Trotwaer. Jaargang 2
(1970)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 40]
| |||||||||||
G. van der Zwaag (is fan bitinken):
|
- | .... Ik bin, tink ik, in krûm skeptysker as hy (Josse de Haan) en hwat minder bijeftige mei bitrouwen yn 'e meiminsken. Boppedat bin ik nochal biheind yn myn kulturele bilangstelling: proaza. (side 84) |
- | .... Spitich (foar mysels tink) dy radio-omrop yntresjerret my neat. Moarns acht ûre hear ik even nei de radio om de juste tiid to fornimmen, klok en heloazje lyk to setten, en dan de hiele dei net wer. (side 85) |
- | .... Konkreet: It Frysk Letterkundich Museum moat demokratisearre wurde. It hele bistjûr moat fuort, tsjin spotprizen. Der komt in nij bistjûr, keazen troch de gearkomst fan alle skriuwers dy't in manuskript oan it FLMD ôfstien hawwe. (side 84/85)Ga naar eind'') |
- | .... Fan in Ried foar de Kunst falt allinne de subkommisje literatuer binnen myn eachweid. Hwat moat dy kommisje dwaen? My tinkt dy moat romans skriuwe, hwant dat is it alderneedsaeklikste. (side 85) |
- | .... hâldt it ‘folk’ safolle mooglik bûten it subsydzjebilied. Regelje dat as skriuwers ûnder inoar en bisykje |
by in pear aerdige minsken op hege posten dy't ré binne har politike freonen en efterban to forneuken, hwat to birikken. (side 86) | |
- | .... Dat ik sjoch it net, de fortuten fan de Haan syn plannen. Sil der efter de gevels dy't hy oplûke wol hwat barre? Ik bidoel: sille der troch syn organisaesje mear romans skreaun wurde? (side 86) |
Wel, op groun fan ûnder mear dizze sitaten mien ik dat myn karakteristyk fan Riemersma syn artikel der net by troch is.
Dêrom net, der falt oer syn stik wol mear to sizzen. It komt der op del dat Riemersma nei't er Josse de Haan warskôge hat foar yngripende foroaringen yn it kultuerbilied (sanearje - is soun meitsje - soe net iens mear lije kinne) it gedemokratisear fan de hân wiist. It leit der sa mâl noch net hinne by it FLMD en de FA, fynt er. Hâldt op to ynspraekje-boartsjen en to seuren, seit er, en jow jim ta romanskriuwen.
Yntusken docht er de lju fan 't museum even to witten dat sy yn de hjoeddeiske opset fan har wurk sa goed as oerstallich binne:
- | .... In mannich stielen kasten fol bitypt papier en kranteknipsels rjochtfeardigje net de kosten fan in gebou en twa man personeel. (side 85) |
Wisse, dat seurt der net om!
- | .... Pas as bliken die dat se dat net akseptearje woene, soe praet wurde kinne oer forfangjing fan bistjûrsleden. (s. 85) |
Nou, dat wachtsje wy dan mar ôf.
Trinus Riemersma hellet yn syn artikel twa saken slim trochinoar: kultuerbilied en romanproduksje. Dêrtroch makket er de diskusje hjiroer tizerich. De Haan skreau oer kultuerbilied. Riemersma wol it oer de romanproduksje ha. Dat is bêst, mar dan moat er dêrby gjin ûnlogyske forbannen lizze. It soe der sa op lykje kinne, dat de tiidsfaktor by de potinsjele romanskriuwers it iennichste probleem útmakket. Dizze kwestje freget in eigen en mearsidiger binadering, is wier net oplost mei tiid allinne. Dit nei de iene kant.
En nei de oare: as jo as skriuwer forhûddûke wurde troch in
stikmannich útjowers, dan dogge jo hwat. Dan rjochtsje jo in koperative útjowerij mei op. Dan binne jo dwaende mei biliedstinken, tsjin 't sin miskien, mar sa sit it.
Dan soe net moatte hoege. Mar sa leit it lân der hjir hinne, Trinus, en dou witst it.
Mei ik Riemersma ta bislút freegje it stikje fan my oer dy maetskiplike forskynsels en sa, dat er yn dit nûmer sitearret, nochris nei to lêzen. Wol er dan noch ris neigean oft ik him yn forbân dêrmei eat forwiten ha.
Trinus Riemersma mei syn nocht ha fan dat gesoademiter fan tsjintwurdich en nocht hawwe oan romanskriuwen. Dat stiet him allegearre frij.
It stiet my frij to synjalearjen.
Geart van der Zwaag.