Trotwaer. Jaargang 2(1970)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 25] [p. 25] Tsjebbe Hettinga / Gedichten Forsyk dounsje op myn wimpers famke mar doch it op bleate fuotten dyn waermte sil dy opslute yn myn eagen myn flamme brant lyk in wylde dream oer dy mei ik dounsje op dyn lippen fearje yn dyn leafde ik haw de sokken al út de eagen wurde minder it libben jonger myn loften wurger de skuon slite hieltiten mear ik gean op 'e selde foet fierder Vorige Volgende