strúnder yn my wurdt wekker. Hjir wol ik mear fan witte’. ‘Of spylje dochs ek o are motiven?’, freget de haedpersoan en ik mei him. It komt der net út. As de haedpersoan lang om let by it hoerke op 'e keamer sit - it hat lang duorre sûnder dat dat de spanning forheget- krije wy in mennich details to lêzen oer de business, sûnder dat dat in soad mei de gong fan it forhael to krijen hat; it hellet wol de gong út it forhael. Mar faeks is dit nijsgjirrich foar lêzers mei in like brede sosiologyske ynteresse as de haedpersoan. Oan 'e ein wurdt noch bisocht om de beide útspraken ‘pûr natûr’ en ‘it is sa tsjin de natûr’ hinne ta in ôfsluting - gjin klimaks- to kommen, dêr't ek de titel al hinne wiist. In smout forhael dat nei in soad omballingen oan syn ein komt. Meer net.
It fers ‘Moerassen fan goudkoarts’ hat mei in preek spitigernôch mear mien as it wurdtsje ‘amen’, dêrt it mei bislút. It binne to folle greate wurden dy't oan de bûtenkant bliuwe. It thema heart ús tige to reitsjen, mar yn feite giet it boadskip oan my foarby en kin ik my der to maklik fan los meitsje. Koart sein: it is to barok en dêrtroch tomin navrant. Likegoed sitte der knappe ûnderdielen yn: nim mar de oergong yn ‘foar kranksinnich, in sykte/yn 'e tredde graed ûntbining fan/forkearsknopen...’ en oan de ein: ‘Smoar net yn moerassen fan goudkoarts’ (fuort nei de puollen út it klisjé). ‘Giele fresia's’ bifettet nei it aerdige bigjin net folle mear as de meidieling:
‘Letter wit ik dat ik forgetten haw wetter to heljen mar de blommen binne moarn forwaeid of lizze by de buorfrou’ en de yn in fers op it tsjerkhôf to forwachtsjen wurden ‘rêst sêft’ en ‘och heden’. Dat is my dochs hwat to meger. ‘Joun dounsjen to A.’ bliuwt foar my in geheimsinnich gefal. Binammen de twadde ‘Strophe’ is foar my orakeltael. De rest suggerearret in ‘Greate Mêddens’, mar in soad details sprekke foar my net. Ek de foarm jowt my gjin hâldfêst om ta in konkreter globael bigryp to kommen. Dat fyn ik dochs wol nedich foar in hege wurdearring; dy jow ik dan ek net.
‘De stêd’ is hast hwat sentimenteel (‘de ivich wiuwende memmehân’). Dit nimt net wei dat ik dit fers it bêste fan de fjouwer fersen fyn. It is ienfâldich, ynhâlden fan toan en giet rjocht op it doel ôf.
rely_relly 1969/70