| |
| |
| |
Rein Wiersma / Pur natur
Stadich glydt de brodzige dei oer yn in simmersoele joun. It bliuwt near, dêr soe suver hwat opbroeije kinne. It stedsfolk, dat gjin balkon of túntsje hat, kin it yn 'e hûs net forneare. It panderet in eintsje om of stiet byelkoar op foar in waerpraetsje.
De Prinsentún ammet rêst. Hwat ûnbistimde lûden waeije oer út 'e stêd. It knetterjen fan in bromfyts brekt de stilte. In pear einen kweakje, oaren jowe har hwat wurch del yn it gêrs.
In pau âllet mei in rauwe úthael: reinwetter op kommende wei.
Ik hie nei myn RONO-opname yntiids thús wêze kinnen, mar meitsje gjin risselwaesje. Dêr is nimmen, dy't my wachtet. Ik ha de tiid oan mysels: de bern mei fakânsje, de frou útfanhûs.
Hwat pearkes, hân yn hân of elkoar de earms om 'e mul, skouwe stadich foarby. De jeugd fan nou...
Hjir earne moat de bank noch stean. Klaske Bosma, hjitte hja, myn earste jeugdleafde. Amper fjirtjin jier âld wiene wy. Hja, hjir sieten wy doe, jong, grien, mar rein. De earste tút, in sinsaesje, dêr't ik letter fan wekker lei. Noch, foech tritich jier letter, ropt it romantyske gefoelens op. Dêrfandinne dizze pylgergong?
Sûnt hat it libben syn tol wol easke. Loftkastielen binne ynelkoar trûzele. Idealen weiwurden as in moarnsdize foar de sinne. Hurd en kâld wurdt it bistean, net sûnder iensumens. Ek mids de bislettenens fan de eigen húshâlding kin in minske lykme allinne wêze. Foar de wrâld immen fan kwizekwân- | |
| |
sje, foar josels de mislearre man...
De ljochten fan de stêd lûke. Hja suggerearje geselligens. Sa wurdt de flecht nei de stilte, de flecht nei it fortier. Hwat folk dangelet noch op de Nijstêd om. Ljochtreklames en geflonker fan etalages symbolisearje de wolfeartssteat. Myn auto stiet op it Saeilân, ik sil dy kant mar út. By Bolman hinget in pearke tsjin it winkelrút en munstert de ringen. Hjir ha ek wy uzes útsocht mar mei goud keapet men noch gjin lok.
Op de Wurdumerdyk hokket hwat langhierrich jongguod gear. It gysgobbet. De fotovitrine foar de bioskoop ûnthjit seks en striptease yn it rosse libben fan it havenkertier yn Athene.
It is surrogaet, ik wit it, mar hwerom net? Thús is it bêd aenst leech. En och, men moet ek meiprate kinne en op 'e hichte bliuwe.
‘Earste rang.’ Dan fuort ek mar goed. Dochs hwat ûnwennich skou ik yn ien fan de klapbankjes. De ljochten dôvje al. Hwat neatsizzend nijs, hwat forfeelsume reklame, in stuntstikje út in nije film ‘Binnenkort in dit theater.’
Lang om let de film sels. Dêr moat gâns yn knipt wêze. It bliuwt by wiidweidige tuterij mei heechút it delstrûpen fan in skouderbantsje. As it oan de striptease ta is, forspringt it byld nei hwat oars. As it pearke ta eintsjebislút op bêd skout, flûpt it ljoch út. It folk sit yn spanning to gobberjen en longerjen op mear. It kriget net, dêr't it op hope. Ik ek net, as ik earlik bin.
As de ljochten opgeane, is it bûten al neare nacht. Hjir en dêr binne de etalaezjes al dwêst. In wêe lucht fan goar grêftswetter wâllet jin tomjitte. Folk is dêr amper mear op 'en paed. Dat út 'e film wei forsillet gau. De stêd is by nacht in greate slokop.
Op 'en nij falt de iensumens op my hinne. Dêr is nimmen, dy't ik kin en gjinien ken my...
Dy striptease wie forlakkerij. Hie ik dan op mear hope, man op middelbere leeftyd. ‘In âld bok mei ek noch wolris in grien bledtsje.’
Kjel sjoch ik om. Hwa sei dat?
Gjinien, ik bin allinne, lykme allinne. Yn 'e fierte walmet noch in patatkream. ‘In waerme gehakbal,’ siz ik stoer.
‘Né, gjin mosterd.’
It giet my linich ôf. En dan thús mar skoaf en skande sprekke fan dy fretterij. Mar dat thús is nou sa fier fuort. En it bêd leech. Lykme allinne, ek de nacht, dy't komt.
Op it Saeilân is noch hwat fordividaesje. Stadich krieme auto's for de útdaegjende ljochtreklame fan de Sunny-Bar lâns.
Op it trottoit ûnder de lampen stiet hjir en dêr in frommis. Nou en dan stoppet in auto. In delskoud rútsje, in praetsje, almeast ynstappe, gas jaen en mei faesje fuortride.
Dus, sa binne de manearen hjirre. Gjin havenbuert yn Athene, wol it rosse libben fan de Fryske haedstêd.
| |
| |
Yn it skaed fan 'e beammen rydt ik de auto op 't plein, lyk tsjinoer de Sunny-Bar. Ik ha sa in goed sicht op 'e doar. Gjalpen fan mesyk komme op jin ta, as de doar slacht.
Jongkeardels ride foarby. Avonturiers yn twadde of treddehâns weintsjes.
Griiskoppen yn djûre sliden. Faksearjende eagen hifkje de keapwaer.
De froulju maitsje amper ûnderskie, sa roar't each. As in doar noegjend iepengiet, stappe se almeast yn. Efkes letter leit in froulju's earm om in manlju'snekke en dan...
Ynienen in tik op it rútsje. Kjel draei ik it del. In net ûnkreas frommes yn it blau bûcht har minlik foaroer.
‘Sech it es.’
‘Hwat bidoele jo?’
‘Falt er iets te fersiere?’
‘Ik wit net hwat jo wolle.’
‘Hoe suden jou dat niet wete. Mag ik niet?’
‘Ik ha nearne forlet fan.’
‘We kinne it best wat gesellich make.’
‘Né, leaver net.’
‘Jou binne oek in nuverenien.’
Skouderopheljend giet se wer nei it trottoir oan de oare kant fan de strjitte. Dêr steane noch in stik as trije froulju. It giet sa hurd net mear as niis.
Dêr wurdt ris ien oppikt, dêr komt ris ien by. Ut 'e bar of samar út it tsjuster fan it Saeilân wei.
It frommis yn it blau docht wakker war om de oandacht to lûken.
It slagget har net. Lang net in ûnhimmel ding oars. Hwat soe nou sa'n lelle biwege? Soks ris oan de weet to kommen, soe skoan oer to skriuwen wêze. Ik lit it yn my omgaen.
Bin ik nou in strúnder of in reporter? Beide faeks? Op in stuit stiet de blauwe dêr noch allinne. Se sjocht my noch sitten. De strúnder. Ik draei it rútsje wer del. In knikje en se is al wer by de auto.
‘It wol net bêst, hé'n?’
‘Né,’ seit se earlik. ‘Sille wy mar? Oars stiene jo hjir net, Cambuer!’
Se kin dus ek Frysk prate. It jowt suver in sfear fan hwat eigens.
‘Ik sei niis al, ik ha nearne forlet fan. Ik bin troud en sa.’ Ik siz der net by hóé, ik wol gjin forrieder wêze.
‘Dat binne se hast allegearre. Sokken ha fakentiids it measte forlet.’
‘Né, wier net. Ik wol neat. Mar ik soe wolris mei jo prate wolle.’
‘Prate?’ Hja laket suver lûd op.
‘Nou ja, as jo oars neat krije kinne. It hoecht net daliks. Lit de klanten mar foargean. Hwat is jou taryf?’
Dat lêste komt der út, al stie ik oan it loket om in kaertsje to keapjen.
‘Hoefolle?’ freegje ik nochris.
‘Fiif en tritich, ik ha sels in keamer.’
| |
| |
‘Hoe lang ha wy it dan oan tiid?’
‘Oant wy klear komme fansels. In foech kertier. Guon kinne noch flugger.’ ‘Ik wol allinnich mar mei jo prate. Hwat fragen stelle en sa. Dat kin net yn in kertier.’
‘Kom nou, dan kin ik myn tiid better brûke.’
Toloarsteld keart se har om. Hja snúnft forachtlik. Ik fiel my suver in sleine houn. Dat se dat nou net wol. In ynterview tastean foar grou jild.
Amper is se wer oan de oare kant of dêr wurdt stoppe. Suver triomfearend stapt se yn. De auto glydt fuort, ken blykber it paed.
Stadich sil ik nou ek mar útein, skean it Saeilân oer. Ut 'e skimer wei strûst in skaed op my ôf. Efkens oantikje. It rútsje del.
‘Wat te versieren, menheertje?’
Dat ‘menheertje’ ûndergean ik as hwat misledigjents. Ik lit it net skine.
‘Jou taryf?’
‘Feartich.’
Wenje jo hjirre?’
Hja sil al ynstappe.
‘Ik ha gjin forlet fan geintsjes, mar ik soe wolris mei jo prate wolle.’
‘Dat meent U niet.’
‘Dat mien ik wol. Gewoan hwat prate. Oer jou birop en sa.’
‘Laat me niet lache, stel je foor.’ Dy forret dochs har Ljouwerter aksint. Hja hellet de noas op en jowt har ôf. Sil sa'n frommis my de wet hjir lêze? As ik dan oer har biskikke mei, hwerom kin ik dan net mei har prate?
Dat pyst. Ik fiel my foar skut set. It is dochs in earlike saek? Ik fiel my jager op great wyld. De reportaezje sil der komme, ik jow noch gjin bilies. Of spylje dochs ek oare motiven mei?
It bigjint nou dochs stiller to wurden. De portier fan de Sunny-Bar rint hwat hinne en wer op it trottoir en hâldt it each op myn auto. Ik wurdt bispionearre dus. Faeks ha de froulju it him wol trochdien.
Ik rydt in eintsje om, sil nou dochs mar nei hûs. By it stasjon swaei ik noch ienkear. Ofskie fan de Sunny-bar, ein fan in strunerij, dy't neat opsmiet...
Sjoch, dêr stiet de blauwe ek al wer. Dat hat ek net lang duorre. Yn noch gjin healûre út en thús. Hwat is der nou krek bard? Ik soe soks dochs wolris witte wolle.
Noch efkes tiid dwaen. As dêr aenst alhielendal gjin folk mear is, wol se faeks wol.
It is al oer toalven, hast al by ienen. Se sjocht myn auto stopjen, dat mist net, mar keart har minachtsjend ôf. De lêste fan de nachtflinters. Mei har iene foet skriuwt se hwat figueren op it trottoir. Hja didelet hwat mei har taske om.
Fan de oare side ynienen wer in tikje op it autorút.
‘U wacht, menheer?’
‘Ja,’ siz ik earlik, ‘mar net op hwat jo tinke... Ik soe wolris mei jo prate wolle.’
| |
| |
‘Hoe sizze jo? Prate? Jo binne dochs net fan de polysje?’
‘Né. Mar hwerom net? Gewoan fan minske ta minske. Dêr stekt dochs neat yn?’
Efkes laket se hwat ûnleauwich. In bysûnder knap oantlit, minder ordinair as dy oaren. Hja hat pikswart hier en praet mei in súdlik aksint.
‘Kom efkes yn 'e wein, dan sil ik it jo útlizze.’
Hja docht it, minirokje sjoch ik nou.
‘Mar ik moat saken dwaen, menhear! Business is business.’
‘As ik jo it normale taryf jow?’
‘Fyftich goune.’
‘Jo binne net om 'e nocht. Mar hoefolle tiid ha wy dan?’
‘Jo binne joun de lêste. It hat wer moai west en kin sa wol ta. It komt my op in pear minuten net oan.’
‘As jo my in ûre jowe en wy earlik prate kinne, doch ik it.’
‘Earlik, mynhear? Des is noch noait ien mei my bidragen útkommen. Dêr stean ik foar yn. Ik wol stân ophâlde. Ik bimiterje jo net.’
‘Mar jo binne wol oan de prijs.’
‘Dêrom krekt. Ik helje gjin trúkjes út. Business, mar earlik as goud. Earder to earlik, it is myn swak.’
‘Hwer wenje jo? Binne jo troud? Kinne wy prate sûnder steurd to wurden?’
‘Efter de Hôven, as jo it witte wolle, togearre mei noch ein, dy't itselde docht as ik. Ik doch it yn 'e foarkeamer, Wil yn 'e efterkeamer. It toilet massael, oars alles apart, elk hat in eigen kaei, ek fan de keamersdoarren.’
‘Dus dat stiet? Allinne mar hwat prate. In ynterview om sa mar to sizzen.’
‘Hweroer? Ik wit neat fan polityk, lês amper in krante.’
‘Né, oer josels, oer jou libben en sa.’
‘Akkoard.’
Wy ride al, gjin earm om myn nekke. Krekt as ha ik in lifter.
Hja wiist de wei. Oerstekke oer de Wurdumerdyk, by it tichthûs lâns, de nije kanaelsbrêge oer, oer it spoar, hwat krieme. Lang om let: ‘Hjir is it.’
Ik krij it jild út 'e beurs, twa briefkes fan fiifentweintich. Skoander jild, mar ja.
Beurs, folpenne, portefúlje en bril liz ik yn it autobakje. Men kin net witte. It is faeks better neat by jin to hawwen, feiliger ek.
‘Hwat dogge jo dêr?’
‘O, myn bril toplak lizze, dy moat net brekke.’
Hja sil de doar fan 't slot dwaen. Dêr baernt al ljocht yn 'e gong, sjoch ik.
‘Wil hat in klant,’ is it kommentaer. ‘Net to lûd aenst.’
In it ljocht fan de strjitlantearn sjoch ik, hoe't har rokje hwat omheech krûpt is, binammen nou't se hwat foaroer stiet, om it kaeisgat to finen. Dat is wol mini-mini. Har billen binne koart en fleizich. Har hwat tsjalskonkige kûten navenant. Hja is de lytste kant is neist, mar oars goed boud.
| |
| |
It heechopstutsen hier en de hege hakken moatte it dwaen. Oars in bern suver noch. Ik moat efkes tinke oan hwat de spreukedichter sei fan de frjemde frou: Kom net to ticht oan har hûs en doar...
Né, siz ik tsjin mysels. Dit is hwat oars. Ik kom foar in reportaezje, foar in ynterview. Moar is it net.
De gong is hwat keal en hol; dêr leit gjin loper. In âlderwets rinteniershûs, de gong massael. Hja draeit de keamersdoar fan 't slot, giet foar en knipt hwat skimerljochten oan. De keamer is rom, great en suver deftich meubilearre.
Yn 'e midden in salontaffeltsje mei moarmeren blêd en koperen poaten. Oan it lewant in antike klok en hwat blauwe pannen. De skimerlampen sette it fortrek yn in poarperen gloede, ek it bêd foar it finster, in twivelder. It is kreas opmakke. Ik jow my del op de stoel dêrfoar. Myn eagen wenne ta it ljocht. Nou sjoch ik ek it kastke oan it fuottenein. Ien fan de laden stiet oer de flier.
‘O,’ seit se, ‘sorry, ik sil it efkens oppakke. Ik bin niis hwat hastich fuortrekke, it apparaet leit der noch.’
‘It apparaet?’
‘Ja, dy klant fan niis koe noait klear komme. Doe ha ik it apparaet brûkt, ik doch it hast noait, meastal red ik it der wol sûnder.’
Hier begjint myn ynterview al, betink ik.
‘Ik wit fan gjin apparaten,’ siz ik. ‘Hwat ding is it en hoe wurket it?’
‘O né? Kenne jo dat net? Nou ja, ik bin goed outillearre, al siz ik it sels. De meast moderne snufkes. Ik ha myn relaesjes wol fan datoangeande. Fakentiids elite klanten, sjoch. Lju mei jild en folk fan kwisekwansje. Dan moat men up to date wêze... Wel wat duurder, maar ja.’
‘Hoe wurket it?’ Ik freegje it nochris.
‘Sjoch,’ seit se, wylst se it apparaet wer út it papier teart. ‘De stekker moat yn it stopkontakt. Dit plaetsje set ik op it geslacht. Fiel mar ris hoe't it fibrearret. Nou, dan moat it al slim komme, as de meast impotinte man net klear komt. Ornaris krij ik se sels wol safier. Dy't nearne torjochte kinne, fine hjir baet. Ik stean dêrfoar bikend. Mar dizze wol altyd it apparaet oan ha. Hawar de klant is kening. Hy moast it kwyt en dat is slagge. Dêr giet it om. It slagget my altyd, sa't ik sei. Meast sûnder apparaet. It is ek tsjin de natûr, ik hâld der net fan.’
Hoeden teart hja it ynstremint wer yn it papier en leit it yn it laed. In plastic waskbakje mei sjipsop, dat heal ûnder it bêd weikomt, skout se dêr hoeden fierder ûnderop, krekt as wol se it foar my net witte. Dat sil ek wol stean bleaun wêze, doe't se hwat hastich fuort rekke...
‘Sjesa,’ seit ze. Se ploft njonken my op de rânne fan it bêd del, de hwat koarte skonken derby del. Hja bûcht har foaroer om de skuon út to dwaen.
Efkes roer ik har hier. It rûkt swiet. It is bol opmakke, roetswart fan kleur en stiif fan de hairspray.
‘It is suver noch near yn 'e hûs’ forklearret se en docht sittende wei nou ek
| |
| |
har suèdejaske út.
Har boarsten binne fol en roun en stykje nei foaren as hja har út de mouwen wringt. Dan giet se hwat foaroer sitten. It leech útsniene truike falt suver iepen. In routinebiweging faeks. Hja plantet de earmtakken op de koarte bileintsjes en leit de tommen ûnder it kin.
‘Nou earst ôfrekkenje,’ kommandearret se.
‘Mar it fraechpetear bigjint pas.’
‘Wit ik wol, mar ik krij altyd earst myn poen. Dan jowt it letter gjin geharrewar. Guon ha soms sa'n rûzige holle neitiid. Earst gouden bergen ûnthjitte as se yn 't lytse loege sitte en help ik har, dan binne hja it forgetten. Ik moat in fêste regel oanhâlde. Jo ha it jild dochs wol by jo stutsen?’
‘Wy soene mar gewoan earlik en iepen hwat prate.’
‘Darom krekt. As jo it efterhâlde is it krekt, as jo my net bitrouwe. Ik bin sa earlik as ien, mar business is business. Earst ôfrekkenje.’
‘Fortrouw jo my net? As jo sa bigjinne, kinne wy ek net iepenhartich prate.’
‘Earst bitelje en ik sil jo jaen hwat jo takomt. In ûre prate. Dêr is nou al hast in kertier om. It is jou eigen bilang. Jo kinne op my oan. As jo my net earst bitelje, fiel ik my misledige. It is nou ienkear wenst yn ús birop.’
Ik doch in taest yn 'e bûse en jow har de beide briefkes.
‘Akkoard, wy kinne útein. Wat wenst U?’
Efkes falt der in swijen. Yn de keamer hjirnjonken kraket in bêd. In kadâns, in ritme dat fûlder en fûlder wurdt en dan ynienen ophâldt. Dan hwat dimpte lûden, gerissel fan klean en it rinnen fan in kraen.
Hja spitst de earen, wachtet it krekte momint ôf, giet oerein en slacht dan mei de rêch fan de hân op de kastdoar yn de tuskenmuorre.
‘Giest noch fuort, Wil? Ek nijs?’
‘Ja, giest mei?’
‘Né, ik ha noch in klant, de lêste joun.’
‘Moatst noch efkes op 'e Weaze komme, Johan hat nei dy frege.’
‘Siz mar, dat ik kom. Mei in foech healûre.’
‘Nou tabé dan.’
It slot fan de keamersdoar njonken uzes pipet. Hwat fuotstappen yn 'e holle gong. De foardoar slacht ticht. In auto wurdt oanset.
Hja nestelet har wer njonken my op de rânne fan it ledikant, in foech hanbré tichterby as niis. Har rokje krûpt wer omheech. De nylons rinne út yn in panty, sjoch ik.
‘Bigjin mar,’ noeget se wer. ‘Wy binne noutogearre.’
Har lûd is freonliker, nou't it seaklike efter de rêch is. Soe se der noed mei hawn ha? It is har grif tafallen, dat ik net tinge ha en har it bitrouwen jown. ‘It is dochs wol what hoar hjirre’ forûntskuldiget hja har noch.
‘Fan in klant?’ freegje ik en wiis op in pear blauwe plakken yn har boppe-earm.
‘Né,’ andert se. ‘Fan it mâltjirgjen op Skylge. Wy ha dêr hinne west mei
| |
| |
fekânsje. In minske moat ek ris út 'e sleurgong wei. Wy ha hoallefoalle yn 'e dunen. Ik bin stroffele oer in pealtsje. It giet wol wer oer.’
‘Binne jo in Ljouwerter?’
‘Net iens in Friezinne. Myn widze, of hwat der foar trochgean moast, stie yn in spulwein, earne yn it suden. Hjoed stie dy hjirre en moarn dêrre. Rounom thús en nearne. Hieltyd oare minsken om jin hinne, nije sitewaesjes, gjin inkelde bining oan it bisteande. It avontûr. Dêr hâldt men dochs wol hwat fan oer. It boargerlike leit my net. Ik bin ien fan in frijfochten folkje. Ik moast al gau op eigen skonken stean. Ik ha my der goed troch hinne slein, al siz ik it sels.’
‘Iennichst bern?’
‘Wy wiene mei ús sawnen. Doe rekke ús heit wei, oars hiene der allicht mear kommen. Ik ha him amper kennen, ik bin op ien nei de jongste. De oaren binne allegearre toplak, sa't ús mem it neamt. Ik bin yn it libben gien. Ik ha it better as de oaren. Ik soe net heal werom wolle. Nóch net, tominsten. Ik mei it graech dwaen. Myn wurk is myn hobby en it is goed fan ditte.’
Hja makket mei har iene hân de biweging fan jildtellen, bisiket wylst mei de oare omdochs har rokje del to striken. Hja slocht my ûnder in swarte tûfe wei, dy't har oer de foarholle sakke is, oan, as wol hja myn reaksje ôfwachtsje.
‘Hoe kamen jo dêrta?’
‘Och ik moast trouwe, amper sawntjin jier âld.’
‘Hoe âld binne jo nou?’
‘Ried ris.’
Ik taksearje har fleizige skonken en dêrneffens dochs wol ranke lea. Har swier opmakke gesicht is net sûnder lichte tearkes.
Ik bisykje har myn kompleminten to meitsjen. Ik skat fan yn 'e tritich, mar siz fan trije en tweintich.
‘Krekt ret. Jo binne in minskekenner. Maritza is langlêsten 5 jier wurden, se giet al op 'e beukerskoalle.’
‘Ha jo har hjier by jo?’
‘Né, yn in bordeel meije gjin bern. Dat soe ek net goed wêze. Se is by de hierbaes. Ik bin gek mei har. Mar se moat nachts sliepe en ik oerdeis, oars gean ik der oan. Yn 'e neimiddei en yn it jounskoft sjogge wy elkoar. It moaiste skoftke fan 'e dei. Foar beide, leau'k.’
‘Binne jo troud?’
‘West, mar nou net mear. Doe't ik achttjin wie, hie ik al skjin myn nocht. Hy taelde net nei it bern. Ek net nei my. Doe bin ik únaeid, lykme allinne. Ik wie noch gjin njoggentjin, do't ik yn it libben kaem. Amsterdam.’
‘Koene jo fuort oanslach krije?’
‘Ik hie gjin sint, gjin keamer. In bûsfol kondooms, cars net. Yn it Vondelpark is it bigoun. Tippelje en dan yn 'e boskjes. In tsientsje de man. Soms yn 'e auto. De earste kear fielde ik my slim ellendich. Ik saech der tsjinoan, it
| |
| |
ûnbikende, mar hie gjin útwei. Mar it is my hûndert parten tafallen. It gie suver fansels. Krekt as hie ik it altyd al dien. Ik krige moai gau in keamer en pikte de bêste klanten foar de oaren wei. Ik wie jong en ûnbidoarn. Dat woe it folk wol oan. Ik hie net it raffinimint fan de oaren, pielde net mei trúkjes om se to bimiterjen. Ik gie myn eigen gong, sa't de natûr it my ynjoech. Gjinien hat it my leard, ik die alles op myn eigen manear, mar waerd ien fan de bêsten yn ús fak. Hiel hwat klanten ha it my sein. Hja wiene gau by my thús, mar ik bleau baes. Dat moat ek. Oars strûpt men der ûnder en wurdt men gau in sloofke. Klanten, dêr't de oaren mei oan binne, kin ik om 'e finger wine. En it giet my hwat langer hwat liniger ôf. Ik bigryp har, bear tominsten, dat ik har bigryp. En sa't ik al sei, by my komme se altyd klear, by need mei it apparaet. Ik docht ek wol bliken, de measte klanten komme wer, ja fierwei de measten. Ik tink, dat jo ek wol werkomme. Jo binne my sympathyk, ik hoopje, dat ik oarsom ek sa is. Meije jo my wol lije?’
‘Jo binne oars as ik toch hie, better leau 'k. Sa't jo oer jou bern prate, ja, dat stiet my wol oan’.
‘Noch mear fragen?’
‘Hwerom binne jo net yn Amsterdam bleaun?’
‘To ordinair, binammen mei dat séfolk. En dan dy souteneurs. Hja it meastepart fan de poen opstrike. Ik wurkje leaver op eigen man en boete of togearre mei in kollega. Ik koe it earst net fine. Ik ha sitten to Antwerpen, yn de Haech, yn Arnhem. Doe bin ik al moai gau nei Grins slagge, mar Ljouwert is myn plak wurden. Ik sit hjir nou al foech trije jier en ha in goede klantekring opboud. Meast guon út de bettere milieu's. Ik sjocht earst nei de auto, as ik in nije klant win. It jongfolk, dat yn âlde slakken omrost, moat ik net. Dat wol allinne mar in geintsje. Lit har mar in faem sykje. Ik ha mear klanten mei kompleksen en sa. Dy fine jo almeast yn in oare rounte. Dêrom bin ik ek djûrder. Jo hiene ek in goede auto. Ik ûnthâld him wol. Guon fan de klanten komme wyks fêst ien kear. Ik meitsje ek wol ôfspraekjes en hâld der dan tiid foar frij. Hwat is jou joun?... Ik ha myn Maritza, it giet op 't lêst foar har. Se is myn alles.’
‘Wit se wol, hwat jo dogge?’
‘Né, dêr is se noch to lyts ta. Se is sa mâl mei my. It sil aenst wol oars moatte. Se wurdt âlder en bern binne langer gau great... Ik bliuw ek gjin trije en tweintich. Lykwols, it is net ienfâldich om út dit libben wei to kommen. Binammen net, as men sukses hat en dit wurk graech dwaen mei.’ ‘En it fortsjinnet goed, tinkt my sa.’
‘Ja, hûndert goune is foar my niks. Ik kin my soms net realisearje dat in oar der hast in wike foar arbeidzje moat. Dan giet it my al liniger ôf. Ik bigjin jouns om in ûre of njoggen, allinne op ôfspraek wolris earder. It giet meastal oan in ûre of trije ta. As it der hwat op wierret, ha ik yn ien joun in stik as tsien klanten. Rekkenje mar nei: Dêr giet wol hwat ôf fansels, mar der binne net folle yn Ljouwert, dy't sa heech komme. Tsien is ek moaijernôch. Guon
| |
| |
romje op mear, mar dy gean ûnder de priis. In tsientsje mear skiftet hwat út en och, as de lju it flot deltelle, hwerom dan net? It giet foar de takomst. En it is fakwurk fansels. Mar men moat earst wol learjild bitelje, foar 't men it yn 'e fingers hat.’
‘Hoe bidoele jo dat?’
‘Nou, men moat jins folkje hwat kenne. En it stjûre. It in illúzje jaen en it op syn gemak sette. Ik meitsje fan alles mei.’
‘Neam ris hwat.’
‘Lêsten kaem hjir ien, dy die oars neat as moartsje. Skrieme as in lyts bern. Dy gewoane praetsjes en forlechjes fan de frou siik, de frou sa koel, de frou rint op 'e lêste dagen en sa, harkje ik amper mear nei. Mar dit gie my troch ieren en sinen. Ik ha oars net dien as him oer it hier strike en him hwat bimemkje.
Doe is er fuort gien. De klean ha net iens los west. Dat wie maklik fortsjinne mar der binne ek oaren. Der binne sadisten by. Dy dogge neat as jin tramtearje en dy drukke jin suver plat. Krekt as wolle se jin forgrieme. Dêr hat my ek wolris ien nei de strôt grepen. Dan is it oppassen. Oarsom komt ek foar. Ik ha ek klanten, dy moat ik slaen, tyskje soms, bite bytiden en knipe, oars wurde se net bifredige en komme se net klear. Der is ek sa'n hege ome, dy wol earst altyd striptease dounsje. Nou, ik lit him mar. Elk syn meuch en ik bin der op it lêst foar de klant.’
‘Hwerom komme dy manlju, tochten jo en telle dêr sa'n jild foar del?’
‘Nou, se wolle wolris hwat. It is ek it avontûr faeks, mar meastal sit it djipper. It jongfolk kin langer rounom wol torjochte, dat is myn soarte ek net. Ik ha meastal guon, dy't ik bihannelje moat, dy't út harsels net klear komme kinne. Dat jowt swierrichheit genôch en sokken moatte holpen wurde. De iene moat sá oanpakt wurde, de oare wer sá, dat is nou krekt de kunst. Der binne hiel hwat manlju, dy't thús tokoart komme en dochs op 'e tiid har sied kwyt moatte. Nou, dat is myn birop. In nuver birop faeks, mar wol boeijend. Ik mei it graech dwaen. Sokken as ús ha der lokkich altyd al west. Goed, dát se der binne.’
‘Binne jo fan hûs út ek fan in tsjerke?’
‘Nóch. Ik bin katholyk. Ik ha myn earste kommuny dien en Maritza is it hillich doopsel tatsjinne. Hja docht skielik ek har earste kommuny.’
‘Kinne jo jou birop wol forienigje mei jou leauwe?’
‘Och, hwerom net? Hoewol, ik doch der net folle mear oan. Ik kom net geregeld yn tsjerke, bidoel ik. Mar ik bliuw katholyk. Gjinien sil my oait spotten hearre mei it Hillige.’
‘Earst makken jo my wiis, dat ik jou lêste klant wie en nou seine jo tsjin har hjirefter, dat jo noch nei de Weaze soene, nei Johan. Hwa is Johan?’
‘Johan is myn fêste freon. Myn feint sizze se hjirre yn Fryslân, leau'k. Ik ha sûnt in foech healjier wer forkearing. It is in goed oppassende jonge. En Maritza moat letter wer in heit ha. Sadwaende.’
| |
| |
‘Kin dat dan wol meielkoar gean, jou birop en jou forkearing?’
Efkes sjocht se my oan, suver hwat forheard oer dizze fraech.
‘Hwerom net? Like goed as mei elk oar birop, soe ik sizze. Myn birop is saeklik, business, it oare, nou ja, dat is... leafde.’
‘Jou birop is dus sûnder leafde?’
‘Hwat tochten jo dan? Ik wol de klanten graech helpe. Graech mei leafde en begryp, mar dat is hwat oars as hwat ik foar Johan fiel. Johan en ik geane net togearre op bêd.
Dat soe my alhiel oeral meitsje, leau'k. As ik my nou jow, fiel ik neat, as jo dat bidoele. It giet gewoan by my lâns, lichaemlik en geastlik. As Johan komt, is dat hiel oars. Dat rekket my. Ik kin dat sa net ûnder wurden bringe, mar dan bin ik ek wer krekt, as doe't ik noch gewoan faem wie.’
‘Nou hwat oars. Yn Amsterdam en sa koene jo foar it finster sitte. Hjir moatte jo tippelje. Is dat net lêstich?’
‘Je reinste diskriminaesje, menhear. Wy dogge itselde en hwerom hja dan wol en wy net? Ljouwert is noch net sa fier, mar it duorret net lang mear, wy binne der ek al mei dwaende. Simmerdei is it tippeljen net sa slim, mar winterdei kin men better sitte. Noch mear?’
‘Nou, ien ding bigryp ik noait net rjocht. Tsien manlju op in joun, sizze jo. Yn de goedichheit, hoe kin in minskelichem dat úthâlde? Jo binne dochs ek net fan izer en stiel?’
Hja knikt bigrypend.
‘Och, jo moatte witte, it foarnaemste is, dat de manlju klear komme. Dêr sit it meastal op fêst. Ik bin der tûk yn. Fansels, in lichem went der oan, mar tsien klanten op in joun wol net sizze tsien man oan myn liif. Ik ha de measten al sa fier foar 't it heve sil. Dan is de spanning der út en ha se ynienen gjin forlet mear. In ûngelokje, siz ik dan. Letter better ynhâlde, nou hoecht it al net mear. De measten skamje har dan en leauwe it wol. Se bin ta har doel kommen en it oare wurdt dan bysaek. En sjen docht net sear. Né, as ik dat jouns tsien kear ûndergean soe, wie ik gjin minske mear. It geheim fan 'e smid, moatte jo tinke.’
‘Brûke jo de pil?’
‘Né, dat is net fortroud en dêr groeit men fan. Ik brûk rubbers. Neat gjin smearlapperij. It is folle hygienysker. Ik bin noch al krekt op mysels. Goed irrigeare en waskje mei sterke sjippe, as der al ien oan my sitten hat en elke joun ûnder de douche. Hwat tochten jo, ik wol gjin geslachtssykten oprinne. Ik bin gau fiis fan in oar. Dêrom bin ik ek gjin tuter. Elk minske hat syn eigen baktearjes, ik ha der gjin forlet fan. Ik wol graech immen helpe mar dan op distânsje, as it kin.’
‘Komt der wolris faker ien to praten?’
‘Ik soe sizze, né. De measte klanten wolle waer foar har jild. Wolris to grinen, sa't ik sei, mar rêstich prate, sa't jo en ik nou dogge, né, dat net. Ien op 'e tûzend, tink. Mar ik fyn it bêst aerdich, sa net. Noch mear to freegjen? It is
| |
| |
noch fiif minuten.’
‘Né,’ siz ik, ‘mar ik bin bliid, dat wy prate koene.’
Hja slocht my oan. ‘Sil ik noch kofje sette?’
‘Lit mar, it kin sa wol ta.’
‘Nou ha ik my hielendal bleat jown,’ laket se hwat forlegen.
‘Dat bin ik net wend. sà wol! Dit krije jo as tajefte. Sjen kostet neat.’
Hja lit har efteroer op bêd falle, flapt de minirok omheech, wipt har gat efkes op en strûpt har panty del oant de hoksen.
De hannen ûnder de holle leit dêr in noegjend lichem, in byld as fan brûns. Hja moat wol in soad yn 'e sinne lizze of de kunstsinne brûke, hwant oer har ljisken rint net de ljochte stripe fan in slipje lyk as by de froulju op de lachen Playboy printen. Yn it sêfte ljocht fan de lampen is it in egale kleur. Dûnker is se fan hûd. In lytse sigeunerfaem? Jong is har fel. It is spand en is sûnder ronfels en pûden. Healwei ûnder de nawle - dy lytse krater - bigjint de swarte trijehoek fan dounzich poddehier.
‘Foar jo, om't jo my net lêstich foelen. Toe, aei my mar ris. Hoe fine jo it? Ha'k it net goed biwarre?’
‘Moai,’ siz ik. ‘Hiel moai, dit haw ik net bigeard, mar ik hie it net tocht, dat it sa moai wêze koe by in h...’
It wurd stûket op myn lippen. Efkes glydt myn hân oer it sêfte swart.
‘Sa byknipt of pûr natûr?’ Hja laket yn it kessen.
Alhiel ûntspand en breedút.
Foar it earst sjoch ik har rige blanke tosken.
‘Pûr natûr,’ andert se, bliid as in bern mei dit komplimint.
‘Mar ik stean der noed foar. Ik lit my net ôfride, mar jo binne wolkom.’
Safier de panty it lije wol, spraet se de knibbels noegjend útelkoar.
‘Né,’ siz ik. ‘It is de bidoeling net, ik bin troud, mar ik weardearje it gebaer.’
Mei in heas lûd slacht de klok. Twa ûre. Hja fearret oerein.
‘Ik moat nedich fuort, Johan wachtet. Kin ik mei jo ride?’
‘Fansels.’
De klean torjochte, it suèdejaske oan, de lampen út, de keamersdoar yn 't slot.
‘Sorry, wachtsje hjir mar in momint, ik moat efkes nei it toilet.’
Har hege hakken klikklakke yn de holle gong. Oan de ein dêrfan wurdt se wei. As se trochspield hat en op my takomt, giet de bûtendoar iepen:
Wil mei in nije klant, in koart dûbelnekkich mantsje. Hy slacht de eagen del, as er my sjocht, seit ús binnenmûlsk goejoun en keart dan de holle ôf.
‘As in laem nei de slachtbank,’ sjit it troch my hinne.
‘Nijs?’
‘Johan wachte net lang mear, sei er.’
‘Ik sil der hinne.’
Hja docht de doar al foar my iepen.
‘Mar gau ride.’
| |
| |
Yn de auto hinget swier it swijen tusken ús.
‘Net folle folk mear op 'en paed.’
‘Né, net folle folk mear.’
Dan siz ik ‘Faeks dogge jo wol goed wurk, mar tink dochs ek om it bern en om Johan. As ik jo wie, soe ik bisykje út dit libben wei to kommen. It is doch net goed, leau'k, it is sa tsjin de natûr.’
Ik bin wer ris immen oan it bimasterjen. De wurden klinke net bot oertsjûgend. Hja giet der net op yn.
‘Johan!’
Op de hoeke fan de Weaze stiet in jongfeint, linich, sportyf.
Gjin tút ta ôfskie. Hoecht ek net. Gjin hân iens. Floep út 'e auto. Dit is har al wer forgetten. Sei hja it sels net? Business is business? Dan keart se har noch ienkear om en ropt hwat.
Ik skou it rútsje del.
‘Dochs aerdich fan jo. Jo komme alris wer oan?’
‘Né, it is sa wol goed.’
Hja heart it net mear. Ik sjoch, hoe't se oan de oare kant de jongeman - forbjustere en suver kjel, dat hja der ynienen is - efkes oankrûpt. It wurdt bliid biandere.
Swier fan tinzen rydt ik nei hûs. Hwat in joun, hwat in joun.
As ik thús kom, wachtet it lege bêd.
‘Né, it is sa wol goed.’
Ja, mar dêr bliuwt noch safolle to freegjen oer... En soe in twadde petear noch net helte yntimer wêze kinne?
It is is nou brutsen. Reserves binne weifallen. Fan wjerskanten is dêr in sfear fan bitrouwen.
Soe ik har net helpe kinne mei rie en die?
Hoe faek sjoch ik har yn tinzen wer njonken my op de rânne fan it bêd, de earmtakken op 'e knibbels.
Mar ek hoe faek dat lichem fan brûns mei dy lytse krater en tusken de fleizige billen dat ‘pûr natûr’.
Ik wit gjin namme. Gjin adres iens. Efter de Hôven. Mar de auto kriemde sa en ik ha net nei it nûmer sjoen. As ik oerdeis yn Ljouwert efkes tiid oer ha, rydt ik dat wolris om, mar gjin hûs dat der op liket.
Bin ik jouns let yn 'e stêd, hoe faek rydt ik net it Saeilân oer of stopje yn it skaed njonken oer de Sunny-Bar mei de gleone neonljochten.
Hoe mannichkear glide myn eagen net hifkjend oer de nachtflinters op it trottoir. Nea is hja der by. De oaren ynteressearje my net. Mei hár soe ik nochris prate wolle. Yntym graech. En...
Hwat dogge my dy oaren, mei har earms dy frjemde manlju om 'e nekke, mei grif har getút en geflaei. Neat. En dat is blykber fan wjerskanten sa: nimmen tikket mear oan.
Der geane wiken foarby, moannen.
Samar yn in deidream sjoch ik it wer njonken my, it brûnsen lichem, de lytse
| |
| |
krater. ‘Toe, aei my mar ris.’
Stadichoan fordizenet ek dit byld...
Om Krysttiid hinne strún ik hwat yn in great warenhûs om. Ik sykje in wolkom thús foar frou en bern. It slagget net. Hwat wurch stap ik yn 'e lift. Krekt foar't de doar ticht skout, wipt der noch in jonge frou yn, in holdoek oer it hier. Hja lûkt noch krekt in famke mei. Yn de oare hân draecht se in tas. Los tusken de hânsels leit hwat spjirregrien en hulst. Under de kleurige holdoek wei kipet roetswart hier. It rûkt swiet, lyk as doe.
‘Maritza?’ freegje ik en wiis op it famke.
Kjel sjocht se omheech. ‘Kenne jo har?’
Dan - each yn each - is der in skokeffekt. By beide.
Dêr giet de lift al...
In knypeachje. ‘Alde kunde.’
‘Ja, ik soe noch wolris mei jo prate wolle,’ siz ik. ‘Allinne mar prate.’ ‘Nou ja, faeks ek wol mear as dat. Jo ha doe wol yndruk op my makke. Witte jo it noch fan dat “pûr natûr”? Ik leau, dat jo my feaks better bigripe soene as in oar. Ik bin faek sa iensum. Kinne wy net in ôfspraek meitsje? Wenje jo noch op itselde adres? Hwer wie it ek mar krekt?’
‘Sorry,’ seit se. ‘Sorry foar jo. It wie in goede joun doe, ik ha der faek oer neitocht, oare klanten bin ik forgetten, jo net, ien op 'e tûzend. Ik ha ek neitocht oer jou wurden op de weromreis yn de auto. Dit libben wie sa tsjin de natûr, seine jo. Jo hiene gelyk, sa sjoch ik it nou ek. Mar leau my, ik die it foar de takomst.’
Hja wiist op it famke, in moai bern. Itselde roetswarte hier, de selde brûnskleur yn it fel. Eagen as gitten.
‘Maritza kriget wer in heit. Johan en ik sille trouwe, noch foar it nije jier. Dat is foardielich. Business moatte jo tinke.
Maritza in heit en ik in man. Trijerisom sille wy in nij libben bouwe.
Man, frou en bern. It oare hat foar my ôfdien. In eigen húshâlding, jouns hwat T.V. sjen en dan yntiids op bêd, deis yn 't spier, Maritza nei skoalle. Johan wurdt opsichter by greate bouwurken. Wy krije in salonwein en reizgje mei it wurk mei. Machtich liket my dat ta, net dy goare stêd, mar almeast bûtenút...’
Efkes is it stil.
‘Pûr natûr,’ knypeaget se.
‘Jo wisten dochs al, dat ik yn in wein berne bin? Dêr hâldt men hwat fan oer.’
In sêft skokje, de lift stiet al oer de groun. Mei in klik springt de doar fan it feilichheitsslot en skout dan automatysk iepen.
Der steane al wer guods ré, dy't graech nei boppen wolle, de boartersguodôfdieling.
Tusken it drokke biweech fan minsken, de eagen knipperjend tsjin it dei- | |
| |
ljocht, wykje wy de útgong.
‘Hjir, hast hwat fan omme, kinst wol hwat moais foar keapje ta Krysttiid.’ Swarte kraeleagen glinsterje.
‘As Johan ris in frije dei hat, kinne jo wol ris delkomme mei de frou,’ seit se noch.
‘Mei de frou!’ Dat se dêr nou gjin euvelmoed yn hat.
Dan wurde we wei tusken it winkeljend folk op 'e drokke Nijstêd, mem en dochter, hwat ta Krysttiid al yn 'e tas.
Ik - lykme allinne - sykje myn wei nei de auto...
‘Faeks ek wol mear as dat,’ hammeret it my yn 'e holle om.
Myn eigen wurden en dat foar in troud man op middelbere leeftyd.
‘As ik jo wie...’ Sei dat langlêsten net de sedemaster yn my? En nou? Faeks wol mear... Wurden en dieden. Ik wit my de forliezer. Ik mei mysels der langer net mear om lije.
|
|