Trotwaer. Jaargang 2(1970)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 8] [p. 8] R.R. van der Leest / Ballade Wy wurde forskillich bidield mei talinten, De iene hwat minder, de oare hwat mear; Guon steapelje libbenslang rinte op rinte, Guon barre to min foar in deistich stik brea. Mar hwer't wy ek sitte: yn top of yn't near, By sprankeljend ljocht of stjonkende walme, En hwat wy ek binne: in skoaijer of hear - Wy snuve deselde lucht as Verolme. De ien hâldt fan froulju, in twadde fan finten, In tredde fan beide foar mienskipsforkear; Guon binne yn't frijen jinten en trinten, Guon dogge it rûch en forwoest as in bear. Mar hoe't it ek giet: bare wyld of hiel tear, Yn izige nacht, ûnder skaedzjende palmen, En hwat wy ek ha: in foedrael of gewear - Wy snuve deselde lucht as Verolme. De ien skopt tsjin skinen fan de reginten, De oar bislikket de poepert fan it regear; Guon hinget it boarst fol medaljes en linten, Guon ha it fortsjinne en krije gjin ear. Mar hwat mei ek wêze ús heftichst bigear, Hwat wy ek sjonge: revolúsje of psalmen, Al gean wy by Jezus of Marx yn de lear - Wy snuve deselde lucht as Verolme. ENVOAI Prins, yn dizzen is Jou bilied ús ta treast; It wurdt hjir net frisser, mar Jo ha net talme En jow stikstof oan elk. Dus al wurdt it ús dea - Wy snuve deselde lucht as Verolme. Vorige Volgende