oer to kommen. ELIZABET:
In frou heart by har man to bliuwen. MONICA:
Ik wol der net mear oer prate. Giest joun noch fuort, Alfred? ALFRED:
Ik moat de post noch trochnimme, dat doch ik boppe op myn keamer. ELIZABET:
Dou hiest mei him gean moatten! Dou bist tokoart sketten! ALFRED:
Ik sil nei boppen. (Of)
(Monica bringt kopkes en glêzen nei achteren, Elizabet bliuwt stean, yn harsels)
MONICA:
Bist net goed? ELIZABET:
Ik fiel my bêst. MONICA:
Hwerom stiest dêr dan sa to dreamen? (Stilte)
Siz ris hwat. ELIZABET:
It moat tige slim foar him wêze. Hy is iensum. Dit fyn'k noch slimmer as hwannear't men ien forlern hat. Twa deade mins- | |||||
[pagina 92]
| |||||
ken nêst elkoar. Sûnder ien foarm fan kontakt. MONICA:
Wolst ek ien? (Nimt sels in romerfol)
ELIZABET:
Men giet togearre fuort op in dei mei moai waer. Nei it swimbad bygelyks. Litte wy it simpel hâlde. Men swimt it iene baentsje nei it oare. Togearre. Neist elkoar. En dan wurdt de iene net goed. Hy kriget wetter yn, bigjint hoastjen, wurdt blau. Hy fordwynt ûnder wetter, ropt om help. Mar de oare swimt troch, sjocht nou en dan om en giet fierder. Gjin hân stekt se út. Se lit him stadich forsûpe. MONICA:
Hwat bist wyt de lêste dagen. Ik leau, dou fielst dy net goed. ELIZABET:
Lokkich dat der gjin bern binne. Se soene yn it gers stean en raze: Help him dan! Help him dan! It is syn skuld net! Mar sy swimt troch en sjocht mei in skean each hoe't oaren him út it wetter helje. En sy swimt troch. Allinne. As wie der neat bard. MONICA:
Dou fielst dy net goed de lêste dagen! Ik sjoch it oan dy! Witer. Folle ûnrêstiger. Krekt as is der hwat. ELIZABET:
Der is neat. Hwannear silst nou fuort? MONICA:
Ik wit it noch net. ELIZABET:
Hwat nou? Soest moarn werom hast sein. MONICA:
Miskien. ELIZABET:
Hâldst dy net oan dyn wurd? MONICA:
O, jawol. ELIZABET:
Dus moarn. MONICA:
Kom hjirris. ELIZABET:
Hwat wolste? MONICA:
Ik moat dy bisjen. ELIZABET:
Hwerom? MONICA:
Kom ris. (Elizabet docht it. Wifeljend. Monica nimt har gesicht yn har hannen, draeit it hwat, sjocht Elizabet yn'e eagen) Fielst dy wol goed?
ELIZABET:
Hoe sa? MONICA:
Ik freegje it mar. | |||||
[pagina 93]
| |||||
ELIZABET:
Ik wit it net. Soms... soms... MONICA:
Is alles op'e tiid? ELIZABET:
Hoe woest sizze? MONICA:
Dou bigrypst my wol. Ik sjoch it oan dyn eagen. Dou hast noch gjin erfaring yn dy dingen, mar ik hie it al earder sjoen. ELIZABET:
It... it kin sa gau net! It... it is net wier! MONICA:
Dou witst sels it best hwatst dien hast, tink? ELIZABET:
Mar dat kin net! MONICA:
Ik sjoch it dúdlik! ELIZABET:
Alles is op'e tiid! MONICA:
Dou silst it wol gau merke. It is spitich foar dy. ELIZABET:
It is net wier! Ik kin sa gau net! MONICA:
Dou kinst net ûngestraft dyn gong mar hwat gean. ELIZABET:
It is net wier!! MONICA:
Ik sjoch it dúdlik oan dyn eagen. Dou bist noch in bern yn dy dingen. Hast noch nea soks meimakke. ELIZABET:
Tinkst dat it sa is? MONICA:
Bern net sa oerstjûr. It komt de measte froulju ien kear oer. ELIZABET:
Mar Alfred! Alfred... MONICA:
Dou silst hjir weimoatte. Sa gau mooglik. Foardat ien yn it doarp it to witten komt. Dan kin Alfred syn koffers wol klearmeitsje. ELIZABET:
Mar... it is noch net wis! MONICA:
Bern hwat soestou der fan witte. Dou wennest hjir op in eilân. De gewoane dingen fan it libben geane hjir oan dy foarby. Mar de foartekens binne der. Ik sjoch it klear. Moatst sjen datst hjir weikomst! Dou moatst joun noch fuort. Sokke nijtsjes geane as fjûr troch it doarp. As ien dy moarn sjocht, wit it hele doarp it oer twa dagen. ELIZABET:
Der is moarntomiddei resepsje... ik... MONICA:
Dat kinst net weagje! It soe Alfred syn baen kostje! | |||||
[pagina 94]
| |||||
ELIZABET:
Mar ik bin der net wis fan! MONICA:
Leaust my net? Tinkst dat ik sa ûnnoazel bin yn dy dingen? ELIZABET:
Ik wol hjir net wei! Alfred kin my net misse! MONICA:
Dêr wit ik wol rie op. Ik nim dyn plak yn. ELIZABET:
Dat wol ik net! MONICA:
Wolstou hjir ta skande troch it doarp rinne? ELIZABET:
Alfred kin my net misse... ik... MONICA:
Meitsje dyn koffers klear! Allinne de dingen dy'st earst brûke moatst. It oare stjûr ik dy nei. As it doarp it to witten kaem, wie Alfred foar syn libben tekene! Meitsje dyn koffer klear! ELIZABET:
Hwer moat ik hinne? MONICA:
Dou bist oerstjûr. Ik kin it my yntinke. ELIZABET:
Mar ik bin der net wis fan!!! MONICA:
Miskien is't noch better datst daelk giest. Dan pak ik alles foar dy yn en forstjûr it moarnier bitiid. (Elizabet stiet foar de spegel, bisjocht harsels)
Sjochst it? It is dúdlik to sjen. ELIZABET:
Ik sjoch neat! It is krekt lyk as oars! MONICA:
Dou bist oerstjûr. It komt dy oer't mot. Dat hat elke frou. It komt altyd ûnforwacht. (Se nimt in kaei út har tas) Sjoch, hjir is de kaei. Kinst krekt de lêste trein helje.
ELIZABET:
Kaei? Hwatfoar kaei? Hwat moat ik mei dy kaei? MONICA:
Dou hast it adres en op it stasjon nimst mar in taxi. Hy is noch net op bêd. Hy is altyd let jouns. ELIZABET:
Moat ik nei... MONICA:
It liket my better datst net mear mei Alfred praetst. As alles achter de rêch is, komme wy togearre op bisite. ELIZABET:
Mar Alfred... MONICA:
Dou meist it him net oandwaen! Hy soe it net forneare kinne! Dyn trein giet oer in kertier. ELIZABET:
Ik moat noch safolle mei him biprate! MONICA:
(Bigjint har foarsichtich de doar út to triuwen)
| |||||
[pagina 95]
| |||||
It sil slim wêze as er it heart. Ik sil myn bêst dwaen him to helpen om der wer oerhinne to kommen. ELIZABET:
Lit my los! MONICA:
Ik stjûr moarnier de koffers mei klean. Skilje mar gauris. Dou moatst nou oanmeitsje! ELIZABET:
Ik kom werom! Ik lit him... MONICA:
In goeje reis en de groeten oan Alex. It is sa'n skat. ELIZABET:
Mar ik bin der net wis fan! MONICA:
Goeje reis! ELIZABET:
Is er wol aerdich? Falt er wol ta? MONICA:
Dou mist dyn trein noch! Hast de kaei? ELIZABET:
Ik... ik bin der... MONICA:
(Achter) Dochst de groeten? (De doar falt ticht. Monica komt werom, sjocht om har hinne, harket. Nimt in romerfol. Rint by de boeken lâns. Giet achter de piano sitten, slacht mei twa hannen op'e toetsen. Wurdt ûnrêstich. Sjocht achter de gerdinen)
Alfred! Alfred, bist boppe? (Stilte) Bist boppe? (Ropt by de doar) Bist boppe? Alfred? Hwer biste?
ALFRED:
(Boppe oan'e trep) Is der hwat?
MONICA:
Kom hjirris. (Alfred komt yn)
ALFRED:
Bist allinne? MONICA:
It is hjir sa stil. Ik kin der net oer datstou allinne boppe sitst en ik allinne ûnder. ALFRED:
Hwer is Elizabet? MONICA:
Fuort. ALFRED:
Se seit oars altyd hwer't se hinne giet. MONICA:
Se is fuort. Foargoed. Se is fuortroun en komt net wer werom. ALFRED:
In wrang grapke. MONICA:
Dou bist net folle wend. ALFRED:
Hwer is se hinne? | |||||
[pagina 96]
| |||||
MONICA:
Se is útnaeid. As in bern is se it hûs útslûpt. Doe't gjinien it seach. Fuortroun sûnder dat heit it wist. Se doarde him net ûnder eagen komme. ALFRED:
Hast my dêrom fan boppen roppen? MONICA:
Is it dan net wichtich, in nije frou yn'e hûs? Mei al dy foroarings dy't dy miskien to wachtsjen steane? It folwoeksen mannelike libben datst nou liede silste. ALFRED:
Ik kin dy net folgje. MONICA:
Dan sil ik it dy noch ien kear sizze en sa dúdlik as ik kin: Elizabet krijt in bern. Miskien. ALFRED:
Mar... MONICA:
Dêrom is it better dat se hjir weigiet. Se woe leafst sa gau mooglik. Se hat gjin ôfskie mear nimme kind. Wolstou by him bliuwe, frege se my. Hy is by dy yn goede hannen. Soargje foar him sa goed as't kinst. Rin net fuort. Bliuw by him. ALFRED:
Dit... dit is... MONICA:
Meitsje dy gjin soargen! ALFRED:
... myn skuld. Ja, it is myn skuld. Ik... MONICA:
Se hat it goed by Alex. ALFRED:
Ik haw it witte kind! It is myn skuld! MONICA:
Togearre sille wy it gesellich ha, tinkt dy net? In bulte minsken op bisite en nearne oer prate. Dat forjitte wy. Men moat net altyd oer froeger prate. ALFRED:
Dus dou bliuwst hjir? MONICA:
Fynst dat net fijn? ALFRED:
En as ik dat net wol? (Drygjend:) As ik siz datstou fuort gean moatst? As ik dy net yn dit hûs ha wol? Hwat dan?
MONICA:
Ik kin net werom! Ik moat hjir bliuwe! Se hat'e kaei en de trein is al fuort! Hy sil har mei iepen earms opwachtsje. ALFRED:
En as ik wol datstou fuortgiest? MONICA:
Ik kin net! Myn plak is biset! Ik bliuw hjir! Ik ha it mem tasein! ALFRED:
GEAN FUORT! DONDERJE OP! | |||||
[pagina 97]
| |||||
MONICA:
Ik ha gjin plak mear! (Se komt ta harsels) Ik sil hjir heel âld wurde, mei in kat op'e skurte. Sacht spinne, jier yn, jier út.
ALFRED:
It is myn skuld! Ik hie better witte moatten! Ik... ik koe it dochs ek net witte? Monica? Koe ik witte dat dit barre soe? MONICA:
Né. Dou koest it net witte, omdatst my net frege hast. Dyn âldere suster wit ommers alles. Se bliuwt by dy. It sil net wer barre. En gjinien sil it witte. Wy wurde heel âld togearre. Dan sitte wy op'e bank. Sa. (Se sitte nêst elkoar) En dan siz ik: Wy binne âld, Alfred jonge. Wy ha in bulte meimakke. En dan seistou: Ja, ja wy ha in bulte meimakke. Der binne net folle minsken dy't safolle meimakke ha.
ALFRED:
En dan sizze wy neat mear. Dan binne wy de hele joun stil. Omdat alles al bipraet is en omdat wy der nea útkommen binne. MONICA:
Alde minsken yn in great hûs. ALFRED:
Omdat wy der nea wurden foar fine kinnen ha. MONICA:
Foar al ús gemienens... ALFRED:
Foar al dy dingen dy't wy net wêze woene. Foar al dy dingen dy't wy net dien ha, wylst wy it wol wisten. Noait der hwat oan dien. Al mar sluorkje litten. MONICA:
Miskien... miskien... omdat wy bang wiene... ALFRED:
Of omdat wy elkoar to goed koene. MONICA:
Ja, miskien dêrom. ALFRED:
Omdat it myn skuld wie. Ja, omdat it myn skuld wie! MONICA:
En ik dan? ALFRED:
Dou wurdst âlder. En op in dei as't genôch fan my hast, rinst hjir wei nei him werom en krûpst tsjin him oan. Oant dat wer foarby giet. Komst hjir wer hinne, wy sitte togearre op'e bank, âld en forsliten en dan op iens seist wer: Ik wit it net... ik kom altyd foar de tichte doar... En dan siz ik: Stil mar. Ik kin dy wol. Dou hoechst it net mear to sizzen. MONICA:
Ja, dou kinst my wol. ALFRED:
Ik ha dy al salang troch. MONICA:
En Elizabet dan? | |||||
[pagina 98]
| |||||
ALFRED:
Dy ek. Trije fûgels binne wy, dy't altyd yn in kouwe sitten ha. Dan kin men net mear bûten elkoar. MONICA:
Op in dei giet in fûgel dea. ALFRED:
Ek dat. MONICA:
En dan jowe wy elkoar de skuld. ALFRED:
Kin wêze. MONICA:
Omdat wy net better op elkoar past ha. ALFRED:
Omdat wy net genôch noed foar inoar stien ha. MONICA:
En dan? ALFRED:
Ik wit it net. MONICA:
Wy komme der dochs nea achter. ALFRED:
Dêrom. MONICA:
Sille wy dan mar? ALFRED:
Ja goed. (Se geane ôf)
|
|