| |
| |
| |
[Nummer 1/2]
| |
| |
| |
Leo Popma /
Dalek
In skimespul
De skimen:
|
MAN |
... |
in slaef fan it systeem; mear út leffens as út frije wil; mar net to forûntskuldigjen; in wreed stik ark yn de hân fan de machtigen, út liifsbihâld |
FROU |
... |
ien fan it lytse oantal dat ik systeem troch hat en him, nettsjinsteande eigen swakkens, to war stelt |
PAEN |
... |
de slachtoffers, skuldich grif; mar oerlevere oan in willekeur, dêr't elk op eigen wize ûnder út bisiket to kommen |
SIFFER |
|
KAMMEREEN |
|
PRYSTER |
|
RJOCHTER |
|
GENERAEL |
... |
it Hof; fortsjintwurdigers fan it systeem |
BOARGER |
|
PREDIKANT |
|
STIM |
... |
mear dy fan it systeem, as fan it gewisse |
FOLK |
... |
de technyske werjefte fan it publyk |
| |
| |
It spylflak is in lege romte, dêr't foar- en achterplan fan oanjown wurde troch de biljochting, dy't de skimen hieltyd yn in soarte fan ljochtsirkel hâldt. Sy biwege har yn de sirkel en it skimerige rânnegebiet. It tsjuster bigrinzet elke hanneling.
It foarplan is it terrein fan de Man en de Frou. It achterplan is de sel fan de trije manlju.
Britsen, banken, stuollen ensfh. bin réaliteit; it traeljefinster hoecht mear net to wêzen as in ljochtplak yn it tsjuster fan it achterplan; it stek is fan tou to knopen.
It spul wurdt net fan de werklikheit skaet troch ‘doek’.
DE MUZYK is b.g. Air fan J.S. Bach yn de biwurking fan EKSEPTION.
De TUNE is in oankundigingsdeun, in klinysk, steryl, elektronysk sein, dat de Birjochten ynliedt en ôfslút.
De STIM is dy fan in nijslêzer.
De BIRJOCHTEN, it gehuil fan IT FOLK soms, de MUZYK komme rounom wei út LUDSPREKKERS op it spylflak en yn de seal.
De MAN draecht in unifoarm, learzens, pet.
De FROU is ienfâldich klaeid; bûten yn romme kleden om har yn to forskûljen.
De trije manlju drage unifoarme klean, b.g. in broek en in himd.
It HOF draecht de barokke klaeijing fan de fortsjintwurdige groep.
| |
| |
Muzyk; as it ljocht op it spylflak stiet muzyk út. Foarplan; de man en de frou sitte elk oan in kant fan de ljochtsirkel yn it skimerige rannegebiet. De frou is wekker, sit mei de holle foardel, folget yn spanning mar amper merkber de man, dy't achteroer yn syn stoel hinget, de fuotten op in twadde stoel, en bykomt ut 'e sliep.
(gappet, rekt him út, sit forwezen for him út to sjen) Kom, it moat wer wêze. Kammeraet. (gappet, rost syn rêch tsjin it bekling) It deiljocht ropt ús ta de swiete plicht. (gnysket) De dei brekt baen, seit Paen. (imitearret) Hen? (wiuwt gedachte fuort) Dy idioat. (Bigjint learzens oan to lûken dy't neist him op 'e groun lizze) . Né, dan Siffer, dy seit hwer't it op stiet. (siteart) Dizze dei, Vanlaer, stjonkt nou al mear as dyn asem, dyn krús, dyn oksels en dyn fuotten meiïnnoar. (spijt wrantelich op 'e groun) As ik dy nochris pakke koe, dat sekreet. In lyts skearmes soe dy tonge aerdich ynkoartsje. (hat learzens oan, leit wer mei beide skonken op 'e stoel, de hannen yn 'e nekke gear) Hoewol, dy Kammereen is ek net alles. Hwat seit dy dan ek? Jezus ja! (siteart) Alle dagen leit it ljocht mear tosken bleat. Godgodgod, hwat in stel.
By de namme fan Kammereen hat de frou har flechtich forroerd en de man even opnommen, as woe se der hwat tsjin yn bringe.
(tsjin de frou) Bist al wekker? Hwat woest sizze? (gnysket) heal tsjin har, heal foar himsels) Dêr sitte se, yn har neare koker. Se maffe har dagen roun, se breidzje de ûren oanelkoar mei har ûnsinnichheden. Se leauwe yn har eigen mearkes en wachtsje op 'e dei, dat myn hert it bi jaen sil en Vanlaer oer de side kwakt (makket gebaer; gnysket) . Se gobberje op har, dêrre. (smeulsk) Hen, Anna? (de frou réagearret troch to swijen) . It is tryst, mar ik bin net ûnforfangber. Der bliuwt har in bytsje hoop. (hat sigret oanstutsen, hoastet en sit foaroer om to bikommen) Dat krût helpt je langer ek ik grêf yn. (giet oerein) Mar goed, wy stean dan altyd noch oan diskant fan de treurline. Kom, kammeraet, it sil dyn tiid wol duorje. Wy dogge hwat ús to dwaen stiet. Hwat mear, hwat minder soms. (gappet) Se ha oan my de biroerdste ek noch net. Hwat mannichste bin wy hjoed? (gnysket; spotsk) 9.151! Wy sille dat swikje ris puonne.
| |
| |
De man rint it spylflak oer, fordwynt yn it tsjuster.
(ropt him nei) Vanlaer, Vanlaer! (skrikt fan har eigen lûd; foar har út, biswarrend, biddend) Vanlaer, yn 'e godsnamme, treiterje har net. (slacht hannen foar it gesicht, holle op 'e knibbels; har lichem weeft as wol se in sangerige pine fordriuwe; it ljocht hellet har mear út de skimer wei.)
Lûdsprekkers: Yn de fierte stappen fan learzens yn in holle gong; dan it rammeljen fan in bosk kaeijen; lûd út.
(komt oerein) Houn; hwat in houn. (giet stean) Mei hwat foar in bist haw ik to meitsjen? (Midden op spylflak, stoarret forlern foar har út; har lichem wevelet, wylst se ûnforsteanber flústeret; wurdt har dan fan har omjowing biwust, skrillet justjes tobek, forhurdet dan; earst noch hwat twifelriedich, dan aloan saekliker en koeler) Eeh,
neat... It slagget langer net en hâld de rotsoai binnendoar. It is lef. Ik moat kieze tusken de leave frede en de wierheit. (stilte; dan wisser en rêdder) Goed, it is sein. It is in houn; in bist dêr't ik al jierren mei libje. God wit hoelang 't ik al mei dizze leagen huorkje. Wy hawwe praet, wy ha lake, wy ha frijt. Oait haw ik my oan him forslingere. Ik ha my deljown ûnder syn gewicht, syn macht, syn ûnforsteurbere dommens. De tiid forroun, syn twivel waerd minder, syn wissichheden waerden ûnnimber, syn hûd waerd in pantser dêr't ik my noch altyd oan bisocht to waermjen. (se hat har stoel nei it midden helje, giet sitten; har earms steune op it bekling bisiden) Freget er, hwat mannichste bin wy hjoed?, dan siz ik, né broer, net de 9.151 ste (sprek út: de njoggen, hûndert-ien-en-fyftichste) . It ynteresearret him net; miskien wit er better, mar... (lûkt oan de skouders) . Hij laket om har, hy fortrapet se as it nypt. Se bin syn libben, mar der komt in dei dat er se forriede sil, om it eigen liif der út to rêdden.
Ik skeelt net in soad, dat 's wier. (laket flau) Op 'e lange dûr skeelt it in bytsje.... 274. Dat makket de 9.425 ste (sprek út: de njoggen, fjouwer-hûndert-fiif-en-tweintichste) (fûl) It makket gjin forskil, se bin allegear gelyk, de 9.151 ste en de 9.425 ste. Allinne, it is 274 tellen tichter by de ein.
| |
| |
Lûdsprekkers: Stappen fan learzens yn de holle gong, wurde dúdliker, halde; gerammel fan kaeijen.
(koel en hurd) ; mar ek mei eangst yn de stim) Hjoed, de 9.425 ste. (giet wer fansiden stean, yn skimerljocht)
Ljocht op achterplan, skimerich en yn sirkelfoarm. Oan de rânne fan de ljochtsirkel trije britsen yn in heale sirkel, ien links, ien achter yn' midden, ien rjochts; de brits rjochts is in steapelbed, der't underste fan bisliept wurdt. Op elke brits in man under in skiere tekken. De man stapt fan rjochts yn de ljochtsirkel.
De frou op it foarplan is it hark-spul; it sjoch-spul spilet him op it achterplan of, as achter in glezen muorre; men sjocht it tafriel, mar fangt gjin inkeld lûd op!
De man skuort hjir en der in tekken tobek, jowt in dust op it fuottenein, skopt tsjin de poaten fan de britsen. As geasten komme de trije manlju heal oerein en stoarje sûnder emoasje foar har út. De man ropt tsjin har, wiist en kommandearret; de manlju harkje forwezen, komme fan de britsen of; teare tekkens op, skarrelje hwat om yn har domein.
(de frou stiet mei de rêch nei it achterplan) Jim ha se sjoen. Jim kenne se miskien? (laket koel) God, hwat in fraech. Hwat in streek. Ik bisykje jim mandélich to meitsjen yn dizze saek. Hâldt jim dêr bûten. Bliuw taskôgers. Lûk jim hannen der ôf. Fortel oan dyn man, oan dyn frou oer de frjemde dream fan dizze nacht.
Ik neam jim de nammen. Lit ús sizze, foar it gemak, om de dream neifortelle to kinnen. Hwant alle dagen is it itselde liet, hjoed, de 9.425 ste, oarehjoed, 9.426, hjoed oer in hjoed, 9.791.
By it neamen fan de data set de man mei in gebaer de trije oan ta in soarte fan ‘hoera’! Se dogge it mei houterige, sleauwe meneuvels by elke datum dy't de frou neamt!
Paen, Kammereen, Siffer. En hy, fansels, Vanlaer. Bidt foar him. En dan wie der Dalek, mar dy is fffftttt... (gebaer fan: fortrokken; dan sêfter, ûnwisser) En ik. Ik bin gjinien fan allen. (wifeljend) Ik bin se allegearre meiïnoar. (ôf)
| |
| |
De man is ôfgien. It ljocht op it achterplan wurdt nou helderder; de trije manlju sitte of lizze wer op har brits? Elk dwaende mei syn eigen beuzichheden. Der hinget de sfear fan in bigjinnende dei, mei mear unbestimde luden als dúdlike wurden, mei folle stilte om de lytse hannelingen hinne. Nei in hoartsje komt Paen oerein en biweegt him nei de ‘kalinder’, it boppeste sket oan it fuottenein fan it dûbelbed. De planke stiet fol mei tekens en heal útfage sifers! Paen siket om in stikje kryt, as er it net yn syn bûse blykt to hawwen wit er it to finen under de strie fan syn brits! Hy hellet in skras troch it ûnderste fan in rychje sifers en follet de nije datum yn: 9.425. It hat hwat fan in seremony, mar der sit ek dúdlik in stik tiidfolling yn! Achter de datum set er de trije letters, dy't ek achter de foargeande data stean, U, F, S; Paen skriuwt de letters del, nei't er troch in neamen fan de nammen fan syn maten Siffer en Kammereen om har miening frege hat. De twa réagearje oars net as mei in ofwêzich brommen, dat troch Paen yn in letter fortaeld wurdt; de S stiet foar Paen sels.
(hat al dy tiid mei de neilen fan syn teannen dwaende west) Noch hwat heard fannacht, Paen?
(nei stilte, flak) Né. (stekt de holle troch de romte tusken de twa bêdden en nimt Siffer in skoftsje op) Moatst op bisite hjoed? (doelt op syn teannen) Anna?
(lit him net opjeije) Bèèèèèh.
Kammereen is fol oandacht as er de namme Anna neamen heard. Lûkt mei syn gesicht as wol er der hwat tsjinyn sizze. Siffer hat dat yn 'e gaten, gnysket.
Dou miskien, Kammy?
(fûl en koartsich, soms profetysk, soms dreamerich) Sy is de iennichste dy't winlik hwat foar ús bitsjut. (wrantelich as de oaren gnyskje) Ach, kloatsekken, hwat birikke jim mei jim aksys? (wer solidair) Jim nifelje oan jim pleit sûnder ein. En hwat is it resultaet, aloan wer? Skythúspapier foar de magistraten. Wy meije bliid wêze as hy oait ris ien fan ús forsiken fierder bringt as syn jiskefet. De gerjochtichheit bigjint oarekant de drompel. Mar it is ien fan in apart soarte. Unifoarmen litte in bytsje fentilaesje ta. Dy frou is
| |
| |
de earste bûten dizze kast dy't twivel siedzje kin yn dy forkalking.
(spotsk, mar net ûnfreonlik) Tochtst dat wier, Kammereen? Dou hast har noait sjoen. Dou giest ôf op hwat Vanlaer hjir nou en dan oer har kwyt wol.
Dy inkelde kear dat se ús troch it lûk hwat oanrikt hat, hwat seit dat?
Har stim is dy fan in gelykens. De ûnrêst fan Vanlaer wiist út dat sy him net botte tegedien is. Har spanne jim noait foar jim karre. Sy is ús liifsbihâld, al sil se ús hjir woait út krije.
(fûl en grimmitich) En dêrom gean wy troch, hjoed, oarehjoed, ta yn ieuwichheit.
Siffer klimt op it boppebêd fan syn brits, dêr't er papier en pen to lizzen hat; hy set him oan it skriuwen.
Paen lûkt him werom op syn brits en leit op 'e rêch nei de solder to sjen.
Kammereen is yn 'e biheinde romte tusken de britsen dwaende mei syn moarnsgymnastyk. Paen jowt it ritme oan, dat Kammereen bitiden net folgje kin, en dat letter oer giet yn in militair kommando.
(flak, hwat binnenmûls) Ien, twa; ien twa; ien, twa; ien, twa... trije, fjouwer; links, rjochts, links, rjochts; hea, Jörgen, mafezel, links, rjochts. Der is dy noch gjin poat ôfsketten, hwat? Rinne dan, om bar dy peallen nei foaren, salang'tst se noch hast. Hup, links, rjochts. Goed, Jörgen, ien, twa; ien twa. Halt.
Kammereen stompt him op dat stuit tsjin it bedsket fan Siffer syn brits; hy stiet in momint forwezen Paen oan to hearren
(laket loom) Oh, oh, Kammy. Dý kinne se sûnder biswier gean litte. Dou makkest yn in leger neat mear klear; dou hast biwiist datst ûngefaerlik bist. Hwat my oanbilanget... (raest mei úthael) yn-ruk-kúúúú.
| |
| |
Dan ha se doch hwat birikt op dizze tweintich kante meter.
(dy't it oansjoen hat; droechwei) Ynsinuaesje, Kammereen.
Komt net wer foar, hen, Kammereen?
(nei in stilte, dy't folget op K, syn sizzen) Hwat wolst nou einliks, jonge? Hwerom fregest net om in oar plak ast hjir net bankje kinst. Dou seist net ja, dou seist net né. (wiist op syn papieren) Hwerom tekenest iderkear? Hwerom bigjinne dyn earen to risseljen, sadré't de sirene mar yn 'e loft is? Dou fordomst it om der by to hearren.
(guodlik) Dou moast kieze, Kammy, oars rekkest in kear tusken de rêdden fan dizze aerdige machine. It helpt dy gjin moer en strui hieltyd wer feninige spikerkes as de wals geweldich op dy ta rôllet. (hy leit op 'e rêch; mei syn hannen byldet er de driging út) Dou silst in granaet brûke moatte. Of, listlich achterom nei de kabine klimme, de earm om 'e hals fan de magistraet slaen en lûk him mei ien hael ûnder it tsjil fan syn machine. Mar ast ta gjin heldedied yn steat bist, rôlje dy dan geduldich yn 'e berm. Wachtsje yn it strewel oant it geweld foarby is. Fordraech de gleone stoom en it opspattend split, dat dy knoeit en hurdet. Miskien krigest ris in kâns.
(sit op syn brits; nei stilte; lykmoedich) Ik hear by jim, of jim wolle of net. Dat is myn kar. Ik bin gjin held, Paen, ik bin gjin leffert. Dus bin ik lef. Myn kânsen bin lyts. Der komt in dei dat jim de bongel fan jim foet traepje. Dêr hoopje jimme op. Miskien krij ik spyt. Ik tink fan net. As jim fuort binne, haw ik gjin reden fan bistean mear. Dan is de twivel dea. Wy gean mei ús trijën... ûnder, frij út, de forfrjemding yn, dea. Of wy kieze of net, wy slepe elkoar fierder en kinne neat as ôfwachtsje.
It ljocht is stadichoan swakker wurden! Lûdsprekkers: even it lûd fan de learzens yn de holle gong; de stappen hâlde yn; lûd fan in kaei dy't yn it slot stutsen wurdt en omdraeid; knarsen fan in metalen doar. Stappen op it achterplan; de man komt op en bliuwt yn it skimerige rânnegebied stean; as in hearsker sjocht er op 'e manlju del, dy't op alles gjin achtslein ha en yn tinzen sitten en lizzen bliuwe. Ljocht út. Even muzyk, dy't wer weistjert as de
| |
| |
folgjende scene bigoun is.
Ljocht op foarplan. Man en frou sitte mei in tuskenromte fan in meter neist elkoar. It is as prate se tsjin elkoar via de taskôgers. De muorre fan unbigryp makket foar elk fan beide de monologen mooglik.
(foarsichtich) Is der hwat?
Ik wit net. It soe kinne. (bigjint opnij) Dou bist bitiid werom, tinkt my.
Wel né... Dou hast dy forsliept, dêrom tinkst dat ik...
(nei stilte; foar harsels) Hy hâldt hwat achter. Hy is earder werom as oars. Der broeit hwat. Dizze dei wurdt lang. De kjeld kringt troch de muorren hinne. De romten hjir wurde kealer en leger. Wy moatte de ûren troch mei it stof en it reach dat yn de tsjustere hoeken achterbleaun is. Wy bin allinne.
(foar himsels) God, lit se ophâlde. Dat gesanger. Hwat moat ik tsjin har sizze? Se sil hysterysk troch de gongen jachtsje en my yn it ûngelok slepe.
(tsjin de man) Ik ha net sliept. De hiele nacht haw ik gjin wink yn de eagen hawn. Ik kin my net forsinne. Dou bist foar it earste Birjocht werom. Oars bist letter.
Né, der is neat. Ik fiel my bêst. Miskien bin ik hwat earder. Dat is tafal.
(giet hieltyd troch, foarsichtich hifkjend, nerveus, bang) Dochs altyd in ûre. (se is achter him lâns roun en krûpt tsjin syn skonken en knibbels; bliuwt op har hoede; mar bisiket ir oer in oare boech) Vanlaer... bist ek bang? Hwat sil der fan ús wurde, Vanlaer? Ik krij it mar net waerm hjoed. It is as ha se alle ruten iepen set. It is wynstil, men soe it amper merke. (huveret) Mar de kjeld snijt yn my fleis... (stilte)
| |
| |
Vanlaer..., hwat is der mei har?
(flak, nei wifeling) Se sitte byïnoar. Se binne byïnoardreaun, Yn ien sel. Achter yn It Fort. It folk wurdt roerich. It Buro hat bislist.
De frou skrillet forlamme tobek yn it skimerige rannegebiet; yn har silhouet untwaret men har untsteltenis. De man sit unbiweechlik, steil en hurd. Ludsprekkers: hiel yn 'e fierte even in flarde fan it lud fan de learzen yn de gong, as in reminisinsje!
(nei lange stilte; yn it skimerljocht; koel) Dou hast it witten.
Sý ha bislist. Ik bin wachter. Hwat soe ik?
Ik wist net mear as elk oar. Net mear as dy, net mear as dy trije. Wy witte likefolle..., nei Dalek.
(Leechachtsjend) Dalek, Dalek, Dalek. Dalek is it ekskús foar ús skuld. Se ha him fuortstjûrd om him har minsklikheit preekje to litten.
(laket koart en sinysk) Gelokkich, hy wie siik. Hy hie net lang mear libbe. Hy wie ûngenêslik siik. (stilte) En de Magistraten strieken mei har bleke, siden hannen oer...
(yn funksje) Hâld op, wit hwatst seist.
... oer har kaemjernen fest en skrokken suver fan de swakke hertslach dêr achter.
Sa ienfâldich wie it net.
Né, sa ienfâldich wie it net. Hwant in great part fan it folk soe twivelje oan it Rjocht. Mar smoarge hannen oan de dea fan in sike, âlde knar wie ek net alles. De oarloch is in yndustry, men fisket altyd wol hwat brûkbers op út 'e mouning fan it rioel. Se koene it har permitearje oer it swakke hert to striken. Dy trije bleaune oer as biwiis fan
| |
| |
hurd bilied; it folk soe neat tokoart komme. De Rjochtfeardichheit der Magistraten.
Dalek biwiisde de minsklikheit fan it Buro.
Of syn leffens! En de wraek op dy't noch oerbleaune.
Ludsprekkers: gerûs fan it ynskeakeljen. Tune as oankundiging fan it birjocht. By de tune forstiivje de man en de frou suver: sy stean roerloas to harkjen.
Birjocht oan it folk. Hjir folget in Birjocht fan it Buro oan it folk. De kwesty Dalek. Lykas justerjoun yn ús lêste Birjocht noch meidield wurde koe, hat it Buro oan it Kongres tasein op koarte termyn in útspraek dwaen to sillen yn de kwesty Dalek. Forwacht wurdt dat hjoed noch in adfysried foarme wurde sil, mei de opdracht oer in pear dagen oan it Buro forslach út to bringen. It folk wurdt forsocht him de kommende dagen fan aksjes to ûnthâlden. De kwesty Dalek hat de oandacht fan it Buro, sa is ús troch de foarljochtingstsjinst meidield. Oant safier dit Birjocht.
Tune as ofsluting. Dan folgje noch in pear flarden militaire marsmuzyk dy't weistjerre as de frou út ein set.
Hwerom sizze se neat? Hwerom swije se wer as it grêf? Susje, bilove, op 'e tocht hâlde, god, hoe lang al? Vanlaer, hwat stiet ús to wachtsjen? Hwat hinget har boppe de holle?
Hwat wit ik? Ik wit neat. Ik doch hwat my opdroegen wurdt.
(flaeikjend) Dou ûnderskatst dysels, Vanlaer. Se sille dy doch rieplachtsje?
(strûf, sletten) Ik fier út hwat my opdroegen wurdt.
Fansels. Mar as der ien is dy't har ken, as der ien is, dy't alle dagen mei dy trije omavensearret... Sie kinne net om dy hinne, Vanlaer.
(twiveljend, idel) Nou... né. Ik lit de Hearen der yn, en der wer út. Dat is myn plicht. Soms kloppet ien fan de Hearen my op it skouder neitiid:
| |
| |
(út lûdsprekkers; heas en flústerjend) Dat sit wol goed, Vanlaer; se ha 't noch sa min net by dy...
(forgulde, yn 'e hâlding) Né, mynhear.
(út lûdsprekkers; mei driigjende ûndertoan) Mar tink der om, Vanlaer, dat hjir neat foarfalt; dat kin wy ús net permitearje...
(noch ûnderdieniger) Né, mynhear; (wer mear himsels) lit dat mar oan my oer... (tsjin de frou) se bin tofreden.
Dêrom. Dou witst mear ast dysels bikenne doarst. Dou witst hwat dy trije to wachtsjen stiet, Vanlaer. Siz it. Siz hwat ik dwaen kin; foar'tst mandélich bist yn har dea. (se komt tichterby, stiet achter him, bêddet him del om him út to kloarkjen) Foroer dy net, dou kinst swije, dyn stoel hoecht net iens to kreakjen ast dy foardel bûchst. Skriuw mei dyn finger yn it stof; it nûmer fan har sel, it plak dêr't ik de kaeijen fine kin, skriuw; de dei fan har dea, de kleur fan har bistean, har sykten, har hoop en wanhoop; skriuw, Vanlaer; hoe âld... ja, dat foaral... hoe âld al; en hwa't se binne... Vanlaer...
It ljocht konsintrearret him op de man, de frou wurdt wei yn it tsjuster fan de achtergroun. De lûdsprekkers nimme it lêste wurdt fan de frou oer, d.w.s. de namme Vanlaer, mei deselde yntonaesje, lading ensfh., as wie it echo dy't fan alle kanten weromkomt.
Vanlaer... (koart, amper merkber gnyskjen; dan strakker, freonlik, mei driigjende en autoritaire ûndertoan) Vanlaer...
It bifalt dy hjir doch... hèn...?
Hmmm... As ik ris hwat foar dy dwaen kin... hmmm?
(lûkt ûnwis, forlegen oan 'e skouders)
(gnysket koart) Hmmm... siz it mar...; by de froulju...?, hmmm?
(der mei oan) Och, mynhear...
| |
| |
Of in frijkaert foar it stadion...?
(ynienen hurd en kâld) Dou bist bilangryk, Vanlaer. Dou moast goed witte datst bilangryk bist. Dou bist tofreden, net wier?
(bang, mar ek forgulde en greatsk) Ja, mynhear.
(fortroulik) It naesje dêr'tsto oer wekkest, is de siel fan ús folk, Vanlaer. Se kenne dyn namme bûten de muorren. Dou soest ris in nij unifoarm ha moatte... in pear nije learzens; kom ris del... Dou hast hwat to forspyljen...
(wer koel) Dy frou dy't dêr by dy libbet, Vanlaer..., kin dy raer kompromittearje...
... dy kin dy frijhwat yn diskredyt bringe...
(hieltyd ûnrêstiger; bigrypt der neat fan)
(hiel koart, sêft gnyskjen; stilte; dan kâld en sinysk) Sy wurdt dyn tsjûge à charge!
(krûpt ynelkoar fan eangst)
It ljocht forbredet him wer; man op foargroun, frou op achtergroun; se bin sa biljochte dat mear har kontouren as har hiele gestalte waer to nimmen is! Elk sprekt foar himsels, sy binne ûnbirikber foar elkoar.
Se spinne in web om dy hinne. De swakken bin forlern. Se hearre it tinkeljen fan it sulvertried, sy skatterje noch as har earms en skonken al fortize sitte. De hjerst set him op 'e triedden, de roast kringt yn it bloed. De waensin lûkt omheech en nestelet yn dyn bounzjende holle.
(herhellet om him moed yn to sprekken) Ik bin bilangryk. Ik moat witte dat ik bilangryk bin.
De kampen bin ticht. Foroer dy net; tink om de forgiftige krammen, om it fonkjen fan de tried. Tink dêr oan, foar'tst bisletten hast.
| |
| |
Se kenne dyn namme bûten de muorren, se roppe dy oan de poart.
Fan de wachttuorren ôf wurdst sjoen; de stroom bleakeret dyn lichem swart oan it stek. De loop fan har gewear wiist nei de dea.
Se kenne dy oan dyn learzens, dyn nije learzens. Se hearre it bislach fan de soallen troch de gongen raspen; se gûle by it hearren fan dyn kaei.
Wêz net bang. Biken datst swak bist, ta alles yn steat...
It naesje dêr'tst oer wekkest is de siel fan ús folk...
Ludsprekkers: Yn 'e fierte it gerop fan in greate mannichte: it folk; it ljocht swakker en út; it gerop stjert wei. Even muzyk!
Ljocht op achterplan. Der is net folle foroare. Paen sliept. Kammereen kroasket senuweftich de sel op en del.
Hwerom ha se hjir neat oer sein? Siffer, siz ris hwat; dou hast dyn sechje altyd klear. Hwerom wurdt forswijd hwat der to rêdden ist? Fan de iene op de oare dei tropje se ús yn ien sel byelkoar, de sittingen fan it Hof wurde sûnder forklearring ôflaske, wy wurde net mear luchte, gjin wacht dy't him mear fortoant.
(wit gjin rie, wrantelich) Der folgje wol mear Birjochten, jonge. Hwat tochst, foarearst bin wy rêdden mei it ûnderling skeel dêrre.
Wy moatte it ha fan de ûnienichheit fan ús rjochters. Us lot is in bael wol dy't troch âldwivehannen treiterige ta in tried spoun wurdt.
Elk útstel forlinget ús kâns. Dou moast mei ûndertekenje, hjoed, Kammereen. Wy moatte it nochris bisykje.
Hwerom litte jim jim net ûntslaen lykas Dalek? Sykte is de maklikste dea. Dou hoechst dy net to fordigenjen, dou hoechst net om in ekskús to sykjen. Je wurde mijd.
Dalek wie in leffert. Lefferts setst net tsjin de muorre, Kammy, dy trapest yn har reet en se stroffelje de forjittelheit yn. Se ha him gean litten omt er it net lang mear meitsje sil.
| |
| |
(lûkt oan de skouders) Hy wie ien fan ús. Hwat wisten sy fan Dalek ôf? It folk wol bloed. It Buro die in konsessy oan de minderheit. Mar ek oan ús. Dat jowt in nije kâns.
(nei stilte; foar himsels) Jim bin forrekt gehaeid, jonges. Mar de fraech bliuwt oft jim Dalek in soad tajowe. (stilte; dreamt) Fan oer de grinzen fan dit moeras sjocht er it oan. Syn hûs is ûnsjoch; yn de forlittenheit fan de heide, tusken ûnbirikbere heuvels hat er him forskûle. Syn lichem kreaket by elke biweging. Hy doart amper sykhelje, syn longen sitte fol kankerswolm, it piipjen fan syn asem lokket de ûnhuerste munsters nei syn went. De post bringt him roukrânsen fan âlde fijannen; se stjûre him foto's fan forgiene liken. Al syn bisittingen wazemje in rook fan forrotting út. Syn sliep is in knikelfjild, syn dream in beam fol mei klapperjende bonken.
Mar hy is thús, klomjend yn syn hazzeleger. Syn frou leart to laitsjen, to gûlen, om de dea foar in dei of hwat op ôfstân to hâlden. Syn dea is in mislearring; mar hy stjert alteast bûten it eachweid fan syn boalen. Dat is de frijheit dy't jim him misgunne.
Heech yn it tsjuster fan de achtergroun falt swak ljocht troch in traeljefinster; it wurdt stadich sterker. Bûten heart men de regelmatige stap fan in patrouillearjende wacht op in leech plein. De stap wurdt swakker en sterker neigeraden de wacht fierder fan it finster of is of tichterby. Sa ek de militaire muzyk út in kreakerige transitorradio en it birjocht, dy't yn de sel opfongen wurde.
Siffer sjocht omheech nei it finster; troch it kreakjen fan syn brits komt Kammereen wer ta de werklikheit. Kammereen dangelet hwat om, stiet in skoftsje nei it finster to sjen; dan tsjin Siffer:
(tsjin Siffer) Hwat seist, Siffer, it is hast safier, moat Paen ek wekker?
(is wer konsintrearre op syn skriuwerij) Hmmm...
(rint doelleas de sel op en del; linet tsjin it fuottenein fan it steapelbêd; pielt hwat oan de knopen fan syn himd dy't in knoopsgat to heech of to leech lykje ynheakke to wêzen, prebearret in pear oare mooglikheden, lit it dan sitte. Syn
| |
| |
each falt op 'e kalinder neist him; flak, foar him út, mar tsjin Siffer:) Dou bist hast oan dyn 10.000 km-beurt ta...
Hmmm? (hat him dan troch; gnysket heallûd)
(giet foar Siffer stean, syn earms en kin op it sydsket fan it boppebêd; nimt S. in skoftsje op)
(docht as sjocht er K. net; dan skouwt er stadich syn greate tean ûnder K. syn noas)
bistudearret de tean, set er dan syn tosken yn en sjocht S. freegjend oan)
(lûkt pynlik grânzgjend syn foet werom)
(draeit him biret ôf; trapet in pear kear fûl tsjin de brits fan Paen) Paen, der ôf komme, it is tiid.
(komt stadich, grânzgjend, oerein; wurdt him dan fan de situaesje biwust en giet op 'e ranne fan syn brits sitten)
De muzyk út de transistor is opholden; ûnbistimd knarsen, dan folsleine stilte. Allinne de stap fan de wacht to hearren. De spanning by de trije wurdt taestber. Dan tune en birjocht út de transistor achter it traeljefinster.
Birjocht oan it folk. Hjir folget in Birjocht fan it Buro oan it folk. De kwesty Dalek. Nei it ûntslach fan Dalek, ien fan de misdiedigers dy't sûnt de Greate Oarloch yn It Fort fêstholden wurde, is by it Buro in stream fan protesten ynkommen. Troch it Kongres bin fragen steld oer it stânpunt fan it Buro yn dizze saek. It Buro stelt der priis op mei to dielen, dat der fan in prinsipeforoaring yn dizze kwesty gjin sprake is. Lykwols wiene de Magistraten fan bitinken dat Dalek út minsklike oerwegings ûntslach jown wurde moast. Op medyske grounen mocht oannommen wurde dat dizze man noch koart to libjen hie. Foar de oare trije bitsjut dizze maetregel lykwols net de minste forromming yn de opleine straf. It Buro stelt him altyd noch op it stânpunt, dat it ôfgryslike leed dat ús folk oandien is, net talit de skyn to jaen, as soe nei safolle jier it Rjocht syn krêft forlieze.
Minderheden dy't bliken dogge de tearste gefoelens fan it folk net achtsje to wollen, sil net tastien wurde fan dizze saek gebrûk to meitsjen om har oanhing to forgreatsjen.
| |
| |
Sjoen de situaesje kinne de programma's fuortoan ûnderbrutsen wurde foar ynlaske Birjochten. Oant safier dit Birjocht.
Tune; militaire marsmuzyk. De stap fan de wacht giet oer yn de stappen fan de learzens yn de holle gong, wylst it ljocht achter it finster ôfswakket en útgiet. Lûdsprekkers: de laerzens, dy't hâlde, rammeljen fan kaeijen. Hieltyd noch stilte yn de sel. De spanning wurdt forbrutsen by it lûd fan de kaeijen? Troch Siffer dy't by de oaren lâns giet en beide syn forsykskrift tekenje lit, dan sels tekenet. De trije manlju sitte/lizze wer roerloas op har brits as de man oan de ranne fan de ljochtsirkel forskynt.
(is even stean bleaun, stapt dan yn it ljocht; rumoerich, treiterich, selsbiwust. Hy hat in pear hompen bôlle by him, yn in krante; hy smyt alle trije in stik ta, dat troch elk swijend en handich opfongen wurdt. Se brekke stikken fan de hompe ôf en bigjinne to kôgjen. De krante dwarrelet op 'e groun)
It rantsoen fan de Steat. Heine..., ien, twa, trije. Soa, dan bin se dus noch foltallich. (faget hannen oan syn broek ôf) En noch like biret, sjoch ik. (bistudearret de kalinder, laket smeulsk en bisiket de manlju to niteljen troch syn útliz fan de codes) Mei ik riede...? De U fan... Utah, stiet foar... (as pottet er troch se stik foar stik oan to wizen) Paen, Kammereen, Siffer, stiet foar... hmmm... (treiterjend) ... foar Kammereen. (Der giet in rille troch de manlju, mar se réagearje fierder net)
Dan de F fan... Versailles; (gnysket) stom, dat is mei de V fan Verzeihung (makket V-teken en wachtet gnyskjend op réaksje) ; de F fan... Friedhof, stiet foar... (pottet wer) Paen, Siffer? De F foar Paen. Dan is de S foar Siffer. Fansels, de S fan Siffer... (gnysket)
(leit op 'e rêch; ûnforskillichwei) ... of fan stjonker, skoelje, scrotum, segen; heil en segen...
(gemien) ... of fan Sieg... Heil (makket flau gebaer) , Sieg-fried, Sobiborrr... (gnysket foldien)
Nou, lit ris hearre. Hen! Paen?
(as in folfeelsum, oer-âld lietsje) Skuldich.
(treiteret troch) Nou, hwat sei ik? De F fan ûnforskillich.
| |
| |
(razend, mar bihearske) Skoft, geile ram, dat is jim rjocht. Jim sille wegerje oant ús lêste azem. Jim sille jim troch ús formeitsje litte oant wy kerbintich en bispotlik binne. Earder sille jim jim wraek net folslein achtsje, foar 't wy langer net yn steat binne op eigen krêft oerein to klatterjen. As wy weromfalle op 'e flier fan jim gerjochtichheit en stikke yn ús eigen stront, sil jim forjilding einlings forslein wêze.
(gnysket) Unskuldich dus? En Kammereen?
(sit mei de earms om de oplutsen knibbels hinne slein, en profil, op syn brits. Hy wifelet, syn lichem ta it uterste spand; hy stoarret yn de fierte; dan sakket syn foarholle op 'e knibbels, bliuwt roerloas sitten)
Paen en Siffer sjogge de man driigjend oan.
(nei driigjende stilte) Dou spilest in rokkeleas spul, Vanlaer. Dou litst dy yn mei de skuldigen. Dou witst doch dat wy skuldich binne! Wy ha moarde, brânskatte, forkrêfte. Wy ha ús wreke as ien fan uzes troch ien fan jimmes kâld makke wie. Yn hoefolle huzen wenje allinne noch widdouwen! Jim lân is ûnfruchtber troch ús tadwaen. Bern bin hjir âlde manlju, froulju, troch ús fjûr, ús krûd, ús forgiftige gassen. Kom Vanlaer, it is dy doch net forgetten, dat ek de ûnskuldigen en ûnpartijdigen rekke waerden as de bommen foelen? En hoefolle waerden troch forrie net... (makket mei hân snijbiweging foar syn hals) , as sy it geweld yn har al oerlibbe hiene. Miskien binne der guon dy't ús rjochters aenst ris skuldiger achtsje as ús, dy't net forheelje dat wy skuldich binne.
It forrie is ûnder jim, Vanlaer; it krûpt mei dy op bêd. Dou sjochtst it net, mar dou komst der alle dagen op klear. Jimme rjocht is in huorrekast foar de skynhilligen.
Kom, bring ús wetter. (mei syn teannen bringt er in skurve aluminium mok yn biweging, dy't oan in keattinkje oan it fuottenein fan syn brits hinget)
Driigjende stilte. Men heart allinne it slaen fan de mok tsjin it bêd. Dan brekt de man yn laitsjen út. Earst wifeljend, dan ûnbidearlik, rou en superieur. Hy bikomt troch de
| |
| |
passive réaksje van de trije manlju. Hy oerraest syn ûnwissens.
Yn 'e hâlding, Paen. Bring it salút. Doch dyn kunstke, hen, foar de Magistraten.
(wynt him op) Fuort, opsjitte, hearst it net. Dit is in bifel.
(gjin biweging earst. As de man opnij losbrekke sil, springt er linich oerein, giet komysk op ien foet op de brits stean en spilet de nar) De dei brekt baen, seit Paen.
(fuort dêrnei earnstich, hâldt er tomme en wiisfinger foar syn gulp, wylst er in stomsinnich lûd produsearret)
Siffer sjocht it gysgobjend oan. Kammereen nerveus en ôfwêzig.
(lûkt him werom as wol er him feilich stelle; dan bigjint er smeulsk to swarren en to driigjen) Yntimidaesjes? Greate bekken? Se ha gjin aen fan hwat har boppe de holle hinget. Elk wurd bringt har ûndergong tichterby. (laket ûnwis) Hwerom bin jim yn ien hok byïnoar dreaun? Hen, hwerom? De stommelingen.
(leit wer op 'e brits; flak) Foarsichtich, Vanlaer, elk wurd mear kin dy djûr to stean komme. Tink oan dyn grize bistean. Dou kinst forstien wurde.
(woedend) Hâld dyn bek. Ik kin mei jim dwaen hwat ik wol. Jim bin oan my oerlevere. Der stiet gjin wet tusken jim en my. Boppe jim ûnwittenheit bongelet it swurd; ien biweging fan dizze hân (makket biweging fan in skjirre) ... (gnysket)
(noch altyd mei hannen om 'e knibbels; soms weeft syn liif; as komt er by út in fordôving) Fortel oer dy stommelingen...
... dat sil dy goed dwaen...
(gnysket; linet even tsjin bêd fan Siffer) De tiid hat jim harsens formôge. Net kwea, dat pleitet jim miskien nochris frij. De bisten bin kastreard. De wrâld jankt noch nei om jim rottichheit, widdouwen, wezen, ûnwettige bern, joaden,
| |
| |
kristenen en heidenen. Jim forkalking is har treast. Gean troch mei de ôftakeling, jim dogge it minskdom in deugd. Spitich Kammereen... hat Dalek jim forret? Jim sille syn part der by nimme moatte.
Is it jimme sûr opbrutsen?
(byldet gnyskjend bongeljende swurd út en knippende skjirre) It swurd snijt oan twa kanten.
(ûnforskillichwei, sûnder oerein to kommen) De wolven waerden fuorre om har dwyl fan honger to meitsjen...
Forliezers swetse oer har slimmichheden oant de pestfûgel har yn 'e mûle kakt.
Jim rjochters bin dôf. In skeet út har blastich liif neame se de stim fan it rjocht. Lit se minder sipels ite, Vanlaer, dan bistiet der in kâns op gerjochtichheit.
(triomfearjend, sinysk) De eangst makket har praetsk. Lit jim flokken hearre op it plein (wiist nei it finster) Skreau om jim rjocht. Dêr wennet it folk sûnder earen, in mannichte mei izeren kielen.
(folfeeld troch de man syn praet) Wetter, Vanlaer. (lit de mok wer bongelje)
(as jowt er in opdracht troch) Gjin wetter hjoed.
De trije réagearje net. De man bisiket har út to daegjen en wachtet de réaksjes fan syn wurden ôf; as dy weibliuwe hieltyd lulker, oant er op it lêst it skurve wasblik op in gammel taffeltsje dat fansiden yn it skimerljocht stiet, mei in klap omkeard del set.
(útdaegjend) De liedingen bin biferzen; (gnysket) ôftapt; of gewoanwei net foar jim biskikber; foar in dei...; foar in dei of hwat...; gewoanwei foar de aerdichheit ris in dei gjin wetter... (klapt waskblik del)
As der noch gjin réaksje komt, heechhertich, autoritair en koel:
Oarder fan it Buro...
| |
| |
Lûdsprekkers: Nimme yntonaesje oer
...gjin wetter foar dit naesje, hjoed...
It ljocht achter it traeljefinster gloeit swak op; men haert de stappen fan de wacht bûten op it plein yn de hoarige wintermiddei. It Ljocht yn de sel wurdt swakker. Der giet in rilling troch de trije manlju. Paen komt heal oerein. De man stiet stram yn de hâlding! Siffer rikt him ûnwis it forsykskrift oan! De stappen bûten wurdt lûder en hawwe de droege regelmaet fan in klok. Yn de fierte heart men it skandearde roppen fan it folk. Dan stjert alle lûd wei. It swakke skynsel yn it finster bliuwt.
Even muzyk.
Foarplan; skimerljocht; op 'e achtergroun in heech stek, dêrachter it swakke ljocht fan it traeljefinster, heech yn it tsjuster. De frou komt it plein op, amper herkenber troch in swiere jas en in swarte holledoek. Fansiden stiet in bank; fierder in strjitlantearne.
(rint opjage lâns in stek hinne en wer; soms heart men har kreunen mompeljen, flústerjen, praten yn harsels, fan ûnmacht en wanhoop; nou en dan klamt se har fêst oan de stilen fan it stek)
De sinne komt net mear troch. De middagen bliuwe yn it tsjuster. Op 'e taest sykje ik myn wei troch de stêd.
Hwat kin ik dwaen? Elke foarbygonger kin myn forrieder wêze. Ik kin nimmen freegje my to helpen. Hwant moarn, foar't it skiere ljocht oer de dakken fan de stêd yn myn keamer falt, sille se foar de doar stean. Der sil net mear sein wurde hwerom, hwannear, op hwatfoar grounen... Elk swijt hjir langer as it grêf. De bitrouberen omt sy nimmen fortrouwe kinne; de ûnbitrouberen, omt sy de macht yn hannen ha. Sy fiere my fuort, sy slute my op sûnder in wurd fan fordigening. (sy giet op de rânne fan de bank sitten)
Wy bin machteloas. Der bliuwt ús oars net oer as sabotaezje, lytse forwoastingen oan de selskant fan dizze wrâld. It systeem is sletten, de tuorren fan de machtigingen binne ûnnimber, de wapens bin yn hannen fan de wacht. (sit in skoftsje yn gedachten; as in greate swarte fûgel yn it sunige ljocht; mompelet, meneuvelet, sit dan wer stil)
| |
| |
En doch, salang't wy frij binne, salang't wy yn steat binne om by nacht oer de pleinen fan dizze stjonkende stêd to skarreljen..., salang hearre wy der by. Wy binne hantlangers fan de macht, fan it ûnrjocht, fan it systeem dat de bitrouberen ûnbitrouber forklearret. (stilte) Miskien tsjin ús wil... bin wy mandélich. Dat is macht. De wals forpletteret willigen en ûnwilligen; der is gjin ûnderskied. (stilte; as forklearret se har oanwêzicheit)
It minste dat men dwaen kin is jin postearje ûnder it finster fan de fortrapten. (fûler) Klei jim yn rou en set jim del tsjin de muorren fan de selsfoldienen. De skurft fan har sike koppen dwarrelet as snie op jim klean. Wy moatte ús frijheit ruilje tsjin in bewiis fan ûnbitrouberheit, tsjin in sel, tsjin de forswijde martelingen fan de macht. Allinne dan kin wy de hân fan skamte fan ús eagen lûke.
Fuotstappen; de frou lûkt har werom op it stek, makket har lyts, forskûlet har yn har klean. De man komt op, amper herkenber ûnder syn unifoarmpet. Se herkenne elkoar net.
(Patrouillearret; sjocht de frou; stoef) Hwat sikest hjir? Men sjocht hjir selden minsken. Elk rept him om dit plak achter him to litten.
(bang, ûnwis) Ik bin hjir ûnbikend. Op myn wei troch de stêd kaem ik hjir lâns. Ik haw hjir sitten, dêrre (wiist) , om by to kommen fan de reis.
Dou bist op reis? Hmmm. Hwer komst wei? Hwer wennest, datst dy by tsjuster yn de strjitten ophâldst?
Och... (gnysket sénuwachtich; siket om in forlechje) , ik wie in dei nei myn âlde heit; hy is siik en allinne. (slaet troch) Myn suster en ik forsoargje him. (suchtet) It is in hiele reis. Ik wie even sitten gien, dêrre (wiist) , om út to rêsten.
(ûngeduldich) Ja, ja. En hwer moast hinne?
(wiist yn 'e fierte) Dêrhinne; de sawnde heuvel. Ik wenje op de sawnde heuvel.
(mei forbazing, noch mear erchtinken) Op 'e sawnde heuvel, seiste? Yn hokker strjitte?
(fortrout him net) Yn de fyftjinde strjitte.
| |
| |
(herhellet foar himsels) Yn de fyftjinde strjitte... hmmm, dat is tafallich. (tsjin de frou) Dou witst doch fan de ûnrêst yn de stêd? Bist net bang? It is net forstannich om allinne to gean. (As de frou him erchtinkend opnimt) Né, né, dou kinst prate, dou kinst my fortrouwe. (laket) Dit unifoarm is echt.
(wifeljend, taestend, foar harsels) Ja..., bang; fan de stimmen dy't yn myn earen bounzje; fan de fûsten dy't myn doar ramaeije: dit stek; dy muorren dêrre, binearje my.
(kloarkjend) Komme se oant dyn doar...?
(as yn in dream) Soms dream ik dat se foar myn doar stean. It skiere ljocht fan de wintermoarn falt oer de dakken yn myn keamer. Ik hear har fûsten slaen, har stimmen dy't my roppe, dat ik mei moat. En as ik freegje... freegje (lûkt mei de mûle as in stomme) ... antwurdzje se net... (komt wer ta de werklikheit; tsjin de man, nerveus en bang) It is in forskriklike dream..., fynst ek net?
(kalmearjend) Dou bist wurch. Gean nei hûs. De wachten binne op har post. Dou bist feilich yn dyn hûs. Der wurdt foar wekke dat it oproer dy gjin skea docht. (wol har fuortliede)
(biret, op de man ôf) Bin se noch yn libben? (tsjut op finster)
(forheard earst; laket dan guodlik) Hèn? Oh, ja. Dy dêrre sil neat oerkomme. Sy bin ús bistean; elke dei dy't wy oan har libben riuwe bin wy wisser fan ússels.
(foar harsels) Sy bin ús skeamel bistean; mar bin wy wisser fan ússels? Hwatfoar stimmen skuorre aloan fûler oan ús yngewant?
(ûnbihelplik; forlegen mei himsels) Ik hie swije moatten. God wit hwat se oer dy en dyn hûs brocht ha. (Foarsichtich) Forlearst dyn man, dyn soan? Bist joadin miskien, of fan oar frjemd bloed? Wiest yn kampen; hast in ûnbrûkber lichem mei werom nei hûs krige? Dyn sliep is nei jierren noch fol fan har bidriging. Dou hast gjin rêst, neat fan dy sels is dy oerbleaun.
Dou kinst gerêst wêze. Salang't dat ljocht brânt (wiist op finster) , witst datst dyn rjocht krijst. Dyn wounen lûke ticht, ast op dyn reis troch dizze stêd omheech sjochst.
| |
| |
(doelt op finster)
Ik forlear allinne mysels, myn namme, myn gesicht, myn stim. Alles hwat in minske fan ús makket bin ik kwyt.
Earme; se hawwe dy mishannele, slein, fortrape. Dou bist siik. Dyn dreamen achterfolgje dy. Dou bist gelokkich, datst noait forjitte kinst.
(hieltyd foar harsels) Elke hândruk lit in spoar fan bloed achter. Wy wreke ús alle dagen weroan op deselde liken.
(susjend) Bidaerje doch. Wês tankber dat har libben sparre wurdt. Hoedzje dy foar de kliber dy't har dea wol. Ien kear moardzje lit in leechte achter dy't ús libben fierders doelloas makket.
Lûdsprekkers: suver ûnmerkber bigjint yn 'e fierte wer it skandearde roppen fan it folk; foarmet in troebele achtergroun.
(hâld har oan it stek beet; tsjûgjend) Haet neame wy rjocht. Wy forpakke ús rjocht yn siden wanten en koesterje ús deaden. Oan lange, griene tafels ite wy ús sêd oan ús gerjochtichheit. En weake stimmen preuvelje sûnder ophâlden de nammen fan de forlerne helden. De deaden jowe ús macht oer libbenen.
(skreaut ûntsteld) Dou bist gek. Se ha dy siik makke. Gean nei hûs foar'tst oaren mei dyn kranksinnichheit bismetst.
It roppen fan it folk komt tichterby.
Jim bin al bismet. De wjirms ûndergrave jim harsens. (hastich ôf)
(sil achter har oan; bliuwt stean; ropt har nei) Op de sawnde heuvel, seiste..., de fyftjinde strjitte...? (foar himsels) Ken ik har? Ik haw har noait earder sjoen! (hellet boekje foar it ljocht, makket oantekening)
It roppen is nou lûder wurden; sakket dan wer ôf. Ljocht út. Muzyk, dy't weistjert as de folgjende scene op gong komt.
| |
| |
Achterplan. Paen leit wer passyf op syn brits; Siffer op it boppebed; Kammereen sit meastentiids op syn brits it spul fan de oaren to folgjen, of skarrelet yn gedachten troch de sel. Elk hat yn de stiltes syn tiidfolling: Lytse beuzichheden, prakkesearjen, it bistudearjen fan de oaren, as apen yn in kouwe.
It tafriel wurdt ynset troch Kammereen, dy't neist de ‘Kalinder’ de setstannen ynfollet: W: Kc4,Td6 + - S: Kb6.
(nou en dan meneuvelet er, as makket er oantekeningen en byldet er de stannen út; grommelet) Hmmm. Wacht even, Siffer... (stilte) Kc 5.
(hwat sénuwachtich; it tsjindiel fan Paen) b 7.
(nei lange stilte; flak) Td. 7. (gnysket heal lûd) .
(ûnrêstich; dan koart en fûl) Der is noch neat biwiisd.
It liket forstannich om mei it slimste rekkening to hâlden.
(nei stilte, mei emoasje) It wie spul, Paen. Wy wiene de stikken. Dou likegoed as Kammy en ik. Wy hiene der net oan bigjinne moatten. (laket koart, nerveus en forslein) Hwat soe it. Wy tochten allegearre dat wy net ûntbrekke mochten. En hwat dan noch? Wy hiene gjin kar.
(bidaerd, grommeljend) Dêr giet it net mear om. Ik ha dat noait ûntkend, jonge; hâld dy doch katoen...
(fonkeljend; tsjûgjend) Ik ha dy wolris oars heard. Wy hiene it al yn ús foar't it spul bigoun. Wy hiene yn opstân komme kind. Wy droegen ús foarteam yn ús mei. Oan 'e hierren hiene wy har de strjitte opslepe moatten; har presse om mei ús to razen dat wy it fordomden.
(ûnforsteurber) Oké, Kammy. Wy ha it net dien, dat is dêr oan ta. Mar allinne fan dat stuit ôf rekkene... bisjoch dyn hannen. Us fingers stean noch krom fan de wurgjende greep fan dy jierren.
As fan marionetten waerd ús dwaen en litten bistjûrd troch de ûnsichtbere hân boppe ús. Us fingers, ús fuotten, sels de brij yn ús harsenpanne waerd yn biweging set troch it systeem. Dêr wolsto foar bliede. Net evenredich, net oant
| |
| |
trije, fjouwer kear de dûr fan dyn misdriuw, mar oant dyn dea.
Gean nei hûs, Siffer. Troch in frjemd lân dat dines is. Dou kloppest oan by dyn frou en bern. Hearst se roppen nei har mem? Der is in frjemdling oan 'e doar! Doch in kunstke foar ús, merkereizger.
Se sille dy net leauwe. Dou bist stjûrd; de laits op dyn gesicht, de triennen yn dyn eagen, it is dy oplein. Dou bliuwst de marionet dy'tst seist datst wiest. Tochst dat ien noch leaude yn dyn frijheit, datst fuortoan foar dyn dieden yn stiest?
(heftich) Goed, goed, goed. Ik ha genôch oan mysels. Mar de boeijen dy't oaren my oanlizze fordraech ik net langer.
(laket guodlik) Dan bist werom by it bigjin fan de history: (heal sjongend) c 7 - c 5; b 7 - Td 7...
(nei stilte, as tinkt er lûdop)
Der is gjin evenredichheit mooglik, yn tiid, oantal, yn martelingen.
Wy ha graesje krige doedestiids. Wy wisten dat wy libbenslang de stikken op it boerd útmeitsje soene. Wy hopen op in wûnder. Ier of let. Lytse forskouwingen earst mar... dêr hopen wy op. Mar sy dêrre, krigen like libbenslang de kâns om har oan ús to forgapjen... (stilte)
Har ûnmacht om in straf to bitinken neame se langmoedichheit. Har ûntarikkend rjocht hat bisten fan ús makke. Omt wy noait mear frij komme, Paen, moatte se ús yn frijheit stelle.
Dat bliuwt itselde, Kammy, hjir of dêr. Hjír is forsin útsletten. Misbigryp bin wy net mei tsjinne. Dát is ús rjocht.
It is fornederjend om wol de misdied, mar net de straf yn frijheit to ûndergean. As sy de evenredichheit fan dizze hechtenis ûntkenne, moatte se de hannen fan ús ôflûke. Sy stean net yn foar de skralens fan har rjocht. Elke willekeur út ûnmacht is ûnminsklik.
(koartsich) Sy wize achter har en biroppe har op har deaden. Elk birop fan ús komt op ús eigen hollen del.
Wy bin skuldich oan ús dieden. Mar ûnskuldich oan de wet en it breklik rjocht fan dit folk.
| |
| |
(stilte; fluitet mei bispotlike úthalen it deuntsje ‘Erica’; komt dan heal oerein) Hoefier is 't mei de sop, sjef? (As der gjin réaksje komt spilet er troch) Hen? Kinst net lûder prate. Ik freegje dy hwat. (stilte) Nou? (hinget mei de holle oer de rânne fan de brits, as seach er op ien del; imitearret, mei in binauwde stim:)
Né, sergeant.
Hwat, né sergeant? Hen?
De sop is noch net klear, sergeant.
(falt laitsjend werom op de brits; giet dan wer troch mei it spul)
En hwerom net?
(heakket yn, as de binauwde soldaet) Om dêrom net, sergeant.
Dou bist in sek, Siffer. Dat is gjin reden.
Ja, sergeant... eh, né, sergeant. It transport.
De fourraezje... tinkt my, sergeant.
(giet troch; koart en kommandearjend) Gjin grappen, Siffer.
En hâld op mei dat sergeant, man. Oer in pear dagen lizze wy beide ûnder de seadden. Lit ús dizze forflokte oarder, dit slaefske gedoch forjitte. Hen? Nou't it noch kin. Honger en dea, wanhoop en iensumheit, drek en triennen bakke de bêste maten, Siffer. Unthâld dat. Eh... hwer hiene wy it oer?
Fynst my in sentimintele griner, hen, Siffer?
Giet wol, Paen. De ien bigjint to grinen, de oar wurdt gek...
(bigjint wer to blaffen) Hwat stiest dêr to lullen oer dat transport, Siffer. Sop wol ik. Dy maten fan dy fjochtsje har dea. En ûnderwilens stietsto hwat mei dyn pik to boartsjen.
| |
| |
(spilet wer mei) Se ha munysje oanfierd yn pleats, sergeant.
(siedend) Dan hellest it sels, Siffer. Ite wolle wy.
(ymponearre, ûnderdienich) Der is gjin forfier, sergeant. De benzine is op; fan de fytsen ha se gewearen makke...
(brult) Rinne dan, kloat.
(birêstend) Wy komme der net troch, sergeant. Se sille my as in oerrinder oppakke en tsjin de muorre sette.
(stilte; kalmearre) Bin wy ynsletten, Siffer?
Even in momint fan laden stilte, dan boarste de manlju yn lûd laitsjen út, huffe elkoar as kammeraden op it skouder. Underwilens is it ljocht yn it traeljefinster oangloeid, wurdt stadich sterker. It laitsjen fan de manlju brekt ôf as se it ljocht gewaer wurde. Elk lûkt him werom op syn brits. De spanning nimt ta. De stap fan de wacht under it rút wurdt hearber, syn radio en flarden militaire muzyk. Dan de tune út de transistorradio, lykas it birjocht.
Birjocht oan it folk. Hjir folget in Birjocht fan it Buro oan it folk. In ûre lyn is by it Buro in graesjeforsyk ynkommen fan dy't algemien bikend stean as de Trije yn It Fort. Lykas it Buro út oare boarnen al bikend wie is yn it stânpunt fan elk fan har gjin foroaring kommen. It Buro is dêrom fan bitinken dat, hoewol't it forsyk yn stúdzje nommen wurde sil, op dit stuit gjin útspraek to forwachtsjen...
De wacht is safier fan it finster rekke dat it birjocht net mear to forstean is. As de stappen wer tichterby komme wurdt ek de tekst wer forsteanber.
God, lit fy fint ûnder it finster fêstfrieze.
(makket gebaer fan stil wêze)
Elk bisiket yn spanning hwat fan it birjocht to forstean! Lûd wurdt wer sterker.
... op fragen út it Kongres meidield, dat se gjin fan allen bliken fan spyt toand hawwe, dy't oanlieding wêze koene ta wiziging fan it jildende fonnis. It feit dat de Trije har
| |
| |
respektyflik skuldich, frij en ûnskuldich achtsje, jowt reden ta twivel oan it effekt fan dizze hechtenis...
Wer is it lûd swakker en ûnforsteanber wurden, nou nei de oare kant. De manlju nimme elkoar op, meneuveltje, hawwe har lytse, ôfliedende pielerij, wachtsje yn spanning, oant de wacht werom komt, lûd hieltyd sterker.
... gjin ynbrek dulde wurde sil op de oarder en de feilichheit, alhoe swier de lêst fan it forline field wurdt, en alhoe ûnpeilber it leed fan sommigen ûnder ús...
Stjert wer wei. Yn 'e fierte heart men noch swak de tune, as ôfsluting fan it birjocht, en militaire muzyk. Dan sakket it ljocht yn it finster wei oant in hiel flauwe skyn it plak noch oantsjut. Lange stilte yn de sel.
(syn eangst en nervositeit bin oanwoeksen ûnder de flarden Birjocht; as yn in dream, dwilend; soms forheftich; sit earst op de rânne fan syn brits, dan as in sliepwandeler troch de sel; flústerjend en razend)
Se wachtet ûnder it finster. Se sit foar it stek op de biferzen groun. Yn de swarte klean fan de nacht hat se har forburgen. Se wachtet op my ûnder oan de muorre.
(laket koart en frjemd) Ik haw har sjoen. As in roek fladderet se troch de stêd en bringt de wachters op 'e doele. Nimst my mei? Hwer giest hinne? (as wurdt er troch in ûnsichtbere hân fan syn brits weilutsen; rint nei foaren.)
Hwer hast my hinne brocht? Se sille my sykje. Se sille stêd en lân útkjimme, witste dat? Se slachtsje har eigen bern om de hounen op it bloedspoar to bringen. Alhoe âld ik wurd se sille my weromkenne, se sille my oeral fine.
(makket in gebaer as wol er syn hân los meitsje út dy fan in oar) Lit my doch. Gean werom. Se sille dy in forriedster neame. Lit my achter. Yn dizze ûnherberchsumheit wol ik stjerre. Ik wol gjin bêd, gjin koele lekkens om dea to gean. Dou hoechst net foar my to bidden. Dou hast genôch foar my dien. Dou hast my nei de iensumheit brocht. Yn dizze oarde kin ik sykhelje. (nimt forheard syn omjowing op)
Dou hoechst net bang to wêzen. Ik sil in hoal yn de rotsen grave en my forbergje. (leit op 'e knibbels en taest de groun ôf) Dan liz ik myn holle op de stiennen. (heftiger) Ik wit hwat ik dien ha.
| |
| |
(krûpt tsjin de achterein fan Siffer syn brits; wurch) Lit my allinne. Ik biloof jimme dat ik daelk stjerre sil. (falt tsjin de brits yn 'e sliep)
Lange stilte. Allinne it kreakjen fan de britsen nou en dan)
(nei stilte) Leauwsto yn dyn skuld?
Hwat docht it der langer ta, hoe 't wy ússels biskôgje. Dou pleitest foar dyn ûnskuld, d.w.s. foar in mindere forantwurdlikheit foar dyn dieden. De wals fan it systeem.
Ik bin der nou tafallich foar om to sizzen, dat ik allinne myn poaten, myn klauwen, myn harsens yn biweging set ha om de forwoastingen to biwurkjen. Mar wy witte beide dat wy mar ien kant fan de medalje bisjogge, it laem of de wolf. Wy stelle ús op oan de kant dy't wy it feilichst fine. Dêrmei hoopje wy op ús rjochters.
Hy dêrre, Kammy, is it bêste part fan ússels. Hy stiet swak omt er oan it hifkjen bliuwt. Mar hy is de sterkste omt er syn swakkens tajowt. Hy is it laem en de wolf.
Hwat keapje wy dêr foar by dy klyk?
Neat. Der sit langer gjin handel mear yn. It docht der net mear ta hwat of hoe't wy binne. Allinne hwá't wy binne jildt. Al wiene wy kleare hilligen of baerlike munsters, wy hiene it net ret. Nét bistean, dat is ús iennichste opdracht. Dêrmei komme wy ús rjochters tomjitte. Wy binne har minsk-wurden haet. Se blyndoekje har wolven en sjasse se tsjin ús op.
Net om ús giet it langer, mar om har. (stilte) Dóu moatst.
It ljocht yn de sel wurdt swakker, dat yn it finster justjes sterker. Yn de fierte begjint hiel swak wer it skandearde
| |
| |
roppen fan it folk.
(nei birie; nerveus) b 8.
(stilte; bigjint wer to gnyskjen; stilte; flak, mar biret) d 8.
Dan sakket de spanning. Paen sjocht nei Siffer sûnder oerein to kommen. Siffer nimt Paen op, sjocht nei Kammereen, dan nei it finster.
(suchtet; murf) Goed, wy sille sjen.
It ljocht yn de sel wurdt hiel swak. It finster gloeit op, it roppen komt tichterby en giet noch troch as it ljocht yn de sel al út is. Ljocht op foarplan. Finster en roppen wurde hwat swakker. Lûdsprekkers: tune en Birjocht.
Birjocht oan it folk. Hjir folget in Birjocht fan it Buro oan it folk. It Buro wol de geroften, dy't nei it foargeande Birjocht heard wurde, as soe opnij graesje foar de Trije yn It Fort yn omtinken nommen wêze, perfoarst tsjinsprekke. It Birjocht, dat it forsykskrift yn stúdzje nommen wurde sil, hâldt gjin inkelde twivel yn oan it eartiids útsprutsen fonnis. It Buro sil dêr noait op weromkomme. Twivel oan ús rjocht soe oan de fornederden har hoop op treast ûntnimme.
It Buro ropt elk op om de oarder yn it lân net to forsteuren, nou't oer it lot fan de Trije gjin twivel mear bistiet. Yn it bilang fan it folk, dat rjocht hat op dizze forjilding, sil elk oproer, by need mei krêft, ûnderdrukt wurde.
Tune. Ljocht yn finster bliuwt hiel swak oan; it roppen fan de mannichte is nei it Birjocht even sterker wurden, stjert nou wei. De man komt op en kondiget it hof oan. Dan komt in wanskepen prosessy op út it tsjuster fan it achterplan: de rjochter; de predikant, de generael, de boarger, de pryster. Sy drage de bispotlike klaeijing fan har groep: de toga, de baret, de bef, it unifoarm mei underskiedingen, de koarmantel, it konfeksjepak. Karikaturale maskers aksin- | |
| |
tuearje de karakters, as yn in comedia-del-arte. Ek har gong yn de prosessy tekenet de groep. In midsieuwsk tafriel, in soarte fan séance! Salang't de prosessy duorret klinkt de muzyk.
(slút de prosessy; draecht in rustige monstrans, mei in swarte hosty achter it glês) Ik bin hwat wurch. (kochelet) Ja, ik bin hwat wurch, wol ik leauwe.
Dat bin wy allegearre earwearde.
De oaren sjogge him strang oan. De boarger swijt hastich. De man skout in stoel oan. De pryster giet sitten, de monstrans op 'e knibbels:
(gappet) De boarger hat gelyk. Mar hy hat de hannen frij.
De oaren stimme nederich mei.
(Mei in soarte fan blaffend lûd) Ik? Neat, earwearde. Ik sei neat.
(laket koart, fet en stomsinnich) Dan bist stom, generael.
De oaren laitsje forrukt en dom
(gappet) Dou sitst achter dyn buro?
(blaffend) En jow oarders, earwearde. (hoastet, in soarte fan blaffen)
(mei kreakerich, seurderich, monotoan lûd) Gjin nijs, earwearde.
(slûch) Gjin nijs, rjochter. (gappet) Hwat dochst dan noch?
Ik sliep en ik studearje, earwearde.
Dat is goed, rjochter (gappet)
(Hwat libbener) Wy bin it gewisse fan it folk. Oant ús pensioen.
| |
| |
De oaren laitsje, as in echo fan de pryster.
Se ha har rjocht hawn. Wy bliuwe waeks. It birop is hillich.
De bikroaning fan gewelt is frede.
De saken rinne goed, dat 's wier.
Se binne allegearre sitten gien op bispotlike, barokke sitten. Se bisteegje folle oandacht oan it ploaijen fan har gewaden. Se flusterje en snetterje mei elkoar op sêfte toan, oant de pryster har ta de oarder ropt.
Hearen (kochelet) . Ta de saek. (gappet) Wy bin wurch. De forantwurdlikheden lizze swier op ús skouders. Hwa mei ik freegje? Generael? Nim it even oer. (rikt monstrans oan)
(ôfwarrend) Oan myn hannen sit bloed, earwearde. De frede wurdt bifochten. Fansels, wy hawwe dêr ús mannen foar. Wy delegearje. Mar doch... Elk hat syn taek.
Rjochter, dou? Jow my de hannen even frij. (wol monstrans oerlangje)
Och, earwearde, jo witte sels... Wy sprekke rjocht. De wet is minskewurk.
(laket sunich) Attint, earwearde, attint. Mar misbigryp bigeliedt de sympathy der lieders. Wy soene twivel siedzje... In oare kear.
Boarger, dou dan. Ik nim it aenst wer oer. (gappet)
(is der mei oan; bisjocht syn hannen) Allinne it praktyske biswier, earwearde. (toant syn hannen, dy't swartachtich binne) . De saek..., fan moarns bitiid oant yn 'e nacht...
(gappet; sjocht slûch op de monstrans del) It ark is rustich. Wy ha ús soargen. Of dou miskien, wachter? Nimsto de lêst in skoftke oer?
(hat al dy tiid nederich fansiden stien; forgulde) In hiele
| |
| |
ear, earwearde. Ik doch myn bêst. Ik bin in nederich man. It is net minder as myn plicht to dwaen hwat my opdroegen wurdt. As de hearen tofreden oer my binne...
Man krûpt ynelkoar fan eangst, kreunt en meneuvelt ûnderdienich.
(Dy't ûnder it forhael fan de man hieltyd sit to gapjen) Nou dan.
(krûpt op hannen en fuotten tichterby, nimt monstrans oer, krûpt werom en komt op syn plak wif, mar greatsk oerein)
Underwilens is út de lûdsprekkers it roppen fan it folk to fornimmen, wurdt lûder.
(harket even nei it lûd) Is der ien oan de doar?
Ier of let sille wy yngripe moatte.
Al dagen hear ik in ûnbikend gehuil yn myn earen. Hwer komt it wei? Ik soe meidwaen wolle.
It hat der skyn fan as moat it fonnis opnij bifêstige wurde.
(forromme) Wy ha de hannen frij. Hwat stiet ús to dwaen? Hark hoe't se oangean. Wy moatte rekkenje mei it folk. Us is de skea fan forlies, mishanneling en dea bisparre bleaun. Mar sy... (gappet) Hwer ien lid lijt, lije alle lea.
Lit ús ris hearre hwat der libbet ûnder it folk.
(lûden fan ynstimming en twivel)
Wachter, dou forkearst ûnder it folk. Hwat seisto? (sabeare ûnnoazel) Of... hwat seit dyn frou?
(ûnwis; de monstrans yn beide hannen) Rekkenje my net, earwearde. Ik bin bifoarrjochte. Ik sjoch alle dagen dat it rjocht hearsket yn ús lân. (laket forûntskuldigjend; wifelet) Sy is myn frou net hearen. Sy wennet by my yn. Sy hat har by my yndrongen. (laket wer nerveus; dan hwat mear biret) Mar net foar lang mear.
| |
| |
(blêddet yn in map mei paperassen) Sy huorket mei de ûnnoazelen. Mei de weake sielen dy't forjitte wolle. Hen?
(suver smekend) Ik gean har gongen nei. Oeral liz ik op 'e loer om har ûntrou to trappearjen. Jow my in kâns, dat ik har frijsinnichheit biwize kin.
De finger der gerjochtichheit folget ús wegen.
De man set monstrans del, fordwynt yn it tsjuster fan it achterplan. It ljocht yn it traeljefinster wurdt sterker. Mei komt it roppen fan it folk dûdliker troch. De man komt werom, nimt monstrans wer op en heart it rumoer eangstich en yn spanning oan. De stim fan de frou makket har los út it massale gerop. It hof heart it gnyskjend soms, en mei flústere kommintaren ûnder elkoar oan.
(út lûdsprekkers; op 'e achtergroun bliuwt it rumoerjen fan de mannichte to hearen; flakkeret nou en dan op, êbbet wer ôf)
Heilloazen, forrieders fan it rjocht. Sjoch yn jim swarte herten. De stank fan jim yngewant forpestet dizze stêd... (geraes fan de mannichte; de frou skreaut der iderkear wer tsjin yn) ... skynhilligen, koesterje jim haet en neam it rjocht. (geraes fan it folk) Jim geilheit, jim eangst, jim skuld forpakt yn wetten fan forstarring... (folk) ; sjoch, hoe't jim moardzje, hoe't de tiid jim martelingen fortraget... (folk) ; tûzenen deaden jowt jim gjin sizzenskip oer oarmans libben... (folk) ; jim forjilding is in leagen, jim graesje in kamp fan kranksinnichheit... (folk) ; ûntnim de neibisteanden har stim fan wraek... (it folk)
It folk oerraest de frou. Kreten as: forriedster; slet, slút har op, hwa is dy hoer, ensfh. Heart de mannichte fierder trekken, it gerop wurdt swakker en stjert wei.
(tsjin de man, nei't it geraes bûten ôfêbbe is) Dou witst hwat dy to dwaen stiet?
(is ûnder it skreauwen fan de frou bûten, fan eangst op 'e
| |
| |
knibbels fallen; smekend) Rekkenje op my..., ik sil har net ûntsjen...
(nitelich) Hâld op. Dou krijst in kâns... (kochelet; skikt syn gewaed) Birou en ynkear moatte wy achtsje... (sjocht de oaren ôfwachtsjend oan)
It lêste wurd is net oan ús.
En dy't ûntkenne, dy't har biroppe op har ûnmacht...?
... Bin siik. Swaksinnichheit fâlt bûten de wet.
(forfeeld it ritueel ôfbreidzjend) En fierder...?
Der bin dy't skuld bikenne...
... en ús it rjocht ûntstride fan in oardiel.
(dom, joviael) Ja, hwat sil ik sizze... Dit is myn fak net...
(gappet) Nimmen bipaelt syn eigen straf. Wy sille muorren oplûke om de misdied to kerkerjen.
Libben noch dea ha wy yn hannen...
(nochter) It wurdt hjir kâld...
De sitting wurdt fordage...
(gappet) Moarn sjogge wy wol fierder...
Se binne stean gien. De muzyk set yn. De prosessy fordwynt yn it tsjuster fan it acherplan! As de man fierder giet wurdt de muzyk swakker, mar bliuwt op 'e achtergroun.
(sjocht se nei; twivelet oft er folgje sil; bliuwt op 'e knibbels lizzen; bisjocht de monstrans yn syn handen; bidaret hwat) Rust... en in swart hert. Se ha my dizze lêst oplein. Se komme doch werom om my ôf to lossen? Ik ha noch in kâns... (gnysket ûnwis) Dit is myn wapen... (bisjocht monstrans nochris wer; dan bang) en myn foroardieling?
(komt muoilik oerein) Sy soe my forriede? (biret) Ik sil har fine... (kreupeljend ôf ûnder de swierte fan de monstrans)
| |
| |
Muzyk lûder en wer swakker as de stappen yn de gong trochkomme.
Spylflak bliuwt ûnforoare: foarplan yn skimerich ljocht. Lûdsprekkers: Men heart de frou troch de holle gong draven; nou en dan hâldt se yn, jachtet dan wer fierder. Men heart har hymjen, mompeljen en tellen. De muzyk is swak wurden en stjert wei as de frou op komt. De hiele jacht wurdt droegen troch it roppen fan it folk!
(út lûdsprekkers) Trijeëntweintich, fiifentweintich; fierder... (draven yn de gong, hymjen; har flústerjen klinkt hol en wurdt werkeatst tsjin de muorren)
Ienentritich.... god, se sille my ûntdekke... (draven) , sawnentritich (hoopfoller, yn spanning) ... de kaei (men heart gerammel fan kaeijen ûnder klean) ... hjir moat ik wêze (lêste wifeljende stappen. stilte)
Achterplan yn swak ljocht. De britsen fan de sel binne justjes sichtber, fierder ûnderskiedt men amper hwat; hjir en dêr in formoeden fan de oanwêzichheit fan de manlju, dy't net sichtber binne, lizze to sliepen.
De frou komt hastich op en biweecht har yn it folgjende lâns de grins fan de ljochtsirkel om de sel hinne; hieltyd dy omtrekkende biweging; har hannen taeste nou en dan dy ûnsichtbere skiedelmuorre ôf.
Hjir moat it wêze... Of hat er my foarliigd? (siket ûngeduerich de ljochtgrins ôf) Se sille my net kenne. Hwat moat ik tsjin har sizze? Hjir bin ik. Hwat kin ik dwaen?
(stiet yn birie, laket wanhopich, forbyt harsels) Se sille laitsje, my útskelle. Hwat witte se fan my? Hoer, geile teef, lit dyn hannen sjen. Dou jowst dy ôf mei dat túch, dat ús bloed drinke wol, libbenslang.
(roppen fan it folk even sterker en wer swakker)
Hark, se roppe om har rjocht. (ûnrêstich, as siket se in skûlplak) Lit jim neat wiismeitsje. Der sil bloed floeije. Biloften, lege wurden, in lân baltend fan rjochtfeardichheit...
(koart ûnmachtich laitsjen; falt op 'e knibbels, de holle tsjin de groun)
Underdaen, folk, bist, dat fan dizze ierde fret en him yn
| |
| |
libben hâldt. (wer mear oerein)
Hwer ha wy ússels forlern, hwannear? De bitterheit dy't wy opsûge, lit foargoed syn grom yn ús achter.
9.425 (njoggen, fjouwerhûndertfiifentweintich) ; ús hert is forsânne. Hwerom flok ik, as hjoed har bloed easke wurdt? Al in ieuwichheit ûntsizze wy har in frijheit, dy't net fierder rikke kin as de maet fan har skuon, har klean.
(It roppen fan it folk sterker, jaget de frou op. Forhurdet dan) Sy dêrre hawwe har oandiel yn de ûntheisteringen tajown; skuldich, ûnskuldich, frij. Nimmen hat it rjocht foar ien fan har to kiezen. Ik bin har alle trije. Wy dy't oardielje forlingje alle dagen noch ús skuld. Us ynbrek op dit ûnrjocht kin har al net mear oerlibje. Wy bin allinne noch yn steat ta in tajefte oan ússels.
Roppen fan de mannichte wer lûder. De lêste wurden bin troch de frou útraest om net oerstimt to wurden. As it lûd wer swakker wurdt siket se bang om in útwei!
Nim my mei. Pak my op. Ik sil har noait birikke. Ik kin my allinne mar útleverje.
Ljocht op achterplan út. Lûd roppen fan it folk. De frou forskûlet har yn it skimerige rânnegebiet fan it foarplan, makket har lyts: as in ûnsjoch swart protsje klean sit se roerloas ôf te wachtsjen.
Lûdsprekkers: tune en Birjocht!
Birjocht oan it folk. Hjir folget in Birjocht fan it Buro oan it folk. It Buro dielt mei dat it de gefoelens fan it folk respektearret en bigryp hat foar de ûnrêst nei oanlieding fan de kwesty Dalek. De Trije yn It Fort sille de gefolgen ûndergean fan de stimmen dy't út it folk heard wurde. It Buro ropt elk op om de wil fan it folk neffens de regels fan oarder en rjocht ta útfiering to bringen.
Tune. Lân en lûd roppen fan de mannichte, in soarte fan oerwinningsgehuil. Dan wurde stappen heard. De man komt op, sjocht frou.
(ynspektearjend, mei hwat triomfantliks yn de stim) Hwat sikest, frou?
| |
| |
(is nei it Birjocht heal oerein kommen; nerveus) Hjir stie in bank. Ik bin wurch. Eartiids stie hjir in bank. It plein is leech, der is gjin plak mear om út to rêsten. (huveret) Ik bin wurch en kâld. Hwat giet der oan yn dizze stêd.
(erchtinkend) Dou witst net hwat der op til is. Hwa bist?
(foar harsels) Alles in keal en leech. Myn earen bounzje. De kjeld makket myn hannen ûnbrûkber. Myn fuotten bin it paed bjuster. (réalisearret har de oanwêzichheit fan de man) Hwerom seiste, hwerom is it lân plundere?
Haw ik dy net earder sjoen? Hwer wennest?
Dêr, op de swande heuvel...
... Yn de fyftjinde strjitte!
(gnyskjend) Ik wenje op de sawnde heuvel, yn de fyftjinde strjitte.
Dat is tafallich... (laket sénuwachtich)
(laket skealik; stiet dan even yn birie) Kom ik bring dy thús. Ik moat dy kant út.
(ôfwarrend) Lit my gewurde. Ik wachtsje hjir noch hwat. (suver dwilend) Ik moat stadich wenne oan de leechte. De tiid is koart, ik bin to let bigoun. Myn fleis is to weak om de wredens oan to kinnen. (wer tsjin de man) Lit my allinne. Ik sil it paed wol fine.
(laket wreed) Kom. (as de frou him ôfwart, pakt er har ûnder earm)
Hearst it folk net? It is feiliger dat ik dy thús bring.
De frou lit har meifiere. Men heart de man skamper laitsjen. Op de achtergroun bliuwt it roppen fan it folk. Ljocht op foarplan giet oer yn ljocht op it achterplan, skimerich. In readich skynsel yn it traeljefinster, as fan in winterjoun, wurdt letter reader fan kleur. Paen leit op syn brits. Siffer sit noch op boppeste bêd. Beide amper sichtber. Kammereen sit op de rânne fan syn brits. De tiid forglidet mei de foroaringen yn it ljocht, it roppen fan de mannichte, it bytsje oan biwegingen ûnder de trije manlju, dy't har lot ôfwachtsje. De stappen fan de wacht bûten op it plein. Koarte radiokontakten tusken de wachten.
| |
| |
Moardners, moardners, moardners (gehuil)
Heul net langer mei dat naesje (gehuil fan it folk)
Dalek moardner, moardner; Dalek, moardner... (gehuil)
(commando) S5 en 6 nei it park oan de westkant; wy bliuwe hjir - hosser.
Wy gean: stjûr hounen - hosser.
Hwerfoar ha wy ús manlju forlern...? (gehuil)
Rjocht, gjin willekeur; rjocht, gjin willekeur; moardners, moardners. (gehuil)
(komt heal oerein, lûkt tekken oer him hinne en giet wer lizzen)
(stiet op 'e foargroun to klomjen; hy siket eangstich om him hinne nei in mooglike útwei)
Hwer sit dat túch? Wy wolle ús boalen sjen. (gehuil)
Hannen ôf fan ús rjocht; hannen ôf fan ús rjocht; frede, frede; moardners, moardners... (gehuil)
(commando) G7 en 9 ynspringe by it stek - hosser
Hjir S5, stjûr tanks, wy hâlde it net - hosser.
Der is forsterking frege, S5; falle oan yn de rêch - hosser
(rint nerveus op en del; stiet nou en dan nei it finster to sjen; werom op syn brits; slacht tekken om)
Brek de stekken iepen... (gehuil)
Iepen, iepen; sleep se der út, sleep se der út... (gehuil)
It park is biset; wy moatte it oerjaen - hosser.
(ûnderdrukt flokken) Kloatsekken; se bin to let. (wer op commandotoan) Hallo, hallo, S5 en 6; sjitte oant forsterking komt - hosser. (as gjin antwurd komt wer ûnderdrukt flokken) Godsamme, se bin der net mear.
(gehuil; roppen: Moardners, iepen, oanfalle, brek de stekken iepen; massael rumoer)
Lûdsprekkers: tune en Birjocht. It roppen wurdt by de tune daelk swakker en stil.
| |
| |
(yn de koele stim fan earder is foroaring kommen; der klinkt hwat yn troch fan emoasje)
Birjocht oan it folk. It Buro dielt mei net langer ynstean to kinnen foar de gefolgen fan it hearskjende oproer. De feiligens fan de yndividuele boarger kin net langer garandearre wurde. Yn it bilang fan de neisten wurdt de wacht by It Fort weromlutsen. Oant safier dit Birjocht.
Tune. Gehuil fan it folk.
Iepen; brek de stekken iepen; nei de poarten; troch it park; rjocht, rjocht; wy nimme ús rjocht; nei de sellen; lit se hingje; werom nei har kampen, moardners, moardners, moardners. Dalek, Dalek, Dalek, Dalek.
It gehuil, gerop en de skandearde yells baerje oanienwei troch en binne nou flakby. Men heart forsplinterjen fan hout, gerinkel fan glês, mokerslaggen, trappen. Dan it binnenstreamen fan de mannichte yn de holle gongen; it iepen smiten fan metalen seldoarren. It lûd komt nou net allinne mear fan achter it spylflak mar rounom út de lúdsprekkers!
(sit as dea ynelkoar dûkt op it boppebêd)
(hat steande it Birjocht oanheard. Dêrnei waret er as in geast troch de sel. As it folk de gongen ynkomt, lûkt er him werom tusken de britsen; syn hannen taeste yn de loft, as wol er roppe; sakket ynelkoar; leit roerloas as in ûnbitsjuttend protsje oer de flier)
Men heart it hymjen fan de mannichte. De lêste seldoar wurdt iepensmiten. Heislike kreten, grânzgjen as fan wylde bisten dy't har proai to pakken ha! Duorret even, wylst it ljocht op it achterplan al út is. Allinne it read yn it finster bliuwt. Dan lûd út. Ljocht op foarplan is oangloeid. Greate stilte. Dan stadige fuotstappen fan de man. Read ljocht út.
(yn nij unifoarm, nije pet; faget syn hannen ôf oan bûsdoek en broek; is der earst hwat mei oan, dan wisser) Wy ha dien hwat wy koene. Hjir wiene wy net op fortocht... Hwa hie tinke kinnen... (makket in forûntskul-
| |
| |
digjend gebaer) It wie in oermacht dêr't men net foar koe. (suchtet forromme) Hawar, it is net oars. En... ehh... hwat hiene se oars moatten? Dy Trije? Dit wie ek gjin libben.
(pakt in stoel fansiden; giet sitten; bekling foar; gnysket) Né... as jim dat bidoele...; har haw ik fuortstjúrd; dat risiko wie to great. Se wie myn frou trouwens net... dat wisten jim doch?
(bigjint learzens út to lûken; bisjocht se greatsk, it bin nije)
Ik mei net kleije. Ik bliuw yn tsjinst...
Lûdsprekkers: Tune ûnderbrekt de man. Birjocht.
(wer as fan âlds; wis en autoritair) Birjocht oan it folk. Hjir folget in Birjocht fan it Buro oan it folk.
It Buro dielt mei dat de wacht by IT FORT wer ynnommen is. Unôfhinklik fan hwat hjoed bard is bliuwt dit plak de fêsting fan ús rjocht, it oantinken oan de ûnderdrukking, de rop om frede fan ús folk. De wacht by IT FORT sil yn eare holden wurde om it oantinken oan de fornedering libjend to hâlden. Dit lege grêf mei ús folk ta treast wêze. Oant safier dit Birjocht.
Tune. Hiel yn 'e fierte swak it roppen fan it folk.
(lûkt foldien ek de oare lears út en smyt dy demonstratyf in eintsje fan him ôf)
Jim hawwe it heard. (gappet) Forjit it. (roppen fan it folk even dúdliker) Dat hâldt noch wol even oan, dêr bûten. Lit jim net wekker hâlde. (pakt learzen op en sil fuort) Kom, ik sil ris hegerop. Joun. (bliuwt stean, gappet) Dat wie sa ek gjin libben. (ôf)
Lûdsprekkers: Muzyk.
|
|