Tr. Riemersma (advisearret):
Van der Zwaag moat better leze
‘It is net mear hâldber kultuer to sjen as in fan oare maetskiplike forskynsels isolearre beuzichheit, dy't útslutend op nivo wurdearre wurde moat, kompinsaesje foar it libben troch den dei, slútpost op de bigreatingen. In forâldere stânpunt? Wie 't mar sa.
Trinus Riemersma jowt dêr noch in dúdlik biwiis fan: goede romans produsearje en oars de bek hâlde. Hwerom soene jo pas oer de saken fan it Frysk Literair Museum meiprate meije as jo sels hwat presteard hawwe. Sokke saken binne yn prinsipe foar elk bisprekber. Net elk hat der doel oer, dat is sa, mar it skriuwersskip is wrachtich net de iennichste ynbring. Riemersma jowt der blyk fan de saken net yn relaesjoneel forbân to sjen.’
(G. van der Zwaag, Trotwaer-supplemint, sept. 1970)
It muoit my dat ik Van der Zwaag kapittelje moat, mar de sin ‘goede romans skriuwe en oars de bek hâlde’ haw ik net skreaun. Ik tink dat Van der Zwaag dat ek wol wit, mar hy hat faeks miend dat er myn artikeltsje yn Trotwaer maert/april 1970 sa gearfetsje mocht.
Ik bin lykwols fan bitinken dat Van der Zwaag my mei sa'n gearfetting fan myn bitooch ûnrjocht docht.
Ik haw yn dat artikeltsje oan De Haan myn twivel útsprutsen oer it nut fan in subkommisje-literatuer yn 'e Ried foar de Kunst, dy't De Haan oprjochtsje (litte) woe. En ik haw ornearre dat dy kommisje mar it bêste romans skriuwe koe, hwant dêr is, neffens my, it aldermeast forlet fan.
As Van der Zwaag mient dat dy kommisje hwat oars dwaen moat, ludyk kommunikael partisipearjend masturbearje, dan hâldt hy der in oare miening op nei as ik.
It muoit my, mar ik haw ek net skreaun dat jo pas oer it Frysk Letterkundich (net: ‘literair’) Museum meiprate meije as jo literair hwat presteard hawwe.
Ik haw, koart gearfette, skreaun dat it gjin sín hat oer it