Trotwaer. Jaargang 2(1970)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 12] [p. 12] [pagina 13] [p. 13] Soasjale steat fan Jan de Vries in eigen hûs oerhalden fan wrotten skoallen skjinmeitsje kranten rounbringe net roke - drinke - pearje hwant bern binne djûr Krom en forwrotten âld en forsliten ellinde forbitend libje wenje wachtsje hja op 'e kommende dea stadich forsmoarkjend har bisitting wurdt in bisiking foar him - har - beide in stik fan har libben muorre foar it rêsthûs dat sa lokket nei har lonket mar to djûr is en foar de bijstân hawwe hja tofolle jild yn it eigen hûs dat hja net opite wolle, kinne hwa yt in stik fan syn libben op? buorman friet altyd alles op en sit al lang yn it hûs op kosten fan har fan ús hy hie gjin eigen hûs Vorige Volgende