Trotwaer. Jaargang 2(1970)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 31] [p. 31] Josse de Haan / Moerassen fan goudkoarts dit lân flats forkearsknopen rotondes fan folte en elts gefoel wurdt forsliten foar kranksinnich in sykte yn'e tredde graed ûntbining fan forkearsknopen plysjes mei wite petten oeral binne dokters foar en tsjin berte en bernejierren leafde en pearjen buro's foar memwêzen en heitewêzen ambtenaren foar âlderdom en dea oeral binne drankjes foar en tsjin de nije sakraminten fan it nije leauwen [pagina 32] [p. 32] in medyske steat fan skientme in razend kranksinnige wittenskip yn glêzzen buiskes paranoïde haest en loslippige drugs sliepende hounen en katten wurde wekker makke DE A - Z BOM SIL JIM REDDE sizze de adfortinsjebonzen greate koppen yn'e nijsblêdden laitsje ús ta FORSUP NET YN PUOLLEN FAN ELLINDE SMOAR NET YN MOERASSEN FAN GOUDKOARTS NIM DE NIJE SAKRAMINTEN LEAUW YN DE NIJE HEAR EN DE UNTBINING AMEN... Vorige Volgende