Trotwaer. Jaargang 2(1970)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 6] [p. 6] R.R. van der Leest / Elegy In kat. Hwat is in kat? In wurd. Jawis, in wurd. Mar dat is libben ek en dea en god. In wurd. Foar hwa't der noch oan leaut is 't mear as dat. In namme. In namme foar de loaijichheit dy't strykt en streupt, Mei sêfte poat stjerrend lytsguod noch bipjukt. De mûs dy't op 'e side leit, in hûd fol pine. Of gnoarjend byt yn pikkich read fan bûk en wjuk. It klysterjong stjereagjend nei de loft; to heech Foar help, to fier foar stompe ûnfolsleine flerken. Mar ek in namme foar de ûnôfhinklikheit Dy't my ûntbrekt en piperwynsk har wegen giet En stil it hûs forlit as se de dea fielt kommen. Jow my dat bist, dy kat, en praet net fan de liuw Dy't yn it park op de betonnen rotsen stiet: Syn nearzich kroandomein mei ringsom goare grêften. Hoenear haw ik forlern dy frijheit en dat lok Om net to stribjen nei bisit en macht en ear, En net myn libben to forgriemen plannen meitsjend? Twa tûzen jier forlyn en langer noch. Sa lang Dat ik de kronkelpaden net mear fine kin Dy't liede út de greep fan dit kunststoffen oerwâld. [pagina 7] [p. 7] As jonkje haw ik it bisocht en op in joun Bin ik it hûs út glûpt en haw him folge nei Syn eigen lân. Dy nacht haw ik by dy slept, boarre! Mar doe't de moarn bidauwe oer de fjilden stie, Wie hy my like frjemd as earst. Bikaeid gyng ik Werom en nea wer haw ik ús forboun probearre. Sa wurdt men âld. Men is wol wizer en bigjin It libben op 'en nij, fier fan't komfort dêr't stie Konstruksjes tusken plestik poddestuollen waeksje. De earste iet fan't rottekrûd en lei roungear Yn swit en slym. De twadde stoar wylst dokter him Yn swollen yn gewanten snie en kwea ôftape. En dêrnei wurdt it sa'n ientoanich rotforhael Oer neare nacht, forblynjend ljocht en snelforkear. Fiif katten yn sawn jier; se rounen ien op oardel. It wie de skuld net fan de minsken oan it stjûr: In houn bliuwt stean en kriemt, in kat rint altyd troch, To eigenwiis om't rjocht fan foarrang to forlienen. Mar ik jow gjin bilies. Salang't it grien noch yn It wyld de wrâld biwaekst en net yn tunen stiet, Salang't der ûnrant is en party dieren rinne. Net achter traeljes fan in kou of yn in park, Salang bliuw ik him tagedien dy't noch in spoar Fan weardichheit as sljochtwei húsdier hat biwarre. En hjoed de achte dan. De ribben stekke út It liif. De kop rampoai. Hast ûnwerkenber skeind Hjit dat. Men flokt en dolt de gatten hieltyd djipper. Vorige Volgende